
Feuilleton
29
Se rieden de oare moarns earst nei Wimereux om it grêf fan John McCrae te besjen. It die bliken dat achteroan op it tsjerkhôf in Gemene Best-seksje wie. Dêr lei er. Sa as alle oare grêven hie er in lizzende stien. Seleina murk dat op en Alexander tocht dat it wie om ’e sânige grûn. Wimereux lei op ’e dunerige. It tsjerkhôf rûn skean ôf. Op ’e stien stie ‘Lieutenant Colonel / J. McCrae / Cap. Army Medical Corps / 28th january 1918.’ Boppe de tekst wie in krús beitele en derûnder yn in medaljon yn basreliëf in esdoarnblêd, it symboal yn de Kanadeeske flagge.
Seleina har telefoan gong. It wie Pascal Rivière. Hy skille har oer de levering fan wapens en lânminen oan de Pakistaanske wapenhanneler Pervez Bilour. By de hannel mei Parvez wie Pascal Rivière hast altyd de tuskenpersoan. Se hie Pervez Bilour ien kear troffen yn Islamabad. Pascal Rivière wenne yn Rouen, dêr’t se ferskate kearen by him west hie. De kear dêr’t se altyd oan tocht as er skille, wie doe’t er har meinommen hie by de wynkastielen fan de Medoc lâns. Se wiene doe hielendal trochriden nei Point de Grave, de noardlikste punt oan de súdkant fan de mûning fan ’e Gironde. Dêr hiene se op it hege dún stien mei útsjoch oer de mûning en op de stêd Royan oan ’e oare kant. Dêr wiene se mei de fearboat hinne fearn, hoewol’t Pascal Rivière sein hie, dat der fan de âlde baaiplakgrandeur amper wat oerbleaun wie en de stêd no in modern oansjen hie. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie it foar twatredde bombardearre troch de alliearden om’t de Dútsers harren troepen dêr byinoarbrocht hiene. Mar de oertocht mei de fearboat joech foar Seleina de trochslach. It oerstekken fan in brede riviermûning fûn se altyd in attraksje. Se hiene der hearlik op in terras sitten oan de haven. Se wiene dêrnei weromgongen en nei Soulac- sur-Mer riden, dêr’t se sliept hiene. Seleina tocht mei in soad wille werom oan de nachten mei Pascal. De oare deis wiene se wer by wynkastielen lâns reizge werom nei Bordeaux. Ja, dat hie moai west.
‘Sille wy inoar wer ris treffe?’ sei Pascal oan ’e ein fan it petear.
‘Fêst wol,’ sei se.
Hy frege wêr’t se op it stuit wie. Se sei it.
‘Do kinst my fan alles wiismeitsje,’ sei er, ‘ik kin my foarstelle datst yn Australië bist of sa, mar net yn in gat as Audresselles.’
‘Ik bin yn Kinshasa,’ sei se.
‘Dat leau ik earder en datst dêr sels mei in gewear omrinst.’
‘No ha wy wol genôch sein,’ sei se, ‘hearst aanst wer fan my.’
Werom yn it hotel wie Seleina earst twa oeren dwaande om de transaksje ta stân te bringen en it ferfier te regeljen. Doe gongen se nei it strân en joegen se har del tsjin ’e hege muorre.
‘Ik wol dy no alles fertelle oer myn moard,’ sei se en krige syn hân, ‘de wurden ferwaaie fuort wer, dêrom kin it no.’
‘Ferwaaie? Miskien waaie se wol earne hinne dêr’t se opfongen wurde.’
‘Krekt as de wurden op Boeddhistyske gebedsflaggen.’
‘Dêr wit ik neat fan.’
‘Op sokke flaggen stean Boeddhistyske teksten dy’t troch de wyn oer de wrâld ferspraat wurde.’
‘In nuvere assosjaasje,’ sei Alexander.
‘Hast gelyk. Mar witst wat Catrinus no sizze soe.’
‘Dy begûn in molleferhaal,’ sei Alexander.
‘Ja, en dat doch ik no earst ek. It is as sil ik út myn molleburcht foar it ljocht komme as Jan, Klaas, Ulbe en Sytse en Janke, Wytske, Tryntsje en Minke en alle oare mollen yn de peartiid út dy fan har. No ja, minsken ha gjin peartiid en ik sykje no ek net om in partner, mar dochs, it is wol krekt as bin ik dwaande om út in isolemint te brekken. Ik praat der mar wat hinne, leau ik.’
Dat makket net út,’ sei Alexander, ‘bliuw mar kalm, der is mar ien dy’t dy heart. En meitsje dy net drok om dyn obsesje.’
‘Obsesje?’
‘Dy foar mollen.’
‘Hast gelyk. Miskien wol ik earst wol datst my neukst.’
Alexander stuts de hân tusken har skonken.
‘Sa is it ek goed,’ sei se, ‘Jan hie syn burcht ûnder it túnhûs fan de famylje Gerlsma.’
‘Syn burcht?’
‘Syn wenkeamer of nêst, dêr’t er tahâldt as er net in gong oan it graven of op jacht is. Foar syn burcht siket in mol in feilich en droech plak en dêrwei liede de djippe gongen nei syn jeigebiet. Mar goed, Jan hie him foliten en sette ôf. Hy soe miskien wol seis wike weibliuwe of syn territoarium net weromfine. Op syk nei in wyfke liet Jan syn territoarium achter him. Earst rûn er troch in gong dy’t nei it stek en de beamwâl rûn tusken de tún fan de famylje Gerlsma en it stik lân fan boer Vellinga. De gong rûn troch ûnder de beamwâl en oan ’e kant fan it lân by de beamwâl lâns. Hy naam doe in djippe gong ûnder it stik lân. Oan ’e ein fan it stik lân kaam er nei boppen, swom dêr it sleatsje oer nei it folgjende stik lân dat ek ta syn territoarium hearde. Dêr naam er ek in djippe gong en oan ’e ein dêrfan wiene der trije barriêres – in breed wetter, in dyk en in sleat – en dy naam er sûnder mankearjen. Doe siet it him lykwols tsjin. De leafdesgong dy’t er dêr begûn te graven krúste dy fan Ulbe en doe wie it mis. De mantsjes rekken yn gefjocht en Jan krige dêrby safolle klappen en biten dat er it libben derby ferlear.’
‘Dat is it ferhaal?’ sei Alexander.
‘Ja, Catrinus fertelt my meast ek ferhalen mei in ferskriklike ôfrin. Dit ferhaal hie fansels ek sa gean kinnen, dat Jan Wytse net tsjin ’t liif rûn en yn ’e rin fan syn reis fjouwer wyfkes befruchte. En dat er dêrnei noch wol gefaarlike mominten belibbe, mar bygelyks krekt net ûnder in auto rekke en by einsluten feilich yn syn burcht weromkaam.’
‘Wêrom hast it ferhaal dan net sa makke?’
‘Dat wol net. En it is eins gewoan in ferhaal dat Catrinus my sa ûngefear ferteld hat. Ik kin sels net echt wat betinke.’
‘In goeie ôfrin past ek net by dy.’
‘Dat seit Catrinus ek, en dêr hat er fansels gelyk oan. Mar hy wit neat fan my.’
‘Neffens my daget er dy út mei syn ferhalen. Hy wol fansels alles oer dy te witten komme.’
‘Mar tsjin dy lit ik my wol gean. Ik wol it dy allegear wer fertelle.’
Alexander fûn it bêst.
‘Wa wit wêr’t it goed foar is,’ sei er.
‘Doe’t myn nichtsje ferteld hie, dat se misbrûkt waard, ha ik de hân net om har hinne slein. Letter kaam my dat yn ’t sin en doe begriep ik mysels net rjocht. Ynstee fan har oan te heljen waard ik fuort poerrazend en naam ik ek daliks it beslút om wat te dwaan. “Moatst it oan jim heit en mem fertelle en dan moat it oanjûn wurde,” sei ik. Mar dat woe se net. Dy man wie in freon fan har heit. Myn nichtsje ferwachte dat se twongen wurde soe om te swijen en dat dêroerhinne troch har heit en mem sein wurde soe, dat se net begriepen dat se mei sa’n ferhaal oankomme koe. Dat befredige my hielendal net en ûnder it jûnsiten hie ik myn plan klear. Nei it iten gong ik faak even nei de see en dat soe ik no ek dwaan, mar mei it doel om oan ’e seekant de dyk del te rinnen oan ’e ein fan it doarp ta en dan nei it hûs fan de man ta te rinnen. Ik hie der earder wol ris mei myn nichtsje west en wist dêrom hoe’t it dêr wie. Achterom troch it hok kaamst yn ’e keuken. Dat die ik – myn nichtsje rûn ek altyd sa nei binnen ta – en ik krige mei om ’e hân in oanrjochtdoekje dat der lei it breames út it keukenslaad. Ik bûn it oanrjochtdoekje om it heft hinne fêst, stoppe it mes fan achteren by myn rok yn en stapte doe nei in klop op ’e doar de keamer yn. Ik wie hiel rêstich en de man toande him ferrast dat er my seach. “Do,” sei er, “wêr is Rinske?” “Thús. Ik woe wer ris by jo sjen,” sei ik. It wie oan syn gesicht te sjen dat er him fuort wat yn ’e holle helle. Wy praten wat, wylst ik sa rêstich mooglik besocht te bliuwen en op ’t lêst sei er: “Ja, ja. Kom hjir ris fanke. Ik mei dy graach.” Doe rûn ik nei him ta, helle it mes foar it ljocht en stuts fuort inkele kearen ta op it plak dêr’t syn hert sitte moast. Hy seach my mei kjelle eagen oan, mar wie eins fuort út ’e tiid. Neffens my wie er daliks dea. By de lêste stek liet ik it mes yn him sitte. Der kaam bloed troch syn klean hinne. Ik helle it oanrjochtdoekje foarsichtich fan it heft ôf en ha it nei’t ik it ôfspield hie wer op it oanrjocht lein. Unfoarstelber, hin.’
Se seach foar har út.
‘En doe?’ sei Alexander.
‘Ik tink dat it it bêste is dat wy moarn opbrekke. Do bliuwst dan yn Parys en ik gean werom nei Amsterdam. Dan komsto dêr letter ek. Ik wol mei Catrinus prate en mei myn neef. En ik ha wat oare dingen te dwaan.’
‘Tsjin beide wolst iepen kaart spylje?’
‘Ik tink it.’
‘De mol komt nei boppen,’ sei Alexander.
‘Meitsje der gjin grap fan,’ sei se.
Alexander lake.
Se gongen it doarp yn, seagen yn alle strjitsjes. De wite huzen en de blauwe blinen fûnen se in aardichheid.
‘Dat koele blau past sa goed by de see,’ sei Seleina.
Alexander krûpte har even oan.
‘Kin ik der wis fan wêze dat ik yn Parys feilich bin?’
‘Ja,’ sei se, ‘mar hûndert prosint wis bist nea.’
De oare deis wiene se healwei de middei werom yn Parys. Seleina regele mei Louis Dormoy dat Alexander yn ’e gaten hâlden wurde soe. Se ieten de jûns yn ’e stêd en gongen dêrnei nei in nachtklup ta.
‘Om my fermakkest dy hjir aanst alle nachten, datst hjir bist,’ sei Seleina tsjin him.
‘Ik tink net dat it ferstannich is,’ sei er.
‘In kwestje fan paranoïde.’
‘Dan ha ik dat sûnt ik mei dy meigongen bin. En it is gjin wûnder. Do hast mear greep op ’e situaasje as ik. Ik taast yn it tsjuster.’
‘Jou dy der oan oer.’
‘Net oan myn paranoia, hoopje ik.’
‘Nee, oan hoe’t ik it betocht ha.’
Alexander krige Seleina stiif by de earm.
‘Sa hast my ’e greep,’ sei er.
De oare moarns swaaide Alexander har by it hotel út doe’t se yn ’e taksy ôfsette nei it fleanfjild.
Op Skiphol skille se daliks mei Catrinus.
‘Ast tiid hast kom ik nei dy ta,’ sei se.
‘Ik ha tiid.’
Fuort doe’t er har binnenlitten hie kroep se tsjin him oan.
‘Moatst my op ’e skoat nimme,’ sei se.
Dat die er.
‘Fertel,’ sei er, ‘o, nee, do fertelst ommers nea wat.’
Seleina lei him de finger op ’e mûle en doe sieten se wol in kertier sûnder wat te sizzen.
‘Wolst tee, kofje of wat oars?’ sei Catrinus.
‘Dat gong my net yn ’e holle om.’
‘My ek net. Mar ik socht om wat ôflieding.’
Seleina sprong fan syn skoat en gong foar him oer sitten.
‘Set earst mar kofje,’ sei se.
Se seach nei Catrinus wylst er dwaande wie en die doe de eagen ticht. Doe’t se de deis nei de moard wer yn Ljouwert wie hie se him opsocht en by de brêge oan ’e ein fan it Fliet tsjin it stek oan stien en nei it wetter sjoen en de kant fan de kazerne út. ‘Moai datst der wer bist,’ hie er sein. En doe hie se sein, dat se ek bliid wie.
‘Ik rûk it wetter fan de Eastergrêft noch,’ sei se.
‘Dat is lang lyn,’ sei er.
‘Ik ha doe neat tsjin dy sein,’ sei se.
‘Ik wit net wer’tst oer hast.’
‘Skink de kofje earst mar yn.’
Doe’t Catrinus wer foar har oer siet, sei se: ‘Meitsje dy mar klear.’
En doe die se him it hiele ferhaal.
Catrinus seach nei har wylst er besocht om rêstich te bliuwen, him yn te hâlden en te betinken wat er aanst as se klear wie as earste tsjin har sizze soe.
Ynienen sei er: ‘Ferdomme, Seleina, ik bin bliid dat ik dit net earder witten ha. Mar ik bin bliid dat ik it no wit.’
Doe’t se klear wie sei er: ‘De kofje is kâld wurden. Sil ik nije sette?’
‘Nee, jou mar in glês wetter.’
‘Wetter út ’e Eastergrêft,’ sei er, doe’t er it glês foar har delsette.
Seleina glimke.
‘En no?’ sei er.
‘Ik wol it der mei dy oer ha. Ik wol mei myn neef prate.’
‘Ik praat en ha seks mei ien dy’t ik net ken. Do bist it no kwyt, dat miskien is it it bêste dat ik it by wize fan sprekken fuort wer ferjit. Docht it der foar dy noch wat ta?’
‘Hoe bedoelst?’
‘Bist ynienen in masogist wurden? Dat bedoel ik eins. Wat hast der oan om der no noch mei dyn neef oer te begjinnen?’
‘Witst wat him hieltyd mear opponearret by my, alteast as ik yn ’e rêst kom?’
‘No?’
‘Ik wurd troch dy moard achterfolge.’
‘Do hast dysels allinne mar te pakken. En dyn neef ek ast der tsjin him oer begjinst. Om’tst my noait wat oer dysels fertelst wit ik eins net wa’tst bist, hoe’tsto bist? Ik ha eins it idee datst spikerhurd bist.’
‘Dat bin ik ek.’
‘No dan?’
‘En dochs wol ik mei myn neef prate.’
‘As it safier komt moatst him prate litte,’ sei Catrinus.
Seleina seach him oan. Se krige syn hannen fêst en begûn se te aaien.
‘As ik dy net hie,’ sei se.
‘Blicke mir nicht in die Lieder,’ sei Catrinus.
‘Ik wit hoe’tst oer my tinkst. Mar der is no wat feroare, dochs?’
‘Ik ha frede mei dy,’ sei er, ‘dat witst. Foar dysels is it it bêste datst spikerhurd bliuwst.’
‘Hoesa?’
‘Ast dyn libben bleat leist ferneatigest it.’
‘Jildt dat ek foar dy?’
‘Foar elkenien.’
Catrinus kaam oerein, rûn nei de planken mei cd’s ta en kaam werom mei in tekstboekje.
‘Ik wol dy dat hiele Rückert-liet fan Mahler even foarlêze.’
‘Toe mar.’
‘“Blicke mir nicht in die Lieder!
Meine Augen schlag’ ich nieder,
Wie ertappt auf böser Tat.
Selber darf ich nicht getrauen,
Ihrem Wachsen zuzuschauen.
Deine Neugier ist Verrat!
Bienen, wenn sie Zellen bauen,
Lassen auch nicht zu sich schauen,
Schauen selbst auch nicht zu.
Wenn die reichen Honigwaben
Sie zu Tag gefördert haben,
Dann vor allen nasche du!”’
Seleina seach him in bytsje spotsk oan en sei doe: ‘Kinsto no noch fan my snobje?’
‘Ja,’ sei Catrinus, ‘sa sinysk is in minske, want hy wol hoe dan ek fan skientme genietsje.’
(wurdt fuortset)