Hidde Boersma

De Kategoaryske Spagaat

logo.ensafh

De bollesesjes

De Kategoaryske Spagaat

“Hannelje allinne neffens dy maxime (prinsipe/regel), dêr’tst fan wolst dat it in algemiene regel wurdt.”
Immanuel Kant

Yn in klasselokaal lieten twa leave fammen oan de hân fan it folgjende foarbyld – by fersin fansels – sjen dat de Kategoaryske Ymperatyf net te brûken is as paadwizer yn morele dilemma’s – it doel dat Immanuel Kant dermei foar eagen hie.

Truus, Trien en Jelle binne befreone. Truus en Jelle hawwe ferkearing. Op in jûn geane Truus en Trien tegearre nei in feest. Jelle moast wurkje en giet net mei. Truus en Trien hawwe it tige gesellich mei in groepke jongfeinten en as Trien op in stuit weromkomt fan ’e húskes sit Truus yn in hoekje te tútsjen mei ien fan ’e jonges.
‘Wat dochst no!’ ropt Trien út.
Truus skrikt en fielt har skuldich. Se lit Trien tasizze dat dy neat oan Jelle fertelt en seit op har bar ta dat se it Jelle sels opbychtsje sil.
In wike letter rint Trien Jelle tsjin it liif. It giet net sa goed mei Jelle. Hy wit net krekt wat der mei Truus te rêden is, se liket wat oars as oars.
‘Trien, witsto faaks wat der oan skeelt mei Truus?’ freget Jelle.
Trien beseft dat Truus har tasizzing om har sûnde oan Jelle op te bychtsjen net neikommen is. Moat Trien no sels har tasizzing oan Truus om har stil te hâlden ferbrekke en Jelle fertelle wat der bard is?

Wat moast ús Trien no dwaan?
‘Se moat earlik wêze tsjin Jelle, se moat it sizze,’ fûn immen.
‘Ja, mar se hat har freondinne tasein dat se it Jelle net fertelle sil!’ fûn in oar.
‘Ja, mar Truus sei ta dat se it séls oan Jelle fertelle soe!’
‘Ja, mar se kin har tasizzing dochs net samar ferbrekke?’
‘Ja, mar se wol dochs earlik wêze?’
Probleem.
Op de achterste bank waard lake.
‘As Trien Jelle fertelt wat Truus útspoke hat,’ klonk it, ‘hat se by einbeslút twa kear sûndige: want it brekken fan har tasizzing soe betsjutte dat se achterôf besjoen ek tsjin har freondinne liigd hat doe’t se de tasizzing die.’

Trien har dilemma lit ús sjen dat de Kategoaryske Ymperatyf ús net helpe kin om morele dilemma’s út te iten. It is faaks wat teloarstellend, mar Kant hat mei de Kategoaryske Ymperatyf oantoand dat we de rede net brûke kinne om it op it mêd fan de etyk mei ússels of mei oaren iens te wurden.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *