
Frits Klein, reklametekener fan It Hearrenfean, is ien fan dy histoaryske dupearren fan de [foar]oardielen dy’t er wiene en noch binne oer de keunstner en syn mooglikheden om wat jild te meitsjen. Faak binne it de âlden dy’t neat sjogge yn de keunsten. Skilders en byldhouwers binne fier yn it neidiel by dichters en skriuwers, hja moatte in soad romte hawwe en farve en in ezel, hja kinne neat stikum dwaan. Fan in dichter geane nea sokke ferhalen, in kladblok en in potlead, de dichter kin oan ’t wurk, gjin bemuoisuchtige âlden. Faaks kin in oplieding yn de reklame noch krekt wol troch de bûgel.
Fan Frits Klein is no in oersjoch fan syn reklamewurk yn it Lânboumuseum yn Earnewâld. It earste dat opfalt is dat syn wurk naadleas past yn de reklamestyl fan de jierren ‘50/’60. Dat syn foarmjouwing soms tige sterk is bewiist syn roggebreaferpakking foar Van Dijk. De bekende giele omslach mei swarte opdruk hâldt it al jierren út.
Sydstap 1: op de webside fan Van Dijk stiet te lêzen dat it brea 18 oeren yn de ûne stiet. In hjoeddeistich advertinsjeburo woe dêrom ‘Lang is Lekker’ as slogan brûke, mar ‘dat vonden de dames Van Dijk wat te dubbelzinnig.’ Soks koe yn de jieren 50/60 al hielendal net. Fan erotyk is yn Kleins wurk gjin sprake [foar safier ik wit].
Klein is ferneamd troch twa ‘produkten’: Bokke Heidehipper en Gurbe. De aventoeren fan Bokke stiene yndertiid as strip yn de Heerenveense Koerier. De tekst wie fan Geart Jonkman en de tekeningen fan Klein. Gurbe en Loltsje steane noch alle dagen yn de Ljouwerter, mar Gurbe is net mear it boerke út de begjinjierren. Hy hat sels in kompjûter.
Sydstap 2: doe’t ik ris fia ynternet by in partikulier in Bokke Heidehipper bestelde – hy frege € 10,00 – sei de man: ‘Mijnheer, het is wel een beetje vlekkerig oud boekje hoor!’ Hy wist blykber net wat foar idioate prizen der fierder frege waarden: ien diel foar €100,00, twa dielen foar € 150,00!
It is spitich dat de beide Feanster musea sa’n bytsje typografy en grafyske foarmjouwing yn harren belied stopje. No is it wachtsjen noch op in oersjoch fan syn frije byldzjend wurk.
Sydstap 3: guon minsken tinke dat in reklametekener gjin gewisse hat; foar jild tekenet er wat de opdrachtjouwer wol. Mar ek in reklameman freget him ôf wêr’t syn grinzen lizze. Dat is ek sa mei de keunstskilder, wat akseptearret er al en wat net. Doe’t in fûgeltsjeman Frits Klein frege in tropysk lânskip as eftergrûn foar syn kanarjes te skilderjen, sei er: ‘NEE’. Klein woe baas oer syn dingen bliuwe.