Geart Tigchelaar

Slikje oer in rau steed

logo.ensafh

De dichter Elmar Kuiper komt nei granytglimkes (2011) – dêr’t okkerdeis in twadde printinge fan ferskynd is – mei in netsjes fersoarge nije bondel, hiemsiik. De bordeaux-reade kleur fan it omkaft lit jin oan in psalmboekje tinke. It binnenwurk is ienfâldich en hat in kreaze opmaak en in moai lettertype. Bloedreade siden dy’t in nij skift oanjouwe en trije tekenings fan Sjoukje Idema dêr’t Kuiper de gedichten apart foar skreaun hat, sa lei er út op ’e presintaasje.

Syn earder wurk oereidzjend kin der maklik sein wurde dat Kuiper in man fan klank en ritme is. Dêrby jout er bylden, bylden dêr’t de lêzer net altiten ien, twa, trije in knoop oan fêstknope kin. Wy sjogge in soad bisten delkommen en de dichter lit ús troch har eagen de wrâld yn sjen.

Seit de rasjonele wolf:
ik beänderje de wyn, warskôgje
myn nachtproai mei in machtige úthaal
(s. 17 út hertbyt)

Hommelse wikselingen fan perspektiven komme ek foar: ‘Betinkt dy kûgel fluitsjend ûnderweis dy man in libbene tel.’ (s. 37 út hertbyt). Hy stelt in mannichte oan fragen, hâldt sa dialogen. Betiden rau en hurd dichtet er oer dea, fertriet, langst en leafde.

moerallinne wurdst wekker. speakest opnij
de lea, bist sa gefoelich as in splinter
pine.
(s. 55 út Ut namme fan mysels)

Lês foar in kreas ferlyk fan syn earder wurk it besprek fan Piter Boersma nei oanlieding fan granytglimkes. Yn Kuiper syn nijste bondel fine wy in soad deselde eleminten en skaaimerken werom.
Yn hiemsiik fine wy fjouwer skiften dy’t lykas yn syn foarlêste bondel besteane út ien wurd, sels mar ien wurdlid. Ut syn eardere wurk is dúdlik op te meitsjen dat syn heit in grutte ynfloed op him hân hat. Yn Ut namme fan mysels (2006) is it lêste skift ‘goedmeitsje’ oan syn heit wijd. It liket dat Kuiper geandewei syn dichterlike karriêre almar persoanliker en eksplisiter, of faaks better sein minder ferhoalen, wurdt. Yn hiemsiik treffe wy nammentlik it skift ‘heit’ oan. Kuiper toant ús earst in natoerbyld, mar men wit fan him dat it hommels in oare kant op gean kin, eat dat fersterke wurdt troch de earste rigel ‘hoe’t dat fielt’. Yn it gedicht ‘by it lemieren’ yn granytglimkes liezen wy al: ‘it hat neat om ’e hakken ik rik dat bern / de hân ta snij dat bern de kiel ôf’ (s. 16). Yn ‘hoe’t dat fielt’ komt de omkear wannear’t de ‘ik’ yn it gedicht komt. De ‘hy’ is hjir de heit.

en ik net wit
wêr’t ik it sykje moat

as hy it samar
rinne lit

suster willy de dweil
mei in slingerslach
ûnder it bêd trochhellet
(s. 23)

It gedicht klinkt as in klok. Sa as al opmurken hawwe klank en ritme altiten Kuiper syn ‘trademarks’ west en dat is yn hiemsiik net oars. Dêr’t er yn syn eardere wurk folle puntiger dichte, steane yn hiemsiik mear wat proaza-eftige gedichten dy’t rinne as in trein. In foarm dêr’t er yn granytglimkes al mei begûn wie en dy’t er yn de nijste bondel fierder perfeksjonearre hat, mei’t er se lytser holden hat yn sawol foarm as taal.
Ien dêrfan is it gedicht ‘it sied’ dêr’t in ‘o leave’ yn foarkomt dy’t de ûnferskillige kant neist is. In leave dêr’t er noch om ropt, mar dy’t der net mear foar him is. En dat ‘wylst in pau kriest oan ’e kime in reager / tusken it heakkelguod syn eagen goed de / kost jout in snoek troch de opfeart strûst’ (s. 36). De natoer lit him de dingen ferjitte, wannear’t er him opfretten hat oer in ‘âld lyk’ dy’t seit dat er ‘better artikulearje moat dat er kiestra goed / kennen hat’ mar de dichter liket him al fergetten te wêzen wannear’t er in ‘hij foar ’t fizier’ (s. 33) kriget.
De natoer moai yn syn ienfâld en de lytse dingen, dy binne it dy’t it Kuiper dogge. De natoer giet syn eigen gong, sa’t ek it libben syn gong giet, en dêr’t wy as yndividu net it measte oan feroarje kinne. Men moat it libben akseptearje sa’t it is en dêr is neat mis mei, sa seit Kuiper it yn it fraachpetear dat ôfnommen is troch Sietse de Vries yn de Ljouwerter Krante fan 23 oktober 2015. Dat betsjut by Kuiper net dat der gjin fragen steld wurde. Fragen stelle is krekt ien fan syn skaaimerken. ‘wêrom / hâldt dyn each my fêst jagesto / my in ring troch de noas’ (s. 19). Wol er graach de dingen nimme sa’t se binne, tagelyk kin er him net frijmeitsje fan in ynherinte karaktereigenskip fan de minske: antwurd krije wolle op fragen. Om sa de wrâld om ús hinne better begripe te kinnen. Dêr liket wat in tsjinstridichheid yn te sitten. Hy dichtet ‘ik bin in apart wêzen’ (s. 47). Moatte wy dat (ek) yn dat ljocht sjen?
Yn Kuiper syn bistetún komme ferskate bisten hieltiten wer foarby, mar it binne de mear spesifike kombinaasjes dy’t opfalle. Sa dichtet Kuiper yn hertbyt op side 12: ‘heech yn it blau miauket / in mûzebiter in kat / út ’e beam.’ Yn syn nijste bondel fine wy it op side 24 sa: ‘dyn flerken iepentear pine / oerpleisterje de mûzebiter dy / heech miaukjend yn it blau fiert.’ Flerken foarmje ek in elemint dat faak werkomt. Flerken jouwe de fûgel de frijheid om te fleanen wêr’t er mar wol. Flerken binne ek kwetsber, is er dy kwyt, dan is it út soarte gjin fûgel mear. Kinst in hûn en in hynder de flerken jaan, mar dat makket harren noch net in ‘echte’ fûgel.

Selection_121

Tagelyk kinne dy ynstruminten jinsels ek opbrekke, dêr’t Ikarus it skoalfoarbyld fan is. Kuiper bliuwt lykwols tichter by hûs.

As motflinters it ljocht
opsykje de flerken
baarne
(s. 57)

Sa lit Kuiper ús troch syn poëzij alle kanten fan de medalje sjen.

Boersma seit dat Kuiper syn poëtika soberder wurden is mei granytglimkes, Jelle van der Meulen skriuwt: ‘Net als in zijn vorige bundels speelt de natuur, spelen dieren een belangrijke rol, maar vaak wat minder grotesk dan in de beelden die hij in oudere gedichten gebruikte.’ Hoe’t men it ek beneame wol, der steane yn hiemsiik guon gedichten dy’t gjin opskik hawwe, it is kleare taal sadwaande raak. Wat te tinken fan it yn al syn ienfâld moaie gedicht (dêr’t wy de flerken ek wer yn tsjinkomme):

reidjuffer

krûp no
by de stâle op

ferfelje
droegje

pomp bloed
yn ’e ieren
fan dyn flerken

snip my
(s. 17)

It hurde en rauwe sa’t wy dat ek fan Kuiper wend binne, is net te min oanwêzich. Benammen as wy lêze: ‘is it yl op dyn siel moaiskyn / moat ik it blyn ôfsnije / yn it libben snije?’ (s. 10).
Op bylden wurdt de lêzer ek wer traktearre: ‘yn dy reint it swarte drippen wylst / de stjerren blierkje as mansjetknopen / lûkt de kosmos syn swellesturt oan’ (s. 11). Mar it liket dat Kuiper minder eksperiminteel is, yndied minder grotesk, dat betsjutting in wichtigere rol kriget. Mar der skimeret ek út en troch wat fan ’e âlde Kuiper trochhinne: ‘yn dy reint it swarte drippen wylst / de stjerren blierkje as mansjetknopen / lûkt de kosmos syn swellesturt oan’ (s. 11) en ‘silsto de hannen geardwaan / maria in poets bakke, joazef / in geile baltende ezel kado jaan?’ (s. 40).
In inkelde kear ferfalt Kuiper yn in klisjee as: ‘as de blêden oan ’e beammen risselje / en in wolk in tel foar de sinne skoot’ (s. 15). Men kin úthâlde dat er just in simpel byld jaan wol om it alledeiske te sketsen. Mar as er twa strofen letter dichtet ‘as flinters / knypeagje op ’e apels en fjildlysters / dronken fan ’e beien fleane as de dea’, hearre wy de typyske Kuiper dichtsjen, mei sa’n klets fan in sinjaalwurdsje as ‘dea’ deryn befrissele.
Fierders fine wy noch saneamde ‘turbotaal’, sa’t Sietse de Vries skriuwt yn in fraachpetear nei oanlieding fan de Nederlânske bondel hechtzwaluwen (2010). Dat hat Kuiper blykber goed foldien, want yn granytglimkes fine wy Bruce Willis en syn sechje fan ‘jippi kaa jee motherfucker’ (s. 52). Yn hiemsiik fine wy ‘hosse yn ’e moshpit’ en ‘joystick’ om twa foarbylden te jaan. Mike Tyson en Yolanthe Cabau van Kasbergen hawwe ek in roltsje yn ’e gedichten. Dat jouwe de gedichten somtiden wat lichtens mei, suver wat humoristysk. Werhellings komme minder faak foar as earder. Erik Lindner skriuwt nei oanlieding fan ‘Waarom strelen hun poten / de vloer te zacht, te zacht?’ (s. 60 út Hechtzwaluwen): ‘Dat is mooi, die herhaling, en getuigt van gevoeligheid, dat zo te kunnen schrijven.’ Yn hiemsiik sjogge wy dêr in swymke fan werom mei ‘hoe’t de sulverkobben / oan ’e floedstripe krite, krite’ (s. 12). Mar wêrom ek it mei werhelling beklamje as men it treffender yn ien kear sizze kin?
Der kin mei de tiid skoan ien promovearje op in ûndersyk nei weromkearende eleminten en yntertekstualiteiten yn it wurk fan Elmar Kuiper en de krekte betsjutting dêrfan. Mar by einsluten sil nei de betsjutting fan de bondel sjoen wurde. Dat de bondel hiemsiik hjit, liket op it earste gesicht net alhiel te klopjen, mei’t it dernei útsjocht dat Kuiper noch altiten op dat hiem omskarrelet. Of soe er bedoele dat er siik fan datselde hiem is? Hiemsiik kin yn it Nederlânsk oersetten wurde mei ‘heimwee’. Men kin ek in langst hawwe nei oare dingen. De skiften ‘toarst’, ‘heit’ en ‘geil’ jouwe al in beskaat ferlangen oan. Men moat drinke om libjen te bliuwen, syn heit soe er misse kinne en geil sprekt dúdlik foar himsels. It lêste skift hjit fan ‘blau’, moat de betsjutting dêrfan yn ’e kleurepsychology socht wurde? Of yn it ienfâldigere fan in blautsje rinne? Yn ’e gedichten sit in sykjen bewuolle: ‘wêr kin ik de bui ôfskûlje / as it eazet yn my’ (s. 13). In sykjen nei burgen-wêzen. Dat hiele earste skift is in sykjen nei de leafde/leafste. It titelgedicht ferhellet oer in thúskomst op in plak dat as in rau steed is dêr’t de hûn de tonge oer rôlje lit. Wolst der oer sjonge, mar dingen hâlde dy tsjin. Sjochst dingen dêr’t in oar net op let, ‘net in stjerling aan hat fan it sweltsje’ (s. 31). En in stim ‘poert’ ‘i’ll be leaving soon’ en lit dy dus achter op it stee dêr’tst ûnwennich omdoarmest.

Kuiper slikket as in hûn oer in rau steed. Leafkjend en fersêftsjend wol er de dingen minder slim meitsje as dat se binne. Yn hiemsiik is de natoer noch altiten in grutte treast en ynspiraasjeboarne, mar de wat absurdistyske útspattings komme dúdlik minder foar. Is Elmar Kuiper earnstiger, serieuzer wurden? Of is syn dichtsjen needsaakliker wurden as er ‘de pine út ’e palmen’ (s. 37) skriuwt?

Hiemsiik

Elmar Kuiper
hiemsiik
Bornmeer, Ljouwert/Utert 2015
ISBN: 978-90-5615-357-1
Ferkeappriis: € 15,00

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *