
Dizze rubryk sil him tenei beheine ta Frysk-literêre publikaasjes en sekundêre boeken oer Frysk-literêre ûnderwerpen. Oersettingen yn it Frysk en publikaasjes yn in streektaal komme fansels ek oan bar.
Op- as oanmerkingen en oanfollingen kinne jo kwyt troch te reagearjen ûnderoan dizze side.
Poëzij
Sytse Jansma
‘as nomaden yn tinten teplak – als nomaden in tenten terecht’
Afûk, Ljouwert, 2015
ISBN 9789492176004
Ferkeappriis € 17,50
Sytse Jansma (1980) is dichter, filmmakker en dosint. Yn 2008 debutearre hy mei de bondel ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’. Yn ‘as nomaden yn tinten teplak – als nomaden in tenten terecht’ ferkent Jansma de grins tusken it libben sels en de poëzij. Yn dizze twatalige bondel moat it stjoerende karakter fan taal bleatlein wurde. It is poëzij dy’t oer grinzen gean wol en nije wrâlden moetsje. Gedichten dy’t as nomaden omswerve wolle.
Elmar Kuiper
Hiemsiik
Bornmeer, de Gerdyk, 2015
ISBN: 9789056153571
Ferkeappriis € 15,00
Geart Tigchelaar: De dichter Elmar Kuiper komt nei granytglimkes (2011) – dêr’t okkerdeis in twadde printinge fan ferskynd is – mei in netsjes fersoarge nije bondel, hiemsiik. De bordeaux-reade kleur fan it omkaft lit jin oan in psalmboekje tinke. It binnenwurk is ienfâldich en hat in kreaze opmaak en in moai lettertype. Bloedreade siden dy’t in nij skift oanjouwe en trije tekenings fan Sjoukje Idema dêr’t Kuiper de gedichten apart foar skreaun hat, sa lei er út op ’e presintaasje.
Eric Hoekstra
Midfrysk Goud
Elikser, Ljouwert 2015
ISBN 9789089547934
Ferkeappriis €16,00
In fermaaklike, ferrassende en oansprekkende bondeling fan Midfrysk wurk
It bêste út ’e 17e iuw yn goed lêsber Frysk.
Mei dizze blomlêzing besykje ik ús perspektyf op Fryske literatuer yn de 17e iuw by te stjoeren. It byld sa’t it no is, wurdt iensidich beskaat troch de reuzefiguer fan Gysbert Japicx. Syn wurk wurdt ferhearlike, net kritysk hifke, en it wurk fan in Van Hichtum wurdt sûnder fierdere analyze as ynferieur beskôge.
Jan Kleefstra
Sniefellen
Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2015
ISBN: 9789033004865
Ferkeappriis € 14,95
Sniefellen is de twadde dichtbondel fan Jan Kleefstra by Friese Pers Boekerij. Syn wurk wurdt hieltyd lytser en ferstilder. De wrâld spilet him op in fjouwerkante desimeter fan de natuerlike romte ôf. En dêr de ienfâld fan. It binne benammen de klanken efter it sjongen. It minimalistysk lûd dat har út de pine fan de taal wrakselet en yn de halzen fan de fûgels, fan de wyn, fan de marren deljout. Hieltyd wer sjocht der in oar nei de wurklikheid. Hieltyd wer fine we der mar sa’n bytsje fan werom.
Johannes Bernard Schepers
Zonder liefde leefde er nooit een lied
Afûk/Hispel/Fryske Akademy 2015
ISBN 9789492176097
Ferkeappriis € 22,50
Samengesteld door Tsjerk Veenstra
Johannes Bernard Schepers kwam uit het Hart van Friesland, Grou, maar was van huis uit niet Friestalig. Toch schreef hij heel veel gedichten in het Fries, ook al werkte hij als leraar Nederlands in Haarlem. Na teleurstellingen in het Friese literaire veld dichtte hij weer meer in het Nederlands om toch terug te keren naar het Fries. In beide talen streed hij voor erkenning, die hij vaak niet kreeg. Zo werd hij in beide literaturen een bijna vergeten dichter. Deze bloemlezing doet recht aan zijn streven en kunstenaarschap in zijn zoektocht naar harmonie en liefde.
Jacobus Q. Smink
Tongermolke
Hispel, Wiuwert, 2015
ISBN 9789074516174
Ferkeappriis € 10,00
Geart Tigchelaar: In bondel út ’e siele wei skreaun, sadat de lêzer in yngeand kykje kriget yn ’e gedachtewrâld en emoasjes fan de dichter. Ferlies, langstme, triennen en kâld swit. Troch alle ellinde skimeret der ek wat boartliks troch de bondel hinne, sa’t wy ek yn foargeand dichtwurk fan Smink sjoen hawwe. In swart rantsje sit hast om alle gedichten hinne, mar de dichter besiket it sa licht mooglik te hâlden.
Proaza
Willem Schoorstra
Pier – De profesije fan bline Simen
Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2015
ISBN 978 9033 004940
Ferkeappriis € 17,50
Fiifhûndert jier nei de dea fan Grutte Pier Gerlofs ferskynt no in magistrale roman oer syn libben, syn striid en syn tiid, sa likernôch oan de ein fan de midsieuwen. In perioade fol ramp en miswier, earmoed en strideraasje. Gaos hearsket, en op dat snijflak fan Alde en Nije tiid ferskynt yn in rûzige nacht de Wolfshûn, waans kommen foarsein is.
Yn sprankeljende taal sketst Willem Schoorstra (1959) it portret fan in man dy’t syn lot net ûntrinne kin, in lot dat beskreaun stiet yn de profesij fan in bline sjenner…
Nei Rêdbâd is Pier in twadde histoarysk masterwurk oer in ikoan út de Fryske skiednis. Dêrby wurde de midsieuwen yn al harren dwylsin en hertstocht ta libben roppen op in wize dy’t de lêzer net licht ferjitte sil.
Ferdinand de Jong
De Nova Scotia staazje
Bornmeer, De Gerdyk 2015
ISBN: 9789056153632
Ferkeappriis € 15,00
‘Ik hie noch nea sa fier fuort west. Op reis nei Kanada foar trije moannen staazje op in buorkerij yn Nova Scotia. Oaren út myn klasse bleaunen yn Nederlân, of kamen de provinsjegrins net iens oer. Mar ik woe oer de grutte plasse.’
Dit ferhaal beskriuwt de ûnderfiningen fan in jonge dy’t op in Kanadeeske boerepleats telâne komt dêr’t de sfear him benearet. Yn in waarme Kanadeeske simmer besiket er him yn in fijannige sfear steande te hâlden en siket er in útwei. Noch hieltyd dreamt Freark Fritsma oer de doar fan in sel yn in finzenis dy’t mei in klap efter him ticht batste.
Popke Popma
Skerp ark
AFUK, Ljouwert, 2015
ISBN 9789492176158
Ferkeappriis € 12,50
1944
Hy hat wolris heard dat ferrieders harren by ondergrondsen yn wrotte en dan foar in knappe beleanning de Dútsers op ‘e hichte bringe.
‘Ik bin net fan plan it tsjin de moffen yn ‘e kant te setten. Ik ha ek noch in frou en in jonge.’
Eichendorff: ‘As se hjir sitte fanwege terrorisme, falle se yn de hannen fan Müller. In echte sadist, hy kriget elkenien oan ‘e praat mei syn metoaden.’
De Visser: ‘Ik doar te wedzjen dat Sake syn heit de Dútsers noait in striebreed yn ‘e wein leit hat, hy wie ek gjin NSB’er.’
‘Hy is wol troch de Dútsers deasketten.’
‘Hoogendijk, dat is hjir yn de streek in grut riedsel, net ien wit it fijne derfan. Foar wat swarte hannel waarden jo net deasketten.’
Klaas Hoogendijk en Carla taaste yn in dizige saak.
Koos Tiemersma
Einum
Elikser, Ljouwert, 2015
ISBN: 9789089548122
Ferkeappriis € 19,50
Filmyske blik op it libben yn in hjoeddeiske plattelânsmienskip, bekroand mei de Gysbert Japicxpriis 2015
Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld.
Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy’t besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in famke dat de leafde ûntdekt, in boer dy’t siket om in masteresse, in twilling dy’t in troch it smookferbod troffen kafeetsje nij libben besiket yn te blazen.
Geandewei floeie al dy libbens yn elkoar oer en dan ynienen is dêr dy brief.
En ferskynt in fûgeltsje oan ’e loft…
Gryt Witbraad – Van der Meer
Swije
Frysk en Frij, Ljouwert, 2015
ISBN 9789085660415
Ferkeappriis € 15,00
Swije – novelle
‘Ik ha altyd in hechte bân mei him hân. Hy wie myn beskermer, hy is sa’n teare man, ik koe net sûnder him. Hy woe graach mei my trouwe, mar dat woe ik net. Dat fûn ik, ja, hoe sil ik it sizze, net earlik. Wy libje ús eigen libben. Leafde is leafde Rykje. Wy sliepe byelkoar en ik soe net witte wêrom’t wy dat net meie of kinne.'”Ik bin de lêste om dêr wat fan te sizzen.’
Rommert Tjeerdsma
Doutzen ûnder fjoer
KFFB, Dokkum, 2015
ISBN 9789491971068
Ferkeappriis € 9.00
Yn dizze roman, it ferfolch op ‘Om Doutzen’, binne Doutzen en Sibe troud. Hja wenje mei harren twa famkes op it boerespultsje fan Sibe syn heit en mem. Yn maaie 1940 wurdt Sibe oppakt omdat er by de NSB is. Doutzen moat dêr net folle fan hawwe, en dat jout gauris konflikten tusken Doutzen en Sibe. Wytse, de kammeraat fan Sibe, meldt him oan om tsjin de Russen te fjochtsjen en Sibe hat it idee, dat er dat ek dwaan moat. Mar it rint hiel oars…
Henk van der Veer
Blauwe engel over mijn borst
Louise, Grou, 2015
ISBN: 9789491536298
Ferkeappriis € 15,00
‘Dokter? Dokter, krijg ik alsnog een infarct?’ jammer ik door. De arts geeft wel een antwoord. ‘Mijnheer Van der Veer, of u een infarct krijgt ja of nee, dat bepalen wij en niemand anders.’ ‘Dokter, ik zie de deuren van de hel. Verdomme, dokter, doe wat, ik wil niet naar de hel!’ ‘Mijnheer Van der Veer, of u nu in de hemel of in de hel komt, ook dát bepalen wij …’
Henk van der Veer (1954) was leraar. Hij verliet het onderwijs in 2015. Daarnaast is hij al jarenlang freelancejournalist. Hij schreef een aantal gedichtenbundels in het stadsdialect van Sneek. Met Blauwe Engel over mijn borst maakt hij zijn romandebuut.
Jan Tabak
Fan ‘t iene yn ‘t oare
Bornmeer, de Gerdyk, 2015
ISBN: 9789056153526
Ferkeappriis € 12,50
Jan Tabak skriuwt doarpshalen. Ferhalen oer foarhinne, oer moaie en bysûndere minsken. De skriuwer tekenet it Fryske doarpslibben fan ’e jierren fyftich en sechstich yn ’e foarige iuw fol humor. De foarfallen binne o sa werkenber. Jan Tabak hat in skerp each foar de minsklike kant, foar it lytse dat soms grut wêze kin. O sa linich skreaun. Ferdivedearjend. Spannend. Ferhalen dy’t ferhalen oproppe: fan it iene komt it oare.
Jan Tabak (Wânswert, 1949) publisearre earder yn eigen behear Marianne, troch alles hinne en In slach om ’e buorren…, twa bondels mei fersen.
Hilda Talsma
Wyn fan feroaring
Elikser, Ljouwert 2015
ISBN: 9789089547699
Ferkeappriis € 18,50
De earste echte skûtsjeroman. Fris en tagonklik, mei ‘it brûs foar de kop’
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy ‘t sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan ‘e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing.
Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy ‘t der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr ‘t se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate.
It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op ‘e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes…
Jan Schokker
Tichtby
Elikser, Ljouwert, 2015
ISBN: 9789089547682
Ferkeappriis 19,50
Plysjeman Ale Alema rekket betize yn de leafde en yn de misdied
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen.
‘Moatst my helpe Ale,’ seit se mei in smoard lûd.
‘Wêr is lytse Lutzen?’
Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn hûs wurdt wer opboud nei in ferwoastgjende brân, mar der is mei in steger knoeid, wêrtroch’t dy ynstoart. En letter krijt Ale in foto tastjoerd, fan Nanke, syn freondinne, dy’t leit te sliepen. Kin hiel tichtby komme! stiet op it briefke dat der by sit. Letter krijt er noch ien, fan syn kollega Wytske, ek sliepend, mei itselde drigemint. Ek wurdt syn bankrekken leechhelle, troch Tichtby bv. Wa hat it op him foarsjoen? Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftsje ûnder en geane nei Bergen yn Noarwegen. Kinne se tagelyk wat mear útsykje oer de ferdwining fan Lutzen Terberg, de man fan Nanke, dy’t yn Bergen foar ’t lêst sjoen is, jierren ferlyn. Mar is Nanke wol wa’t se seit dat se is? Se docht hiel frjemd. En dan komt Ale pas echt yn gefaar.
Yntusken is Wytske dwaande mei de moard op in 75-jierrige soere resinsint yn in hûs fol boeken. En dat hat ek wer mei har Bontebokker kollega te krijen.
In spannend en ferrassend Alema-mystearje.
Oersettingen
Lao Tse / Eric Hoekstra
Tao Te Ching
Elikser, Ljouwert 2015
ISBN: 9789089547941
Ferkeappriis € 16,50
De Tao Te Ching is skreaun yn ʼe fjirde ieu foar Kristus. Dat makket fan Lao Tse in tiidgenoat fan Boeddha en fan Plato. It wie in tiid dat sawol by de Griken as by de Sinezen it tinken alle kanten útfleach, allegearre tinkrjochtingen waarden ferkend en foar it earst waarden de resultaten fan dy ferkenningen opskreaun. De Tao Te Ching leit oan de basis fan de tinktradysje fan Sina en Japan. It hjoeddeistige Zen-boeddisme grypt der ek wer op werom.
Godfried Bomans / Geart Tigchelaar (oersetter)
Erik of it lyts ynsekteboek
Regaad, Grins, 2015
ISBN: 9789082197020
Ferkeappriis € 12,50
Op in wûndere nacht bedarret Erik samar yn de wrâld fan it lytse wrimelt, in mienskip fan moarddédige spinnen, eptige wespen, fereale flinters en oarlochssuchtige eamels…
Erik of het klein insectenboek (1941) is sûnder mis Godfried Bomans’ bekendste boek; yn 2013 waard de 57e druk fan dizze moderne, Hollânske klassiker noch fergees omparte ûnder hûnderttûzenen Nederlânske bibleteekleden.
Oersetting: Geart Tigchelaar (1987), yllustraasjes: Nina Peckelsen (1990)
Streektaal
Johan Veenstra
Een vrouw van ivoor
Stichting Stellingwarver Schrieversronte, Oldeberkoop, 2015
ISBN 9789064661792
Ferkeappriis € 13,50
Een vrouw van ivoor is een spannend en ontroerend boek over liefde en genegeheid.
Op een waarme julidag in 2006 komt een jonge vrouw uut Ivoorkust deur de aachterdeure in et huus van Johan Veenstra. Et zal een onrustige zoemer wodden. Johan Veenstra vertelt in zien ni’jste boek wie Aichata Guei is, dat ze vanwege de burgeroorlog uut Ivoorkust vlochten mos en… hoe een verliefdhied et leven kompleet op ‘e kop zetten kan. Hi’j vertelt over zien en heur leven en hoe die levens mekeer op die waarme julidag kruzen.
Kerk as zien roman Een brogge van glas uut 2006 is Een vrouw van ivoor een roman mit starke autobiografische elementen. In Een brogge van glas vertelt Veenstra dat hi’j eerst nao de dood van zien moeder geweerwodt wie zien vader is en dat hi’j een halfbreur het. Veur een klein pat is dit boek ok een vervolg op Een brogge van glas. Meensken die in dat boek veurkommen, kommen ok in dit boek veur. De schriever, zien moeder, zien kammeraod Frank en zien halfbreur. Mar et belangriekste pat van et boek gaot over die jonge vrouw uut Ivoorkust.
Et is Johan Veenstra opni’j lokt en schrief een boek daj’ et liefste in iene goeze uutlezen willen.
Broers Grimm / Sytse Buwalda (fertaling)
Sprokys fan Grimm in ‘t Bildts
Taalburo Popkema, Grins, 2015
ISBN 978 90 8246 020 9
Ferkeappriis € 10,00
‘n Klassiker die’t jong en oud anspreekt, is nou aindlik ok in ‘t Bildts te krijen. De sprokys fan de broers Grimm hore tot de mooiste en bekîndste ferhalen fan de wereld. Foor ‘t eerst is d’r ‘n fersameling fan die sprokys in ‘t Bildts fertaald: fyftyn ferhalen. Nou kinne de kines en de groate mînsen de sprokys maar in hun aigen taal (foor)leze: fan Sneewitsy, Roadkappy en Assepoester.
Fertaling, Sytse Buwalda, illustrasys: Peter Boersma & Hilda Groenesteyn
Sekundêre literatuer
Hein de Jong
Een psychoanalytische studie van poëzie
Bornmeer, de Gerdyk, 2015
ISBN: 9789056153618
Ferkeappriis € 39,50
Vanuit persoonlijke betrokkenheid en met beroepsmatige vakkundigheid onderzoekt Hein de Jong de hoofdpersoon uit het gedicht Friesche Tjerne van Gysbert Japix. Op grond van de tekst analyseert hij vanuit psychoanalytisch perspectief de figuur Tjerne. Hij toont hiermee aan dat schrijven van fictie een vorm van zelfanalyse kan zijn, waardoor het mogelijk is psycho-trauma’s te verwerken, innerlijke verstarring op te heffen en persoonlijke groei te bevorderen.
Hein de Jong werd in 1943 geboren te Wânswert en groeide op in Bolsward. Na de hbs studeerde hij medicijnen aan de vu te Amsterdam waar hij zich specialiseerde in psychiatrie en de opleiding volgde tot psychoanalyticus. Hijheeft zich bekwaamd in individuele psychoanalytische psychotherapie, groepspsychotherapie en partnerrelatietherapie. Naast de klassieke psychoanalytische behandelingsvorm heeft hij interesse in toegepaste psychoanalyse.
Hij was mede oprichter van Stichting Psychoanalyse en Cultuur en het Nederlands Tijdschrift voor Psychoanalyse. Hij werkte ruim veertig jaar in Amsterdam in eigen praktijk en parttime als forensisch psychiater. Sinds 2002 woont en werkt hij in Friesland.
As ien in boek resinsearre ha wol op itnijs.frl, dan graach oan de doar bringe. Adres bekend bij itnijs.frl