Josse de Haan hellet út yn tankwurd Gysbert

logo.ensafh

(Farsk, 25 oktober 2007) Yn ’e Broeretsjerke yn Boalsert krige Josse de Haan fannemiddei de Gysbert Japixcpriis útrikt fan Deputearre Jannewietske de Vries (Taal en Kultuer). Yn har taspraak neamde sy Josse de Haan ‘in wrâldfries’ en ‘in ynspirator foar de Fryske taal en ek foar meartalichheid.’

Yn syn tankwurd helle de Haan iroanysk, mar stevich út nei syn kritisi:

As jo in fjirtich jier meirinne yn it literatuerbedriuw dan hawwe jo net allinne in tsjûke hûd krigen mar ek dûbele glêzen op ’e noas — oars hâlde jo it net út.

Yn de roman Elja ha ik nei myn ûnderfiningen mei de provinsjale bestseller As de kâlde wolkenwyn jo troch de ieren giselet in reaksje opnommen dy’t uteraard net lêzen is (want men sliept al op de titelpagina, sjoch Farsk), of (men hat gjin trochsettingsfermogen, lês de LC). Dêr stiet yn Elja op side 127: “Lytsboargers ferfalskje de ynhâld fan romans, besykje skriuwers út de skiednis te skrassen. Se wolle romanpersoanen feroardielje ta de dea, mar dy bliuwe — by definysje — ivich libben”. It giet oer Lady Chatterley en Madame Bovary, oer de skriuwers D.H. Lawrence en Gustave Flaubert dy’t de fatsoensrakkers ophingje woene.

Pieter de Groot freget him ôf yn syn Dwers fan 14 septimber oft de Gysbert foar Josse in subtile wraak óp Jabik is. Earder hie Bilker al skreaun op Farsk oer De wraak fán Jabik Veenbaas. It is wier, Holleeder en konsorten binne hjirmei fergelike lytse jonges. De literatuermaffia bepaalt de gong fan saken. It Skriuwersboun soe dêrom in libbensfersekering foar skriuwers ôfslute moatte, ek persoanlike befeiligers oanstelle.

Ta beslút die de Haan ek in oprop oan de de Deputearre fan Kultuer. Hy wol har yn oerwaging jaan,

in nije strategy te kiezen foar de promoasje fan de Fryske Literatuer, foaral dat fan proaza – yn binnen- en bûtenlân.

Hy ferfolget dan:

Skep in nij belied oangeande de oersettings fan moderne talen fan Europa (ynklusyf it Nederlânsk), analooch oan it Nederlânsk produksjefûns. In buro mei jonge en enûsjaste minsken dy’t fan literatuer en skriuwers hâlde kin ferbiningen lizze mei útjouwers yn it bûtenlân. sa’n buro kin oer de nostalzjy en de myte hinne springen en de literêre befoarderingspoat fan Tresoar ferfange. Yn Fryslân bliuwe de kroaden wol riden, Europa kin neat mei dy metafoar, Europa wol proefoersettings fan modern Frysk proaza. De jongere generaasjes skriuwers en lêzers hawwe nije ferfiermiddels nedich.

De folsleine foardrachten fan de Deputearre en Josse de Haan komme moarn op Farsk, mei noch folle mear oer dizze Gysbertwinner. (Farsk 102 oer de Gysbert: 26 oktober om 18.00 oere.)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *