
Yn ’e ideeën oer wat ûnderwiis betsjutte kin, binne twa utersten. It minimumdoel fan ûnderwiis waard formulearre troch VN-organisaasje Unicef. Dy seit altiten: lit jonge bern yn elts gefal leare. Makket net út wat. As it fermogen ta learen yn ien syn jeugd net brûkt wurdt, stjert it hiel maklik ôf.
Maksimumdoelen binne opsteld yn Nederlân, wêr’t tal fan kommisjes fol fan gelearden yn detail de easken fêstlein hawwe dêr’t in learling oan foldwaan moat, oan ’e ein fan ’e oplieding. Op hokker nivo ek. Mar hoe detailleard dy eintermen ek binne, folslein lykje se noait te wêzen. Hieltiid is der wer drok fan bûten om aksinten te ferlizzen. Fral politisy bemuoie har oeral tsjinoan, faak op in nuveraardich krukkige wize. Dêrom is it dat ik wat grantich reagearje op inisjativen lykas de winsk ta de ynfiering fan in skiedniskanon, en net iens allinne om’t dy fan klisjees oan elkoar hinget. Ik skreau dêroer yn Farsk 94. Ynfiering fan in skiedniskanon liket nammentlik noch it meast op it bestriden fan gryp troch it plakken fan in pleister. Mar lit my earst wat djipper yngean op wat ûnderwiis docht. En it belangrykste dat dan oer it standert klassike ûnderwiis sein wurde moat, is dat it fan kompromissen oan elkoar hinget.
Skoallen binne noch altiten net ynrjochte sadat elts bern dêr it measte út syn talinten helje kin. Ûnderwiis is der hiel min yn om ús ûntdekke te litte wêr’t wy goed yn binne. Wat it wol kin, is om bern mei grutte ferskillen yn oanlis en belangstelling dochs allegear troch itselde lesprogramma te skowen. Goed, der is dan noch krekt ien seleksjemomint as se tolve binne.
Skoallen hawwe in hiel soad doelen, en posityf bydrage ta de ûntjouwing fan in bern is dêr mar ientsje fan. In resint plan fan it kabinet is bygelyks om ien syn learplicht te ferlingjen ta it momint dat er op syn minst in diploma foar it mbo, havo, of vwo helle hat. Dat is de startkwalifikaasje, sa’t dat papierke no hjit yn it jargon. In skoalle is dus ek gewoan in opfangtehûs om de jongerein fan ’e strjitte te hâlden — beuzichheidsterapy.
Foar myn ideeën oer klassikaal ûnderwiis wie in dissidint tinker as Ivan Illich tige belangryk. Mar sels ha ik de skoalle ek fan trije kanten besjoen: as learling, as dosint en as ûndersiker. Sa ha ik bygelyks besjoen wat der yn lesprogramma’s op ’e basisskoallen dien waard op it mêd fan media-edukaasje. En al dy ûnderfiningen gearfetsjend docht skoalle neffens my op syn minst trije dingen:
- Skoalle leart kennis oan;
- Skoalle leart feardichheden oan;
- Skoalle leart attitudes oan.
Om mei it lêste te begjinne, it oankweekjen fan in krekte hâlding en mentaliteit slagget yn Nederlân noch it bêste, salang’t it mar om hearrigens giet. De measte minsken hjir hawwe leard om op tiid op ôfspraken te kommen. Sy betelje oer it algemien netsjes harren belêstingen, en sjogge nei autoriteiten op. Oeren sitte sy mei oaren yn fergaderings sûnder yn opstân te kommen, oan dizze situaasje wend troch al dy lange dagen fol ûnnut op skoalle. En eltse moarn wer ferbaas ik my oer de talleaze miljoenen dy ’t wer frijwillich de files foarmje, hearrich en hoffene ûnderweis nei it wurk.
Komt soks no allinne troch skoalle? Nee, fansels net, mar it ûnderwiis helpt dêryn wol aardich mei. Dat it sels te goed helpt, mei net útsletten wurde. Sa klaget de polityk al in pear jier dat der te min ûndernimmers binne yn Nederlân, om’t elts folle leaver nuet yn leantsjinst giet.
Dus, jo riede it al, wurdt it belied no om bern al op skoalle ûndernimmersfeardichheden oan te learen. Sa grut is it fertrouwen yn ’e krêft fan it ûnderwiis. Wylst nearne de sa fanselssprekkende fraach steld wurdt oft it stimulearjen fan ûndernimmerskrêft him wol ferdraacht mei de moares fan it klassikaal ûnderwiis om op makkens te dressearjen. En dat is in prinsipieel fersin.
Ik moat myn eardere rige fan trije dêrom gau oanfolje:
- Skoalle leart dat skoalle belangryk is.
Om’t skoalle sa wichtich achte wurdt, moat der ek hieltiten wer fan alles mei. It kin altiten better. Dêrom ek binne der safolle feroarings trochfierd de ôfrûne desennia. Mar om Illich dochs mar ris te parafrasearjen: dat in ynstitút bestiet, seit spitigernôch neat oer de kwaliteit fan sa’n ynstitút. Sels net as it hiel belangryk achte wurdt.
Tsjinwurdich meie leararen yn ’e boppebou fan it middelber ûnderwiis harren fakkennis net mear ynsette om les te jaan. En fierder lykje de leararen op de oare skoaltypen hieltiten ûnnoazeler te wurden. De klachten oer it ûnderwiis yn Nederlân nimme de lêste jierren allinnich mar ta. It giet al mis op ’e basisskoallen. As wy ûndersiker Paul van Dam leauwe meie, is it nivo dêr fan alle fakken te leech, om’t skoalle fral leuk wêze moat.
No falt my wol wat op oan it ûnderwiisbelied yn Nederlân — ynklusyf dat foar de universiteiten. Beslissings lykje noait út in oersjoch wei makke te wurden. It beleid is faak ‘penny wise and pound foolish’, sa at de Britten it sizze. Te faak wurdt besunige op wat letter miljarden kostet om wer goed te meitsjen.
It hiele fak fan learaar is yn ’e jierren tachtich skeind troch besunigings fan ’e kabinetten Lubbers, en syn hantsjebakkerij mei de fakbûnen. Dy beskermen doe allinnich de belangen fan ’e beteljende leden, en hawwe talitten dat nije leararen en dosinten fan doe ôf in soad minder lean krigen. Dus waard it ûnderwiis ynienen folle minder oantreklik as berop. Mei dêrom is de trochsnee âldens fan it ûnderwizend personiel op de measte skoallen fiersten te heech.
Fierder liket it ministearje fan ûnderwiis net planne te kinnen. Begjin jierren tachtich wiene der bygelyks tefolle toskedokters. Dus waarden der opliedings sletten, wêrtroch’t wy no wer te min toskedokters hawwe.
Krekt sa liket noch altiten ûnfoldwaande beseft te wurden dat in fergriizjende befolking mear soarch nedich is. Foar 2012 wurdt in tekoart fan 16% oant 25% oan hûsdokters ferwachte, mei trochdat der noch altiten mar in beheind tal minsken medisinen studearje mei. Minsken sûnder hûsarts sille flugger nei de polys fan ’e sikehûzen rinne, en binne dêrtroch folle djoerdere pasjinten foar ús as maatskippij.
Ik hie ek in foarbyld jaan kind oer it tekoart oan leadjitters, of oare fakminsken.
Neffens my is in goed ûnderwiisbelied dêrom altiten in belied dat rekkening hâldt mei sokke dúdlik oanwiisbere trends yn ’e tiid. Oft dy no demografysk binne, of ekonomysk. Ek al kin soks miskien allinne mar op haadlinen.
Dochs moat ek folle mear as no rekkening mei hâlden wurde dat skoallen lang net alles kinne, sa as skoallen op it stuit opset binne.
Sa ha ik der noed oer dat de kultuer yn Nederlân sa ûneksakt is. Wiskunde, natuerkunde, en skiekunde hawwe de namme dreech te wêzen. En saai. De technyske universiteiten moatte harren promovendy út it bûtenlân ymportearje om hjir it al lizzende ûndersyk te dwaan. Nederlânske studinten sykje leaver eat dat sy mei wat babbeljen ôfdwaan kinne.
It sa lakerich troch de media brochte nijs dat pabo-studinten hast net rekkenje kinne, is foar my it tryste bewiis dat ús maatskippij de prioriteiten net beseft. Hoe kinne masters en juffers dy ’t sels angst ha foar getallen bern de wille mei jaan fan it abstrakt redenearjen? Wêr moatte ús ûndersikers en útfiners no aanstens weikomme?
Merk wol op dat it my hjir net iens om kennis of feardichheden giet, mar om attitude. Om’t it yn ’e winsken dy’t oan it ûnderwiis steld wurde altiten om attitude giet.
Kerst Huisman ynteressearet it net of skoalbern aanstens feitsjes út de Fryske skiednis opdreune kinne. Hy wol dat se grutsk wurde op Fryslân.
Krekt sa wol de kommisje Van Oostrom mei syn skiedniskanon fral dat bern út ymmigrantefermiddens dochs in bân mei Nederlân krije. Ek dêrby giet it om it oankweekjen fan in oare hâlding as se no miskien hawwe. Net om kennis fan jiertallen, of nammen. Wylst dy skiedniskanon wol sa brocht wurdt, want diskriminearje mei no ienkear net.
En dy ûndersikers dy’t de Friezen in wat maklike mentaliteit ferwiten? Sy wolle feroarings yn ’e attitude hjirre. De diskusje oer de ynfiering fan in sosjale tsjinstplicht foar 16-jierrigen? Attitude.
It is ien fan ’e grutste problemen mei it ûnderwiis yn Nederlân, dat fiersten te simpel tocht wurdt dat troch it ynfieren fan nije fakken, of oare manieren fan lesjaan, wol eefkes oare attitudes oan te kweekjen binne. Wylst dêrby net sjoen wurdt nei hoe’n bytsje skoallen dêryn op it stuit mar betsjutte kinne. Skoallen dressearje no op nuetens, sa’t ik hjir boppe skreau. En dan ha ik noch net iens oer de trend dat fral froulju learaar wurde tsjinwurdich, en it in probleem is dat in froulike oanpak fan it lesjaan famkes folle better leit as jonges. Sa’t dy straft wurde foar harren ivige ûnrest; dy ’t allinne mar komt troch de bou fan harren harsens en de testosteronspegel fan it bloed.
Eltse diskusje oer wat it ûnderwiis moat as sil, soe dêrom yn in grutter ferbân pleatst wurde moatte as no trochstreeks gebeurt. Sadat folle better ûnderskied makke wurde kin tusken wat klearebare loftfytserij is, en wat no krekt net.