
Hedwig Terpstra yn petear mei Jelle Krol (Drachten, 1957) oer syn ferlykjend ûndersyk nei foar minderheidstalen statusferheegjende strategyen yn it wurk fan Douwe Kalma (Boksum, 1896 – Ljouwert, 1953) en yn dat fan oare iere tweintichste-ieuske minderheidstaalskriuwers.
Jelle Krol hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins. Fan 1983 oant 1990 wie er redakteur fan Trotwaer. Hy resinsearre Frysk proaza foar de Ljouwerter krante en tegearre mei Popke van der Zee sette er Beowulf oer út it Aldingelsk yn it Frysk. Yn 1987 kaam er yn tsjinst by it FLMD en fersoarge er ferskate publikaasjes fan en oer skriuwer en dichter Douwe Kalma, ûnder oare de Samle fersen (1996). Krol is sûnt ferline jier dwaande mei in ferlykjend ûndersyk nei strategyen by iere tweintichste-ieuske minderheidstaalskriuwers dy’t de talen fan dy skriuwers mear op de kaart sette moatte. Foar dat promoasjeûndersyk ferliket er dy stragyen yn it iere wurk fan Douwe Kalma (Boksum, 1896 – Ljouwert 1953) mei dy yn it wurk fan trije oare minderheidstaalskriuwers út de tiid krekt nei de Earste Wrâldoarloch. Hy is dêrfoar fjouwer jier foar frijsteld fan syn deistich wurk as kolleksjefoarmer by Tresoar. Op 28 maart 2015 hold Jelle Krol in lêzing oer syn ûndersyk op it sympoasium ‘Fryslân en de wrâld. Jonge Friezen mei kulturele ambysje’ oer de idealen fan Douwe Kalma, yn de Koperen Tún yn Ljouwert. Krol syn essee ‘”En Kalma wie ús kening”: oer de begjintiid fan de Jongfryske Mienskip 1915-1924’ is opnommen yn de bondel Fryslân en de wrâld 2.0.
Douwe Kalma groeide op op in pleats yn Dearsum. Kalma gong yn Snits nei it gymnasium en krige dêr les fan Piter Sipma, dy’t tige warber wie foar it Frysk. Nei syn eineksamen begûn Kalma mei de stúdzje teology yn Grins, mar hy wie mear dwaande mei it Frysk en nei in jier briek er dy stúdzje ôf. Hy debutearre yn 1913 yn Sljucht en Rjucht. Op it mêd fan de Fryske Beweging woe er fernijing, it Selskip fan 1844 wie him te konservatyf en te nuet. Om stal te jaan oan syn idealen rjochte er op 20 novimber 1915 mei oaren de Jongfryske Mienskip op. Kalma skreau in grut ferskaat oan skôgingen, gedichten, proaza, toanielstikken en makke oersettingen. Mids jierren tweintich sette er him wer ta de stúdzje en skreau er him yn as studint Ingelsk. Yn 1931 helle er syn doktoraal en yn datselde jier waard er learaar Ingelsk yn Eindhoven. Yn ‘e oarloch sei Kalma syn baan yn Eindhoven op en sette er him by Wike Zijlstra yn ‘e Rottefalle nei wenjen. Mei in lytse kliber meistanners sette er him nei de oarloch op ’e nij yn foar wat der fan De Jongfryske Mienskip oerbleaun wie. Yn syn Rottefalster tiid wijde Kalma him oan it dienmeitsjen fan de oersetting fan it folsleine oeuvre fan Shakespeare. Doe’t er op de 18e oktober 1953 ferstoar as gefolch fan in oanriding op de Oeriselsestrjitwei, hie er dat wurk op in pear siden nei klear. Nei syn dea waard it yn acht tsjokke dielen publisearre.
Yn it ramt fan hokker stúdzje dochsto dit promoasjeûndersyk?
Jelle: ‘Mei Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en kultuer oan de universiteit, ha ik yn 2013 by de UCF, de University Campus Fryslân, in ûndersyksútstel yntsjinne. Dat útstel is honorearre mei in beurs. Ik bin no belutsen by de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de RUG en yn it ramt dêrfan doch ik dit ûndersyk. Ik sit wol yn Ljouwert, op Tresoar, te wurkjen oan it ûndersyk. Ien fan de redenen om de UCF op te rjochtsjen wie ek om mear universitêr ûndersyk yn Fryslân sels út te fieren en de subsidiïnten sjogge it leafst dat de ûndersikers yn Fryslân dwaande binne. Ik soe ek thús wurkje kinne, mar ik bin leaver op Tresoar, want dan haw ik mear struktuer yn myn deistich wurk.’
Wat kinst yn it koart fertelle oer dyn ûndersyk?
‘Ik ferlykje fjouwer skriuwers út it begjin fan de tweintichste ieu, allegear begjinnend yn of krekt nei de Earste Wrâldoarloch, dy’t besochten om har literatuer spesifyk op de kaart te setten. Ik ha fjouwer skriuwers keazen út min ofte mear ferlykbere kultueren út Noardwest-Europa: Douwe Kalma út ús Fryslân, Saunders Lewis út Wales, út Skotlân Hugh MacDiarmid en Roparz Hemon út Bretagne. Myn stelling is dat dizze minsken, omdat se sa graach de literatuer sintraal stelle wolle, oars skriuwe as wannear’t se net út in minderheidstaal komme soene. Neffens my kin har literatuer rekkene wurde ta wat de Frânske teoretika Pascale Casanova neamt: ‘littérature combative’. Dêrby brûk ik û.o. Casanova har boeken: The World Republic of Letters (2004) en Des littératures périfériques (2014).
Myn idee is dat dy skriuwers sawol ynhâldlik as wat har aktiviteiten oangiet bepaalde strategyen brûkten. Strategyen dy’t ôfstân skeppe moasten ta de direkt neistlizzende kultuer. Yn it gefal fan Fryslân is dat de Hollânske kultuer. Douwe Kalma woe graach in ferbining sykje tusken oan ’e iene kant de Skandinavyske kultuer en oan ’e oare kant de Ingelske. Sa ûntstie de paradoks dat er oan de iene kant de Fryske literatuer in dúdlik apart plak jaan woe en oan ’e oare kant bûten de Nederlânske steatsgrins ferbiningen mei oare kultueren socht. Op deselde manier, sa is myn stelling, die Saunders Lewis dat yn Wales. Hy socht foaral foarbylden yn en ferbining mei de Frânske literatuer en hy naam dêrmei ôfstân ta de neistlizzende Ingelske kultuer. Roparz Hemon naam ôfstân ta de Frânske kultuer en socht kontakt mei de Ingelske en de Keltyske literatueren. Hugh McDiarmid yn Skotlân gong miskien wol it fierste troch te sizzen: wat hawwe wy te krijen mei dy Ingelske kultuer? Neist in ôfstân skeppende strategy hiene dizze minsken ek in mobilisearjende strategy nedich om struktueren te kreëarjen en om har taal sterker te meitsjen. En sterker meitsje betsjutte yn dy tiid foaral it kreëarjen fan in standerttaal as dy der noch net dúdlik wie en it oanlizzen fan in hege noarm foar har taal, want krekt as alle talen hawwe ek minderheidstalen har dialekten.Mar ek it organisearjen fan publikaasje, it útwreidzjen fan de kennis fan de taal en kultuer en foaral ek it trochjaan fan entûsjasme foar harren taal en kultuer. Douwe Kalma brûkte om fan it Frysk in echte kultuertaal te meitsjen wolris heechdravende wurden en hy besocht ek wol nijfoarmingen yn te fieren, wurden dy’t der noch net yn it Frysk wiene. Roparz Hemon siet yn Bretagne yn in hiel grut gebiet en moast in hiele protte dialekten byinoar bringe en datselde gou ek foar Hugh McDiarmid yn Skotlân. Skotsk wurdt fan de Orkneys oant de Borders praat en hat allegear ferskillende farianten. Hy brûkte John Jamieson syn etymologysk wurdboek fan it Skotsk dêr’t ek in soad âlde foarmen yn steane en hy kreëarre sa wat er sels neamde ‘syntetysk Skotsk’. De fraach is dan fansels wol yn hoefier oft dat oanslacht yn sa’n grut gebiet en yn hoefier’t je minsken meikrije kinne om itselde te dwaan. De iene is dêr neffens my better yn slagge as de oare.’
Douwe Kalma hat yn 1915 de Jongfryske Mienskip oprjochte.
‘Hy pakte dat neffens my op in tûke en ek op in nije manier oan. Hy wist, krekt as oaren dat by de frije idealistyske jeugdbeweging dien hiene, in soad froulju by de Jongfryske Mienskip te belûken. Oant dan ta kaam dat by de rest fan de Fryske taalbeweging noch net in soad foar. Troch toanielstikken te skriuwen en dy sa te skriuwen dat dêr in protte minsken by nedich wiene mobilisearre er fuortdaliks minsken en joech har in taak. Net allinne de minsken fan it Jongfrysk Toaniel moast er brûke foar it spyljen fan dy stikken, mar troch it ynlaskjen fan koaren yn dy stikken, krekt as by de Aldgrykske toanielstikken, hied er ek de meiwurking nedich fan it Jongfrysk Sjongkoar. Op sa’n wize beluts er dus hast elkenien fan syn nije beweging by syn wurk. Stikken fan it Jongfrysk Toaniel moasten yn it meast prestisjeuze teater fan Fryslân opfierd wurde: de Harmonie yn Ljouwert. Foar ien dy’t syn earste toanielstik foar it fuotljocht brocht, wie dat in hiele hege ambysje dy’t er fuort ek wiermakke.’
De Jongfryske Mienskip organisearre kampen op de eilannen. In foarm fan mobilisaasje?
‘Ja, om de minsken te mobilisearjen moasten se ek wol witte wêr’t it om gong. Der moasten kursussen jûn wurde, mar allinnich droege kursussen binne fansels net sa nijsgjirrich. Je kinne dat better ferpakke troch foarming en ferdivedaasje byinoar te bringe yn kampen. Dêr waard bygelyks toaniel bepraat, mar ek in kursus moderne Ingelske letterkunde jûn. Tagelyks wie der it aspekt dat de minsken op fakânsje nei in eilân giene en dat wie foar in soad minsken yn dy tiid nij en bysûnder. Op alle Fryske eilannen binne wol kampen holden fan de Jongfryske Mienskip, mar it faakst op It Amelân. Dêr hat in stifting fan de Jongfryske Mienskip letter it saneamde Koaihûs by Nes kocht. Ien dy’t in wichtige rol yn de Jongfryske Mienskip spile wie Wike Zijlstra. Sy wie yndertiid ûnderwizeres op de Buren op It Amelân. By de Jongfryske Mienskip wiene in protte ûnderwizers en ûnderwizeressen oansluten. Letter krige de Jongfryske Mienskip yn Ljouwert it Mienskipshûs. Yn de Riedhússtrjitte yn Huzum hiene hja in fêst plak dêr’t se byinoar komme koenen om kursussen te folgjen en om har gearkomsten te hâlden. Dat wie in frij lúkse posysje foar sa’n frij jonge jeugdbeweging, want dat moast fansels allegear wol opbrocht wurde. Op dy manier waard de Fryske taal en kultuer fan ûnderen op organisearre. Minsken betellen kontribúsje, mar ik tink dat Kalma sels der ek in soad oan betelle hat. Yn dy tiid wie der foar soks noch gjin subsydzje fan de provinsje. Dat kaam, útsein in lyts subsydzje foar ûnderwiis en ûndersyk, foar de Provinsjale Underwiisried en de Fryske Akademy, pas nei de oarloch. Kalma hat anneks west mei de Afûk, de Fryske Bibleteek en bygelyks ek mei de Upstalbeam, om ynternasjonaal kontakten mei East- en Noardfriezen te organisearjen. Foar de Afûk hat er sels yn it bestjoer sitten, kursussen jûn en eksamens ôfnommen. Ferskillende fan de struktueren dy’t wy no noch kenne binne mei ta stân kommen troch wat der foar de oarloch allegear bard is. Nei de Twadde Wrâldoarloch kamen minsken as Jan Piebenga yn de Provinsjale Steaten en dy wisten te konsolidearjen wat foar de oarloch yn gong set wie. Fedde Schurer hie in foaroansteande posysje, ek lanlik, dus de polityk naam doe in hiel soad fan dy dingen fan de beweging oer, yn de sin dat Provinsjale Steaten saken subsidiearren dêr’t de struktuer foar de oarloch al fan lein wie.’
Yn wat foar gesin groeide Douwe Kalma op? Wat wie syn achtergrûn?
‘Douwe Kalma wie in boeresoan en iennichst bern. Syn heit, Petrus, stoar al hiel jong en dat betsjutte dat syn mem de buorkerij fuortsette moast. Der moasten arbeiders by komme om te helpen. Foar in part hie de famylje sels lân yn eigendom, mar se moasten ek lân hiere. Op in bepaald stuit, in jier neidat Douwe Kalma it gymnasium helle hie, besleat syn mem, Sytske Kalma-Schukking, grif yn oerlis mei har soan, om mar mei it buorkjen op te hâlden, ek al wie frou Kalma doe noch net sa âld. Se gongen dêrnei nei Ljouwert ta te wenjen. It gesin wie oarspronklik Nederlânsk-Herfoarme, mar ik tink dat Douwe Kalma yn letter jierren net in soad mear nei tsjerke gie. Yn de brieven fine je dêr alteast net in soad oer.’
Wat kinst fertelle oer Kalma syn politike aktiviteiten?
‘Douwe Kalma hat altyd goed befreone west mei Fedde Schurer, dy’t út in grifformeard fermidden kaam. Syn libben lang hat Kalma mei Schurer korrespondearre. De freonskip wie dan wer yntinsyf en dan wer net. Fanwege it feit dat Schurer passifistysk wie, krige er as skoalmaster problemen mei it skoalbestjoer. Fedde Schurer krige op in bepaald stuit belangstelling foar de politike partij de Christen-Democratische Unie. Mei troch Schurer kaam Douwe Kalma ek yn dy partij en hy krige it fersyk om in sit te nimmen yn it haadbestjoer fan de partij. De kristen-demokraten kamen bot op foar de arbeiders, mar Douwe Kalma fielde him yn it fermidden dat oerhearske waard troch minsken dy’t oarspronklik út de rjochtsinnige hoeke kamen net sa bot thús en hy besleat op in bepaald stuit om de partij farwol te sizzen. Folle letter kaam Kalma yn de Rie fan Saxo-Frisia, dat wie in hiele Dútsk-oriïntearre stifting. Hy hat syn promoasje-ûndersyk dien by in heechlearaar dy’t yn it Dútske farwetter telâne kaam. It liket dat er hiel bot de kant fan Dútslân keas, mar we moatte net ferjitte dat syn idee wie dat it Frysk just altyd ferhûddûke wie troch it Hollânsk en dêr woe er him tsjin ofsette. As in oare partij bettere dingen oanbea foar it Frysk, dan wie Kalma wol ree om dat te ûndersykjen en, as dat goed útkaam, om dêr foar in part yn mei te gean.’
En dat sjochst ek by de oare taalstriders dêr’tst ûndersyk nei dochst?
‘Ja, dat sjoch ik net allinnich by Kalma, mar ek by McDiarmid, Lewis en Hemon, foaral yn de tiid nei de Twadde Wrâldoarloch ta. Hemon hie tabak fan it sintralistyske regear yn Frankryk. Doe’t de Dútsers oanbeaën dat er yn de oarloch foar de radio yn it Bretonsk prate mocht, naam er dat oan. Dat wol net fuortdaliks sizze dat er fassist wie. McDiarmid die it noch folle mâlder, hy waard lid fan in kommunistyske partij en dêr waard er útspuid omdat er te nasjonalistysk wie, want it kommunisme moast ommers de hiele wrâld feroverje. Hy is mei-oprjochter fan de Skotsk-nasjonalistyske partij, mar dêr waard wer sein dat er te kommunistysk wie en te bot foar de arbeiders opkaam. It is wat te maklik om te sizzen dat it fassisten wiene, al hawwe se stik foar stik har wol út en troch posityf útlitten oer aspekten fan it Dútske rezjym. Just omdat it harren gong om in oare wrâldoarder wie dat ek wat ynherint oan har kar. Nei de oarloch waard der benammen yn it earstoan in swart-wyt byld delset fan goed en fout en waarden minsken as Kalma sjoen as pro-Dútsk, wylst hy sels altyd sizze soe dat er pro-Frysk wie. Wat Roparz Hemon dien hat, hat ta grutte skea laat fan de Bretonske beweging nei de oarloch. Yn Fryslân wie dy skea nei de oarloch, feroarsake troch de hâlding fan in part fan de Fryske beweging, minder grut om’t der ek in flink part fan dy beweging yn de oarloch krekt anti-Dútsk wie. Yn Bretanje hat it lykwols noch wol jierren en jierren duorre foardat de Bretonske beweging wer in bytsje út de hoeke fan fout en fassistysk kaam. Ik soe lykwols net fuort sokke etiketten plakke wolle.’
Douwe Kalma wie homoseksueel, mar hy hie in bysûndere relaasje mei skriuwster Simke Kloosterman.
‘Simke Kloosterman wie folle âlder as Douwe Kalma, se skeelden tweintich jier. Sy wie in frijfochten en selsstannige frou dy’t autonoom skreau en foar harsels besleat wat se wol en net útjaan woe. Dat koe se dwaan omdat se jild hie. Ik tink dat dat in aspekt wie dat him bot oanspruts yn har. Douwe Kalma en Simke Kloosterman ha in skoftlang briefke en ik tink dat sy dat earst as in mooglike relaasje seagen. Yn 1918 hawwe se har offisjeel ferloofd, mar dat rekke nei in healjier wer út. Ik wit net wannear’t krekt by Douwe Kalma dúdlik wie dat er op manlju foel, miskien wie dat yn it earstoan noch net sa doe’t er dy relaasje oangie mei Simke Kloosterman, mar geandewei dy relaasje waard dat wol hieltyd dúdliker. Soest it mear oantsjutte kinne as in soart platoanyske relaasje omdat se it op in soad fronten wat it Frysk en de literatuer oangiet it wol meiïnoar lykfine koene.’
Do hast in lûdopname fan Simke Kloosterman fûn. Hoe bist dy op it spoar kaam?
‘Ik frege my op in bepaald stuit ôf oft Douwe Kalma nei it Friesenkongress yn Jever west hie. Ik ha wat ferslaggen dêrfan lêzen en kaam derachter dat Douwe Kalma dêr sels net hinne west hie, mar Simke Kloosterman wol. By dat Friesenkongress yn Jever wie in Dútske fonetikus, Otto Bremer, dy’t plate-opnamen makke fan it Frysk fan de ferskillende minsken. Ik typte dy namme fan Bremer en lûdopname yn op Google en doe kaam ik by de universiteit fan Halle út en seach ik dat dêr dy lûdopnamen noch bewarre waarden. Ik ha kontakt socht mei de man dy’t dat beheart. Dizze simmer mocht ik in skoftke yn de Skriuwersarke op de Feanhoop útfanhûzje. It buro fan Douwe Kalma is dit jier nei de Skriuwersarke ta gien. Ik siet achter dat buro fan Douwe Kalma, doe’t ik de mail iepen die en it berjochtsje út Dútslân ynkaam mei de lûdopname fan Simke Kloosterman. Dat fûn ik wol hiel bysûnder: it beharkjen fan Simke har stim, wylst ik yn de arke fan Rink van der Velde efter it buro fan Douwe Kalma siet. Krekt as moast it sa wêze. De opname is fan minne kwaliteit en ik haw it idee dat it lûd fersneld opnommen is. Simke Kloosterman hat sa’n freeslik skelle stim, dat die hielendal ôfbrek oan myn byld fan har as moaie steatige frou.’
Harkje hjir nei de lûdopname fan de stim fan Simke Kloosterman.
Wat seine Douwe Kalma syn tsjinstanners?
‘Yn dy tiid wiene in protte minsken foar streekkultueren. De Friezen ha prachtige wurden foar deistige begripen en foar it wurk dat mei har kultuer te krijen hat, bygelyks oangeande buorkerij. Moast dat lykwols fierder gean en moast dêr in kultuertaal fan makke wurde? En polityk sjoen, moasten Friezen mear rjochten ha, ja of nee? En hoe fier moast dat dan gean? Ein 19e ieu, begjin 20e ieu wie de dichter J.B. Schepers hiel bot foarstanner fan ‘de Nederlandse gedachte’. Yn Nederlân wiene ferskillende talen en Schepers rekkene dêr foar it gemak ek noch it Afrikaansk by. Sa koest it Frysk ek as in Nederlânske taal sjen. Mar dat stânpunt fersmiet Kalma hielendal. Hy wiisde derop dat it Frysk ek yn Dútslân praat wurdt. Douwe Kalma woe út op in kultuertaal en fûn dat yn de ûntwikkele media romte wêze moast foar it Frysk. Dat gong Schepers fierste fier, hy koe him net foarstelle dat by in rjochtbank Frysk praat wurde moast. Jan Jelles Hof fûn it Frysk ek in moaie streektaal, lykas oare streektalen yn Nederlân mei dialektyske fariaasje. Douwe Kalma wie hielendal net sa foar dy dialektyske fariaasje yn de skriuwtaal, want hy woe ta op ien standert. Hy wie suver lilk op Simke Kloosterman as sy Wâldfrysk brûkte, omdat dat net de standert wie. Kalma fûn dat it doel heger lizze moast.’
Douwe Kalma hat it tydskrift Frisia oprjochte.
‘Ja, dat is ek in wichtige struktuer dêr’t er op ta woe. Hy woe net dat der allinnich mar blêden wiene as Sljucht en Rjucht en It Heitelân dy’t kultuer yn it algemien fuortsterken, mar hy woe in letterkundich tydskrift. It wie dreech om dat foarinoar te krijen, omdat de animo doe net sa grut wie en it moast wol bekostige wurde. In pear jiergongen fan Frisia binne algemien kultureel, mar de measte binne suver literêr. Eins wie it ien fan de earste literêre tydskriften yn it Frysk. Hy hat der foar it omkaft ek Johan Dijkstra, de letter bekende skilder fan De Ploeg út Grins, by belutsen. It draaide om de keunstsinnigens, om de hege kultuer. Om’t Douwe Kalma wol bot baasspylje woe en oaren har bekomst dêr wol ris fan krigen, waard ein jierren tweintich in nij literêr tydskrift it ljocht jûn. Fan 1926 oant 1929 joegen Jelle Brouwer en Rintsje Sybesma De Holder út, in konkurrearjend tydskrift. Frisia hat fan 1917 oant 1936 bestien.’
Kalma hat in protte skreaun: toanielstikken, gedichten, sonnetten, proaza, essees, stúdzjes en oersettings.
‘Kalma fûn dat der sa heechweardich mooglike literatuer yn it Frysk makke wurde moast. Sonnetten en epyske gedichten en toanielstikken mei alluere lykas de keningsdrama’s hearden dêrta. Troch it oersetten út de wrâldliteratuer, waard it saneamde literêre kapitaal yn it literêre fjild dat Kalma kreëarje woe, allinnich mar grutter. Kalma sette alles fan Shakespeare oer yn it Frysk. De taalstriders yn de oare gebieten setten ek wrâldliteratuer oer yn har eigen taal om har fjild te fersterkjen. De literêre ynfrastruktuer moast opset wurde en se moasten soargje dat útjouwers belangstelling krigen, oars joegen se it wurk sels út. Wat dat oangiet, kinne je net oars as in soad bewûndering ha foar alles dat dizze minsken yn dy koarte tiid neist har wurk dien krigen.’