
Feuilleton
30
Seleina skille mei Alexander.
‘It is fierwei it bêste datst weromgiest.’
‘Wat bedoelst?’
‘Nei Belgrado.’
‘En it skoft mei dy mar beskôgje as in yntermezzo?’
‘Wêrom net?’
‘Dat befrediget my net.’
‘Op Peaske-eilân ha ik dy rêde moatten. It is net feilich genôch mei dy.’
‘Ik gean net werom, alteast net op sa’n wize. Ik ha foar dy ien fermoarde. Wy komme net mear los faninoar. Ik fertrou dy en do fertroust my.’
‘Dan bliuwsto yn Parys en sykje ik dy dêr wol op. Wy sjogge it in skoftke oan.’
Nei it telefoanpetear stelde Alexander foar himsels fêst, dat er, sa’t er al tocht, net mear feilich wie foar Seleina. Hy wie der wis fan dat se him fan kant meitsje woe. Moast hy it har dwaan? Ja. Nei dy fêststelling rekke er yn panyk, want soe it him slagje om har foar te wêzen?
Seleina skille ûnderwilens al mei Louis Dormoy en joech him de opdracht om te soargjen dat Alexander daliks omlein waard. Hy soe der foar soargje.
Alexander gong lykwols daliks ynkognito it hotel út en liet him dêr net wer sjen.
Doe’t Seleina it telefoantsje fan Louis Dormoy krigen hie dat de fûgel útpykt wie glimke se. Sa goed koe er har dus! En no moast se der fanút gean dat er fan doel wie om har te fermoardzjen.
Se skille mei André Houtsma om feilichheidssmaatregels troch te praten en dêrnei gong se nei Catrinus ta.
‘Do hast dy boeken fan Alma Mahler,’ sei se.
‘It hat dy sûnt dy konsertrige op Peaske-eilân wol te pakken.’
‘Ja. Ofgryslik. En ik bin foaral yn ’e ban fan Alma. It wie kranksinnich dat se mei him troude. Mar foar har faaks de iennichste wei.’
‘Alma en manlju.’
‘Der seist it,’ sei se, ‘en no jou ik my hielendal bleat. Ik ha my noait oan in man oerjaan kinnen. Of mei in man lykop rinne kinnen. Jou my mar ris in boek.’
‘Sjoch sels mar, dêr stean se.’
‘Wêrom hast dy boeken? Wat lûkt dy der yn oan?’
‘It giet no net oer my. Mar oer dy.’
‘Hast gelyk.’
Seleina gong nei de kast ta. Se krige it boek dat Alma Mahler oer har libben skreaun hie en begûn der yn te blêdzjen. Se lies: ‘Ik hâlde fan Mahler syn geast, syn lichem wie in skym foar my.’
En doe: ‘Ik soe allinne wol wat mear sichtbere of fielbere bliken fan leafde fan Mahler ferdrage kinne..’
En doe: ‘Myn bern hawwe my nedich! En Gustav Mahler hat my nedich! Mar ik kin him myn hiele waarmte net jaan. Wêrom eins net?’
En doe: ‘Mahler is tige jaloersk op Pfitzner. Fansels flijt it my dat dy man sa dúdlik fereale op my is. En ik ferset my by syn oanrekkings ek net tsjin de prikeljende opwining dy’t ik sa lang net field ha.’
Seleina hie de oanstriid om ’e hân tusken har skonken te lizzen. En doe die se it en begûn se te wriuwen.
‘Ik wol it wol dwaan,’ sei Catrinus.
‘Ik hâld al op,’ sei se, ‘ik seach ek in útjefte fan har deiboeken stean. Jou my dy ris.’
Catrinus pakte it en joech it har oer.
Se sei: ‘It giet oant en mei 1902, no ja jannewaris 1902, sjoch ik, yn 1901 kaam se mei Mahler yn ’e kunde.’
‘Dat komt dan moai út.’
Seleina seach yn it persoaneregister achteryn en socht de namme Mahler op.
‘Mahler komt al folle earder yn har deiboek foar as 1901,’ sei se.
Se socht de plakken op en lies se oan Catrinus foar.
Nei it bywenjen fan in Siegfried-útfiering ûnder lieding fan Mahler skreau se op 11 febrewaris 1898: ‘It wie hearlik! Om healwei tolven wie it pas ôfrûn. Mahler hat ek alle kûpueres wer útfierd.’ Se lies yn de noat dêrby dat it foar Mahler syn tiid wenst wie om kûpueres yn Wagner syn opera oan te bringen om it publyk en it orkest net tefolle op ’e proef te stellen.
Op 20 novimber fan dat jier skreau se: ‘De moarns oefene, allinnich lunsjt en dêrnei om healwei ienen nei it Filharmoanysk Konsert. Earst waard de ûvertuere fan Oberon spile, op in briljante wize: Gustav Mahler dirigearre.’ Yn in noat stie dat Oberon de lêste komposysje wie fan Carl Maria von Weber.
In pear moanne letter, nei it bywenjen fan in konsert op 19 febrewaris 1898 is se wer út ’e skroeven oer Mahler, dy’t dan it foarspul fan de earste en twadde akte fan Richard Strauss syn opera Guntram dirgearre hat. Se fynt Strauss de grutste komponist fan syn tiid er oer Mahler seit se: ‘Mahler dirigearre en waard mei in ostentatyf applaus ûntfongen, der wie útsjoen nei in wiere dirigint. Mahler is troch en troch geniaal. Noch nea is muzyk sa ta my trochkrongen as hjoed. Ynienen barste ik yn gûlen út en myn iennichste winsk wie om ea in symfoanysk wurk te komponearjen. Orkestmuzyk is de helderste, edelste, suverste keunstfoarn dy’t der is.’
Op 3 maart 1899 hat se de jûns op in feest in petear mei de Deenske tenor Erik Schmedes hân, dêr’t se wat mei omflikfloaide en letter op ’e jûn de hiele tiid mei dûnse: ‘Oer Mahler fertelde er my allegear freeslike dingen: ‘Ach de stumper is dochs sa fereale. Hy knypt har hieltyd yn it wang en tutet har oan ien tried wei ûnder de repetysjes. Dat is my in geblaai, dêr wurdst mislik fan.” Gjin wurden dy’t keazen binne om immen fan in aureoal te foarsjen. Mar wat ha ik te meitsjen mei syn priveelibben. Ik hâld dochs allinne fan de keunstner.’ Fan Schmedes seit se fierders dat it ‘in prima fint’ is. Benijd nei wa’t dat dan wol wêze mocht dêr’t Mahler fereale op wie seach Seleina yn de noat. It wie de mezzosopraan Margarethe Michalek.
Op 5 maaie 1899 skriuwt se: ‘Mahler sjoen.’
Op 7 july 1899 skriuwt se dat freonen har de deis dêrfoar ferteld ha dat se Mahler sjoen ha en dat dy harren sels oansprutsen hie. En dan giet se fierder mei: ‘En no krij ik earjuster dizze kaart… En noch wat, se seinen dat se my in kaart stjoerd hiene, en dat Mahler him ek ûndertekene hie. Gustav Greibinger hie him oan in kelner jûn dy’t him op ’e post dwaan soe, mar de kaart kaam net oan! Earjuster hat Gustav it my allegear útlein. Gjinien fan harren hat Mahler sjoen, it wie allegear mar optocht., boerebedroch. Se hawwe har twa wike lang kostlik fermakke ta skea fan my. Anton Geiringer wie hjir in pear dagen lyn oankommen en wie ûnderweis yn Ischl dr. Boyer tsjinkommen, dy’t krekt ûnderweis wie nei Mahler yn Aussee. Se hiene him ek yn harren grap ynwijd, en dy ferteld it troch oan Mahler, dy’t him de grap feroalove om my ek werklik te skriuwen. Se hawwe it yngenieus yn sêne set en ik bin bliid mei it kaartsje.’
Op 11 july 1899 is Alma út te fytsen mei freonen: ‘Noch mar amperoan wiene wy it doarp Gosaumühle út of dêr kaam Mahler ús op ’e fyts yn ’e mjitte. Achter him oan in âlde frou, dêrnei syn suster en Rosé. Ik fytste razendfluch foarby, de Geiringers stapten ôf en de oaren ek. Mahler frege oft dit de wei nei Hallstatt wie. Christine sei fan nee en bea him oan om de wei dêrhinne te wizen. Ik remme in bytsje ôf. Se kamen my achterop en seinen: ‘Mahler fytst achter ús.’ Hy helle ús al gau yn, en wy kamen inoar sa’n fjouwer, fiif kear tsjin Alle kearen knope er wer in praatsje oan. Flakby Hallstatt stapte er ôf. Wy rûnen in eintsje mei de fyts oan ’e hân, en hy begûn wer in praatsje mei my, dêr’t er my strak by fiksearre. Ik sprong op ’e fyts en makke hup dat ik fuortkaam. De Geeringers wiene lilk , se hiene my foarstelle wollen., en hy hie dat ek wol ferwachte. Nei syn eachopslach te oardieljen hie er it ferbân tusken de kaart en myn persoan wol lein, en dêrtroch sjenearre ik my. Ik bin der ek hielendal net hyt op om mei him yn ’e kunde te kommen. Ik hâld fan him, ferearje him as keunstner, mar as minske lit er my frij kâld. En ik koesterje myn yllúsjes….’
Op 14 desimber 1899 skriuwt se: ‘De middeis kaam Gretl Hellmann lâns. Se wie de sneons yn ’e kunde kommen mei Mahler en is fol lof oer him.’
Op 26 febrewaris 1900 skriuwt se oer de jûn by Spitzer en dat se dêr hast de hiele jûn mei de komponist Alexander von Zemlinski praat hat: ‘Earst kaam Schmedes te praat – en wy begûnen sa op him ôf te jaan dat Zemlinsky sei: “De earste oer wa’t wy no allebeide neat ferkeards witte te sizzen – op dy persoan drinke wy in glês punch.” – Nei in skoftke skeat ús ek sa’n ien yn ’t sin: Gustav Mahler. Wy dronken ús glês yn ien swolch leech. Ik fertelde him hoe’t ik him bewûndere en hoe graach as ik mei him yn ’e kunde komme woe.’
Op 3 oktober 1900 is it: ‘Mahler trije kear sjoen.’
Op 18 novimber1900 skriuwt se nei it ‘bywenjen fan in konsert mei ek de earste symfony fan Mahler: ‘Talintfol is dy wis, mar de grutste naïviteit en it grutste raffinemint wikselje inoar ôf, en net yn positive sin. It is in miks fan stilen sûnder wjergea – en in earferdôvjend, senuwslopend kabaal. Ik ha noch nea soks heard. Stimulearjend wie it wol – mar net minder emosjonearjend. Mei klopjende polsen – amperoan by steat om in wurd út te bringen – kaam ik by de Conrats oan.’
En dan op 2 novimber 1901 notearret se: ‘Yn ’e kunde kommen mei Mahler.’
‘Ja,’ sei Catrinus en doe begûn it tusken harren. Wolst it hiele boek sa troch? Kinst better de lêste bledsiden even lêze, de foarriedige apoteoaze, ast it sa neame wolst.’
Seleina die it en doe fleagen har eagen.
Se lies yn de oantekening fan 30 desimber 1901: ‘Wy binne hjoed kwasy man en frou wurden. Ik mocht syn manlikheid, syn tinende krêft, aaie, en dat joech my sa’n suver, skraal gefoel, dat hie ik nea ferwachte. Hy moat freeslik lije. Ik kin syn pine ôfmjitte oan mines. Nimmen hat in idee hoe ûntsachlik ik nei him langje. En dochs – ik kin my net foarstelle dat ik my foar it fêststelde tiidstip al oan him jou. In gefoel fan fan yllegitimiteit en skamte soe de folle gloarje fan it hillich mystearje omleechhelje . Myn yn God-beminde…Wêrom kin ik net gewoan by him ynlûke? Sûnder tsjerklike seine. No wurde wy ferskroeid troch ús langstme, wy ferbrûke ús grutste flamjende hertstocht… Hy makke syn boarst bleat, en ik liet myn hân op syn hert rêste…Ik draach it hier los – dêr hâldt er fan – en ús lichems klamje har mei in moardzjende yntinsiteit tsjininoar oan. Ik wol in bern fan him! Mei syn inerlik. En myn uterlik. Wie ik mar sines al! Noch njoggentich nachten!’
Yn de oantekening fan 1 jannewaris 1902 stie: ‘Wat ik hjoed skriuwe moat is sa ôfgryslik tryst. Ik wie by Gustav – de middeis wiene wy hielendal allinne yn syn keamer. Hy joech my syn lichem – en ik liet syn hân begean. Stiif, yn alle pracht stie syn manlikheid oerein. Hy brocht my nei de sofa.lei my sêft del en sprong mei in swaai boppe op my. Doe – op it momint dat ik fielde dat er yn my krong, ferlear er alle krêft. Ferslein lei er op myn boarst – hy gûlde hast fan skamte. Ik – sels ferskriklik fertrietich – besocht om him te kalmearjen.
By 3 jannewaris 1902 stie allinne: ‘Ekstaze en gelok.’
En in dei letter allinne: ‘Ekstaze sûnder ein.’
De dei dêrnei: ‘De jûns by Gustav. Syn freonen – stik foar stik útsprutsen joaden. Ik fûn gjin oansluting… En hie daliks sin om elkenien fersteld stean te litten troch in brutaliteit sûnder wjergea. Ik sei dat Gustav syn muzyk my neat sei ensfh.’
En wer in dei letter: ‘In sillige middei. Juster hat er my syn fjirde symfony tastjoerd – wy hawwe him hjoed tegearre spile. Hy griep my oan – ik fûn him tige slagge. En myn earme Gustav stiet ûnder medyske behanneling. Fanwege in swolm – iiskompressen, sitbaden ensfh.. Om’t ik sa lang wjerstân bean ha – moat hy lije!’
En dan skriuwt se op 16 jannewaris1902, tsien dagen letter, pas wer: ‘Ik wie no al in skoft wier gelokkich, dêrom ha ik net skreaun. Sûnt in pear dagen is it lykwols net mear as dêrfoar. Hy wol dat ik feroarje, folslein feroarje. En ik wol dat ek. It slagget my salang as er by my is, mar as ik allinne bin, dan komt myn twadde , idele, minne ik nei boppen en siket om in útlitklep. En ik jou deroan ta. Myn eagen striele ien al frivoliteit út – myn mûle liicht der fleurich op los. En hy, hy fielt it, wit it – dan pas, op dat stuit, besef ik: ik moat my him weardich toane. Yn him allinne libje ik ommers.’
Seleina seach Catrinus oan.
‘Bin ik in minske?’ sei se.
‘Hoe bedoelst?’
‘Op myn fjirtjinde bin ik myn libben kwytrekke.’
‘Sjochst it sa?’
‘Ja.’
‘Wiene wy noch mar trettjin, do en ik.’
‘En no fertelst my oer dysels, oer wa’tst no dan bist. It is der oan ta.’
‘Ik wol dy djip yn myn kiel ha.’
‘Sa komst der dizze kear net ôf.’
‘Nei myn hbo-oplieding bin ik by it leger gongen. Do studearrest hjir doe al. Mar nei trije jier hie ik dêr myn nocht fan en doe bin ik yn ’e wapenhannel gongen en dêr sit ik noch yn. Ik ferkeapje wapentúch de hiele wrâld oer. Ik sjoch op ’e televyzje militêren, milysjeleden, rebellen en terroristen dy’t om sa te sizzen troch my bewapene binne.’
‘En dêr genietest fan?’
‘Ik wit net wat ik dêr op sizze moat.’
Hoe komst yn sa’n hannel telâne?’
‘Troch lju dy’t ik yn it leger koe. Ik ha op in stuit oan ien dy’t ik fertroude sein, dat ik yn ’e wapenhannel woe en dy hat my doe fierder.’
‘Wapenhannel?’
‘Sawol boppegrûns as ûndergrûns. En mear wol ik dy der net oer fertelle.’
‘Agressyf en ûnder wetter libjend, dat is it byld dat ik sa ynienen fan dy ha.’
‘Ja, stel it sa mar.’
‘Ik stean fersteld. Ja , it wie wol dúdlik datst watst diest net yn it deiljocht ha woest . Mar do dochst dingen dy’t har ek net yn deiljocht ôfspylje kinne. Wat moat ik mei dy?’
‘Wat wy earder ek diene. Do fertelst my molleferhalen en ik harkje dernei, wy harkje nei muzyk, nei Mahler en wy dogge oan seks.’
‘Neat kin no mear itselde wêze, ferwachtsje ik.’
Seleina die de eagen ticht.
‘Wat is der?’
‘Neat. Ik tink earne oan. Lit my mar even.’
Se lei de hannen op ’e knibbels en frimele oan de râne fan har rok. Catrinus tute har even op ’e eachlidden.
Se sieten op it Eastseestrân by Kühlungsborn yn in blauwe strânstoel. Se wie dêr mei Günther Tiecke. Beide út op rêst hiene se nei in oerlis oer in wapenleverânsje oan rebellen yn Somalië besletten om der in wike tuskenút te brekken. Ut Berlyn wei wiene se der streekrjocht yn Günther syn auto hinne riden. Sy hie ûnderweis in keamer fêstlein yn hotel Morada fuort oan it strân. Altyd as se der in wike of wat langer mei in man op út wie hie se in gefoel fan rêst hân. Op Peaske-eilân wie alles yn trewyn rekke. Se hie Alexander nea yn Belgrado oppikke moatten. Ien ympulsive die, krekt as doe’t se fjirtjin wie, en alles wie oars wurden. It wiene altyd saaklike kontakten dy’t even in priveekarakter krigen dêr’t se it by litte kinnen hie. Alexander koe se net. Hy hie har fysyk oanlutsen. Se hie yn him doe fuort ek de man sjoen dêr’t se yn ferbân mei har saken wat oan ha koe, mar har pantser hie yn earste ynstânsje net funksjonearre. En ja, dan wie Catrinus der. En tsjinoer him hie se har no ek bleatjûn. Al dy strânstuollen op in rychje en heal nei it suden ta draaid, út ’e wyn en nei de sinne ta, en dêr hiel feilich lizze mei in folslein te fertrouwen sakerelaasje, dy’t fierders ek neat oars yn ’t sin hie as in wike ûntspanning, gesellichheid en seks mei har. Dat wie moai. Se hoegden fierder neat fan inoar te witten. Ja, se ûndergong it altyd as in aparte dream. Sa’n wike hâlde se bûten de werklikheid ta. ‘Catrinus , ik kin dy allinne mar meinimme in nachtmerje yn.’
‘Lit ús hjir mar moai yn Amsterdam bliuwe,’ sei er.
‘Wist wat ik wol? Nei de Noardkaap, nei Malta, nei Bali, nei de Maladiven, nei Tahiti, nei Nij Seelân.’
‘Dêr’tst nim ik oan al west hast.’‘
‘Ja.’
‘Gean mei my nei, lit my sizze, Súd-Limburch. Nei Epen. Op myn kosten. Do bist myn gast. Hoe fynst dat?’
‘My yn dyn hannen jaan?’
‘Dêr bist no al yn.’
‘Okee, nei Epen. Dêr ha ik noch nea west. Wêr leit it krekt?’
In eintsje ûnder Valkenburg. Hast tsjin ’e Belgyske grins oan. Hast dêr prachtige útsjoggen de kant fan België út.’
‘Mar dan gean wy dêrnei ek in kear tegearre nei Sint Helena. Dêr ha ik ek noch net west.’
‘Wist wat ik even op set?’
Catrinus rûn nei de cd-spiler ta. Fan ’e planke derboppe krige er in cd mei lieten fan Mahler songen troch Dietrich Fischer Dieskau. It tekstboekje dat der by siet joech er, iepenslein by it liet ‘Serenade aus Don Juan’, oan Seleina. Wylst it liet klonk, lies se de tekst mei:
‘Ist’s dein Wille, süße Maid,
Meinem heißen Liebesstreben
Erst im Tode Raum zu geben,
O da wart’ ich lange Zeit!
Soll ich deine Gunst genießen
Erst nach meinem Erdengange,
Währt mein Leben allzulange!
Mag es gleich um Nu zerfließen!
Ist’s dein Wille, süße Maid,
Meinem heißen Liebesstreben
Erst im Tode Raum zu geben,
O das ist gar lange Zeit, gar zu lange Zeit!’
‘In synyske humorist, dat bist,’ sei Seleina.
Catrinus sloech de earms om har hinne en se liet it har gewurde.
(wurdt fuortset)