Andries Miedema

Havendei

logo.ensafh

De havenstêd yn iere skimer
wurdt wekker yn it earste lûd,
beweging fan ’e hege floed
driuwt stomers nei de fierste kimen.

Troch de strjitten garje weinen
files foar it grut beweech
fan minsk’ en lading en de seinen
read op grien en jachtich heech.

Thúsreis fan ’e fiskersfloaten
de sinne yn ’t foar de fangst al wûn.
De takelkranen oer de boaten
stjoere ladingen nei ’t rûm.

De ûnstjoerstêd, ’t havenkertier
mei kroegen, wurkfolk, lichte roazen,
swiere jonges, fleur en tier,
gaos as yn Pandoara’s doaze.

De wylde dei, te koart en gysten,
mei net ferlieze want de nacht
oersjocht op strange siferlisten
gong en tiid fan tonnen fracht.

Yn ’t reade ljocht en rûch fertier
begjint de swarte nacht te winken
nei lagen leafde en getsier
om yn ’e nije dei te sinken.

1 reaksjes op “Havendei

  1. Moaije beskriuwing fan in dei yn Harns. Al soe it samar yn in oare havensted barre kinne. Moai de klanken dy’t yn it lezen der útspringe. Tank.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *