
Problemen mei famkes hie Lolke al op de basisskoalle. Doe koe er him net foarstelle dat se poepten. Wiene it ingeltsjes of duvels? By gebrek oan in frou hie er twa katten yn ’e hûs nommen. It binne leave bisten, dêr net fan, mar se meitsje it iten net foar him klear. De keamer himmelje se ek net en op syn bêd wol er se net ha. Der is mar ien frou dêr’t er mei omgiet en dat is syn mem.
Plakjeboartsje wie syn favorite spultsje doe’t er in skoaljonge wie. Net mei jonges fan syn jierren mar mei syn mem. Eins wie it gjin plakjeboartsjen want hy gong altyd nei itselde plakje: ûnder de itenstafel. Mem telde foar de foarm fan ien oant tsien en kaam dan by him. Ticht tsjininoar oan bleaune se dan sitten oant heit thús kaam dy’t lilk wie omdat it iten net klear wie. Hy fûn dat er net op syn heit like. Dyn flapearen binne oars like grut as sines, sei in stimke yn syn holle. Dat stimke wie syn firtuele freon. Hy hie him in namme jûn: Fred. (Krekt as it hûntsje dat se hân hiene).
Alle dagen giet er in eintsje te kuierjen, hieltyd itselde rûntsje. Foar ûntdekkingsreizger is er net yn ’e widze lein. Yn de goate, deun tsjin de râne fan de stoepe oan, leit in stôk, sa’n witen ien mei reade strepen der op. Efkes stiet er yn bestân, dan nimt er it ding mei. Thús yn ’e keamer swaait er der mei en reaget hast in kop-en-pantsje fan ’e tafel. Kinst der better mei nei bûten ta gean, dat is feiliger foar it diggelguod, merkt Fred op. Dêr hat Fred gelyk oan.
Swaaiend mei de stôk rint er op ’e stoepe. No’t er blyn is sjocht er de wrâld mei oare eagen. Der is in protte folk en de minsken geane oan de kant, as in gerdyn dat iepen skoot. In jonkje bliuwt stean en sjocht him mei grutte eagen oan. De mem lûkt him gau mei. Moatst de eagen tichtdwaan, dan is it pas echt. Hy stapt fierder mei de eagen ticht. Op slach komt er yn in oare wrâld. Krekt as hat ien it ljocht út dien. Syn rjochtingsgefoel is er kwyt en hy ferjit mei de stôk te swaaien. In lantearnepeal giet net oan ’e kant en hy knalt der tsjin oan. Hy flokt en wriuwt him oer de foarholle. In waarme hân pakt him by ’t skouder, hy snúft in lekker luchtsje op.
‘Ha jo net sa’n hûn?’ heart er in frouljusstim deun njonken syn ear.
‘Nee, wol twa katten,’ anderet er.
‘Giet it?’
‘Jawol, in bytsje dûzelich.’ Hy strykt ris oer de snor, noch hieltyd mei de eagen ticht.
‘Kin ik helpe?’ Unwis taast er om him hinne, hielendal yn syn rol.
‘Kinne jo miskien…’
‘Kom, ik bring jo efkes nei hûs.’ Beret nimt se him by de earm. Hy wiist it paad, de eagen heal ticht. Moatst trochpakke, dit is dyn kâns. No’t er har net oan hoecht te sjen doart er te freegjen oft se in kopke kofje wol. Se knikt. Krekt op ’e tiid tinkt er der oan dat er dat net sjen kin.
‘Ja, graach,’ seit se dan.
Yn de keuken seit Fred dat in bline gjin horloazje hat. Hy docht it ding ôf. Wat in gelok dat er krekt fan ’e moarn de keamer himmele hat. Mei in sinnebril op en twa kopkes kofje giet er de keamer yn. Hy sjocht noch krekt dat se mei in finger oer it blommetaffeltsje strykt en der mei in fiis gesicht nei sjocht. Temûk nimt er har op. In spikerbroek en in read learen jaske. Har donkere hier krôlet in bytsje. Se is sawat like âld as er sels is.
‘Ik bin Lolke,’ stelt er him foar. Sy hjit Pinkje.
‘Wat in bysûndere namme.’
‘Ik ha in âldere broer Tom, mar dy waard Tomke neamd. Us heit hat doe Pinkje betocht.’ Se snotteret en pakt in bûsdoekje.
‘Sorry, ik bin allergysk foar katten.’
’Miskien kinne wy…,’ stammeret er, ynienen wer ûnwis mar Pinkje begrypt it.
‘Kom ek mar ris om in kopke kofje.’ Se neamt har adres en telefoannûmer. ‘Pinkje, Pinkje,’ flústeret er en priuwt de namme op ’e tonge. Do hast krekt in ingeltsje moete.
De oare deis skillet er har, syn swithannen litte de telefoan sawat glide. Se sprekke ôf dat se fan ’e jûn nei him ta komme sil.
‘Dat is handiger dan datsto hjirre komst. It sparret in taksy út.’ Om syn blinens te beklamjen docht er in swarte en in wite sok oan. Net oerdriuwe. Se komt op ’e fyts en hat in selsbakte appeltaart meinommen. Se freget hoe’t it kommen is. Dy fraach hie er al ferwachte en hy fertelt fan in eachsykte, fiif jier lyn. Se kloppet him op ’e knibbel. Hy lit de holle sakje foar it dramatysk effekt.
‘Leave jonge, ik wol dy graach helpe.’ Ferstie er it goed, sei se “leave jonge”?
‘Wat dochst yn dyn frije tiid?’
‘Och, ik ha myn keramyksamling en ik mei graach wat fiskje.’
‘Hoe kinst sjen ast byt hast?’ Dêr hie er efkes net oan tocht mar Fred bringt útkomst.
‘Ik haw in spesjaal snoer dat in lûdsje jout as ik byt ha,’ seit er Fred nei.
Se prate noch wat en se meitsje in nije ôfspraak . De appeltaart wie hearlik.
Diskear geane se te kuierjen yn de bosk. De sinne skynt en de fûgels sjonge. It is moarns betiid en der is gjin minske te sjen. Op in bankje jouwe se har del en se skylt in appel foar him. Se fertelt wat se sjocht: de blomkes neamt se allegearre by namme en se beskriuwt de kleuren. Se giet oerein en plôket in blomke.
‘Moatst ris rûke, hoe lekker.’ Dan docht se har sandalen út. Nijsgjirrich wachtet er ôf. Deagemoedereard fertelt se troch en strûpt ûnderwilens har slipke ek út, skoot har rok omheech en sakket troch de knibbels. Deun foar him sjocht er de waarme striel yn it hege gers ferdwinen.
Geregeldwei giet er nei it keramykmuseum. Hy dangelet wat troch de sealen en bliuwt dan stokstiif stean. It is leafde op it earste gesicht. Se stiet oan de oare kant fan de romte. Hy is sa ûnder de yndruk dat er net nei har ta rinnen doart. Dy foarm, dy útstrieling, syn dream wurdt werklikheid. Dy nacht sjocht er wer dy prachtige rûne foarmen, de kontoeren fan de skouders. O, koe er har mar yn ’e hûs helje, al syn jild soe er der foar oer ha.
Fol ferwachting wachtet er op Pinkje. Troch it rút sjocht er har kommen. Se giet sitten en strykt har rok glêd.
‘Dy snor, kin dy der net ôf, dat is ûnhygiënysk,’ begjint se. Hy is grutsk op syn snor, dy is hast like machtich as Johan Derksen sines.
‘Dat fiskjen fan dy dochst dat mei wjirms?’Se fynt fiskjen hiel sneu foar de fiskjes en de wjirmkes. As se fuort giet stiet er by har yn de foardoar. Taastend stekt er de hannen út en leit se “by fersin” op har boarsten. Efkes drukt se har tsjin him oan en jout him in tút op ’e mûle. Se rint it paadsje del foar’t er reagearje kin.
Jûns op bêd hâldt Fred him út ’e sliep. Se hat har net te bemuoien mei dyn hobby en de snor. Se hat my “leave jonge” neamd, is syn ferwar. Se eamelet en wol de baas oer dy spylje. Mar dy tút dan? Fred is efkes stil. As se hjir faker komt moatte de katten de doar út. Ik ha har bewûndere, doe yn de bosk. Mei nocht tinkt er der oan werom. It lichaamlike is net it wichtichste yn de leafde.
Pinkje hâldt it paad waarm. Tegearre sitte se op de bank. Hy fielt dat se nei de snor sjocht. In skoft seit se neat. As er kofje hellet bedarret de helte yn in ’t pantsje. Ut argewaasje plôket er oan ’e snor.
‘Hast it net foar my oer om dy snor der ôf te skearen?’
‘It is myn snor, dêr hast do dy net mei te bemuoien.’ It klinkt botter as de bedoeling wie. Pinkje sjocht him grimmitich oan en giet stean.
‘Wêr ha ik myn tas litten?’
‘Dêr, njonken de bank.’ Nei’t er it sein hat wit er dat it mis is. Yn ien stap stiet se foar him.
‘Do bist ferdomme net blyn!’ Mei ien hoart skuort se de sinnebril fan syn noas en wynderet mei de hân foar syn eagen. Dy knipperje der fan. De bril fljocht troch de keamer en rekket it listke mei mem har foto dat op ‘e grûn telâne komt. Se pakt har tas en giet der út. De doar knalt achter har ta.
Unnoazel, hoe koe ik sa stom. Om treast te finen fytst er nei it museum en giet nei de bekende seal. Dêr stiet se. Hjir gjin geseur oer syn snor en sa, dêr is er wis fan. Hy docht in stap nei har ta en noch ien. It is as se ljocht jout, as in mot wurdt er der hinne lutsen. Dan stiet er foar har. Sûnder in wurd te sizzen nimt er har yn de earms en tilt har op. Syn lippen beroere efkes har koele hals. Dit is syn heechste lok, no kin er tefreden stjerre.Hy skrikt fan in doar dy’t iepen giet. In lûde stim ferskuort de serene stilte.
‘Ofbliuwe!’
It skeelt net folle of hy wie yndied stoarn. As troch de wjerljocht troffen lit er har falle. De mânske faas falt mei in klap op de grûn. Mei triennen yn ’e eagen knibbelet er tusken de diggels en wol mar ien ding: mei mem ûnder de tafel en der nea wer wei komme.