Josse de Haan

Tankwurd Josse de Haan foar Gysbert 2007

logo.ensafh

Utsprutsen yn de Broeretsjerke fan Boalsert by ûnfangst fan de Gysbert Japicxpriis 2007

Boalsert/Hendaye, 25 oktober 2007

Maite Maitea, Achte Deputearre, Achte Boargemaster, bêste Famylje, freonen en goekunde- ik bin bliid dat jim der binne.

As it oer de Fryske letteren giet moatte jo net alles wat der sein en skreaun wurdt leauwe- fiksje en netfiksje rinne gauris troch inoar. Doe’t Deputearre Frou Jannewietske de Vries my op 11 septimber skille wie myn earste reaksje dan ek: ‘ja in moai ferhaal, mar ik ken jo net, elk kin wol skilje; is it echt wier?'( ik wie yn ’69 ek ris skille dat wy as Operaesje Fers de priis krigen hiene, mar doe hâlden letter DS dat tsjin ).
Frou De Vries begûn te laitsjen- se werkende faaks dat se te krijen hie mei (ik sitearje Pieter de Groot yn de LC ):

‘in avantgardist, in surrealist en in hearlike dwersbongel dy’t in folslein eigen plak ynnimmt yn de Fryske literatuer, en à priori it establishmint net fertrout’.

Mar alle gekheid op in stokje, se oerstjûge my. Doe’t letter in hele aardige ambtner my skille – ek in frou – seach ik it belang fan de priis helendal. Ik murk de frisse reade wyn op it Provinsjehûs en op it Steatejacht dêr’t de hear H. Mous nei in pear flessen drank al oer skreaun hie.

As jo in fjirtich jier meirinne yn it literatuerbedriuw dan hawwe jo net allinne in tsjûke hûd krigen mar ek dûbele glêzen op’e noas- oars hâlde jo it net út. Yn de roman Elja haw ik nei myn ûnderfiningen mei de provinsjale bestseller ‘ As de kâlde wolkenwyn jo troch de ieren giselet ‘ in reaksje opnommen dy’t úteraard net lêzen is ( want men sliept al op de titelpagina, sjoch Farsk), of ( men hat gjin trochsettingsfermogen, lês de LC ). Dêr stiet yn Elja op side 127:

‘Lytsboargers ferfalskje de ynhâld fan romans, besykje skriuwers út de skiednis te skrassen. Se wolle romanpersoanen feroardielje ta de dea, mar dy bliuwe- by definysje- ivich libjen’.

It giet oer Lady Chatterley en Madame Bovary, oer de skriuwers D.H. Lawrence en Gustave Flaubert dy’t de fatsoensrakkers ophingje woene. Pieter de Groot freget him ôf yn syn Dwers fan 14 septimbe oft de Gysbert foar Josse in subtile wraak óp Jabik is. Earder hie Bilker al skreaun op Farsk oer De wraak fán Jabik Veenbaas. It is wier, Holleeder en konsorten binne hjirmei fergelike lytse jonges. De literatuermaffia bepaalt de gong fan saken. It Skriuwersboun soe dêrom in libbensfersekering foar skriuwers ôfslute moatte, ek persoanlike befeiligers oanstelle.
Dêrom:

Ik haw grut respekt foar de sjuery dy’t it oandoarde en bekroan in skriuwer oer wa’t nei PIKSJITTEN OP SNYP skreaun waard troch de literêre nomen klatoera, dat:

1. hy in miselearre Grass is;
2. op de bokser Mike Tyson liket;
3. de boarstfearren fan de elite opset hat;
4. noait in kwartsje wurde sil;
5. gjin technyk hat;
6. gearspanningsteoryen opbout;
7. noch mei in walm fan petroalje om him hinne rint.

Under tafersjoch soms ek fan de Provinsjale Oerheid wurde de skriuwer en syn wurk delmeand, wylst de kritisy yn it westen entûsjast binne oer de oersetting fan it boek – KIKKERJAREN. Oer de skriuwer sels prate se net, se ha it allinne oer ‘de wrâld yn wurden’.

Dy ‘wrâld yn wurden’ giet, lykas heel wat literatuer, soms oer de jeugd fan in skriuwer, dêr’t it komôf in wichtige rol spylje kin.
It giet ek gauris oer identiteit, dêr’t soms skriuwers yn diskusje geane mei de haadpersoan dy’t se skepen hawwe, of mei harsels oer it boek dat se skriuwe. yn myn gefal is dat bard yn Piksjitten op Snyp, yn Feuilles Mortes en yn Elja De skepping fan Gummykut- in film. Mar ek yn Nanette, de VanGoghroman, komt dat sykjen nei identiteit nei foaren. Yn myn Baskyske Brieven op Farsk haw ik oer it ûnderwerp ‘komôf’ skreaun- oer de roman Het Verzet fan Harmen Wind, en oer de roman La Place fan Annie Ernaux. Beide skriuwe mei passy. Ernaux hat sels yn 1991 in roman publisearre mei de titel Passion Simple. En wie de GJ-priis dit jier neffens in útjouwer net foaral foar de passy? Oan dy Frânske skriuwster fiel ik my wol wat besibbe.
De Frânske skriuwster Annie Ernaux beskriuwt yn har romans de striid fan in arbeidersfamke ( frou ) dat ( dy’t ) út har achtergrûn groeit meidat se op in stuit as dosinte oan in middelskoalle en letter oan de universiteit yn de wrâld fan de boergeoisy telâne komt, dêr’t se har net rjocht thús fielt. De eigen ûnderfining fan Ernaux rint in part parallel oan de literêre wurklikheid, mar sij giet as skriuwster fierder as dy platte ( biografyske ) realiteit.

Se seit: ‘Ik wol net allinne mar de wurklikheid beskriuwe yn har uterlike ferskining, mar yn har hele funksjonearjen. Im wol trochkringe yn it hoe en wêrom fan de wrâld dy’t om ús hinne leit en dêr’t wy midden yn sitte'( ynterviews Le Monde, Libération).
Soks fynt in kritikus fan de Nouvel Observateur nonsens, want hy tinkt dat in skriuwer de realiteit neagearje moat, want werskeppe. Dy kritikus kreaket systematysk har boeken. Hy fynt dy boeken om fan te ‘walgjen’. Mar hy seit út soarte net dat Ernaux de haadpersoan yn har boeken is, sa’t Trotwaer yn novimber 2000 en oaren oer my bewearden. Yn Frankryk wit de krityk dat literatuer ‘in wrâld yn wurden is’.
Ernaux hat prachtich skreaun oer it gefoel fan ferfrjemding en ûtwoarteling dat har hele libben in betiizjend selskip wêze sil, in boarne foar har skriuwen, meidat se La Place fan har âldelju ferlitte moast, de tún dêr’t se mei har mem boarte. Albert Camus hat der yn syn lêste postúm publisearre roman Le premier homme ek oer skreaun.

As lêste wol ik jim in gedicht fan mysels foarlêze dat te krijen hat mei in fragmint, in brief, yn Feuilles Mortes, myn roman dêr’t in Fryske dichteresse-kritika in nacht net fan sliepe koe, en in oare kritikus it hie oer ‘kontrofersjele seksuele barrens’. As libben wy noch yn de 50-er jierren. It giet oer ien fan de 3 Anna’s, oer in mem en in jonkje. Oer in jeugd, sis mar. It gedicht is publisearre yn it boek Gjin grinzen, de reis, in trijetalige bekroande útjefte fan Cepher yn 2004. Sa’t har roman La Place foar Annie Ernaux heel wichtich is, sa is Feuilles Mortes foar my tige belangryk. It gedicht hyt:

Swalkje yn dyn tún

doe’t ik lyts wie haw ik dy de ferhalen ferteld út myn boeken:
it swalkjen fan Gulliver, fan de Lytse Prins, en fan Robinson C
mar foaral dat fan de ridder Don Quichot en de dikke Sancho P
dy’t har yn de ûneindige lutsen en rûnten hin en wer beweegden
troch de lege fjilden fan La Mancha mei in mole soms wat skiep
asto my yn dyn rûntsjes ommealdest en se yn de tún útsettest.

woes achter de bergen sjen, fierder, hast faker as ienkear sein
wenje, belibje en genietsje lykas al dy minsken yn myn stoarjes
want dêre kuieren se troch de hoarizon en fier achter de sinne
dy wrâld moast moaier wêze as al de paadsjes yn dyn appelhôf
se namen de fyts in sylboat in stoomtrein dy’t de reinbôge socht
fieldesty de haadfiguer as ik dy stadich los liet yn de lêste strofe.

yn dyn flamingorôk woest dûnsje tusken it gûnzjen fan it reid
yn it súden fan dyn hiem mei de pioenen en de houten tulpen
mei de simmerhoed en dyn koarte kakybroekje keardesto it tij
troandest my nei dyn wetterfal yn jim heites houten waskmesjine
troch in labyrint fan bambûstokken dat dyn boartersstek útmakke
hearst it wetter streamen fregest, mar ik koe net yn dyn holle sjen.

in inkelde kear mei in moaie dei flijdesty tsjin in oper farsk hea
in lytse walhalla dêr’t paden en lju elkoar krústen yn dyn nâle
ik moast op dyn bleate rêch de bergen tekenje mei myn finger
lytse doarpkes, de dellingen, skiep, de hynders en de klimmers
do gibelest as ik op dyn billen de Mont Blanc en Noir oanwiisde
dan liest my de rivieren sjen oan de binnenkant fan dyn skonken.

yn dy lustoarden fan geniet ha wy de wûnderlikste reizen makke
oant twiljocht de wurden wiske en de langsten in nachtbêd fûnen.

Ik tankje de sjuery foar de nijsgjirrige wurden oer myn wurk. Ik wol ek graach Deputearre Steaten tankje foar de takenning fan de priis, foaral ek foar de aardige wurden dy’t Frou De Vries krekt útsprutsen hat.

As lêste soe ik graach de Deputearre fan Kultuer yn oerwaging jaan wolle in nije stratezjy te kiezen foar de promoasje fan de Fryske Literatuer, foaral dat fan it proaza- yn binnen- en bûtenlân.

Skep in nij belied oangeande oersettings yn de moderne talen fan Europa ( ynklusyf it Nederlânsk ), analooch oan it Nederlânsk Produksjefûns. In buro mei jonge en entûsjaste minsken dy’t fan literatuer en skriuwers hâlde kin ferbiningen lizze mei útjouwers yn it bûtenlân. Sa’n buro kin oer de nostalzjy en de myte hinne springe, en de literêre befoarderingspoat fan Tresoar ferfange. Yn Fryslân bliuwe de kroaden wol riden, Europa kin neat mei dy metafoar, Europa wol proefoersettings fan modern Frysk proaza. De jongere generaasjes skriuwers en lêzers hawwe nije ferfiermiddels nedich.

Tige tank foar jim oandacht, Josse

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *