
Hjoed waard bekend dat Bauke de Jong (27 jannewaris1931 – 3 oktober 2015) ferstoarn is.
Rieuwert Krol skreau yn 2008 op de side fan ensafh: ‘Yn 1965 hat Bauke de Jong syn ferneamde artikel skreaun dêr’t er Folkertsma as antysemyt yn ûntmaskere of beskreaun hat. De reaksjes fan de âlde garde op dit artikel binne eins allegear krekt like foarsisber. Hast gjinien (útsein dy fan Lolle Nauta, Steven de Jong en Fokke Sierksma) wol der oan dat Bauke de Jong wolris in punt hawwe kin.’