Kollum Willem Schoorstra: “Bedankt man!”

logo.ensafh

“Fan myn jongste jierren ôf ha ik nocht oan sport hân. Ien fan de earste sterke werinneringen oan in sportyf barren is dy oan de EK en WK’s reedriden. Utstjoerings yn swart-wyt. Mei in protte buorlju op in bult foar de televyzje. De geur fan kofje en de tsjokke, blauwe reek fan sigaren. Mannen op it skerm dy’t rûntsjeride. Der waarden tiden op in stik papier skreaun, dêr’t de folwoeksenen it hieltyd oer hiene. Ik begriep dêr neat fan. Dy’t it earst oer de streep komt, wint. Sa wie it toch?

Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *