Ferdinand Wanders

Kramtried: lokaal kabaal

logo.ensafh

Kramtried: goeie namme foar in metalband! Dizze fjouwer Wâldmannen ha mei Grutter, Grouwer, Grimmitiger ein 2015 har debútalbum útpoept. Neffens my is dat sûnder al tefolle bekendmakking bard. Fia Tamme Oosterhof fan BigBadWolf Records krige ik in eksimplaar tarikt foar dit besprek.

As ik de cd yn myn hannen drukt krij, falt fuortendaliks op dat it wat wei hat fan in punk-release. De hoes is mei de hân tekene yn wyt, swart en read. De foar- en achterkant foarmje tegearre in heal oan barrels lizzende stêd. Dêr oerhinne in pear krêftige typmasineletters en fierder net folle poeha. De punkige hoes past prima by de muzyk: drums, bas, gitaar en sang en fierder gjin ûnnedich gedoch. De metal fan Kramtried is foar lju dy’t it by Metallica of Korn wol mâl genôch giet.

De songteksten steane net yn it boekje, mar slachwurker Geart Tigchelaar hat se my tastjoerd. De earste dêrfan dy’t de oandacht opeasket is ‘Myn Siele Raast’. In nijsgjirrige titel: giet it oer lilkens, pine of fertriet? Is der leafde yn it spul? ‘Libben en liif ferbruoz’le troch ferlangen, ferlangen nei dy tiid fol striid. Striid om it behâld en it wêzen, stilwei bestjurre en beferzen.’ Ik krij it der suver kâld fan.

De gitaren sûnder distortion yn bygelyks ‘Se Komme Foar My’ klinke hiel moai en dogge fuortendaliks tinken oan Metallica (’Nothing Else Matters’). Ek de melody yn stim en gitaarpartijen binne hjir op har bêst en nûgje út ta meisjongen. In wier epysk striidlied. ‘De striid giet oan […] se jouwe net oer, ik likemin. Har ûnmin is wol sa grut as myn grime.’
‘Ierde vol.II’ giet oer hoe’t wy – de minske – de ierde ‘ferneuke’. ‘Slachter’ is dan wer in hearlik bluodderich liet oer in âld ambacht en wêr’t ‘1345’ oer giet soe sûnder útlis foar alle Friezen dochs wol dúdlik wêze moatte. Kramtried fynt harren ynspiraasje yn de lytse en grutte dingen fan it deistige libben.

Sa as earder sein, is Grutter, Grouwer, Grimmitiger in skiif mei net folle poeha. De opskik moat fan de perkusje komme. En dêr knypt it him no krekt by dizze cd. By metalbands dy’t ritme as fûnemint brûke moat alles sa sljocht wêze as in wetterpas, mar de somtiden Braziliaansk oandwaande trommels (Sepultura) lizze net altyd like strak op ’e rest fan de opnamen. De jongens fan Kramtried binne sokke plezierige hearen, dat men harren eins allinnich it bêste tawinsket. Mar it oardiel is like hurd as de wierheid sels. Kramtried sil net gau mear as in noflike lokale Fryske band wurde.

Kramtried
Grutter, Grouwer, Grimmitiger, 2015

Kramtried - GGG

 

https://www.youtube.com/watch?v=dSbmVY0WFfE

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *