
Ik seach it yn ’e etalaazje stean doe’t ik, in moannemennich lyn, ris yn Białystok wie. In kleastermop fan in boek, fan in skriuwster mei de namme Olga Tokarczuk, mei de hiele foarkant fol mei in ûnmooglike útwrydske titel. In boek oer in reis troch lannen, talen, wrâldreligys, koe ik ûntsiferje. Moai útjûn; want yn Poalen wurde nije boeken moai útjûn. Nijsgjirrich, mar de jûn foel yn en de boekhannel gie krekt ticht.
Foar’t ik yn it mânske boek blêdzje koe, moatst ik noch even wachtsje. Dat ik kin jo no likegoed wat fertelle oer Białystok en hoe’t ik dêr bedarre wie.
Białystok leit yn it noardeasten fan Poalen. Ik hie it grutste part fan de dei yn in trein sitten, dy’t my by goudglânzjende hjerst fan Gdańsk ôf by hûnderten marren lâns troch East-Prusen riden hie. Nei tûzen bochten ried er in tinkbyldige grins oer, in lân yn dêr’t yn ’e doarpen noch in soad houten huzen steane: it eardere Russyske Ryk (tusken 1795 en 1918). Białystok is yn dy hoeke it grutste plak, in stasjon oan it opbrutsen spoar fan Sint-Petersburch nei Warschau. In oerke fierder, yn in buske nei it easten, en do bist yn Wyt-Ruslân – en net mear yn ‘Europa’.
Ik wie dus út Gdańsk wei reizge (in stêd dy’t net inkeld yn reistiid tichterby Grins as by Białystok like te lizzen), en sels op in aardige oktobermiddei lei der wat in suterige drôvens oer de stêd. In regisseur soe it miggelreine litte, en dat die it dan ek.
Ik wie hjirhinne reizge, omdat Białystok fier fuort leit, fanwege de Russyske ynfloed, de ortodokse tsjerken mei sipeltuorren, it palimpsest fan it Joadske ferline en Ludwik Zamenhof, de eacharts dy’t it Esperanto betocht hat. Dit is it eardere grutfoarstedom Litouwen. Yn de 18e ieu wie Białystok net folle mear as in barokpaleis mei gouden krullen, en in shtetl en in buorskip foar bojaren dêrneist. Nei’t de Russen kamen en it spoar, folgen de fabriken, de befolkingsgroei en de bakstiennen Hinterhöfe. As ‘kosmopolitysk’ betsjut dat ferskillende etnisiteiten neistinoar libben, wie Białystok kosmopolitysk. Op de swart-wytfoto’s sjochst lykwols in grut doarp fan lege huzen – in plak dêr’tst as skoalmasterssoan begjinst te pielen mei in ynternasjonale helptaal.
En doe kamen de Dútsers: dat de Joaden waarden útmoarde, in pear stasjons fierderop, en de stêd waard delbaarnd en platbombardearre. Der kaam nei de oarloch in nije stêd foar yn it plak, mei nuverdernôch deselde namme en in pear deselde gebouwen.
Ik dwaal ôf… As ik net oppas, sûgje ik foar jo de hiele skiednis fan Białystok út ’e tomme op grûn fan in pear sinnen út de reisgids en in stik as wat heal ferstiene Poalske opskriften… Werom nei de boekhannel!
Dat boek lei dus yn ’e etalaazje, oan it fjouwerkante asfaltearre plein by de letterenfakulteit. Eartiids stie hjir de Grutte Synagoge, no leit dêr in púnberch mei in park derop en in monumint dat seit fan ‘God, Eare, Heitelân’. De boekhannel naam de folle breedte fan it weropbou-blok yn, mar de winkel wie net djip. My foel dat op by mear winkels út de kommunistyske tiid: mear etalaazje as berekkene op foarrie. No, en dêr op de foarste útstaltafel lei it boek fan Olga Tokarczuk dus te pronk.
Mânsk is it boek yndie. Goed 900 siden. De sidenûmers telle efterstefoarren. It ûnderwerp is de wûnderaardige (en histoaryske) 18e-ieuske Joadske mystikus en messias Jakob Frank, dy’t mei syn sekte earst moslim waard en him dêrnei ta it kristendom bekearde. Dit is de 18e-ieusk lange titel fan de roman út 2014:
Księgi Jakubowe / albo // Wielka podróż / przez siedem granic, / pięć języków / i trzy duże religie, / nie licząc tych małych. // Opowiadana przez zmarłych, / a przez autorkę dopelniona metodą / koniektury / z wielu rozmaitych ksiąg / zaczerpnięta, a także wspomożona / imaginacją, która to jest / największym naturalnym darem / człowieka. // Mądrym dla Memoryału, Kompatriotom dla Refleksji, / Laikom dla Nauki, Melancholikom zaś dla Rozrywki.
Yn it Frysk oerbrocht:
“Boeken fan Jakob / oftewol // Grutte reis / oer sân grinzen, / troch fiif talen / en trije grutte religys, / de lytsen net meirekkene. // Ferteld troch ferstoarnen, / en troch de skriuwster oanfolle mei de metoade / fan konjektuer / út in protte ferskate boeken / opskept, en allyksa weromholpen troch / de ferbylding, dy’t is / de grutste natuerlike jefte / fan de minske. // Foar de Wizen ta Tinkskrift, foar de Heitelanners ta Refleksje, / foar de Leken ta Underwizinge, foar de Melancholisy lykwols ta Fermeits.”
In skande dat myn Poalsk noch net linich genôch wie om in boek fan 900 siden te lêzen! En dat ik it wat te grou fûn om mei te tôgjen yn myn rêchpûde. Sa kaam ik thús efter de kompjûter pas fierder yn ’e kunde mei Olga Tokarczuk.
De skriuwster (*1962) hie twa wiken foar myn besite oan Białystok mei it boek de Nike-priis wûn, de heechste jierlikse Poalske literatuerpriis. Se wûn sawol de sjuery- as de publykspriis. Tokarczuk jildt op dit stuit as faaks wol de wichtichste libbene Poalske skriuwer. – It sil jo dus gjin nij dwaan dat hja yn Nederlân folslein ûnbekend is, want: a) hja hat in rare East-Europeeske namme, b) hja skriuwt net gewoan yn it Ingelsk, c) hja is noch lang net dea.
Wat der yn de wiken nei de priisútrikking spile, lit op in perverse wize sjen hoe’n relevant boek oft Księgi Jakubowe is. It boek en syn auteur roppe wearzge, hate, hetse op by de ‘neo-nasjonalisten’ yn Poalen. Tokarczuk fertelt in kontroversjele ferzy fan de nasjonale skiednis dy’t by guon minsken it minste út harren nei boppen bringt. In stream oan misledigingen en deadsbedrigingen kaam Olga Tokarczuk temjitte, doe’t se op ’e tillevyzje it folgjende fertelde oer it 18e-ieuske Poalen dat it dekôr is fan har roman:
“Wy hawwe in skiednis optocht fan Poalen as in tolerant en iepen lân, as in lân dat him mei neat gjin kwea besmodze hat yn ’e relaasje ta syn minderheden. Tagelyk diene wy ôfgryslike dingen as kolonisatoaren, as nasjonale mearderheid dy’t de minderheid ûnderdrukte, as eigners fan slaven of as moardners fan Joaden.” (boarne: Gazeta Wyborcza)
De reaksjes dêrop op ’e sosjale media litte sjen hoe’t Tokarczuk har wurden opfette waarden as lânferrie oan it hjoeddeiske Poalen, – wat dan wer in klear bewiis is fan it minne gewisse fan har kritikasters. Nammers, it âlde Poalen fan foar 1795 is yn de nasjonale psyche as in ferlern paradys – in hillich symboal fan in Gouden Tiid. En wis, dit is echt net inkeld in gebrek fan ‘dy rare East-Europeanen’. In ferlykber neo-nasjonalisme ferklearret ek te uzes de lang oerlibbe âlde mytes fan in lytshertich Hollânske nasjonaalsteat ta in surrogaat-evangeelje foar yn dizze bange tiden. Yn dit Hollânske keninkryk ommers is de âlde ‘tolerânsje’ ek it heechste geloofsartikel fan de nasjonale identiteit, wilens ûndertusken de lykfoarmigens de toan oanjout. ‘Oerliskultuer’ soe de kearn wêze fan ús polityk bestel, in myte dy’t in ieuwenlange kontinuïteit fan demokratysk tekoart ûnder it kleed skowe moat. ‘Hannelsgeast’ is de rjochtfeardiging fan in renteniersmentaliteit dy’t eartiids yn eigen lân it grutste part fan de befolking útsûge en yn de koloanjes ûnminsklik leed feroarsake, en dy’t ek tsjintwurdich allinnich de Zuidas ferriket.
Fan de neo-nasjonalisten falt net in better en rjochtfeardiger ferhaal oer it ferline en foar de takomst te ferwachtsjen. Yn Poalen net en yn Nederlân net. In ferhaal oer it ferline moat ommers rjocht dwaan oan it yngewikkelde fan it ferline.
In ‘yngewikkeld’ boek docht boppedat rjocht oan de yntelliginsje fan de hjoeddeiske lêzer. Sa’n yntelligint boek is Księgi Jakubowe. Ut ferskillende personaazjes wei tekenet Olga Tokarczuk it âlde Midden- en East-Europa, yn barokke paleizen en yn ferrinnewearre houten klinten. Har styl en har fertellen skine fol boartlike ferwizings te sitten nei de 18e-ieuske grûnlizzers fan de roman. De sintrale figuer beskriuwt se út syn mei- en tsjinstanners wei. Jakob Frank wie ommers in twaspjaltige figuer: sjarlatan en profeet, algemist, fisionêr, ferlieder, lieder en ferrieder. Hy wurp him op as herfoarmer fan it joadendom, mar liende him foar it preekjen fan hate tsjin de Joaden dy’t oan har tradisjonele religy fêstholden.
Jo witte faaks dat ik in aversy haw foar klearebare histoary-kitsch as it om histoaryske romans giet (‘historomantyske kultuerpulp’). Mar ‘De Boeken fan Jakob’ fan Olga Tokarczuk lykje my in bewiis dat der histoaryske romans skreaun wurde kinne dy’t oer alle boegen relevant binne foar hjoeddendei. Dy’t tagelyk yntelligint fermeits binne én refleksje en ûnderwizinge foar boekelêzers rûnom yn Europa.
Ik kin net wachtsje oant de Dútske (of eventueel de Ingelske) oersetting klear is. As dy goed ferkeapje soene, weaget hiel miskien in útjouwer yn Amsterdam him wol oan in Nederlânske ferzy.
De bêste winsken foar 2016, yn folsleinens, ferstân en frede foaral.
Wa’t mear witte wol oer Olga Tokarczuk en har ‘Boeken fan Jakob’ (Księgi Jakubowe) ferwiis ik nei de Ingelsktalige side fan it Poalsk Ynstitút fan it Boek (Instytut Książki), dêr’t ek in priuwke út de roman yn oersetting te lêzen is.
Yn Nederlân is De Geus de útjouwer fan Tokarczuk: http://www.degeus.nl/auteur/olga-tokarczuk/
Ik wit net oft der plannen binne om boppesteand boek oer te setten, it sil hast wol net. Op dit stuit binne der mar twa fan har boeken leverbaar yn it Nederlânsk, mar earder al hawwe se fan har ‘Oer en andere tijden’ en ‘Huis voor de dag, huis voor de nacht’ útjûn, miskien noch wol twaddehâns te krijen.