André Looijenga

Nee, dizze kop is net yn sabeare Dútsk

logo.ensafh

It is Hollânske boekewike, dat in goede reden om in Frysk boek te keapjen en dêr in fergees treinkaartsje as Hollânsktalich geskink by te krijen. En sa’t jo grif meikrigen hawwe, is ‘Dútslân’ it tema fan dy Hollânske boekewike. Sels lês ik Dútsers folle leaver yn it Dútsk oars. Ik soe jo graach wat nijsgjirrichs oanriede wolle yn dy eastlike buortaal, mar it heucht my hoe’t ik fan ’t simmer by de Van der Velde yn Snits it heale kastke mei ‘Deutsche Bücher’ beseach: allinnich in pear oersette Skandinavyske thrillers foar toeristen dy’t troch har fakânsjelektuer hinne binne. Dútske literatuer is by jo yn Fryslân yn ’e winkel dochs net te keap, bin ik bang.

Dan falt it yn Grins noch altyd de helte ta. Myn yntellektuële snobisme kin hjir syn gerak wol krije, – wat dat oangiet, moast ik hjir mar net fuort. Yn it smelle, goed-útriste winkeltsje fan Godert Walter bygelyks. Oardel jier lyn siet ik de simmers op de Skriuwersarke, oer te setten en te lêzen, en op in dei wie ik efkes werom yn ’e grutte stêd. Ik helle in bestelling op yn dy boekwinkel, sneupte de kast by del, krige der in simmersk-blau pocketsje út, en ûnder it besjen waard my al soks oanret fan ast dit aardich fynst dan meist dat boekje ek wol lije. No sa, mei twa hjoeddeiske Dútske romans yn ’e rêchpûde yn ’e bus nei Drachten. Myn ympuls-oankeap hie my fuort te pakken, wylst ik it begûn te lêzen weromreis nei it Von Knobelsdorffplein.

Ik tyske doe wat yn ’e holle om mei it idee fan in ‘road novel’. Twa, trije jonge haadpersoanen, in reis oer Autobahnen en púndiken troch Midden-Europa. Of faaks noch wol fierder om utens. Mar dan moast ik faaks dochs earst reëler dy kanten út reizgje as fia GoogleMaps en Wikipedia. Hjir siet ik ynienen mei in road novel dy’t ik sels wol skriuwe wold hie, as ik it kind hie; foar my ûnbekende namme, ûnbekende titel: Tschick (2010), fan Wolfgang Herrndorf.

It is in boek oer twa jonges fan fjirtjin / fyftjin, dy’t yn ’e simmerfakânsje mei in stellen âld auto it plattelân súdlik fan Berlyn yn ride. De ik-ferteller is de soan fan rike mar ôfwêzige âlden, en syn reisgenoat hat de auto meinaam: Tschick, eins Andrej Tschichatschow, in Russyske jonge dy’t as Spätaussiedler yn in efterstânsflat yn de Dútske haadstêd bedarre is. In ûntwapenjend boek, as ‘young adult’ yn de oersettingemerk set. It is in boek dat ik lies as wie ik sels in treddeklasser. (Sa’n liminale leeftyd is it, treddeklasser wêze.) De styl is moai troffen: sprektalich mar gjin strjittaal. De skriuwer krijt it foar elkoar dat it oannimlik is dat de haadpersoanen net hieltyd mei de noas yn it mobyl ynternet sitte. It is in skelmeroman: de twa jonges dy’t der net by hearre, litte de stêd en har skoalgenoaten efter op wei ‘in die Walachei’, helje fiten út om út it sicht fan de plysje te bliuwen en komme allegear nuveraardige types tsjin. De East-Dútske krimpregio is as in fantasijryk simmersk wûnderlân (Herrndorf hat yn in fraachpetear útholden dat er dy hoeke noait besocht hat, mar dat er it plattelân beskreaun hat mei help fan de satellytfoto’s op GoogleMaps).

‘Wy’ (ik bedoel: sokke nuversma’s as ús mei strjitnambuordsjes yn in ûnbekende rare taal) komme der ek yn foar. Sjoch mar, in lyts doarp yn de Niederlausitz:

Der Ort bestand aus drei Straßen und einer Bushaltestelle. Die Straßenschilder waren in einer fremden Sprache, und ich dachte einen Moment, dass ich schon in Tschechien wäre oder was, aber das konnte ja wohl nicht sein. So Ähnliches wie eine Grenze hätte ich doch wohl bemerkt. (s. 140)

As ik my net oer de grins fan it Dútsk hinne wage hie, wie Tschick oan my foarbygien. Young adult yn oersetting lês ik ommers sûnt de middelbere skoalle net mear. (Nóch dat it boekje in bestseller wie, nóch dat Wolfgang Herrndorf, krekt ferneamd, ûngenêslik siik himsels tekoart dien hie, wist ik fan – foarsafier dus myn yngeande kennis fan nije literatuer fan oer de ‘gröp’.)

Dútsk lêze doch ik net, omdat ik bourdieuïstysk nei distinksje stribje – dêrfoar stiet kennis fan ús buortaal njonkenlytsen maatskiplik te leech yn oansjen. De kwaliteit fan de notiidske Dútsktalige literatuer is ek net dúdlik better of minder as dy yn it Hollânsk. Ik lês graach yn dy taal, om’t myn harsens it no ienkear noflik fine om brûkt te wurden. Hollânsk lêst te maklik. In libben wêryn’t de Ingelske taal it iennige finster op de wrâld oer de grinzen is, is in beheind bestean. Dútsk lêze is mei de holle reizgje yn in taal dy’t yn alle gefallen noch fan List auf Sylt oant en mei Bad Radkersburg in wrâldtaal is.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *