
De kezinen binne typysk 70-er jierren. Foar in part dûbel glês, en brún houtwurk binnen. Kondens nei in kâlde nacht: mei myn finger skriuw ik myn namme mei grutte letters op it rút. Nei likernôch 40 jier kin ik net inkeld troch it glês nei bûten sjen: it houtwurk is folslein ferotte. Op guon hoeken hawwe se besocht om der noch wat fan te meitsjen mei plamuer en floeiber hout, mar it hat gjin fertúten dien. Mei in skroevedraaier pripje ik der samar trochhinne.
Lês fierder by Kitty Madison