
Wat moai net. Kopenhagen…..dat it sa goed slagge is. Ik fyn it in prima ôfspraak; dat de wrâld net mear as 2 graden opwaarmje mei. Punt, wat tinkt dy wrâld wol net. Nee, dit sil him leare. Twa graden noch, en dan is ’t oer. Ophâlde dermei. Ja, je moatte as minske sa no en dan op ‘e poat spylje, want dy natuer dy docht mar. Mar mei troch al dy ienriedigens dêre yn Kopenhagen sil ek de wrâld no dochs wol witte dat it sa net langer kin.
Mei dat yn gedachten wol ik graach ek noch wat ôfspraken meitsje en ik ferwachtsje dat elkenien him der ek oan hâlde sil. Ik sil it net kontrolearje, it komt hjirûnder op papier as ôfspraak en dat moat genôch wêze. As dat mei de wize mannen yn Kopenhagen slagget, kin it mei dizze ôfspraken ek sa. Dus, ik sprek it folgjende ôf:
– dat Abe in feed op syn nije weblog set;
– ik de jackpot yn ‘e âldjierslotterij win;
– dat Knilles, Abe, Hylke Tromp en Huub Mous in wike geane te langlaufen en mekoar ris goed yn ‘e eagen sjogge. En gjin heibel wilens de après ski, blinder;
– yn 2010 de Aldehou rjochtsetten wurdt en Piter Wilkens boargemaster fan Ljouwert wurdt;
– dat Henk v/d Veer ophâldt mei dat rare Snekers fan him en fan 1-1-2010 ôf kommunisearret yn Hooghaarlemmerdijks;
– dat Jacobus Q. Smink alfêst de GJ-priis krijt foar de noch te ferskinen bondel;
– dat it út is mei de stiging fan de seewetterspegel;
– dat Diva Yva en @te wat faker in blogje skriuwe. Sa is ‘t niks;
– dat It Literêr Sirkwy 3 ton subsydzje krijt en de mem fan alle Fryske Festivals wurdt;
– geiten gjin Q-koorts mear krije en alle geiteboeren romme wurde sille. Ek de echtgenoaten (drachtich of net), it risiko is gewoanwei te grut;
– alle Friezen abonnee wurde fan Ensafh;
– elke twadde freed fan jannewaris de alvestêdetocht ferriden wurde sil;
– en nimmen mear healwize ôfspraken makket dy’t igge noch seame roaie en misledigjend foar de yntelliginsje binne.
Dúdlik sa? Moai, prate wy it sa ôf.
Mear op it weblog fan Edwin de Groot