
Feuilleton
31
It wie harren twadde dei yn Epen, dêr’t se útfanhuzen yn herberch de Smidse oan ’e súdkant fan it doarp, in âld, ienfâldich hotel mei keamers sûnder fasiliteiten. It stie op ’e skeante fan it Geuldal, sadatst fan it terras ôf in moai útsjoch hiest. Troch de beammen en it weagjende lânskip seachst de Geul dêrwei trouwens net, no ja, flakby skimere der wat fan tusken de beammen troch dêr’t er even nêst de dyk streamde. Catrinus kaam der alle jierren in pear kear en hie der op oanstien dat se dêr no ek tegearre in keamer nimme soene. Seleina hie it der net op stean hân mar wie no bliid dat se har oerhelje litten hie. It wie eins wol grappich. Under yn it hotel yn de restaurantromte net sasear, mar op harren keamer mei syn âlderwetsk oansjen hie se it gefoel as wie se hûndert jier yn de tiid werom. Ja, grappich fûn se it, al liet it har ek allegear tinke oan har âlderlik hûs, oan it hûs fan har omke en tante yn Peazens, oan it hûs fan Wytse Akerboom. Mar dy bylden hie se ek by har as se yn Port Hartcourt yn Nigeria wie. Likegoed hie se in drompel oer moatten en dat hie se dien troch de hân om Catrinus hinne te slaan en him in tút op it wang te jaan.
Se sieten oan it moarnsiten. Catrinus fertelde oer de earste kear, sân jier lyn, dat er yn de Smidse útfanhûze hie. Hy sei dat er der altyd wer kaam om’t it syn tiid oerlibbe hie.
‘Dy earste kear wie yn ’e maitiid. Alles begûn wer op ’e nij. Hiel apart.’
Seleina hie de eagen op it iten rjochte en harke wilens. Se sei neat.
‘Seist neat.’
‘Ik bin yn gedachten.’
Se glimke even nei him.
‘Wy soene hjoed kuierje, dochs?’
‘Wis.’
‘Dan stel ik foar dat wy hjoed hjirwei it Geuldal ynrinne,’ sei Catrinus.
‘Dat wol ik wol.’
De deis dêrfoar hiene se mei de auto in slinger troch de heuvelachtige streek makke en yn Maastricht op it Vrijthofplein iten. De sinne skynde folop sadat foaral it wide útsjoch by Camerig Seleina ferraste. Seachst dêr it Geuldal en België mei yn de fierte de eastlike Ardennen. En yn eastlike rjochting – sa wiisde Catrinus har oan, it Eifelgeberchte.
‘Ik wol hjoed mei Klaas skilje,’ sei Seleina.
‘Ik bin benijd.’
By it hotel wei stutsen se de dyk oer nei it kuierpaad troch it stik greide. By de âlde folmole lâns – se seagen in skoftke nei it draaiend rêd – kamen se op in hollizzend asfaltdykje út en dêrlâns kamen se út by fakânsjepleats Tergracht en kemping ’t Zinkviooltje. It kuierpaad rûn fierder oer it kempingterrein en dêrnei oer ôfrinnende stikken greide rjochtút parallel oan de rjochting fan de kronkeljende Geul op ’e boaiem fan de delte, mar noch hieltyd in ein der ôf. Nei in kilometer kamen se dan dochs by it rivierke mar doe gong it paad dêr net fierder mar wie der in brechje nei de oare kant, dêr’t in asfaltearre dykje wie. Dêr koest rjochtsôf rjochting België en linksôf wer yn Epen komme. Catrinus liet goed merke dat er alle diken en paden út ’e pinne koe. Se joegen har op it bankje dêr del.
‘Dan skilje ik no,’ sei Seleina.
‘Goed.’
Catrinus kaam oerein en gong nei de streaming fan it wetter stean te sjen.
‘Ja, Klaas, it is mei Seleina.’
‘Wat? Do?’
‘Do seist lêsten datst noch wolris mei my prate woest. Wat my oangiet kinne wy inoar ynkoarten treffe. Ik sis mar wat, yn Zwolle of sa?’
‘Ljouwert kin om my ek wol.’
‘Dat is my te tichtby.’
‘Wiest oars lêsten ferrekte tichtby.’
‘Ja. Mar noch mar net wer. Dochs?’
‘Wêr yn Zwolle?’
‘Ik kom mei de trein. Wy kinne ôfprate yn Grand hotel Wientjes. Kinst dat?’
‘Nee.’
‘In klassyk hotel mei in smûk restaurant, flakby it stasjon, oan ’e Stasjonswei. It sjocht der oan ’e bûtenkant foarnaam út mei in brede trep nei de yngong ta. Ik ha der wat jierren lyn in kear west. It sit der prima.’
‘Doch mar djoer. Wannear hiest yn ’e holle?’
‘No sneon. Kinst dan?’
‘Skillest oer in oere even wer?’
‘Goed.’
‘Dat wie in koart petear,’ sei Catrinus.
‘Hy skillet oer in oere wer. Hy sil oerlizze wolle. Mei syn frou fêst. En miskien ek mei syn suster. En dat begryp ik wol.’
Seleina seach op har horloazje. Se woe dat de tiid opskeat.
Doe’t se wer fierder gongen rûnen se earst in stikje oer it asfaltearre dykje en doe troch in draaistekje it paad op dat troch it stik greide tusken de rivier en de râne fan ’e delte rûn. Se gongen fan it paad ôf en setten oer it flakke stik greide mei hjir en dêr in heechoprizende populier nei de rivier ta, dy’t dêr ôfgryslik slingere en folgen it wetter doe in pear hûndert meter. It koe Seleina bekoare.
‘It is hjir moai,’ sei se.
‘Ik fyn it altyd wer paradyslik,’ sei Catrinus, ‘wat soe it moai wêze om hjir in hut te bouwen, dêr’tst yn wenje koest. Ja, ien op peallen, want it wetter kin hjir heech komme.’
Lâns de kanten stie harren hjir en dêr in wylgestrûk yn it paad en op guon plakken bosken lilakleurige springbalsemyn. Seleina hie foaral aardichheid oan de troch de stream útholle skerpe sânige bûtenbochten.
Se gongen werom nei it paad en doe’t se in streamke oerstutsen dat nei de Geul ta rûn sei Catrinus: ‘No komme wy aanst by in nijsgjirrich plak lâns,’ sei Catrinus, ‘ast it foar it earst sjochst, soest it net sizze.’
‘Ik bin mei in gids op ’en paad,’ sei Seleina, ‘mar wat wier is moat sein wurde, do oerfuorrest my net.’
It paad rûn no ticht by de steile dellingskeante lâns.
Doe’t se op by in iepen romte kamen hâlde Catrinus yn.
‘Falt dy hjir wat op?’
‘Ja, dat dêr.’
Se wiisde nei in soarte ynham of iepen grot yn ’e fierders mei beamguod begroeide skeante. De ynham hie in steilrjochte achterkant, in keale rotsmuorre.
‘Ja, witst wat dit is?’
‘No?’
‘De Heimansgroeve.’
Catrinus fertelde har hoe en wat. It wie in groeve dêr’t earder stiennen úthelle wiene foar it ferhurdzjen fan paden. No wie it in natuermonumint, dat neamd wie nei de Amsterdamske ûnderwizer en natuerbeskermer Eli Heimans, dy’t de natuer en it lânskip om Epen hinne lanlik bekend makke hie. It bysûndere fan it stee wie dat der laaistien en koalsânstien fan 270 miljoen jier âld sichtber wie en in ploai yn ’e ierde. Koest sjen hoe’t de lagen rûnen. Catrinus wiisde it har oan. It ploaipunt lei oan ’e linkerkant fan de groeve en yn it profyl fan de mei gers begroeide skeante dêrnêst wie it ôfrinnen fan de stienlagen nei links ta sichtber makke en yn de groeve sels rûnen de lagen nei rjochts ta skean ôf.
‘It is wol apart,’ sei Seleina, ‘datst my dit sjen list. Tinkst oan in grot ast it sjochst. Flechtsje of weikrûpe yn in grot of sa. Dat binne de gedachten dy’t my yn ’e macht ha. En ik flechtsje altyd de grins oer. Ik soe hjir yn Nederlân wol weikrûpe wolle, mar dat doar ik net. As se jin fine kinst gjin kant mear út, dat idee.’
‘Wêrom wennest hjir noch?’
‘Ik ha net gefoel dat ik hjir noch wenje. Eins wenje ik nearne.’
‘Mar goed trije jier lyn hast wol in toutsje nei my ta spand.’
‘En dêr bin ik bliid om.’
Doe’t se wer troch it stik greide foar it hotel oer rûnen, wiisde Catrinus Seleina op in rige mollebulten.
‘Troch al dy ferhalen fan dy soe ik noch wolris sjen wolle dat in mol út ’e grûn skept wurdt. Mar earlik sein soe my tink de grize oer de grauwe gean.’
‘Dêr soe it wol kinne,’ sei Catrinus, ‘in betûfte mollefanger wit wêr’t er stean gean moat te wachtsjen. Ik ha it ferskate kearen sjoen.’
‘Dan moatst it sels ek hast kinne.’
‘As ik it hjir dwaan mocht die ik it foar dy. Moatst tastimming ha fan de eigner fan it lân. Ik leau dat dêr in klem stiet.’
It wie sa. Catrinus rûn derhinne. Seleina kaam achter him oan.
‘It is in harpoenklem,’ sei er, doe’t se by him wie.
‘Hoe wurket sa’n ding?’
‘Hy stiet yn in rid. Dat sjochst. De mol rint troch syn rid en triuwt dat plaatsje dat op ’e grûn rêst omheech. De fear sjit los en de nullen dy’tst sjochst sjitte de grûn yn en troch mollebealchje.’
‘Freeslik.’
‘En dat seisto. Ik sil dy mar net fertelle watfoar klemmen en aaklichheden der noch mear binne om mollen mei te fangen of leaver sein út ’e wei te romjen.’
‘Ik wit it no wol,’ sei se.
Werom yn it hotel skille Seleina wer mei Klaas. Se die it op harren keamer. Catrinus seach ûnderwilens ta it rút út, nei de mollebulten yn it stik lân, nei in skym fan ’e Geul tusken de beammen troch en it terras.
‘It kin sneon wol,’ sei er, ‘en it plak is ek goed.’
‘Moai. En hoe let sille wy ôfprate?’
‘Net te let op ’e dei wat my oangiet. De moarns om in oer as alve?’
‘Prima, ik soargje dat ik der foar alven bin.’
‘Is it nedich, dat wy it no noch earne oer ha?’
‘Wat my oangiet net. Bist hastich?’
‘Spand.’
‘Ik ek.’
‘Dat fernim ik net oan dyn stim.’
‘Ik bin wend om der mei om te gean.’
‘Dat sil ’t wol, ja.’
‘Klaas, ik bin bliid datst op myn fersyk yngietst.’
‘Ynoarder.’
‘Oant sneon dan.’
‘Ik sil der wêze.’
Catrinus seach út ’e eachhoeken wei nei Seleina. Har gesicht stie earnstich.
‘Wêr bist oan wend om mei om te gean?’
‘Spanning. Klaas wie spand, sei er.’
‘Ik ha dy der net nei frege. Mar wat wolst eins berikke?’
‘Neat.’
Se setten it doarp yn en joegen har, beide mei it gesicht nei de sinne ta, op in terras del om wat te iten. Doe’t se wat besteld hiene sieten se beide even mei de eagen ticht.
‘Ik ha oanstriid om dyn hân fêst te krijen,’ sei Catrinus.
‘Dat mei.’
‘Ik rûk Ljouwert,’ sei er, ‘apart. Ik ha my noait in echte Ljouwerter field.’
‘Do hast út Ljouwert gjin lûd oerhâlden hast my wolris ferteld. ’
‘Wat rûkst dan?’
‘De stank fan de Potmarge, al dy roken fan de freedsmerk op it Saailân en froulju op ’e Nijstêd, dy’t lekker rûke. It komt troch dy. Troch dy komt Ljouwert yn my werom. Of lit ik Ljouwert wer ta. Miskien is it dat.’
‘Do wennest ek yn Huzum.’
‘Ja.’
‘Doe’t ik út Peazens werom wie, ha ik dy skille.’
‘O ja?’
‘Witst dat net mear. Wêrom soe ik dat noch witte? Do hast wol faker skille. Mar ik snap wol datsto it noch witst.’
‘It wie ek de earste kear, dat ik dy skille.’
‘Ik wit der neat mear fan. Do hast my ek fêst net sa faak skille, dochs?’
‘Nee, in pear kear. Mar do my noait.’
‘Wêrom ek?’
‘Wêrom ek, ja.’
‘Wy soene der foar sitten gean kinne om ús alles út dy middelbere skoalletiid yn ’t sin te bringen.’
‘Ik tink net dat it doel hat. Hasto doe wolris oanstriid hân om my oan te reitsjen?’
‘Nee.’
‘Dêrom.’
‘Dy jûns doe’t ik krekt út Peazens wei werom wie en wy by de brêge stiene doe woe ik tsjin oan stean, mar doe ha ik it net dien.’
‘Wêrom hast my doe skille?’
‘Ik woe net allinne wêze, tink.’
‘Mar wêrom my?’
‘Om’t ik it gefoel hie dat ik mei myn freondinnen neat mear te meitsjen ha koe. En do wiest, tink, de earste jonge dy’t my yn ’t sin skeat. Ik gong sûnt dy tiid eins ek allinne noch mar mei jonges om.’
‘Ik wie wol fereale op dy, doe. Ja, dat sis ik dy no pas. Mar do hâldest elkenien op ôfstân.’
‘Ik ha dy trije jier ferlyn ferlaat om’t ik dy koe.’
Se makken de middeis noch in kuier. No it suden yn oer it asfaltdykje geandewei omheech nei Köttingen en dêrwei troch it lân it easten yn de flauwe skeante fan it Geuldal del oant se, sa as de moarns ek al, by Tergracht wiene. Dêrwei rûnen se yn omkearde rjochting it stik dat se de moarns by it hotel wei rûn hiene: it asfaltearre dykje en healwei it kuierpaad yn by de folmole lâns en troch it lân mei de mollebulten.
‘Ik tel no trije mollebulten mear. Hy is aktyf,’ sei Catrinus.
‘Ik wol sa’n mollerid wolris fan binnen sjen,’ sei Seleina.
‘Goed.’
Catrinus socht in rid op oan ’e râne fan it espeltsje mollebulten en tilde foarsichtich in stik omheechwrotten seadde op.
Seleina seach nei it iepen leine eintsje piip. It hie glêde kanten. Doe lei se de hân der even yn om de koelte fan ’e grûn te fielen.
‘Ha wy him no ferballe?’ sei se.
‘Ut dit eintsje gong miskien.’
Catrinus lei it stik seadde wer te plak.
‘Hy moat him der mar mei rêde.’
‘Ik tink wolris, wie ik mar sa lyts,’ sei Seleina, ‘mar dy gedachte fyn ik dan daliks sa bespotlik.’
‘Der is neffens my net ien dy’t sa ûndergrûnsk libbet as do. Feiliger kin it dochs net?’
‘Ik gean der fan út dat ik troch allerhanne partijen op de ien of oare wize yn ’e gaten hâlden wurdt.’
‘Bist paranoia.’
‘Nee, hielendal net. As ik ien ding goed kin, is it eangstgefoelens ferjeie.’
‘Mar ien ding kinst net?’
‘Wat dan?’
‘It ferline rêste litte.’
‘Hieltyd minder, ja. Ik woe datst my deasloechst.’
Se ieten en dronken de jûns yn it hotel. Se namen it priuwerijmenu fan sân lytse gerjochten, in reiske troch de menukaart, dêr’t se har yn ’e rin fan ’e jûn te goed oan dienen. Se dronken der de iepen winen fan it restaurant by en lieten har dêrby graach foarljochtsje. It wie in feest.
‘Ik sil dy wat fertelle,’ sei Seleina, ‘ik stean op it punt om Alexander Boban út ’e wei romje te litten.’
‘Hoesa?’
‘Hy wol my en ik him fan kant meitsje. En ik wol him foar wêze.’
‘Dat is foar dy fêst in kâld keunstke.’
‘Dêr gean ik wol fan út.’
‘Ik wit net wat er spilet.’
Seleina die Catrinus it ferhaal.
‘Doch it net,’ sei er, ‘lit him gean. Lit him nei Belgrado weromgean. Troch him dêrwei mei te nimmen hast him yn dizze situaasje brocht.’
‘As ik it net doch, ha ik it idee dat ik de holle yn in strop stek.’
‘De kop omheech,’ sei Seleina, ‘dat sis ik altyd tsjin mysels, de kop omheech en de wyn der om hinne boartsje litte. Sjochst it foar dy? Ik ha hast tefolle hân. Mar ik kin de holle pas wer omheech krije as ik in foar in oar desastreus beslút nommen ha.’
‘Ik hoopje datst beslútst om it net dwaan. Sille wy tegearre in kear nei Ljouwert ta?’ sei Catrinus.
‘Do bist yn alle gefallen dronken.’
‘Ja, lit ús mar op bêd gean foar’t ik noch mear dingen sis dy’t dy net nei ’t sin binne.’
Dat diene se.
‘Ik wol daliks sliepe,’ sei Seleina, ‘alles even foar my út skowe.’
‘Ik hoopje net datst my ek as in probleem sjochst.’
‘No’tst alles wist stean ik oars foar dy oer.’
Catrinus hâlde him stil en Seleina folle de stilte net mei in taljochting. De swiere wyn dy’t se dronken hiene, die syn wurk. Se gongen, mei it gesicht nei inoar ta, tsjininoar oan lizzen, Catrinus mei in earm om Seleina hinne en sy mei de fingers yn syn boarsthier, en foelen daliks yn ’e sliep.
De oare moarns waard Seleina skille troch Cees Langman, in hantlanger fan har yn Amsterdam.
‘Alexander Boban is hjir.’
‘Doch noch neat,’ sei se.
Se skille mei Alexander: ‘Ik wit datst yn Amsterdam bist. Ik wit ek wêrom. Ik ha in útstel. Ferdwyn foarearst út myn libben nei Servië ta. Ik wol dy neat oandwaan as it net hoecht. Ik sil de tiid mei dy net ferjitte. It hat gewoan dom west om dy mei te nimmen. No ja, wit alles mar ris fan tefoaren. Ik sil dy altyd helpe tsjin Xherdan Muzaqi. Ik sil nochris mei Pedro Vidal yn Santiago skilje. Hy wol dy Xherdan faaks wol ynflústerje litte dat er it net yn ’e holle hoecht te heljen om wat tsjin dy te ûndernimmen, want dat syn ferrieders oeral sitte.’
‘Ik moat dy fertrouwe, tink.’
‘Ja, do moatst my fertrouwe. Hast gjin kar. Moatst moarn op it fleantúch stappe of mei de trein reizgje. Moatst mar sjen watst dochst.’
‘Do joust my gjin tiid.’
‘Der is gjin tiid. No net. Miskien helje ik dy wol wer op. Wês mar bliid dat dy neat oerkomt.’
‘It is mar goed dat ik in oarloch meimakke ha.’
Seleina joech him gelyk.
‘It giet dy goed,’ sei Alexander.
‘Ja, Alexander, de dingen kinne sa omdraaie. Ik hoopje dat it dy ek goed gean sil.’
Se ferbrutsen beide it kontakt.
Seleina socht Catrinus op, dy’t ûnder yn it restaurant fan it hotel op har wachte en ûnderwilens in kop kofje dronk.
Se setten yn ’e auto ôf nei de Vaalserberg.
‘Dêr kin ik fan alles by fantasearje,’ hie Seleina sein doe’t Catrinus it punt as útstapke neamd hie, ‘kinst dêrwei trije lannen yn rinne. Dat is in romantysk idee.’
‘En dêrnei soene wy oer moaie dykjes, troch moaie doarpkes, lâns moaie útsjoggen by wize fan sprekken fan terras nei terras ride kinne.’
‘Prima.’
By Camerig diene se har wer te goed oan it wide útsjoch.
Catrinus ried dêrnei net rjochttroch nei Vaals mar sloech by it Vijlnerbos linksôf.
‘Om it prachtige útsjoch aanst,’ sei er.
Doe’t se út de bosk wei kamen koe Seleina har der fan oertsjûgje.‘De dei begjint goed,’ sei se.
Op it trijelannepunt joegen se har even op alle trije bankjes om de seishoekige peal hinne del, sadat se ek even yn Dútslân en België wiene.
‘Wy binne krekt lytse bern,’ sei Seleina.
Catrinus sei: ‘Begjin mar te rinnen.’
‘Ik tink trouwens no ynienen oan hiel wat wreeds,’ sei Seleina, ‘is der yn Nederlân ek earne in museum dêr’t al dy attributen te sjen binne dêr’t mollen mei fongen en deade wurde?’
‘Dat wit ik net.’
‘Datst dat net wist! Fertel my dan mar in wreed molleferhaal.’
Dat woe er wol dwaan.
‘Der komt gjin harpoenklem yn foar,’ sei er, ‘gjin skjirreklem, gjin triedklem, gjin mollepistoal, gjin molleblaster, gjin gaspistoal, net mei strychnine, swavel of kalsiumkarbid.’
Catrinus fertelde in oandwaanlik ferhaal oer it moltsje Klaske dat it gersfjild foar de kapitale filla Túnlust ferrinnewearre hie. Se hie al in pear dagen oan ’e râne fan ’e tún ûnder it strewelleguod tahâlden en dêr ûnder in flechtwurk fan woartels in nêstromte en in tal djiptegongen makke. Doe wreide se har territoarium út nei it gersfjild dêr’t se begûn mei it graven fan jachtgongen. Se song fan wille om ’e losse grûn dy’t se oantrof en dêr’t se om sa te sizzen trochhinne snijde. Mar de bewenners fan ’e filla wiene oerémis. Se hellen der in profesjonele mollefanger by. Dy socht in djippe gong op en struide dêr kerrels strychnine yn. Klaske iet derfan en stoar in pynlike en stadige dea.’
‘Ja,’ sei Seleina, ‘al ha ik it dan sels net ynset, ik ha it wol levere: gifgas.’
‘Ik hie dy better in fleurich ferhaal fertelle kinnen.’
‘It komt om’t ik wat ûngeduerich bin,’ sei Seleina, ‘hooplik slagget it dy hjoed ek om it my nei ’t sin te meitsjen.’
Ut Vaals wei rieden se earst werom nei Vijlen, dêrnei oer binnendykjes nei Mechelen, doe Epen en dêrnei nei it heechlizzende Eperheide en dêrwei nei ûnderen nei Slenaken yn ’e delte fan ’e Gulp, dêr’t se lunsjten.
‘Hoe is it mooglik,’ sei Seleina, ‘ik lit my de hiele dei al liede. Dat is my noch nea oerkommen.’
Se rieden kriskras troch it heuvelachtige lânskip, nei it moailizzende Noorbeek, oan de eastkant fan de Gulp lâns oer Pesaken nei de Gulperberch, it skitterjende útsjoch dêr oer de delte en fierder, nei Bemelen, dêr’t se út Cadier en Keer wei hinne klommen. Se hiene wille as wetter en ieten de jûns yn Valkenburg.
Op ’e weromreis nei it hotel sei Seleina: ‘Wat seist, sille wy dat âlde hotel ris skodzje litte?’
‘It is ús lêste nacht hjir.’
‘Dêrom.’
Se diene it.
(wurdt fuortset)