Wite kryst

logo.ensafh

k wie eins net fan doel der noch in wurd oan te fergriemen, mar no’t Mous him ôffreget wêrom’t al dy auteurs by de Friese Pers Boekerij mar net reagearje, kin ik it net litte en jou noch even lûd.

De striid om It Grutte Gelyk tusken Huub Mous en Abe de Vries krijt de lêste tiid suver surrealistise trekjes. Nei’t beide mannen earst as wylden nei inoar úthellen, wie dêr ynienen dy útstutsen hân fan Huub Mous, ynklusyf telefoannûmer noch wol, want ‘ik heb veel aan deze man te danken…’

Mar hoe ûnbegryplik, dy reagearret net mear. Dat ja, hoe spitich ek, no fielt Mous him wol twongen dy sa genereus útstutsen hân werom te lûken en in ‘zwartboek’ te publisearjen oer de Friese Pers Boekerij, fansels fral om’t ‘deze zaak van belang is voor alle auteurs in Friesland, die iets van doen hebben met de Friese Pers Boekerij.’

Mear op it weblog fan Koos Tiemersma

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *