
Besprek Pier: De profesij fan bline Simen troch Willem Schoorstra
In nije histoaryske roman fan de skriuwer Willem Schoorstra. Dan mei men der fanútgean dat it kwaliteit en djipgong hat. Oangeande fersoarge styl, ferhaalstruktuer, mar ek in deeglike histoaryske ûnderbouwing. Dat wie mei Rêdbâd: Kronyk fan in kening (2011) sa en mei Pier: De profesij fan bline Simen is it net oars. Yn it besprek oer Rêdbâd haw ik dat Schoorstra syn magnum opus neamd. It boek oer Pier Gerlofs, bekender mei de bynamme Grutte Pier, komt dêr ek maklik foar yn oanmerking. It is minder epysk – dêr’t ik sa’n wurd om sis – as dat oer Rêdbâd, mar de figuer fan Pier lient him ta mear psychologyske útdjipping. En ek dat kinne wy skoan oan Schoorstra oerlitte.
Der is net in oeribelen soad oer de folksheld bekend, as wat sterke ferhalen. Mar oer de tiid sels en de politike situaasje genôch. De lêzer wurdt in moaie setting foarsetten en kriget in goed byld fan de tiid. It ferhaal oer ôfsleine hollen, bluodderige terms en flokken en skellen wurdt ôfwiksele mei in folksferhaaltsje, in lykstaasje dêr’t sels de âlde kening Redbad yn foarkomt, it ferhaal fan Aalke de hoer oer misbrûk yn in nonnekleaster. Yn byldzjende taal mei sprekkende ferlikings sadat men samar de tiid fan de lette midsiuwen ynsûge wurdt.
Pier wurdt portretearre yn al syn heldedieden, mar de bewende klisjees wurde net oerdreaun bekrêftige. Bygelyks oars net as: ‘Der wurdt sein dat er in ploege mei ien hân risse kin.’ (s. 101). It beruchte sjibbolet fan ‘Bûter brea en griene tsiis’ wurdt efkes neamd, mar net oant ferfelends ta brûkt. Dêrby is Pier wol wreed, ferskuorrend wreed, mei’t er oant ta syn djipste binnenste fol sit mei wrek en hate wat troch de tiid hinne allinnich mar slimmer wurdt. Hy ken gjin genede. Hy moardet dat it sta seit. Hy ferkrêftet dat it in lust is. Hy is de domme pion yn it spultsje fan de hege hearen. Leit op dy karakterisearring op it lêst ek wat tefolle klam? Grutte Pier wurdt altiten sjoen as frijheidsstrider. Mar yn Pier wurdt dat ideaal him oanpraten troch de lekebroer dy’t syn libbensferhaal optekenet.
It hert tynt him yn it boarst. Hy is grutsk, tinkt net oan de hartoch fan Gelder mar oan himsels, de rol dy’t er spylje kin yn it frijmeitsjen fan it heitelân. Hoe’t er dat krekt ha moat en watfoar frijheid dat wêze sil wit er net, mar op it stuit kin him dat neat skele.
(s. 106)
Grutsk is Pier Gerlofs, de man fan utersten. De iene kear is er opljeppend as in kat yn it nau, de oare kear kin er as in bern ynpakt wurde troch moaie wurden, benammen as dêrby syn ego streake wurdt. Op dy wize wurdt er oan it lyntsje holden troch Karel fan Gelre. Mar yn ’e striid is er ûnferwrikber en syn foarkommen twingt fuortdaliks ûntsach ôf. Dat is wêrom’t er as lieder sjoen wurdt, net om syn moaie stammerjende wurden. Syn bloedeigen mem hat it net oer grutskens, mar goait him foar de fuotten dat de ‘kâlde duvel fan de heechmoed’ (s. 168) him te pakken hat. Sa’t Schoorstra him portretearret is er ek net oars as in baarlike duvel. Is dat de frijheidsleavjende folksheld sa’t dy ús altiten foarholden is? De auteur fan Pier nimt de âlde leginde oertsjûgjend op ’e helling.
Dat men jin sa gau ferliest yn it ferhaal lykas earder neamd, komt mei om’t de auktoriale ferteller de lêzer suver by de hân meinimt:
Bûtendat is it roettsjuster, ek al knypeaget de moanne fan en ta troch de wolken. Tink derom wêr’t jim de fuotten delsette. […]
De beammen om it boerehiem hinne en de wale fan de nacht ûntnimme ús it sicht op de pleats dêr op de terp, dat wy moatte dêroan ta rinne om ien en oar better te besjen.
(s. 20)
Wannear’t dat net goed dien wurdt, kin soks hiel yrritearjend wurkje. Us gids is net ien dy’t it wol efkes fertelle sil, hy stelt him gelyk mei de lêzer: ‘Ut dyselde redenen binne jim hjir by my…’ (s. 20). En wannear’t Pier wekker wurdt út syn dream en hy gewaar wurdt dat der minsken oer de flier binne, sit de lêzer al sa djip yn it ferhaal dat er net iens yn de gaten hat dat de liedsman net mear fan him hearre lit. Sa komt en giet de ferteller dy’t mei it direkte oansprekken fan ’e lêzer deselde gefoelens oproppe wol en sa de lêzer op dy wize mear belûkt by it libbensferhaal fan Pier Gerlofs. Lykas al oanjûn wurdt hjir in wreed (wa sil sizze fan in realistysk?) portret skildere, it is krekt as is Schoorstra him dêr bewust fan en wol er dochs de ‘ferearing’ yn stân hâlde wannear’t er de gids yn de mûle leit: ‘…mar neffens my is it by Pier ek fanút in inerlike needsaak. En ik wit eins net wat ik dêrfan fine moat. Krekt likemin as fan it feit dat ik geniete fan it momint doe’t er de spytgnyskjende kaptein ûnthalze.’ (s. 77). It byld fan Pier sa’t dat hjir sketst wurdt is dus eins fassinearjender, sprekt mear ta de ferbylding. Sa wurdt besocht dy inerlike ferearing oan te boazjen mei’t wy eins allegearre sa as Pier binne, mar dat ‘syn woede deadliker is, syn trou oprjochter en syn lêste bytsje leafde earliker.’ (s. 120). Sok sizzen kin ek maklik averjochts wurkje, wannear’t men jin júst net identifisearret mei de protagonist.
It is fernimstich en op in subtile wize dien, sadat it net steurend is dat Schoorstra himsels in bêste fear yn ’e broek stekt wannear’t de paadwizer seit: ‘Ha ik mysels kennen leard, in ûnderfining dy’t my riker èn earmer makke hat.’ Fanwegen it feit dat de lêzer him dermei identifisearje ‘moat’, soe dy himsels ek kennen leard hawwe troch it ferhaal. Efkes fierder: ‘…dat wy yn ’e mande mei Pier in ferhaal fan betsjutting belibbe ha.’ (s. 208). Subtyl brocht, mar oan ’e oare kant leit it der hiel tsjok op. Ek dat kin hiel maklik averjochts wurkje. Nei myn betinken komt Schoorstra der krekt mei wei om’t it sa moai yn it ferlingde fan it ferhaal leit.
De lêzer komt ek yn ’e kunde mei Petrus Jacobi Thaborita. De muonts is de biograaf fan Pier. Hy is it dy’t it fisioen fan Bline Simen oer de Wolfshûn op it spoar komt. ‘Hope jout er en dea bringt er.’ (s. 54) Dat slacht neffens Petrus op Pier Gerlofs Doanja. Pier hâldt net fan soksoarte ferhalen, dat hy wol der neat fan witte. Dêrmei wurdt it gjin self-fulfilling prophecy. Dat Pier runen yn syn boarst ritse lit, komt dus by himsels wei. Dy runen binne oan ’e iene kant in moaie mytyske taheakking dy’t de persoan fan Pier wat fan útferkardens jout. Oan de oare kant komt it oer as in der wat byskuord anagronisme, mei’t wy fier yn de midsiuwen sitte. Moat sein wurde dat it by de persoan fan Pier en syn twa kanten tige past, mei’t er ek wer syn betrouwen stelt yn in relikwy. Dat lykwols ek de Nornen en Wêda neamd wurde, giet my in stapke te fier.
Werom nei Petrus. De lêzer kriget ek fan him in aardich byld. Hoe’t de lekebroer wrakselet mei syn sympaty foar Pier en tagelyk de wearzge dy’t er fielt foar syn dieden. Dat is wêrom’t er mei it striden foar de frijheid op ’e lappen komt. Om sa syn opspyljende gewisse del te bêdzjen. Dat er sa wrakselet mei syn gewisse sit de bêste man oars goed heech sadat it gauris op it aljemint komt. En út en troch leaut men it dan wol mei’t it wat eamelich oerkomt. Itselde kin ek sein wurde fan de kearen dat fan Pier wer ris sein wurdt dat er besibbe is oan ’e man mei de seine.
Oare hantlangers, mar ek de tsjinstanners fan Pier Gerlofs Doanja, wurde mar sa sa beskreaun, mei útsûndering fan in pear figueren. Wat dat oangiet is it goed dat der in list mei ‘De belangrykste personaazjes’ opnommen is oan it begjin fan it boekwurk. Grutte Wierd dy’t itselde foarkommen hat as Pier hie wol mear oer sein wurde kinnen. ‘Douwe hie altyd in fleurich sin en hâlde fan koartswyl.’ (s. 74). Show don’t tell, dan hie de figuer fan dy jonge meistrider faaks mear libbe. It politike spul fan de steedhâlder en syn kompanen kriget aardich syn gerak, mar dat nei it útiensetten fan Erkelens syn plan er ynienen koart foar de kop is, wit Ravenhey net, mar Hubert fan Rossum wol. De lêzer ûntgiet dat ek. Wylst Pier safolle mei Erkelens te stellen hân hat, wurdt syn ôfsetten efkes tusken de ierdapels en de brij ferteld.
Mar Schoorstra wit mei syn masterlik fermogen om mei tapaslik – suver poëtysk – taalgebrûk en fertelstruktuer it boek flot op te bouwen. Wy krije in foarútblik, wurde dan ynlaat troch de ferteller en batse dan fuort yn de oerfal op Doanjastate wat foar Pier de katalysator west hat om wrek te nimmen op it rosmos dat syn pleats ôfbaarnd hat. Wat leit der in soad betsjutting yn in sin as dizze: ‘Wilens is it begûn te reinen, in ientoanich rûzjen, einleas en weemoedich as it ûnferskillich sykheljen fan de ivichheid.’ (s. 89). Ek de lytse taferieltsjes dy’t in soad oer de ferhâldingen sizze. ‘Fersteurd rost Fan Rossum mei in bûsdoek op it wiete plak yn syn broek om [steedhâlder Hendrik de Groiff hie by it ynjitten griemd, GT]. Hy soe de steedhâlder it leafst útsegenje wolle fanwegen syn opsetlike ûnhandigens, mar it wif machtslykwicht tusken harren wjerhâldt him dêrfan.’ (s. 102). Fierders ferrint it ferhaal faker as ienkear fernimstich fan ’e iene sêne nei de oare. Pier klaut him op it boarst, en dan geane wy werom nei de sêne hoe’t it komt dat er dêr jûkte hat.
In goed ferhaal is fan alle tiden, moai is dat Schoorstra hjir ek de taalstriid yn befrisselet. Pier ferachtet de lânsgenoaten dy’t harren taal ferleagenje en Nederdútsk prate. Oaren wolle dêr noch wolris tsjinyn gean en sizze dat it maklik is meardere talen te behearskjen. ‘Alles dat Frysk is stiet faai. Sels de taal, ha ik b-b-begrepen.’ (s. 106). Dat de Friezen ûnderinoar altiten spul hawwe en it dêrom nea wat wurdt, wie yn ’e tiid fan Pier Gerlofs ek al sa. ‘Friezen kinne it ûnder inoar al net iens l-l-lykfine…’ (s. 203). Pier is oan ’e ein fan syn libben djip teloarsteld, alles hat omdôch west.
‘In fet fol tsjinstellings is it…’ leit Schoorstra de muonts Petrus yn ’e mûle. Mar it boek is in fet mei kostlik focht dat men mei blastige swolgen ta jin nimme moat. Men kin jin ris yn in hurd stikje ferslokke, mar dat nimt de bitterswiete ôfdronk perfoarst net ôf.
Willem Schoorstra
Pier: De profesij fan bline Simen
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2015
ISBN: 9789033004940 / NUR 524
Ferkeappriis: € 17,50