
Ta myn ferbjustering wurdt der yn it ferslach fan de bestjoersgearkomste fan It Skriuwersboun fan 16 desimber in opmerking makke oer hoe’t ik omgean soe mei “manuskripten fan skriuwers út [myn] fûns”, hoewol’t myn namme net neamd wurdt.
Ik sitearje: “It bestjoer is fan miening dat it not done is as útjouwers har yn negative sin op it ynternet manifestearje oer manuskripten fan skriuwers út har fûns”.
Hjir wurdt tsjut op in utering fan my op myn webloch, 19 oktober: “Efkes sjen, Mous, is dat net dat mantsje fan wa’t ik okkeries in manuskript yn ‘e prullebak mitere… Ja, fansels, de biografy dêr’t jim allegear al sa lang op wachtsje, EEN FRIESE MUIS AAN HET KRUIS.”
It stikje dêr’t dizze utering út komt, waard skreaun nei trije misledigingen (op myn eigen webloch) ôfkomstich út it hûs fan de skriuwer fan it manuskript oan myn adres en oan dat fan kollega-skriuwer en –dichter Eppie Dam.
Fansels, ik hie my stilhâlde moatten… like stil as al dy Fryske skriuwers en blêden har hâlde as der werklik wat te rêden is.
Mear op it weblog fan Abe de Vries