
Hjirby in koarte skôging fan Steven H.P. de Jong oer de okkerdeis ferstoarne dosint Bauke de Jong:
Bauke de Jong krige yn de sechstiger jierren bekendheid yn it Fryske literêre fermidden omdat er as ien fan de earsten bewegers lykas E.B. Folkertsma (literator en kristlik-Frysk nasjonalist) kapittele. Yn 1938 hie Folkertsma (nei de Kristallnacht) syn teologyske stik ‘De jage joad’ publisearre yn De Stim fen Fryslân, dêr’t er in typysk dialektyske redeneartrant yn opbout troch te sizzen dat de joaden ek net altiten sokke bêsten wiene. Unfoech praat, sjoen wat der allegear barde tusken 1933 en 1945 fûn Bauke de Jong achternei. Dy diskusje, dy’t yn wêzen oer de hâlding fan guon Fryske bewegers yn de Twadde Wrâldoarloch giet, waard yn breder ferbân yn lettere jierren troch histoarisy as Gjalt Zondergeld, Kerst Huisman en Durk Nota fuortset. Steven de Jong mingde him destiids ek yn de diskusje, lykas syn ûndersteande stik sjen lit.
*
Steven H.P. de Jong
In memoriam Bauke de Jong
Yn ’e twadde helte fan ’e 60’er jierren fan ’e tweintichste ieu (1965 – ’70) ferskynde as in duvel út in doaske de oant dan ta folslein ûnbekende skriuwer Bauke de Jong yn ’e Fryske literatuer. Mei it artikel ‘E.B. Folkertsma, Us bêste tsjerkebledsje-essayist grif, of: de doarpsidioat as essayist’ feroarsake er in tongerbui yn ’e Fryske literatuer, dy’t it hiele lân oer (ja Nederlân) te hearren wie. (yn Asyl, 1965)
It liket my it bêste om in dúdlik byld fan dizze skriuwer te krijen om hjir in stikje fan myn essay ‘De besleine bril of troch de eagen fan in bern (trotwaer 1973, s. 224-225) te sitearjen. Ditselde sitaat is ek te finen yn it treflik troch Trinus Riemersma besoarge boek Hoe binne de helten fallen, 2006 (s.5 –7).
“Sûnder rekken te hâlden mei persoanlike gefoelens fan ’e dêrby belutsen skriuwers dy’t mekoar te faak en te mijen op ’e lije side oankamen, hifke Bauke de mieningen yn ’e âldpersleinkast fan ’e Fryske literatuer of better sein guon lektuer fan guon Fryske ideologen. Dat er yn dy âldpersleinkast de nuverste dingen seach en dêrby dan as in oaljefant te kear gong, kin men him achterôf net kweaôfnimme. In byldestoarmer kin men him neame, mar de bylden dy’t er tsjinkaam wiene te faak fermôge, út ’e tiid en yn it ramt fan ’e twadde Wrâldkriich hartstikke fout. De folkloristyske skientme fan guon groteske ‘tinkers’ koe er miskien noch wol wurdearje, mar noch mear seach er achter de dogmatyske tinkwrâld fan mannen as E.B. Folkertsma, J. Piebenga en H. Algra de terreur dy’t moderne keunst ûnmooglik meitsje soe, as de machtsferhâldingen oars kamen te lizzen. By De Jong siet in stik rankune dy’t glêshelder de rottige plakken yn ’e Fryske kultuer yn in ferneatigjend ljocht sette.
Wat opfoel by de kritisy fan ’e âldere generaasje dy’t it foar Bauke de Jong opnamen, wie de ôfwizing fan ’e toan, de wize, de styl wêrop’t De Jong skreau. “In racheljende styl” neffens Freark Dam, “onbehouwen” neffens Ten Cate. Troch dy styl bedjert de wierheid dy’t er oantoane wol, wie de teneur. Sa’n styl hie Folkertsma net fertsjinne. No, miskien wol net, mar it establishmint fan dy tiid wol. It wie ferbjusterjend mei wat foar ûnbegryp op de problematyk, dy’t Bauke oproppen hie, reagearre waard. Dêr komt by, dat foar myn gefoel dy sarkastyske toan no krekt in grut part fan ’e literêre wearde fan Bauke syn skriuwerij útmakke. Ik mien dat Ph. Breuker ris sein hat dat men oer 100 jier it proaza fan Bauke noch mei nocht lêze sil. It koe bêst ris wêze. Soks kin net sein wurde fan it proaza fan Folkertsma, dat yn ’e 60’er jierren al in knap ferâldere yndruk makke. It moat wol in tige romantyske Frysknasjonale generaasje west hawwe, dy’t dat geswimel mei grutte wurden serieus naam hat.
Fansels wie Folkertsma net in nasjonaal sosjalist. Dat hat Bauke noait suggerearre, fansels hat er wol neitocht, faaks djip neitocht oer de politike sitewaasje fan syn tiid. Allinne elk minske, ek Folkertsma, hat syn beheiningen, mar dat mei blykber net by in sjeny. Wat Bauke de Jong yn neamde artikels fan Folkertsma ûntdiek, wie it feit dat de kristlik nasjonale tinkwrâld, wêrút Folkertsma syn artikelen skreau, der dúdlik antysemityske stereotipen op neihâlde yn ’e tiid dat dat út protest tsjin ’e joadeferfolging troch de nazys net mear mocht.
Faaks binne dy stereotipen bysaken, details yn syn wurk en gjin haadsaak, mar yn ’e literatuer, dy’t syn wearde krekt krijt troch details, kinne dy mislik ûnopfallende bysaken krekt haadsaken wurde, benammen yn sitewaasjes wêryn’t alles út ’e hân rint, lykas yn in oarloch. It is fansels te gek E.B.F. de skuld te jaan fan ’e moard op seis miljoen joaden, mar syn kristlik Frysknasjonaal jargon, dat grif net allinne troch Folkertsma brûkt waard, mar faaks ek troch gâns “dominys”, hat it wol mooglik makke, dat in grut part fan it folk de eagen ticht hie of die, doe’t it grutte drama fan ’e holocaust yn it germaanske kristlike heechbeskaafde Europa, dêr’t ek Fryslân by heart, plakfûn. It wie in folslein kultureel ramt, sa te sizzen in kultureel jargon, wêryn’t de woekerplant fan ’e nazy-ideology tiere koe. Dat oan te toanen wie net in lytse prestaasje fan Bauke de Jong.’
Dit is it sitaat. Ik soe net wite hoe’t ik dúdliker de literêre betsjutting fan Bauke de Jong foar Fryslân oan it ljocht bringe kin.