
RIP, Glenn
Kultuer? Wat is dat? Is dat wat fan fier yn it ferline? Of wurdt krekt no kultuer makke? En foar wa is dy kultuer dan? Is dy foar de happy few dy’t it jild en de tiid ha om der fan te genietsjen? Of is kultuer in net te mjitten wearde dêr’t sels de meast earme stakker wat oan ha kin? Ien dy’t mei in flesse minne reade wyn op in yn it foar klearmakke klúnplak foar de Alvestêdetocht ûnder in stik flierkleed krûpt om te sliepen? En in noch gruttere fraach, wa fertelt jo wat wearde hat en wat moai is?
De fraach kaam by my op doe’t David Bowie de striid tsjin kanker ferlear en, och irony en gefoel foar dramatysk toaniel, sawat tagelyk mei it ferskinen fan syn nije album de holle foargoed dellei. Daliks waarden wy troch de online leedoansizzers (lês: ‘muzykkenners’) oproppen om kollektyf yn ’e rou te gean. Want der wie in briljant muzikant/artyst ferstoarn. En dus moasten wy ferplichte yn de MH17-stân.
Ek in troch de media oproppen moreel en twangmjittich .nl-trauma. It spyt my freeslik, mar ik ha mei beide gefallen persoanlik net safolle te krijen hân. Ik hie gjin kunde of famylje yn dat fleantúch, fûn it ek frijwat dom om sa’n tastel oer oarlochsgebiet te stjoeren en waard eins wat wrantelich troch de druk dy’t my oplein waard om foaral mar mei te gean yn de algemiene nederklits. It makket my net folle út dat, as it om in Nederlânsk tastel giet, ‘It safolle tichterby komt, no? Dan binne je der folle mear by belutsen.’ O ja, is dat sa?
Foaral it wurdsje ‘binne’ ergerje ik my oan. Is it in útmakke saak? It hie ‘Dan soenen je der folle mear by belutsen wurde kinne’ wêze moatten. Dan ha je nammentlik noch de kar om mei te gean yn de ellinde of te sizzen dat in massaslachting yn Syrië of in oar lân jo miskien wol likefolle as mear docht. Neat yn it neidiel fan it barren op himsels, want dat is slim, mar mei ik miskien sels witte wêr’t ik my beroerd troch fiel?
Dat jildt ek foar de dea fan hear Bowie. Doe’t ik as jongbaas yn oanrekking kaam mei muzyk, naam ik alle wiken wol in Maxell-kassettebân fol op. 90 minuten geastlike bagaazje wyks. Alle LP-programma’s op de radio en oare shows dy’t der ta dienen, beharke ik. En al dy muzyk ha ik argivearre yn in kaartebakje. De bantsjes ha ik fuortsmiten, want dy woenen nei al dy jierren net mear fatsoenlik draaie, mar de kaartebak ha ik noch. Ien namme stiet dêr net op al dy griene en reade kaartjes. David Bowie. Op al dy bantsjes, al dy oeren muzyk, nul minuten David Bowie. Ik fûn it neat, fyn it neat en sil der ek nea wat oan fine. Mei dat asjeblyft? De algemiene koade read wat Bowie-leed oangiet dy’t my troch de ‘kenners’ opkrongen wurdt, it seit my neat en de opleine twang om foaral mei te gean yn de jammerklachten soarget by my allinnich mar foar argewaasje. Want wat is in kenner? Wa bepaalt wat kultuer fan in heech nivo is? Wa bepaalt dat ik David Bowie syn wurk leuk fine moat? Wat is kultuer fan nivo?
Foar my hat de dea fan Glenn Frey, ien fan de oprjochters fan de Eagles, folle mear impact. Omdat ik alles fan dy band ha, it moai fûn en fyn en altyd fine sil. Dêr fal ik jim net mei lestich, wylst de Eagles yn 2014 noch op nûmer ien stienen yn de Top 2000 mei ‘Hotel California’. Bowie kaam yn dy list op in skiterich 60e plak telâne mei ‘Heroes’. Takom jier sil er wol stoarmjendewei de top tsien yn drave. Want wy moatte no alles dat er dien hat leuk fine. It Buddy Holly-effekt.
Noch in kear de fraach, wat is kultuer? En wa bepaalt dat?
Ik sil ‘Hotel California’ yn de útfiering fan Hell Freezes Over mar efkes op Youtube opsykje. De Eagles, mei Glenn Frey, ien fan myn heroes.
Bêste Ferdinand jonge ik ha eins neat my die jongs wêr asto it oer hiest. Bin gewoan in Joe Walsh fan!
https://www.youtube.com/watch?v=Rt75y38J00s