
It ferhaal De erfgenaam, ien fan de fiif ferhalen yn Schuim en Asch (1930), hat wat wei fan in Arabysk mearke. Dat is net alhiel frjemd, want it waard skreaun nei it lêzen fan Le livre des mille nuits et une nuit, dêr’t yn 1923 in nije edysje fan ferskynd wie. It is oer alle boegen in fertelling oer de dûbelde moraal fan Allah’s lear, mei navenant alle wreedheden. Slauerhoff lit him yn dit stik proaza sjen as in follearde frijtinker. By it ferhaal sels passe ek de rigels dy’t er yn dyselde snuorje, healwei de jierren tweintich, nei foaren brocht hie: ‘Volg niet den leergang van de philosofen, / Dit leidt tot ledigheid. En godsdienststichters / Zijn loochenaars.’
Lês, sjoch en harkje fierder by Eeltsje Hettinga