
Feuilleton
28
Paul krige it tema fan de irony wer op.
‘Jimme ha se noch net sjoen, tink, de klaproazen.’
‘Nee, hoesa?’ sei Seleina, ‘o ja, ik ha der ris fan heard. It hat mei de oarloch te krijen. Mar fertel.’
‘It is it symboal fan oantinken foar de soldaten dy’t fallen binne yn de earste wrâldoarloch, dat Ieper is der fan ferjûn.’
‘Mar wat hat dat mei irony te meitsjen?’
‘Yn wat moai is sit irony bewuolle, of miskien kin men better sizze, it ropt irony op. Alteast by my wurket it faak wol sa.’
‘Hoesa, de klaproas?’ sei Alexander.
‘Ik wol jim nei de lunsj meinimme nei in begraafplak even fierder op, dan sille jim it sjen. De klaproas, ‘poppy’ yn it Ingelsk, komt foar yn in oarlochsgedicht fan John McCrae, in Kanadeeske soldaat.’
Se gongen de tún yn en om’t it bûten lekker wie joegen se har op it terras del. Paul servearre bier, wyn, beleine broadsjes en salade.
‘It libben liket hjir wol in dream,’ sei Seleina.
‘Dêr slachst no de spiker op ’e kop, Seleina. Dat is no krekt wat ik bedoel. Mar wat moat in mins oars.’
Seleina seach dat Alexander strak foar him út seach en sei: ‘Wat is der mei dy?’
‘Ik sit hjir tusken in esteet en in wapenhanneler, tusken twa bûtensteanders.’
‘Wy sizze neat mear,’ sei Paul.
Alexander fertelde oer in ferheftich treffen mei it Kroätyske leger en oer de algemiene stimming yn syn ienheid.
‘Wy wiene ôfgryslik agressyf. Wy wiene poer op ’e Kroäten, op ’e hiele situaasje. Yn ús eagen hiene sy de bom barste litten. Mar it hie faaks ek net oars kinnen.’
‘In útwierring fan âld sear, wrok en frustraasje ha ik wolris tocht,’ sei Paul, ‘wat derút moast dat moast derút. Mar fansels kinne wy ús dat net ynfiele. Ik tink, dat alles wat wy der oer sizze tekoart troch de bocht is.’
‘Dêr seist wat,’ sei Seleina, ‘dat Hitler en Göring op Cap Gris-Nez stien ha om rjochting Ingelân te sjen. Dat wol jin hast net oan.’
Nei de lunsj setten se ôf nei it begraafplak dat Paul harren sjen litte woe. Se gongen mei de auto om’t it noch wol in eintsje rinnen wie en se dêrnei nei de stêd ta soene.
‘Dêr’t wy hinne gean binne it militêre begraafplak Essex Farm Cemetery en de site John McCrae.
Op it parkearplak lâns de kant fan ’e dyk stiene in pear auto’s en twa touringcars.
Paul gong harren foar en hy rûn it yngongsstekje nei it begraafplak foarby nei in monumint fierderop links fan it paad en gong foar in yn ’e stien beitele gedicht stean.
‘Les mar,’ sei er.
In Flanders fields the poppies blow
Between the crosses, row on row
That mark our place; and in the sky
The larks, still bravely singing, fly
Scarce heard amid the guns below.
We are the Dead. Short days ago
We lived, felt dawn, saw sunset glow,
Loved, and were loved, and now we lie
In Flanders fields.
Take up our quarrel with the foe:
To you from failing hands we throw
The torch; be yours to hold it high.
If ye break faith with us who die
We shall not sleep, though poppies grow
In Flanders fields.
Paul sei: ‘De Amerikaanske Moina Belle Michael kaam mei it idee om de klaproas as symboal foar de slachtoffers fan de oarloch te brûken doe’t se it gedicht tafallich lêzen hie. It ferhaal is fierder dat McCrae it gedicht hjir skreaun hat. Dit stee makke diel út fan de alliearre frontliny. Hy wie hjir legere en die tsjinst as sjirurch en by de begraffenis fan in soldaat soe him opfallen wêze dat op ’e oare grêven klaproazen bloeiden. Ik wit net wat jim hjoed fierders fan doel binne, mar as jim oerbliuwsels fan rinfuorgen sjen wolle soene, sille jim dêr fêst in pear klaproazen op ’e droege ophege grûn sjen.’
‘In prachtich gedicht,’ sei Alexander, ‘ik bin bliid datst ús hjir mei hinne nommen hast.’
‘McCrae is yn it lêst oarlochsjier stoarn yn Boulonge, net troch oarlochsgeweld mar oan in longûntstekking. Mar doe wie er al stasjonearre yn Boulonge-sur-Mêr.’
‘Dat is in eintsje ûnder Audresselles,’ sei Seleina.
‘Ja, en hy leit begroeven yn Wimereux, even boppe Boulogne, op it gemeentlik tsjerkhôf. Dêr moatte jim even hinne. Ik ha der sels ek in kear west.’
Se beseagen de site John McCrae fierder net mar makken in kuier oer it begraafplak en doe seagen se op ’e grêven tsjin ’e krusen oan of der foar lytse houten krúskes mei op it hert in keunstklaproasblomke stean of lizzen.
Paul sei: ‘Wy gean aanst nei de Menenpoarte en dêr silst se by hûnderten sjen. En ek krânsen.’
Alexander sei: ‘Is dat de poarte dêr’t alle dagen de Last Post spile wurdt?’
‘Ja,’ sei Paul, ‘ik bin der sa no en dan by. It is altyd om achte oere en dat al sûnt 1928. En dat is goed. Alle kearen as ik it hear docht it my wat.’
De Menenpoarte wie in moderne stedspoarte op it plak fan de âlde, boud as in monumint dêr’tst oan wjerskanten by treppen opgean koest mei op ’e muorren oan ’e binnenkant fan de poarte en dy fan de trepportalen mear as fyftichtûzen nammen fan omkommen Britse soldaten dy’t net mear identifisearre of weromfûn waarden en dus net in eigen grêf krigen hawwe. En it wie sa’t Paul sei, oeral stienen op ’e richels ûnder de rigen nammen de klaproaskrúskes en ek krânsen. Seleina en Alexander stiene der fersteld nei te sjen.
Doe’t se útsjoen wiene sei Paul: ‘Oan ’e Grutte Merk hjir flakby hast yn ’e Lekkenhal it In Flanders Fields Museum. Ik wit net oft jimme dêr ek hinne wolle.’
Se besleaten fan net.
‘Hast hjir ek sites mei rinfuorgen, dochs?’ sei Seleina.
‘Wis.’
Alexander woe wol ien sjen.
‘Dan gean we nei Diksmuide,’ sei Paul, ‘nei de Deadegong by de IJzer.’
Mar se joegen har earst even del op in terras oan it grutte stedsplein, dêr’t se sicht wei hiene op ’e ymposante gevel fan ’e Lekkenhal mei it yn ’e midden oprizende Belfort. Se bestelden bier.
‘Do hiest it oer in deadegong,’ sei Alexander.
‘In rinfuorge dy’t in protte slachtoffers oplevere hat.’
‘Wat dogge wy hjir?’ sei Seleina, ‘No ja, wy binne hjir om dy, Paul, en om ûnderdompele te wurden yn Mahler, mar it wurdt no oarloch en gjin ein.’
‘Foar dy moat dat gjin ferrassing wêze,’ sei Paul, ‘it libben is oarloch en do libbest derfan.’
‘Proast,’ sei Seleina, ‘mar de muzyk fan Mahler is ek wat oars.’
‘Ek wat oars, ja,’ sei Paul, ‘it wûnderlike dat jin fiele lit wêrom’t men dochs libje wol, mar echt te beneamen is it net, want troch watst seist ûntglipt it dy.’
‘Wy sitte hjir,’ sei Alexander, ‘en dat makket alles goed.’
It ferhaal oer de Deadegong makke mear yndruk as it rekonstruearre rinfuorgekompleks sels mei sânsekken dêr’t semint yn siet en dat der skjin en kreas by lei. De drek, it wetter, de kjeld en de oarlochsellinde sa’t se dy fan foto’s en filmbylden koene ûntbrutsen. Mar yn it besikersintrum, dêr’t se hinne gongen nei’t se it mear as in kilometer lange stelsel delrûn wiene, krigen se dochs in goed byld. De Deadegong wie in foarútskode post op koarte ôfstân fan it Dútske front, dêr’t in ferskuorrend soad Belgyske soldaten sneuvele wienen, mar dy’t troch de Dútsers net ynnommen wurde koe.
Doe’t se út it besikerssintrum wei op ’e auto ta setten, sei Seleina: ‘No ha wy gjin klaproas sjoen, komt my ynienen yn ’t sin.’
‘Miskien sjogge wy ien as wy in eintsje bûtenom rinne.’
En doe rekke it plaatsje dochs noch kompleet. Op ’e hoeke fan it kompleks boppe op it stik fuorge dat it tichst by de dyk lei stienen twa klaproazen.
‘Soene se echt wêze?’ sei Alexander.
‘Dat liket wol sa,’ sei Paul en hy lake.
Seleina sei: ‘As se net echt binne fyn ik it ek goed.’
Se gongen werom nei Paul syn hûs om dêr noch even te wêzen en dan woene Seleina en Alexander wer ôfsette nei Audresselles. Op syn útnoeging om mei-inoar yn de stêd te iten gongen se net yn om’t Seleina it ein riden dêrnei te dreech fûn.
Doe’t se sieten en Paul Mahler syn earste symfony opset hie sei Seleina: ‘Ha wy it der op Peaske-eilân oer hân dat in goeie kunde my altyd molleferhalen fertelt?’
‘Nee,’ sei Paul.
‘Apart, dyn achternamme hie der ommers alle oanlieding ta jûn. Troch dy deadegong tink ik der no ynienen oan. Se ha ferskillende soarten gongen, jeigongen dy’t tusken de fiif en tsien sintimeter ûnder it meanfjild lizze en djippere gongen. Dy lêsten binne feilige ferbiningsgongen tusken nêstkeamers, wenkeamers, foarriekeamers en de jeigebieten. Sa’n kompleks fan gongen en gruttere romten is fan ien mol. It is in allinne libjend bist en syn gongestelsel is syn territoarium. Wat sa moai is, is dat de gongen him iten ta bringe. Wjirms en ynsektelarven falle yn ’e gongen of brûke se as paad en de mol peuzelet se op op syn rûngong of sammelet se foar syn foarrie. En as syn gebiet net mear genôch opleveret wreidet er it út of siket er in oar gebiet. Om’t er mei oare mollen libbet moat er syn teritoarium ferdigenje. Hy kin it in skoftke rêstich ha mar dan giet it wer oan. Foar in mol is in oare mol de grutste bedriging.’
‘Sa as by minsken,’ sei Alexander.
‘Minsken binne bisten, dochs?’ sei Paul Mols.
‘Mei mollebulten en jeigongen ferriedt in mol syn oanwêzichheid,’ sei Seleina, ‘dy mollebulten ûntstean troch de grûn dy’t de mol omheechwrot as er in djippe gong of keamer makket. Jeigongen kinst sjen ast der each foar hast. De grûn is by sokke gongen troch de mol omheechtreaun. Kinst syn spoar dan folgje en om mollen te fangen wurdt troch jagers yn sokke gongen wol in molleklem pleatst dêr’t de mol yn fêst komt te sitten as er wer troch de gong rint. Katrinus, dy kunde fan my, fertelt sa: ‘Sûnt ik dy de lêste kear sjoen ha is der wer fan alles bard. Liuwe slikket al in pear wike lang syn wûnen. En Keimpe ek. Se rûnen inoar tsjin it liif op syk nei in wyfke om mei te pearjen en rekken doe slaande deilis. Se rekken der beide hast by dea, mar gelokkich wie it midden op it lân fan boer Sybren en doe’t dy der oan kaam moasten se sjen dat se ûnder ’e grûn kamen. En dat giet dan fluch, yn in tel binne se ferdwûn. En doe wiene se, om’t se elk in kant út setten, fan inoar ôf. Mar yn dy pear wike dat se harren wûnen slikken hat Liuwe mei trije en Keimpe mei twa wyfkes peare. Wyfkes pearje ek mei mear as ien mantsje om de garânsje te hawwen dat se befruchte wurde. Lyske hat har fan ’t maaitiid troch fiif mantsjes befruchtsje litten en dat wiene net de earste de bêsten, gean mar nei, Jan, Klaas, Hindrik, Wybren en Boate hat se by har hân.”’
Krekt op dat stuit waard harren bestelling brocht.
‘Litte wy dan op Lyske klinke,’ sei Paul.
‘Om my op it hiele mollelegioen,’ sei Alexander.
‘Hast gelyk,’ sei Paul, ‘do fielst de situaasje folle better oan as ik.’
‘Paul, do hast ferstân fan Mahler,’ sei Seleina, ‘proast.’
‘Ik ha wolris in mollebult op ’e strjitte sjoen,’ sei Paul.
‘Ja, dan triuwe se de grûn gewoan tusken de stiennen troch omheech. Under stiennen, sketten en hagen mei in mol graach syn djippe gongen ha, sa’n plak biedt mear beskerming en dêrwei rinne dan gongen nei syn jeigebiet. Dat is echt nijsgjirrich, hear. Katrinus en ik wiene in kear te fytsen rjochting Vreeland en doe wiisde er my in freding fan stikeltried tusken twa stikken lân. “Sjochst dy rige mollebulten wol?” Ja, ik seach se. “Dêrwei rinne syn jeigongen it lân yn. Sille wy sjen,” sei er doe. En doe ha ik foar it earst fan myn libben in mollerid sjoen, sa hite sokke gongen. Doe’t ik der even op stean gean woe waard my dat troch Catrinus fansels strang ferbean.’
Paul en Alexander dronken noch in bierke en Seleina, om’t se ride moast, in glês wetter.
‘De biografy fan De la Grange, soe ik dy even yn ’e hân ha meie,’ sei se.
‘Der binne ûnderskate dielen,’ sei Paul, ‘ik ha se allegear, guon yn it Frânsk, guon yn it Ingelsk.’
Seleina sloech it earste diel, de ferzje út 1974, in Ingelske, iepen. It diel hannele oer de jierren 1860 (Mahler syn bertejier) oant 1902. Hy lies de earste sin: ‘Doe’t Mahler fiif jier wie, waard him frege wat er wurde woe as er grut wie. Syn antwurd wie sa frjemd as de fraach banaal wie: “In marteler.”’
En doe blêde se nei side 701 foar de lêste sin. It wie it slot fan haadstik 36, dêr’t boppe stie: ‘Mahler yn Wenen – Mahler fereale – Alma Schindler – Ferloving (desimber 1901- jannewaris 1902).’ De lêste sin wie: ‘It sprekt fansels dat er alteast guon swierrichheden en konflikten dy’t har foardwaan soene foarfield en foarsjoen hie, mar hy wivele net om de striid oan te gean want hy besefte de krêft fan syn leafde en de unike kwaliteiten fan it prachtige skepsel dat it lot op syn paad brocht hie.’
‘Dêr is gjin finger tusken te krijen,’ sei Seleina, ‘Mahler hat syn hiele libben spinfuotte.’
‘Ik sil jim noch in gedicht oer de earste wrâldoarloch foarlêze,’ sei Paul, wylst er in greep yn syn boekekast die, ‘it is fan Siegfried Sassoon’ en it hyt ‘Dreamers’:
Soldiers are citizens of death’s gray land,
Drawing no dividend from time’s to-morrows.
In the great hour of destiny they stand,
Each with his feuds, and jealousies, and sorrows.
Soldiers are sworn to action; they must win
Some flaming, fatal climax with their lives.
Soldiers are dreamers; when the guns begin
They think of firelit homes, clean beds, and wives.
I see them in foul dug-outs, gnawed by rats,
And in the ruined trenches, lashed with rain,
Dreaming of things they did with balls and bats,
And mocked by hopeless longing to regain
Bank-holidays, and picture shows, and spats,
And going to the office in the train.
‘Ja, ja,’ sei Paul, ‘Sassoon hat oars mear gelok hân as John McCrae. Hy is gewoan ienentachtich jier wurden en yn 1967 stoarn. Yn 1917 rekke er yn Frankryk ferwûne en waard doe weromstjoerd nei Ingelân. Doe woe er net mear soldaat wêze, mar letter fielde er dat as ferrie tsjinoer syn meistriders yn Frankryk. Hy waard doe nei Palistina stjoerd en dêrwei wer nei Frankryk, dêr’t er op ’e nij ferwûne rekke. Syn fierdere libben wie er skriuwer, fan sawol poëzy as proaza. Utsein syn oarlochspoëzy ha ik noait fan him lêzen. Eins skamje ik my derfoar.’
‘In mins lit it altyd sitte,’ sei Seleina.
‘Dan wol ik no noch in opwekkende tekst fan Mahler hearre,’ sei Alexander, ‘of leaver noch mei de muzyk derby.’
‘Dat is maklik by Mahler, want der is amper wat dat dêr foar yn oanmerking komt, ast alteast ôfsjochst fan bygelyks ‘Urlicht’ en ‘Das himmlische Leben’, dêr’t it yn giet om it sillige, it himelske libben nei de dea. Paul Mols liet fan Das Lied von der Erde it fyfde liet, ‘Von der Jugend’ hearre:
Wenn nur ein Traum das Leben ist,
Warum denn Müh und Plag?
Ich trinke, bis ich nicht mehr kann,
Den ganzen, lieben Tag!
Und wenn ich nicht mehr trinken kann,
Weil Kehl’unde Seele voll,
So tauml’ ich bis zu meiner Tür
Und schlafe wundervoll!
Was hör ich beim Erwachen? Horch!
Ein Vogel singt im Baum.
Ich frag ihn, ob schon Frühling sei,
Mir ist als wie im Traum.
Der Vogel zwitschert: “Ja!
Der Lenz ist da, sei kommen über Nacht!”
Au liebsten Schauen lauscht’ ich auf
Der Vogel singt und lacht!
Ich fülle mir den Becher neu
Und leer ihn bis zum Grund
Und singe, bis der Mond erglänzt
Am schwarzen Firmament!
Und wenn ich nicht mehr singen kann,
So schlaf ich wieder ein,
Was geht mich denn der Frühling an!?
Laßt mich betrunken sein!
‘Proast,’ sei Alexander en hold syn leech glês omheech, ‘nee, net mear.’
Seleina hie ûnderwilens yn it earste diel fan De la Grande syn biografy omnoaske en sei: ‘Mahler hat ek gedichten skreaun. Ik sil jim ien strofe foarlêze: “Was ruhest Du mein müder Fuss? / Fahr’ weiter stillen Leids Gefährte! / Über alle Schönheit ich wandern muss, / Ach, über die grûne, grüne Erde.” Ja, it is ús tiid Alexander.’
Se praten ôf dat se kontakt hâlde soene en Paul Mols weau harren nei oant se út it sicht ferdwûn wiene.
(wurdt fuortset)