Aginda 28-01-16: Workshop mei Portugeeske dichters yn De Harmonie

logo.ensafh

Begjin 2015 hat in groep minsken fan it projekt Kening fan de Greide en fan Tresoar nei Spanje en Portugal west. Yn it kylwetter fan de skries reizgjend troch Europa hawwe sy Kening fan de Greide nei dy lannen brocht en der in soad minsken troffen om yn 2018 mei-inoar it ferhaal fan it feroarjende lânskip en de gefolgen dêrfan te fertellen. It ferhaal fan Kening fan de Greide giet ek oer de gefolgen fan in feroarjend lânskip foar muzyk, byldzjende keunst, dûns, taal en oare kulturele eleminten.

Sjoch foar mear ynfo en opjefte by Tresoar

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *