Beart Oosterhaven

Nanne Kalma 50 jier muzikant én liettekstskriuwer (1965-2015)

logo.ensafh

2015 wie in jubeljier foar Nanne Kalma (66) fan Burgum. Hy koe net allinne syn 50-jierrich jubileum as muzikant fiere: mei de troch him yn 1975 oprjochte Frysktalige folkgroep Irolt koe er ek in stikmannich útferkochte reunykonserten jaan. Boppedat kamen fan Irolt alle sân, tusken 1975 en 1985 ferskynde, elpees as cd út. Reden foar Omrop Fryslân-telefyzje om op 8 novimber 2015 in dokumintêre oer Nanne Kalma en ’e skiednis fan ‘syn’ groep Irolt (opdoekt yn 1987) út te stjoeren. Yn dy, fierder fakkundich makke, dokumintêre binne in pear wichtige ‘fasetten’ fan Nanne Kalma syn muzikantskip, lykas syn grut tal bydragen oan it Esperanto-lieterepertoire, ûnderbeljochte bleaun.

Earste bands
It is de dokumintêremakkers fan ús regionale omrop oars net kwea of te nimmen, dat se oan ferskate fasetten fan Nanne Kalma syn muzikant-wêzen gjin omtinken jaan kinnen hawwe. Kalma hat nammentlik yn ’e heale iuw dy’t syn karriêre no duorret, sáfolle by de ein hân en produsearre, dat dêr maklik wat fan oer de kop sjoen wurde kin!
Nanne Kalma waard berne op 15 oktober 1949 yn Amersfoart. As jonge ferhuze er mei syn âlden nei Ljouwert. Yn 1965 lit er foar it earst as muzikant fan him hearre. Hy spilet dan yn ’e beatgroep (The) Example. Ut dy groep komt yn ’e twadde helte fan ’e sechstiger jierren de formaasje Pugh’s Place fuort. De besetting is behalve Kalma (sang, fibrafoan): Jan van der Heide (sang, dwersfluit), Hans Kerkhoven (gitaar), Jan Ottevanger (basgitaar) en George Snijder (drums). Mei Pugh’s Place rûkt Nanne Kalma foar ’t earst oan lanlik sukses. Harren single ‘Nothing Is Real Here’ (1970) berikt nammentlik de tipparade. Dat nûmer wie produsearre troch Boudewijn de Groot. De Groot naam ek de produksje fan ’e earste folsleine elpee fan Pugh’s Place, West One (1971), foar syn rekken. Op dy plaat is te hearren, dat Pugh’s Place goed harke hat nei bands lykas Traffic, Spooky Tooth en Yes, dy’t ein-sechstiger/begjin santiger jierren tige populêr wiene mei harren progressive rock. Ein 1971 falt Pugh’s Place útinoar. Méi ek, om’t Nanne Kalma gjin nocht mear hat oan it op heech folume spyljen yn in rockband. As er mei Pugh’s Place spile hat, leit er nachts steefêst mei in lestige fluittoan yn ’e earen op bêd!

Farmers Union en Irolt
De Ljouwerter singer-songwriters Piet Kok en Sido Martens bringe Nanne dan op ’e smaak fan ’e yn dy tiid hieltyd mear yn ’e swang kommende folkmuzyk fan Amerikaanske en Ingelske oarsprong. De Ingelske fariant, mei groepen dy’t ek in bytsje rock yn harren lûd beminge, lykas Fairport Convention, Fotheringay en Steeleye Span, slacht yn Fryslân (Ljouwert) wakker oan. Gjin niget, dat wy Piet Kok en Sido Martens yn 1972 weromfine yn ’e band Farmers Union, dy’t folk bringt yn ’e styl fan Fairport Convention en Steeleye Span. It kwartet Farmers Union bestiet fierder út sjongeres Liedwien Schaper én multy-ynstrumintalist Nanne Kalma! Nei goed oardel jier is it alwer dien mei Farmers Union. Op Keninginnedei 1978 komt de band lykwols byinoar foar in reunykonsert. Dat konsert wurdt sá’n sukses, dat besletten wurdt om ’e elpee Reunion op te nimmen, dy’t yn 1979 útkomt en yn 1999 as cd ferskynd is.
Nei’t der in ein kommen is oan Farmers Union, wurdt krektneamde Sido Martens lid fan ’e yn 1972 te Flaardingen oprjochte folkrockgroep Fungus. Yn 1974 makket er mei dy band de heal Hollânsk-, heal Ingelsktalige elpee Fungus en in jier letter it album Lief ende leid.
Oan it repertoire op ’e earste twa elpees fan Fungus is dus al te fernimmen, dat it yn ’e foarste helte fan ’e santiger jierren net allegear Ingelsk/Amerikaansk mear is wat de taal fan ’e lietteksten fan folkmuzikanten yn Nederlân oanbelanget. Dat opkommen fan folkmuzyk by en nei oanlieding fan Hollânsktalige teksten achtet Nanne Kalma in nijsgjirrige ûntjouwing. Yn 1974 fettet er yn ’e mande mei de studinte Ingelsk Inez Timmer it plan op om in Frysktalige folk-elpee te meitsjen. Dy elpee krijt as titel De Gudrun Sêge en ’e groep dêr’t Kalma en Timmer dat album mei meitsje en letter ek mei op ’e planken stean, krijt de namme Irolt. De ‘rest’ is histoarje. Wa’t dy histoarje nochris neilêze wol, ferwiis ik nei myn artikel ‘Talint, Tafal en Talis. Irolt; folkgroep yn Fryslân 1975-1987’ dat yn 1994 ferskynd is yn Irolt. Ier of let… It boek. It artikel is ek te finen op www.nanne-ankie.nl > Irolt.

Esperanto
Nei syn tolve jier yn Irolt fine wy Nanne Kalma werom yn allerhanne folkformaasjes. Te begjinnen by De Perelaar, dêr’t er tusken 1986 en 1989 twa (foaral Hollânsktalige) elpees en in cd mei makket. Dêrfoar, yn 1985 – dus (ek) noch yn ’e Irolt-tiid – , hie er oars yn it ramt fan it Frysk Festival fan dat jier ek noch in elpee makke mei de gelegenheidsformaasje De Rju Nommele Hearen.
Fan 1987 ôf is it Kalma tinken mei de keunsttaal Esperanto, dêr’t er jierrenlang syn hiele siele en sillichheid oan jaan sil. Hy is nammentlik fan betinken, dat it brûken fan sa’n weardefrije keunsttaal, los fan ’e ‘bloed-en-boaiemsentiminten’ dy’t gauris mei lânstalen anneks binne, wolris in goed helpmiddel wêze kinne soe om te kommen ta in freedsumer wrâld.
Yn 1988 begjint de groep Kat yn ’t Seil, dêr’t er dan yn sit mei Ankie van der Meer (sang, gitaren, banjo), Marita Kruijswijk (fluiten, skalmei) en Marian Nesse (sang, akkordeon), mei it sjongen fan Esperanto-teksten. Spesjaal foar dat repertoire kieze se in twadde namme foar de band: Kajto. In jier letter ferskynt ûnder deselde namme de earste cd ea op ’e wrâld yn it Esperanto! Op dy cd, Kajto dus, stiet al it nûmer ‘Mi memoras’, dêr’t tekstskriuwer Jaap Duijs op fersyk fan Nanne Kalma dy syn syn anty-militarisme yn ferwurde hat. It liet hat as ûnderwerp it ophâlde moatten mei draakjefleanen troch Ljouwerter bern, om’t de strieljagers fan ’e fleanbasis dêr hinder fan hawwe soene.
‘Mi memoras’ is yn it ramt fan ’e Irolt-reuny fan ein 2015/begjin 2016 troch Pyt Jon Sikkema oerset yn it Frysk ûnder de titel ‘Ik wit it noch’. En dat waard ek de titel fan ’e miny-cd-fan-fjouwer-nûmers dy’t by gelegenheid fan dy reuny ferskynd is. De lêste kûpletten fan it nûmer binne eksimplarysk foar Nanne Kalma syn wize fan sjen nei it militaristysk apparaat:

ik wit it noch, dat ik as feintsje it net troch hie, wêrom samar op in dei
it spul net troch gie: papierren fûgels nearne te bekinnen,
wy sieten mar thús en fochten tsjin ús triennen om ús draken

ik wit it noch, dat ús wille suver stoarn wie, troch lawaaifûgels fan stiel
bedoarn wie; bommesmiters, fan dy grutten, koen’n net op tsjin
boartersguod fan pjutten, net op tsjin ús draken, ús draken…

Yn ’e bêste tradysje fan it protestliet wurdt it nûmer fansels ôfsletten mei in ‘moraal’. Op syn Esperantoosk giet dy sa:

Se kajto estas tiel minaca gi servu kiel armilo paca

Do mi petas al ciuj infanoj de la tero fari multajn birdojn
el papero por forpeli aermilitilojn ni kovru la cielon
per pacarmiloj, niaj kajtoj, niaj kajtoj, niaj kajtoj, niaj kajtoj

Pyt Jon Sikkema hat dêr fan makke:

Is foar har sa’n draak in hiel o-heden, litt’ wy ’m dan ynsette foar de frede

Dat ik freegj’ oan alle bern op hiel de ierde: meitsje fûgels by it soad,
fan papier; ferjei alle fleanende aaklikheden; litt’ wy bedekke de loft mei
wapens fan frede…, ús draken…, ús draken…, ús draken…, ús draken…

Prachtich lietemateriaal
De ‘geast’ fan passivisme en positivisme dy’t út boppesteande tekst sprekt, komme wy tsjin yn suver al it Esperanto-repertoire fan ’e groep Kajto (dat ek ‘draak’ betsjut!). Nei de boppeneamde debút-cd folgen noch fjouwer albums: Procesio multkolora (1991), Tohuvabohuo (1993), Masko (1999) en Lokomotivo, rulu nun! (2004). It is ivich skande dat dat werklik prachtige lietemateriaal bûten it Esperanto-fermidden mar sa’n bytsje omtinken krigen hat. Op alle cd’s binne nammentlik juwieltsjes fan tekst en muzyk te finen, dy’t it fertsjinje om wykliks op ’e radio draaid te wurden. Ik neam fan ’e fjouwer earstneamde skiven efterinoar ien foarbyld: ‘Mi memoras’ (sj. boppe); ‘Malantau la kurtenoj’; ‘Rabista dormo’ en ‘La malnova balancilo’.
It twadde neamde nûmer komt dus fan ’e cd Procesio multkolora en hat tekst én muzyk fan Nanne Kalma. Op dat album stean nóch acht lietteksten fan Kalma. Foar de earste cd fan Kajto hie er wol alle muzyk skreaun, mar noch gjin teksten. Dat ek leverjen fan lietteksten soe er folhâlde foar suver alle cd’s dy’t fan Kajto ferskynd binne.
Nei 2005 begûnen sawol Marita & Marian as Nanne & Ankie hieltyd mear duo-konserten te jaan. Marita & Marian waarden ek lid fan ’e groep Kapriol’!, dêr’t se yn 2009 de Esperanto-cd Aventur mei makken.
Nanne & Ankie brûke de namme Kajto noch altyd as se harren Esperanto-repertoire útfiere. Op sa’n wize brochten se ek alwer twa cd’s út: Duope (2011) en Flugas (2015).

Goede teksten
Lykas sein, hie de earste Kajto-formaasje deselde personele besetting as Kat yn ’t Seil. Mei dy groep waard foaral Hollânsk- en Frysktalich repertoire brocht. It waard – wol gauris yn oparbeidzjen mei lju út it fermidden fan ’e sjongersploech Liereliet – fêstlein op ’e cd’s Liereliet (1991), Hand over hand (1994), ’t Malle Schip (ek 1994) en Kinkhoorns in de mist (1998).
Yn 2004 kaam fan ’e ‘helte’ fan Kajto/Kat yn ’t Seil, nammentlik Nanne (Kalma) & Ankie (van der Meer) as folkduo, in werklik magistraal moaie Frysktalige cd út ûnder de titel Mei de guozzen mei. Opfallend oan dat album is de kar foar goede (literêre) teksten fan dichters lykas Tsjits Peanstra, Fedde Schurer en Tiny Mulder. Mar Nanne Kalma is op dy cd sels ek wer warber as liettekstleveransier en wol yn fjouwer stikken, dêr’t, wat my oanbelanget, ‘De Fiver fan myn Bestean’ in klassenûmer fan is, dat yn gjin inkele Top 100 ûntbrekke moatte soe. Allinne al om ’e kearsang:

[…], want wat mij oerkomt mei dij, dat smakket hieltyd mar nei mear,
dij te moetsjen bliuwt bysûnder, ’t is in wûnder, elke kear.
Ik wol mei dij diele, ik wol dij fiele, ja, ik wol dij ûndergean.
Ik bin fassinearre, obsedearre, ymponearre, ynspirearre…,
dizze dûns mei dij tegearre jout reliëf oan myn bestean.

Nei 2004 meitsje Nanne & Ankie hast alle jierren wol in cd; yn it Hollânsk: Dijk vol Muziek (2007), Spelevaren op de Sterrenzee (2015); Ingelsk: The Song of Life (2008, op teksten fan ’e Australiër Michael J. Roads) én fansels it Frysk: Spreuklieten (2007), Smûzje (2008), Moai mei dij (2009). En dat is dan noch mar in part fan ’e produksje fan ’e lêste 15 jier! Alles mei-inoar hat it oparbeidzjen fan Nanne Kalma mei Ankie van der Meer, dat begûn yn 1980, oant no goed 30 albums op elpee en cd oplevere!

Wurkkrêft en produktiviteit
Ut it boppesteande kin feilich opmakke wurde, dat Nanne Kalma al 50 jier in fenomeen yn ’e Fryske lichte muzyk (folk) is. En dan haw ik it noch net iens hân oer wat er organisatoarysk út ’e wei set hat. Hy stie nammentlik ek oan ’e basis fan ’e Feriening fan Fryske Folksmuzikanten ‘Tsjoch’ en oan dy fan ’e grutte en minder grutte Tsjoch-festivals, dy’t oant in jiermannich lyn alle hjersten hâlden waarden. My is yn Fryslân net ien musikus bekend dy’t sá’n wurkkrêft en produktiviteit hat as Nanne Kalma fan Burgum! Of it soe Nanne syn, troch him heech-wurdearre, learmaster op ’e eardere Muzyk Pedagogyske Akademy te Ljouwert, de komponist, musikolooch, hymnolooch en teolooch, dr. Bernard Smilde (1922-2014), al wêze moatte.

www.nanne-ankie.nl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *