
Mei in geweldige klap slacht er de doar efter him ticht. Dan is it stil. Sawol mem as ik doare neat te sizzen. Wy wisten wol dat heit net geweldige goed yn syn fel siet, mar dat it sa slim wie… Yn de stilte besykje ik oan mem te sjen wat der sakrekt bard is. Mar har antlit jout my alhiel gjin dúdlikens. Earder in frjemd soart ûngemak. Krekt as skammet se har. Ik freegje my ôf wêr’t mem har no foar skamje moatte soe. Soe se wat fertelle moatte?
Lês fierder by it Y-Skrift fan Skanomodu