
Op woansdei 17 febrewaris wurdt de Rink van der Veldepriis 2016 útrikt yn it gemeentehûs yn Drachten. De gemeente Smellingerlân en Friese Pers Boekerij namen yn 2003 it inisjatyf foar dizze bysûndere literêre priis. De priis wurdt sûnt 2004 ien kear yn de twa jier takend oan in boek yn ien fan de sjenres dy’t Rink van der Velde ek beoefene. Dêrneist moat it oarspronklik proaza yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen wêze. De winner kriget 1250 euro en in byld fan keunstner Anne Woudwyk. De fiif nominearren foar de Rink van der Veldepriis stelle har foar yn Breeduit. Dizze wike: Anne Feddema, nominearre foar syn ferhalebondel De triennen fan Cheetah.
Lês fierder yn de Breeduit