
‘Ik fyn it moai om achterôf te sjen hoe’t dingen yn dyn libben yninoar gripe.’
Nei de middelbere skoalle studearre Tsjisse Hettema (1955, Bitgum) twa jier Ingelsk yn Grins en hy die dêrnei de stúdzje MU Frysk. Hy gong yn 1996 as frijwilliger oan ‘e slach by it Frysk Letterkundich Museum en krige dêr nei in skoft in fêste baan as dokumintalist foar it byld- en lûdsargyf. Hettema begûn as skriuwer fan koarte ferhalen, dy’t publisearre waarden yn Trotwaer en Hjir en de jongereinbondel Skroei. Dêrnei is er oerstapt op it skriuwen fan gedichten. Yn 1995 joech er yn eigen behear syn dichtbondel Tsi Tsi út. Fjouwer jier letter ferskynde by de Koöperative Utjouwerij de opfolger: It eachtwyt fan de simpele rider. De bondel Heehoo heehoo; De leafde is as de mage fan in ko kaam yn maaie fan dit jier út by Frysk & Frij. Tsjisse wennet sûnt 2013 mei syn freondinne Aafje op ‘e Himrik. Dêrfoar wenne er yn Seisbierrum.
Wat hast ûnder oare dien by it FLMD?
Tsjisse: ‘Der binne in protte fraachpetearen dien yn de sechtiger jierren troch de Ynteruniversitêre Stúdzjerie Frysk, opset troch Tony Feitsma mei in tal oare heechleararen. Studinten Frysk gongen by de âld-leden fan de Jongfryske Mienskip lâns dy’t noch yn libben wiene en dy’t Douwe Kalma noch meimakke hiene. Dy fraachpetearen leine by it FLMD yn ‘e kast. Ik haw se earst allegear beharke en oerset op kassettebantsjes. Foar de Douwe Kalma-stifting haw ik dy ynterviews allegear úttypt. Letter haw ik se allegear digitaal oerset, dus kinst se no sa beharkje by Tresoar. Dat is prachtich materiaal. Douwe Kalma, oprjochter fan de Jongfryske Mienskip waard sjoen as in diktatoriaal figuer, mar de minsken wiene o sa posityf en soms ek emosjoneel oandien oer wat er allegear opset hat. Kalma woe de Fryske literatuer nei in heger plan tille, hy skreau toanielstikken en organisearre fan alles en dat fyn ik in grutte fertsjinste fan him. Polityk sjoen hat er der letter spitigernôch in potsje fan makke.’
Hoe bist yn dit wurk kaam?
‘Ik bin begûn as frijwilliger by it FLMD en krige letter in Melkert-baan. Sa bin ik eins yn dit wurk rôle. Ik waard frege om it byld- en lûdsargyf mear te ûntsluten en dêr hearden dizze ynterviews ek by. Doe kaam de fúzje mei Tresoar en dat wie foar my in grutte útkomst, want doe krige ik folle mear middels ta myn beskikking om myn wurk te dwaan. Letter kaam it Frysk Filmargyf by Tresoar yn en doe haw ik my omfoarmje litten ta fideo-editor. Yn it Frysk Filmargyf haw ik ûnder oaren filmopnames fan dichter Obe Postma ûntdutsen. Ik brûkte it filmargyf foar de literêre aktiviteiten dy’t ik foar Tresoar die, bygelyks yn opdracht fan it Fries Museum. Syds Wiersma waard koördinator by it Frysk Filmargyf. Hartstikke moai, omdat hy ek gedichten skriuwt en affiniteit hat mei de Fryske literatuer.’
Sjoch hjir nei bylden fan Obe Postma.
Wat is ien fan de leukste dingen dy’tst dien hast?
‘Ik ha sels in filmke betocht en fan begjin oant ein makke mei tekst, ûndertiteling en voice-over derby. It is in byldkollum by de film fan Rients Westra út de jierren ’70 oer de eardere seedyksters. Omdat de dyk op delta-hichte brocht wurde moast en de húskes ôfbrutsen waarden moasten de seedyksters allegear ferhúzje nei doarpen yn de omkriten, lykas Seisbierrum, Easterbierrum en Tsjummearum. Al dy buorskipkes by de seedyk lâns binne der net mear. It wie in hiel apart slach minsken dat dêr wenne. Se koene bygelyks oan de see hearre oft it heech of leech wetter wurde soe. Dy minsken stiene oan ‘e râne fan de maatskippij en wiene hiel earm en libben fan it jutten fan guod dat oanspielde op ‘e seedyk. Se fielden har net thús yn in doarp, mar se woene wol byinoar wenje. Yn it filmke sjochst in man dy’t yn in krot fan in hûs wennet dêr’t de gatten yn ‘e muorre sitte, mar hy is dêr sa lokkich as wat en sit as in kening op syn hiem. Watse Cuperus hat in roman skreaun oer de seedyksters: Swart mar leaflik (1949). Doe’t ik de film klear hie bestie it Frysk Filmargyf 25 jier en wie der in feestlike resepsje. Op de resepsje draaiden we in kompilaasje fan films om sjen te litten wat der allegear yn it filmargyf siet. Nei ôfrin fan de resepsje kamen minsken by my om te sizzen dat myn filmke har wol wat dien hie. Dat fûn ik wol sa’n moai komplimint.’
Sjoch hjirûnder nei de byldkollum fan ‘De ferinnewearre wrâld fan de Seedyksters’
https://www.youtube.com/watch?v=4UkwzKEEVsI
Wat hast noch mear dien by Tresoar?
‘By Tresoar haw ik in database fan byld- en lûdopnames fan Fryske gedichten oanlein. Op de side fan Tresoar kinst alle Fryske dichters op alfabet opsykje. Dêr binne ek filmopnames by. Ik gong mei de kamera nei Fryske dichters ta, omdat der oars gjin byldmateriaal fan wie. De montaazje fan dy films die ik sels.’
Klik hjir foar de database fan Fryske gedichten.
Wat kinst fertelle oer dyn lêste dichtbondel: Heehoo heehoo; De leafde is as de mage fan in ko?
‘Dizze dichtbondel haw ik om in bepaald tema hinne skreaun. Myn freondinne en ik hawwe ris in pear nachten yn hotel Zeezicht yn de haven fan Harns oernachte. Ik koe net sliepe en seach út it rút wei op de haven út. It wie yn ‘e winter en der lei ien sylboat fan de brune float mei minsken derop. Ik begûn te tinken hoe’t it wêze soe om mei in groep toeristen op sa’n boat te sitten. Dat kaam yn bylden ta my en sadwaande is it tema ûntstien fan wat minsken dogge en fiele as se it wetter opgean. Ik bin dêr eins hielendal net sa gek op om mei de boat fuort, mar ik mei wol graach by de see wêze. Sokke selskippen wolle wat belibje as se oan lân komme. Miskien wolle se wat fan de Fryske kultuer witte en hiel miskien fan de Fryske literatuer en dêr haw ik de gedichten omhinne skreaun. Ik mei sels graach oer de seedyk kuierje. It lânskip fan de klaaistreek mei de ferskillende gewaaksen en alle kleuren en geuren dy’t dêrby hearre fyn ik geweldich en hoe’t it yn ‘e winter in grutte grize massa wurdt fyn ik ek prachtich. Ik ha suver begrutsjen mei de minsken op sa’n boat dy’t dat allegear lizze litte en leaver it aventoer fan it silen sykje. Yn gedichten kinst soks net eksplisyt útlizze. Poëzij moat yn it foarste plak moai wêze om te lêzen. De lêzer moat sels beslisse wat er yn in gedicht sjocht.’
Yn dizze bondel stean passaazjes yn it Aldfrysk. Hoe kaamst op dat idee?
‘Ik fyn it Aldfrysk in geweldich moai medium. Yn de Aldfryske wetsteksten wurde eins deselde problemen beskreaun as dy’t der no binne. De problematyk wurdt dêr sa moai yn ferwurde, dat is eins in keunstfoarm op himsels. Dy wetsteksten binne wol beskreaun, mar in protte is weiwurden. Dizze teksten haw ik op ynternet fûn en ik haw myn eigen ynterpretaasje deroan jûn.’
Dyn twadde bondel It eachwyt fan de simpele rider is net om in bepaald tema hinne skreaun.
‘Nee, dy gedichten binne ûntstien nei oanlieding fan bepaalde dingen dy’t ik meimakke, ûnderweis op fakânsje bygelyks of as ik in skilderij of in foto seach. Dan waard ik dêr sa troch grepen dat ik der wat oer op papier sette woe. Yn dy bondel stean gedichten oer fan alles en noch wat. De gedichten út myn allerearste bondel Tsi Tsi, dy’t ik yn eigen behear útjûn ha, stean ek wer yn de twadde bondel. De earste bondel hat gjin ISBN-nûmer en wurdt net as offisjele dichtbondel sjoen. De twadde en de tredde bondel binne eins inoars tsjinoerstelden. Ik ha by myn lêste bondel besocht om it jaan fan leskes sa folle mooglik los te litten en om net te sentimenteel te wurden.’
Wat binne dyn ûnderfinings mei optredens?
‘Ik bin wolris frege foar in foarlêsjûn. Dêr begûn ik te fertellen hoe’t myn gedichten ûntstien wiene en wat ik dermei bedoelde. De oanwêzigen dêr begûnen doe hiele yntime dingen te fertellen oer har relaasjes en sa. Unfoarstelber, dat minsken har dan sa frij fiele. Dat fyn ik in moai aspekt fan it dichtsjen en wat foar keunstfoarm dan ek, dat der in bepaalde frijheid ûntstiet yn geastlike sin, dat minsken har folle mear sjen doare te litten. Dat haw ik by oare foardrachten ek bespeurd, dat der in hiele noflike frije sfear ûntstiet. Foardrage doch ik op it stuit net, mar ik mis it wol.’
Wat hasto mei keunst?
‘Ik hâld fan it sjen nei skilderijen. En ik hâld o sa fan moderne dûns. Dat fyn ik de moaiste keunstfoarm dy’t der is, it is sa ekspressyf. Dat makket altyd hiel wat yn my los, hoe’t dy minsken harsels lichaamlik uterje. De oerienkomst tusken alle keunstfoarmen is neffens my dat minsken de frijheid nimme om hiele ûnferwachte dingen te dwaan. Jin frij fiele is neffens my wêr’t it om draait yn de keunst. It giet derom datst genietsje kinst fan it libben en dêr spilet keunst foar my in grutte rol yn.’
Hoe giet it mei dyn sûnens?
‘Twa jier lyn bin ik hiel siik wurden en doe tocht ik echt dat ik it net rêde soe. Ik tocht dat it moai wie dat der noch in dichtbondel fan my útkomme soe en sadwaande is myn lêste bondel ûntstien. No is dat gefaar in bytsje oer en soe ik wol wer oer in nije bondel neitinke kinne. Myn sykte is no stabyl. De dokters tochten earst dat ik de sykte fan Kahler hie, dat is kanker yn it bienmoarch. Ik haw lykwols in minder slimme fariant fan Kahler, mar wol sa slim dat ik noch altyd gemokueren haw. Ik ha der hiel min oan ta west en dan komst oars yn it libben te stean. Dingen dêr’tst dy earder drok om makkest ferdwine mear nei de achtergrûn. No’t it stabyl is begjin ik wer de prikkelingen fan it libben te fielen, mar tagelyk is de ûnsekerheid der noch wol. Yn feite is de sykte it bêste wat my oerkaam is, want ik fiel my no sa frij as in fûgel en dêr haw ik eins myn libben lang nei socht. Der is neat mear wat ik wiermeitsje moat yn it libben, ik bin al lang bliid dat ik der noch bin en wol genietsje fan wat der is. Myn baan slokte al myn enerzjy op. Ik wurke de hiele wike en doe moast ik fan de iene op de oare dei fan myn húsarts nei de spesjalist en bin ik der net mear weikommen. Dan bist ynienen oerlevere oan de dokters. Wol haw ik altyd besocht om myn eigen gefoel dêryn oerein te hâlden. Ik haw net alles dien wat sy mei my foar hiene en dat jout ek in hiel frij gefoel datst ferantwurdlik bist foar dysels en dyn sykteproses. Ik ha myn eigen koers útstippele mei in homeopatysk arts dy’t op net-toksyske wize kanker behannelet en dêr fielde ik my better by as by de reguliere behanneling. Ik haw in kombinaasje makke fan de gemokueren, de net-toksyske behannelwize en in oare manier fan libjen. Ik fielde my altyd fierste ferantwurdlik foar fan alles en noch wat en ik tink dat ik dêrtroch dy sykte krigen ha. Dat ferantwurdlik wêzen foar dyn eigen libben komt oerien mei watst sikest as keunstner. Der is net ien dy’t my fertelle sil of kin hoe’t ik dichtsje moat. Dy frijheid moatst gewoan nimme yn it libben. Dat soe eins fan begjin ôf oan sa wêze moatte, mar dêr komt it hast nea fan, want je wurde troch safolle maatskiplike biningen libbe. Ik fyn it prachtich om te sjen hoe’t bern gewoan dy frijheid nimme. Of hoe’t minsken dy’t fersoarging nedich ha har oerjaan kinne oan de situaasje. Ik fyn it in libbenskeunst om dat te kinnen.’
Resinsint Jelle van der Meulen hat op syn webside oer dyn bondel It eachwyt fan de simpele rider skreaun dat dyn gedichten fol stean mei bylden en dat der in protte mislearret: de taal goed brûke, in grut dichter te begripen en de wiere leafde te learen. Hy seit ek dat it moaie poëzij is. Wat fynsto dêrfan?
‘Dat fyn ik fansels in hiele positive resinsje. Ik haw in perioade yn myn libben hân dat ik tocht dat ik yn sawat alles mislearre wie. It kloppet wol dat dat ek yn dy gedichten sit. Ik haw wol besocht om dat wat spotsk te benaderjen. Ik wit net oft dat goed oerkommen is. Soms binne it grutte tema’s en emoasjes dy’t je oangripe en dêr kinne je bot yn ferûngelokje of yn stereotypen bedarje. It is eins begûn mei in sylboatgedicht oer myn doetiidske freondinne. Op har wie ik wol sa ferskriklik gek en dat haw ik besocht yn wurden te fetsjen en dat slagge gewoan net. Ik moast dat yn in konkreet byld fan in sylboat ferwurdzje. Dat gedicht ‘Do’ is publisearre yn Hjir.’
Bist mei nij dichtwurk dwaande?
‘Sa no en dan wol, as dingen my hiel bot oansprekke. Ik wie lêst by in goede freon op ‘e jierdei, wy kenne inoar al hast fyftich jier. Ik woe him gjin kado jaan, mar opskriuwe hoe’t ús freonskip ûntstien is. Ik lis yn it gedicht ek de link nei hoe’t it hjoed is. Sels fyn ik dat in hiel slagge gedicht. Ik bin mear oan it genietsjen fan boeken lêze, films sjen, skake, gitaarspylje en fytse. Yn it sikehûs ha ik as in fizioen in moai leech lânskip foar my sjoen, sa’t it yn Genesis beskreaun stiet. Ik fûn dat sa’n ferromming dat ik dat hielendal sels folje koe en net mear bûn wie oan wurk of oare deistige dingen, sadat ik mear sels ta myn rjocht kom. Mei yngong fan 1 jannewaris takom jier hâld ik op by Tresoar. Ik ha dêr dien krigen. Ynearsten sil ik myn freondinne wat helpe mei har bedriuw. Sy begeliedt minsken mei in soarchfraach.’
Wat is dyn achtergrûn?
‘Ik fyn it moai om achterôf te sjen hoe’t dingen yn dyn libben yninoar gripe. Yn it begjin dochst mar wat en letter blykt dat dingen op in hiele moaie manier byinoar komme. Ik kom út in lânboufermidden. Us pake hat eartiids mei syn broer in eksportbedriuw yn ierdappels opset en ús heit hat dêr noch in poat oan tafoege troch in ierdappelkweekbedriuw deroan te ferbinen mei in hiele groep fan ierdappelkwekers, sadat se har eigen soarten ferhannelje koene. It wie de bedoeling dat ik fierder gong yn dy saak, ik haw ek noch in healjier nei de hegere lânbouskoalle west, mar it waard al gau dúdlik dat ik der net geskikt foar wie. Wy wennen doe yn de Noardeastpolder yn Emmeloard en ik woe sa graach mei Fryske literatuer dwaande wêze en dan yn Ljouwert wenje, want dat wie foar my it Mekka, mar ik seach net hoe’t ik dat foarinoar krije moast. Ik kaam doe myn eardere frou tsjin, sy wurke yn de biblioteek yn Emmeloard. Doe’t wy trouden koe sy in baan krije yn Ljouwert en binne we dêrhinne ferhuze. Yn dy tiid bin ik mei de stúdzje Ingelsk begûn en letter mei de stúdzje MU Frysk en haw ik it ierdappelwêzen farwol sein. De dingen binne letter sa moai op har plak fallen, folle moaier as ik ea betinke kinnen hie, doe’t ik wurk krige by it FLMD. Moatst gewoan dwaan wêr’tst goed yn bist en dan komt der altyd wol wat. No moat ik dit wurk loslitte, mar ik wit sa stadichoan wol dat ik geduld ha moat en dat der dan wol wer wat op myn paad komt, eat dat miskien noch moaier is.’
hiel moai en skitterend ferhaal. ik winskje tsjisse in lang libben en moed om ferhalen en poezy te meitsjen. Fan de seedyksters hie ik noch noait heard. tige tank Piter