Piter Boersma

Molwrot 32

logo.ensafh

Feuilleton

32

Se rieden de oare moarns, sa as se ek kommen wiene, oer Mechelen nei de N278 ta. De hinnereis wiene se oer Valkenburg riden, no sloegen se de rjochting fan Maastricht yn. Catrinus woe har noch de Maas boppe Maastricht sjen litte.
‘Yn dy hoeke komt in mins noait. Ik bin der in pear jier lyn in kear lâns riden, oer Borgharen, Itteren, Geulle oan de Maas, Elsloo, Stein en Meers en by Urmond bin ik doe de A2 opgongen,’ hie er sein.
It hie Seleina wol goed west.
‘It is mar in idee,’ sei er, no’t se rieden.
‘Wy ha de tiid oan ússels,’ sei Seleina en doe lake se.
‘Wêrom lakest?’
‘Om wat ik sei. It klonk my út myn mûle sa ûnecht yn ’e earen.’
Catrinus seach even fansiden nei har.
Krekt troch Margraten sei Seleina: ‘Wat is dat?’
Se wiisde nei links.
‘It Amerikaansk oarlochstsjerkhôf,’ sei Catrinus.
‘Dêr wol ik even sjen.’
‘Dat hie ik net ferwachte.’
Catrinus ried noch even troch, draaide doe op in gaadlik plak en ried werom.
‘Ik sis net dat it myn hobby is, mar doe’t ik mei Alexander by in kunde yn Ieper wie ha wy dêr ek op ien west en ek yn Frankryk by Wimereux.’
Wylst Seleina him fertelde oer John McCrae en de klaproas, draaide Catrinus de tagongsleane op en parkearre er de auto op it earste parkearplak dat se tsjinkamen. Hy wist fan de symboalfunksje, mar neat oer de achtergrûn.
‘It binne myn dingen net, oarlochssaken. Dines miskien wol, mar ik hie net ferwachte datst ek ynteresse foar oarlochstsjerkhôven ha soest. Hannelje yn wapens is al slim genôch, mar dan ek noch de konfrontaasje mei wat se teweibringe oangean wolle.’
‘It is fan in pear wike lyn. Ik wol no ek ien yn Nederlân sjen.’
‘De muorre dy’tst om dy hinne hast komme skuorren yn, safolle is wis.’
‘Ja, dat hast earder al sein.’
‘Ik hâld my al stil.’
‘Mar hast gelyk. Ik freegje my ôf wat der fan my oerbliuwt?’
Fan it parkearplak ôf kamen se by in trep dy’t nei it eareplein late. Oan ’e ein dêrfan wie in rjochthoekige toer fan wol mear as tweintich meter heech en yn ’e midden fan it plein lei in fiver dêr’t se by del rûnen. Achter de toer lei it eigentlike tsjerkhôf. It wie ferdield yn fakken. Se bleauwen oan it begjin stean. Al dy wite krusen yn it gelid op koart meand gers makken yndruk. It begraafplak lei der ûnfoarstelber kreas by.
Catrinus sei: ‘Trochdat it der hjir sa moai hinne leit, krij ik allegear oarlochsbylden foar my.’
‘Dat soe wat wêze,’ sei Seleina, ‘dat se oarlochstsjerkhôven sa kreas oanlizze om krekt dat te berikken. Dat is suver pervers.’
‘Moatst it sa neame?’
‘Hoe oars?’
‘Der is gjin oare manier, tink. Deaden kinst net yn ’e rotsoai achterlitte. En soldaten dy’t fallen binne yn ’e oarloch al hielendal net.’
Fan de hege toer ôf rûn in promenade tusken de grêffjilden troch nei in flaggemêst oan ’e ein fan it tsjerkhôf.
Op ’e weromkuier beseagen se de muorren mei de nammen fan fermiste Amerikaanske soldaten, nei’t se earst noch foar it brûnzen byld fan in rouwende mem stien hiene, dat steand foar de wite toer dêr donker tsjin ôfstuts. Doe’t Catrinus Seleina noch op it besikerssintrum en de museumkapel wiisde sei se: ‘Ik fyn it sa wol goed.’
Doe’t se wer rieden sei Catrinus: ‘Hast dysels noch wol yn ’e hân?’
‘Jawol.’
‘Ik hoopje al datst oereinbliuwst.’
‘De sinne skynt, dat helpt,’ sei se, ‘mar sille wy dy Maas fan dy boppe Maastricht mar gewurde litte? Lit ús mar yn ien kear nei hûs ta ride.’
Dat diene se.
Se stutsen ûnderweis ien kear oan by in benzinestasjon om in kop kofje en in broadsje.
‘Eins fermeitsje ik my ta de teannen út,’ sei Seleina, doe’t se de earste slok nommen hie, ‘witst dat?’
Catrinus die in stap achterút om har hielendal te besjen.
‘Dyn gesicht strielet, dyn hier glânzet en do stietst prachtich rjochtop mei in bytsje in slach yn ’e rêch. En wat ik der fan tink, sis ik mar net.’
‘Sis it mar.’
‘Sjochst der út as bist fereale of swier.’
‘Nee, do hopest dat it earste mei my oan ’e hân is en datsto foar it twadde soargje silst.’
Catrinus bleau dy nacht by har.
De oare deis hie Seleina telefoanpetearen oangeande fiif wapenleverânsjes. Foar ien fan dy transaksjes prate se oer twa wike yn Brussel ôf mei har Belgyske hannelspartner Louis Govaarts en foar in oare mei Kurt Klöden út München. Hy soe de oare deis nei har ta komme. Se praten ôf op Schiphol.
Doe’t se de jûns by Catrinus wie, fertelde se oer wat se by de ein hân hie. Kurt Klöden woe it mei har ha oer de levering fan gewearen oan Tunis, mar se tocht dat dat in dekmantel wie en dat it yn werklikheid gong om in levering oan Somalië of sa. Klöden soe wol wer wolle dat se it regele.
‘Hâldst dy eins gewoan mei kriminele hannelingen dwaande,’ sei Catrinus.
‘Toe mar,’ sei se.

Doe’t se de woansdeis op Schiphol mei Klöden praat hie, siet se in skoft op in terras yn de Damstrjitte, dêr’t de hiele wrâld foarbyrûn. Gauris koe se pas oer de rêst fan in strjitte by in grêft lâns as se har earst yn ’e Amsterdamske drokte ûnderdompele hie.
De jûns naam se kontakt op mei Javor Kostić, in hantlanger fan Boris Janković. Se woe witte oft der noch ûntjouwingen west hiene.
Se neamde it net, mar frege der nei yn ferbân mei it op fersyk fan de Servyske presidint út ’e wei romjen troch Alexander Boban fan de Bosniër, dy’t se foar Janković yn Auvergne finzen hâlden hie.
‘Alles leit op ’e strjitte,’ sei Javor, ‘dat wol sizze, dat er yn Frankryk fermoarde is. En ik tink, dat Boris it sels buorkundich makke hat. Hy sil syn reden der foar ha. Der wurde no hiele ferhalen omhinne betocht.’
‘Tanke, Javor,’ sei se, ‘it giet dy goed.’
‘Dy ek.’
Seleina naam kontakt op mei Alexander Boban.
‘Ik waard wol kjel,’ sei er.
‘Hoechst dy der net drok om te meitsjen,’ sei se.
De tongersdeis sliepte se lang, klaaide se har net oan en harke se de hiele dei nei it earste diel fan Mahler syn earste symfony, dat dreau op de werjefte fan lûden út de natuer en fan de strjitte, fûgellûden en fanfarelûden. Lûden dy’t dan wer út ’e fierte liken te kommen dan wer fan tichteby wei, it boartlike spul tusken blazers en strikers. De blazers soargen foaral foar de boartlike eleminten, de strikers, foaral ek sello’s, foar de leaflik weemoedige eleminten. It swiete melodytsje ynienen fan de hoarnseksje en nei fiif minuten klonk dan in leaflike, dûnsjende melody, dy’t dêrnei nei heftige stikjes mei fûl slachwurk op ferskate wizen wer opnommen waard en dan klonken nei sa’n sân minuten wer lûden oeral wei, nei alve minuten gong it tempo omheech en folge in prachtige melodyline mei yn de haadrol de strikers, beselskippe fan de harp en oanfolle troch de blazers en nei de ein ta waard de rol fan de blazers mei harren fanfareklanken hiel prominint, yn de lêste trije minuten dêr’t it yn ta gong op it opteine slotstik, dat as in trijetrepsraket einige ûnderstipe mei paukeslaggen. De muzyk wie sprankeljend, leaflik en útdaagjend tagelyk en it koekoekskloklûd liet jin laitsje. Seleina joech har der hielendal yn del. De muzyk wie in nêst.
De freeds regele se in fakânsje. Se woe oer fjouwer wike nei it uterste puntsje fan Fjoerlân. Miskien hie se dêrhinne emigrearje moatten doe’t se fiifentweintich wie, tocht se. Mar dan hie se de razende stilte yn har holle alle tellen, minuten, oeren, dagen, moannen en jierren fan har libben útstean moatten.
De sneons stapte se de moarns om kertier foar alven yn Zwolle út ’e trein. Yn fiif minuten wie se by Wientjes. De yndruk dy’t se oerhâlden hie fan de iennichste kear dat se der west hie, kloppe. It krêmkleurige hotel hie in klassyk en mei de pearsreade sinnekappen suver feestlik oansjen. Boppe de brede trep nei de heechlizzende yngong mei glêzen skodoarren wie in baldakyn yn deselde kleur. De metalen liningen en baldakynpylders oan wjerskanten fan de trep wiene goudkleurich. De trep sels wie beklaaid mei in tapyt, ek pearsread. It hie wat. Op ’e selde hichte as de yngong wie oer de hiele breedte fan it hotel in terras. Se betocht ynienen dat se dêr mei Jeroen van Bemmel sitten hie en allinne nei binnen west hie om nei ’t húske ta. Se hie doe links wol de grutte restaurantôfdieling sjoen en noch tsjin Jeroen sei, dat it har talike dat it dêr binnen ek moai wie om te sitten. Se glimke om’t se Jeroen doe mar moai om ’e finger wûn hie om troch him in yngong te krijen by de Nederlânske lânmacht.
It foel har no op dat oan ’e bûtenkant fan it hotel neat wiisde op de restaurantfunksje. Apart eins. Se gong de trep op en stie der doe by stil hoe’t se har klaaid hie. Net as sakefrou, net sjyk, mar yn kreaze frijetiidsklean en op skuon sûnder hakken. Se woe sa gewoan mooglik oerkomme by har neef. Doe’t se him mei Alexander yn Peazens ûnder oan ’e seedyk by it monumint tsjin it liif rûn wie, hie se der op hege hakken en stylfol klaaid op stien as in dame. Klaas hie gjin krimp jûn mar dochs hie se harsels in tel oplitten field.
Yn it restaurant socht se in taffeltsje op by in rút oan de foarkant sadat se him oankommen sjen koe. By it taffeltsje dat frij wie wei koe se de trep lykwols net sjen, mar se gong mei it gesicht nei de doar ta sitten sadat se Klaas wol fuort seach as er deryn kaam om’t der tusken de hal en restaurant gjin tuskenwand wie.
Der kaam daliks in kelner by har om te freegjen wat se ha woe.
‘Noch neat,’ sei se, ‘is dat goed? Ik wachtsje op ien.’
Se seach om har hinne. It restaurant hie in âlderwetske en klassike útstrieling mei de houten flier, it prachtige donkere buffet mei spegelkasten oer de hiele achterwand en it bêzje fan muorren, houtwurk en gerdinen en de brune en readbrune kleuren fan it meubilêr en it dimpte ljocht, mar as in soarte fan tsjinwicht stiene de oer de romte fersprate tafels net ticht opinoar, sadat de yntime, rêstige sfear yn it restaurant tagelyk wat iepens en lichts hie. Se hope dat Klaas him op syn gemak fiele soe. Doe seach Seleina him deryn kommen en om him hinne sjen. Se skeat oerein en rûn him temjitte.
‘Doe’t ik der foar stie, tocht ik: wêr bedarje ik?’ sei Klaas, wylst er om him hinne seach, ‘mar dit liket net min.’
Doe’t se sieten, sei er: ‘Dit hast moai útsocht.’
‘Dêr bin ik bliid om. Bist ek mei de trein?’
‘Mei de auto. Ik koe him hjir by it hotel kwyt.’
Hy seach Seleina rjocht oan en sei: ‘Ja, ja.’
‘Ja, sis dat wol.’
De kelner kaam nei harren ta. Se bestelden kofje mei appelgebak.
‘Hoe is it mei dyn frou en bern?’
‘Goed.’
‘Wat foar wurk dochst eins?’
‘Ik wurkje by de fiskôfslach op Lauwerseach.’
‘Ja, no’tst it seist, wit ik it ek wol. Ik hear fansels wolris wat, dy twa, trije kear yn it jier dat ik by ús heit en mem kom.’
‘Wat allegear?’
‘Neat bysûnders.’
‘En wat dochsto?’
‘As ik dat sis, hearst der fêst nuver fan op.’
‘Wa wit?’
‘Ik sit yn ’e wapenhannel.’
‘Tsjong. Net bêst, wol? Mar ik wol der wol mear fan witte. Hast oars noait dien as jin foar ferrassings stelle, om it net al te swier oan te setten.’
De kofje en it appelgebak waarden brocht.
It seach der bysûnder út. De kofje op in apart blêd, molke en sûker ek en lyksa it appelgebakje, dat boppedat yn in djip skaaltsje siet. Se krigen der ek in gleske wetter by.
‘It koe wol feest wêze,’ sei Klaas tsjin ’e kelner.
Seleina lake.
Doe’t se de earste slok kofje nommen hie, sei se: ‘Ik wit net krekt hoe’t ik begjinne sil.’
‘Earst de kofje en it appelgebakje. Wy ha dochs alle tiid, hoopje ik?’
‘Wis. It komt om’t ik senuwachtich bin.’
‘Dat bin ik ek. Mar wat soe it, dochs?’ Klaas joech har in knypeachje oer it stik appelgebak hinne dat er nei syn mûle brocht.

‘Lit ik begjinne mei te sizzen, wêr bemuoidest dy mei?! Sjoukje hie dy neat frege, dochs?’ sei er.
‘De stoppen sloegen by my troch. Yn Ljouwert hie ik it sels ek hast meimakke, mar foar’t der wat barde ha ik dy man doe in brânwûne besoarge troch de sigaret dy’t er my jûn hie tsjin syn gesicht te triuwen. En doe koe ik rêstich de doar út rinne.’
‘Sjoukje hat it noait wer by har wei krije kinnen. Do hast dy mei har saken bemuoid en har dêrnei stikke litten.’
‘Nee, ik ha har frege om in kear nei ús yn Ljouwert ta te kommen, mar dat hat se noait dien. Mar fansels, ik hie it net dwaan moatten. Ha do en Sjoukje it der in soad oer hân?’
‘Ik ha dy nei him tagean sjoen. Alteast, ik seach dy it doarp yn rinnen en bin dy doe folge, om’t ik tocht: wêr soe dy hinne wolle? Ik fûn it wol apart dat ik dy by Sybren Visser nei binnen gean seach, mar goed, it wie in goeie kunde fan ús heit. Ik bin doe net fierder nei syn hûs ta rûn en ha ek net wachte oantsto dêr wer weikomme soest. Ik socht der eins neat achter en boppedat soe ik even nei myn maat Willem ta. Mar dy jûns bin ik dochs noch, om’t ik nijsgjirrich wie, nei Sybren ta gongen en doe fûn ik him dea.’
‘En hast dy stil hâlden.’
‘Ik wie fansels yn panyk. Wa hie it dien? Do hiest by him west. En ik wie by him yn ’e hûs. Soe ien my sjoen hawwe? Om dy en om mysels te beskermjen ha ik neat sein.’
‘En doe’t útkaam dat er fermoarde wie?’
‘Ik ha it der fuort mei Sjoukje oer hân.’
‘Gongst der daliks fan út dat ik it dien hie.’
‘Nee, want dat woe my fansels net oan. Doe’t ik tsjin Sjoukje sei, dat ik dy der hinne gean sjoen hie, hat se my ferteld datsto sein hiest: “Dy man soe dea moatte.” En no ja, doe kaam har ferhaal derút. Ik hie him doe ek wol deameitsje wollen. Sjoukje en ik ha doe besletten om it stil te hâlden. Gelokkich dat wy it der tegearre oer ha koenen.’
‘It spyt my.’
‘Ik koe dy man goed en mocht him wol. Ik ha dêrnei altyd yn ’e gedachten hân dat it ek in minske wie. Mar ja, hy hat mei Sjoukje dingen úthelle dy’t har foar altyd knoeid ha. Sjoukje is finzene wurden fan trije dingen: wat Sybren Visser har oandien hat, datsto him fermoarde hast en dat jimme it der noait tegearre oer hân ha.’
‘Sy hat my noait opsocht en ik wist net wat ik dwaan moast.’
‘Ik ha ek neat dien, dêr wol ik earlik yn wêze.’
Klaas seach Seleina oan. De sinne skynde op har gesicht.
‘Wat hat it mei dy dien?’ sei er.
‘Dat ik my noait oan immen bûn ha.’
‘Ja, ik kin my foarstelle datst ûnsichtber bliuwe woest. En by dy hannel fan dy silst ek wol ûnsichtber bliuwe moatte.’
‘Dêr seist it presys. In freon hat tsjin my sein: “Der is net ien dy’t sa ûndergrûnsk libbet as do.”’
‘In freon dy’t neat fan dy wit.’
‘Dy’t neat fan my wist. Mar foar him bin ik no sa’n bytsje in iepen boek.’
Klaas sei: ‘Wêrom sitte wy hjir? Wêrom woest mei my prate?’
Seleina fielde betizing. Se seach om har hinne en har each foel op in grutte houtkleurige reintonne dy’t midden yn it restaurant stie mei dêrop in klassike faas mei guirlandemotiven en dêryn in ryk en kleurich âlderwetsk boeket. Se hie ynienen in kastiel foar eagen mei in grutte Frânske tún deromhinne, dat fan ’e dyk ôf djip weistoppe lei achter in bosk; fan de oprydleane wie de ein net te sjen. Yn de keamers en gongen stiene op sokkels fazen mei boeketten en boppe alle doarren sopra-portes mei as foarstelling in antike faas mei blommen.
‘Wat sjochst?’
‘Neat. Ik tocht earne oan. Ik hoopje, dat ik aanst hjir yn ’e stêd noch even mei dy op in terras sitte kin. Mar do fregest wêrom’t ik mei dy prate woe.’
‘Ja.’
‘Miskien om gewoan by dy sitte te kinnen.’
Seleina hie de hannen op ’e tafel en Klaas lei de hannen op ien derfan.
‘Dat kin,’ sei er.
‘Soe Sjoukje my sjen wolle?’
‘Ik ha it der al mei har oer hân.’
‘En?’
‘Se sjocht der tsjinoan. Se is bang, dat se har gean litte sil tsjin dy.’
‘Dat mei.’
‘Mar dat wol se net, om’t it gjin sin hat. Se hat net it idee, dat jim wer mei inoar omgean kinne. Mar se wol it wol.’
‘Wat?’
‘Dy sjen.’
‘Gelokkich.’
‘Seleina, ik sil it dy mar sizze. Us heit en mem witte it en dyn heit en mem ek. Nei in pear wike ha Sjoukje en ik iepen kaart spile. Mar fierder as ús heit en mem en dy fan dy is it net kommen.’
Seleina die de hannen foar de eagen.
‘Us heit en mem? En dy hawwe noait wat tsjin my sein!’
‘Se wachtsje op dy. Datsto wat seist.’
‘Ik bin de wrâld yn flechte.’
Se seach har neef strak oan.
‘En no?’
‘Neat,’ sei Klaas, ‘alteast, earst mar net, liket my ta. Dyn heit en mem hoege net daliks te witten datsto witst dat sy it witte. Miskien wol noait.’
‘Witst wat ik hieltyd mar tink: dat ik net it rjocht ha om it ferline fertraapje te wollen.’
‘Ik tink datst earst mar ris in kear mei my op ’e seedyk sitte moatst.’
Se namen noch in kop kofje en stapten doe op om yn ’e binnenstêd in terras op te sykjen.
‘Wennet Sjoukje noch altyd yn Grins?’
‘Ja.’
Se rûnen by de singelgrêft lâns nei de brêge nei it sintrum. Seleina seach nei it wetter.
‘Ik bin altyd myn gong gongen,’ sei se.
‘Krekt, do hast gewoan libbe, Seleina,’ sei har neef, ‘Sjoukje ek. In mins kin in soad.’
(wurdt fuortset)

Molwrot 1

Molwrot 2

Molwrot 3

Molwrot 4

Molwrot 5

Molwrot 6

Molwrot 7

Molwrot 8

Molwrot 9

Molwrot 10

Molwrot 11

Molwrot 12

Molwrot 13

Molwrot 14

Molwrot 15

Molwrot 16

Molwrot 17

Molwrot 18

Molwrot 19

Molwrot 20

Molwrot 21 en 22

Molwrot 23

Molwrot 24

Molwrot 25

Molwrot 26

Molwrot 27

Molwrot 28

Molwrot 29

Molwrot 30

Molwrot 31

(wurdt fuortset)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *