Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Geart Tigchelaar

logo.ensafh

Geart Tigchelaar: ‘Je hearre wol dat it allegear sa slim is yn ’e wrâld en dat it allegear op ’e kop ferkeard komt, mar ik leau wol dat de mins yn ’e kearn goed is, en ik bin benijd om dat sels te ûnderfinen.’

Geart Tigchelaar (Dokkum, 1987) is opgroeid yn Damwâld. Hy hat Fryske taal en kultuer studearre oan de Universiteit yn Grins. Aldfrysk fûn er ien fan de moaiste fakken. Neitiid helle er ek syn bachelor foar dosint Nederlânsk oan NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Yn syn studintetiid yn 2007 rjochte er yn ’e mande mei trije meistudinten stúdzjeferiening Skanomodu op. Mei Dirk Jan Muntendam as ko-auteur skreau er it boek De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen: in frije bewurking fan de Kening Arthur Saga (2010). Yn 2011 ferskynde Geart’s roman Lúshâlding. Syn dichtbondel Leech hert yn nij jek seach yn jannewaris fan 2016 it ljocht. Geart is sûnt 2010 redakteur fan literêr tydskrift Ensafh en publisearret dêr syn wurk. Hy wennet op it stuit antykreak en mei in kringloopynterieur yn de âlde LTS op de Nijlânsdyk yn Ljouwert. Op 18 april sil er op reis, Geart sil op ’e fyts de wrâld oer.

DSC_0221

Wat is de rûte dy’tst folgje silst op ’e fyts?
‘Ik sil earst rjochting Denemarken en dêr wol ik even bliuwe by de minsken dy’t ik dêr ken. Fia Sweden wol ik nei de Noardkaap yn Noarwegen en dan fia Finlân ôfsakje nei de Baltyske Steaten, Litouwen en Estlân, troch Bulgarije en Roemenië nei Turkije, dan it Easten yn fia Kazachstan en East-Georgië en dêrnei nei Sina, Mongoalië, Japan. Oerstekke nei Alaska en dan de westkust fan Amearika hielendal by del en dêrnei fia in lyts stikje Afrika wer omheech nei Europa. Dat is globaal de rûte dy’t ik yn ’e holle ha, mar it kin bêst wêze dat ik fanwege de politike tastân yn in lân in oare rûte kies. Bygelyks yn Turkije is it wat penibel op it heden, it kin wêze dat ik dan boppe del troch Ruslân gean.’

Wat is it úteinlike doel fan dyn fytstocht?
‘Je hearre wol dat it allegear sa slim is yn ’e wrâld en dat it allegear op ’e kop ferkeard komt, mar ik leau wol dat de mins yn ’e kearn goed is, en ik bin benijd om dat sels te ûnderfinen. As je allinnich op ’n paad binne en soms help nedich ha, leau ik wol dat je dat dan ek krije. It fyn it moai om minsken te moetsjen en mei minsken te praten. Dat is net myn iennichste doel. Ek it gefoel fan frijheid en dat ik net opsluten wêze wol yn it deistige stramyn fan fiif dagen yn ’e wike wurkje oant je pinsjoen ta. Ik sit yn ’e lokkige posysje dat ik dit no dwaan kin. Dat lêste bin ik my o sa bewust fan.’

Hoe silst ite en oernachtsje op dyn reis?
‘Ik ha de tinte mei, dus dan kin ik mar sjen wêr’t ik sliep. Ik wol benammen wyldkampeare, sa kin ik fansels ek de kosten drukke en bin ik frijer. Ik nim in lyts benzinetankje mei sadat ik sels iten siede kin. Yn Skandinavië meist wyldkampeare en sels fjoer meitsje. Dan kin ik benzine sparje foar myn tankje en myn pasta opwaarmje boppe in houtfjoerke. As ik yn Roemenië bin of wêr dan ek en it reint fiif dagen, dan wol ik fansels graach earne oars sliepe. Fia organisaasjes, lykas Couchsurfing en Warm Showers kinst oan sliepplak komme. Dy lêste organisaasje is foaral rjochte op toerfytsers. Kinst dy by dy organisaasjes oanmelde en freegje oft ien dan en dan dêr en dêr ûnderdak biede kin. By de ien kinst frij de waskmasine brûke en by de oar de keuken, it is mar krekt wat minsken ha. Kinst fergees oernachtsje en it idee is dat sy dan ek in kear by dy komme kinne.’

Silst ek wurkje ûnderweis?
‘Ik hie earst yn ’e holle om myn oersetwurk en korreksjewurk oan te hâlden. Mar letter sei ien tsjin my dat ik dat eins net dwaan moat, omdat ik dan frijer bin. It binne faak hastputsjes en dan moatst fansels wol wifi ha en der krekt tiid foar ha. Silst sjen dat it dan krekt in pear dagen hiel moai fytswaar is. Just it frijere libben lûkt my en it net bûn wêze oan fan alles en noch wat. Ik ha wat sparjild en ik wol gewoan trochskriuwe, dat dêr kin ik ek altyd wol wat sinten mei fertsjinje. En omdat ik hiel goedkeap libje kin, eins hoech ik allinnich mar te iten, kin ik my mei in lyts budzjet aardich rêde. Ik besykje no om in skriuwbeurs te krijen by it Nederlands Letterenfonds foar in nij boek of reisboek. Dat soe fansels ek in moaie ynstruier wêze. It is de bedoeling dat it in soart reisferslach wurdt fan dingen dy’t ik belibje ûnderweis, dêr’t ik in twadde ferhaalline yn ferwurkje wol; skriuwenderweis wol ik dat stal jaan. Ik bin fan doel om troch te gean mei it skriuwen foar Ensafh. Ik nim myn laptop mei en ik haw in spesjaal ding op ’e naaf fan ‘e fytsbân wêrmei’t ik mei in usb-kabel oerdeis de batterij fan myn laptop oplade kin. Dat systeem brûk ik ek op myn telefoan op te laden, dat is hiel wichtich omdat ik dêrmei ek navigearje sil. Ik sil ek wolris op in kemping stean of yn in kafee sitte dêr’t ik myn apparatuer oplade kin, mar ik wol sa folle mooglik selsfoarsjennend wêze. Ik sil sa folle mooglik myn bestannen opslaan yn ’e cloud, as ik dan ûnferhope ris problemen mei de laptop ha dan bin ik de bestannen en foto’s yn elk gefal net kwyt. Ik nim ek pen en papier mei, sadat ik yn elk gefal trochskriuwe kin mocht de apparatuer útfalle. Ik sil ûnderweis in bloch byhâlde en ek in deiboek en dat kin de basis foarmje fan it te skriuwen boek.’

Do silst fytse foar Cycling out of Poverty. Wat is dat foar organisaasje?
‘Cycling out of Poverty is it goede doel dêr’t ik foar fytse sil. It bringt my in protte op, omdat ik in soad minsken tref en op moaie plakken kom en op dy wize in hiel soad belibje ûnderweis. Ik wol net dat it in egotripperij wurdt, dus ik wol ek wol wat weromdwaan. Doe kaam ik tafallich dit Nederlânske goede doel tsjin dat op it stuit opererearret yn Kenia en Oeganda. Sy stypje de lokale befolking mei fytsen en hawwe trije pylders: medysk, ûnderwiis en ynkommen. In boer kriget in fyts sadat er flugger fan en nei de merk kin en mear hâlde kin. Bern krije in fyts sadat se flugger fan en nei skoalle kinne. En húsdokters krije in fyts sadat se flugger fan de iene húsbesite nei de oare kinne. Foar my is dit in hiel moai doel om te stypjen. Minsken kinne my stypje mei in fêst bedrach, mar se kinne my ek opdrachten jaan dy’t ik ûnderweis útfiere sil. Ien hat my opdracht jûn om by in fjord te oernachtsjen en dêr in foto te meitsjen en dan krij ik fyftich euro. Of by de lokale befolking stokfisk ite of sokssawat. Fan Koos Tiemersma hie ik in hiele moaie opdracht krigen. Syn boek Under wetter stiet yn in universiteitsbiblioteek yn Kaunas yn Litouwen. Dan moat ik dat boek besjen en in formulier ynfolje dat ik yn it boek efterlitte moat. Ik moat him in kopie fan it formulier stjoere en in foto meitsje en dan krij ik ek in bedrach. Piter Boersma, de haadredakteur fan Ensafh, hat my de moaie opdracht jûn om yn elk lân dêr’t ik kom in gedicht of in koart ferhaal te skriuwen en dat wurdt dan nei de tiid bondele.’

SSA42461

Bist ek bang foar guon situaasjes dêr’tst yn telâne komme kinst, bygelyks yn Afrika?
‘Ik besykje dêr sa min mooglik oer nei te tinken, mar ik bin my bewust fan wat der barre kin. Ik haw in spegeltsje op it stjoer, omdat yn guon lannen fytsers net safolle respekt krije as hjir yn de measte Europeeske lannen. Ast in frachtauto hearst moatst eins al yn de berm wêze, want se ride yn guon lannen gewoan troch. En ik haw op ynternet lêzen dat hjir en dêr ek wol wylde hûnen binne. Sa’t ik sei leau ik bot yn it goede fan de mins en dat it allegear wol wat tafalt yn de wrâld, mar der is altyd 1% dy’t kwea wol en my miskien bestelle wol. As ik de rûte folgje dy’t ik no yn ’e holle ha dan sil de reis trije of fjouwer jier yn beslach nimme. Ik hie yn ’e holle om nei Marokko ta. Fierder liket Afrika my moai ta, mar dan om te kuierjen, net sasear om te fytsen. Omdat CooP yn Kenia en Oeganda sit seine se dat it moai wêze soe as ik nei trije, fjouwer jier dêr kom, want dan kin ik ek sjen wat se opboud ha yn dy tiid. Omdat ik út Brazilië wei dêrhinne wol, sit ik dan oan de westkust wylst Kenia en Oeganda krekt oan de oare kant lizze, dus dan soe ik hiel Afrika noch trochkruse moatte. Ebola is wat oer, mar der binne wol wat boargeroarlogen hjir en dêr, dat dêr bin ik net hiel happich op. Foar itselde part komt de rûte noch wer oars, dat ik út Turkije wei dêrhinne fyts, dat is dan wat tichterby om sa mar te sizzen. Ik moat even sjen hoe’t dat komt.’

Hast der in protte nocht oan om op fytsreis?
‘Ja, ik ha der in soad sin oan om fuort, al fyn ik it ek spannend. Ik ha no echt in datum yn ’e holle dat ik fuort sil. Yn Denemarken wie ik der yn ’e holle al mei dwaande, mar doe’t ik thúskaam haw ik echt dingen oanskaft en regele foar de reis, ek fersekeringen ensfh. Ik ha útsocht oft ik ek fisums oanfreegje moast, mar dat haw ik úteinlik net dien. Ik bin fan doel om in protte te lêzen ûnderweis, ik ha dêrfoar in e-reader oanskaft want it is fansels net te dwaan om steapels boeken mei te nimmen. Bygelyks sil ik fan Tolstoj Oorlog en vrede lêze. Ik ha foar soks aanst moai de tiid mei’t ik jûns gjin ferplichtings ha as gearkomsten, famylje-oangelegenheden en neam mar op. Yn april sil it waar wat better wêze as no. Myn tinte is fjouwerseizoenen en kin wol wat snie ha, mar ik gean mei sin no yn de maityd rjochting Skandinavië en dan wol ik letter oerwinterje yn Turkije, is de bedoeling.’

Wat fine dyn âlden fan dizze ûndernimming?
‘Myn âlden ha altyd sein dat wy dwaan moatte wat we wolle. Myn âldere sus wennet yn Ingelân en myn broer hat ek hjir en dêr west. Dit is dochs wol hiel wat oars fansels as wannear’t je je wurk yn Ingelân ha, mar se binne no wol echt oan it idee wend. Se witte dat it my net út de kop te praten is, dus no fine se dat ik dit mar dwaan moat. Us mem fûn it earst net sa, mar no seit se dat ik yn alle gefallen in jier fuortbliuwe moat. Myn broer fynt it in moai plan en hy wol ek wol nei de Noardkaap, dus it kin bêst wêze dat hy dêr komt as ik dêr ek bin. Net op ’e fyts, mar mei de auto. Sa binne der mear dy’t my ûnderweis wol opsyksje wolle.’

Is der noch eat of ien dy’t dy tsjinhâlde kin om op reis te gean?
‘It is wol moai datst it seist, want de lêste pear moannen gean ik mei ien om dêr’t ik it hiel goed mei fine kin. Sy wist yn it foar al dat ik fuort soe, it is net sa dat it nei in pear wike ynienen as in ferrassing kaam. Dus myn reis giet sawiesa wol troch. Earst seine we dat we mar opinoar útsjoen reitsje moatte foardat ik fuortgean, mar soks rêde je fansels net op (seit Geart mei in glim). It kin wêze dat sy my hjir en dêr moetet as ik ûnderweis bin.’

unnamed (5)

Efterop dyn dichtbondel Leech hert yn nij jek stiet dat de poëzij libbet en stjert as in hert. Wat bedoelst dêr krekt mei?
‘De gedichten út de bondel haw ik foar it grutste part yn Denemarken skreaun. De gedichten gean oer myn eigen libben, mar der sit ek wat in swarte râne oan it gehiel, sa’t ek by it libben heart. En der sit fansels ek in aardige wurdboarterij yn. Doe’t ik yn Denemarken wie haw ik in bepaalde perioade yn myn libben ôfsletten, mar ik woe ek wer foarútsjen. Foardat ik nei Denemarken hie ik in bepaald ideaalbyld foar eagen, dat ik nei myn ôfstudearjen trouwe soe en oan it wurk en miskien ris bern krije. Dat ideaalbyld bin ik al lang fan ôfstapt, dat soe my no earder benearje as dat ik dat wolle soe. Dêrom wol ik no graach de wrâld yn en wat belibje. Miskien kom ik dêr oer in pear jier wol op werom, as ik wat omswalke ha, dat ik my dan graach settelje wol en wat nêstwaarmte opsykje.’

Do hast twa kear langere tiid yn Denemarken west.
‘Ja, kloppet. Twa jier lyn wie ik dêr seis wike, doe wie ik op ’e fyts. Ik wie oansletten by de organisaasje WOOF, Willing Workers on Organic Farms, en sa kaam ik oan adressen dêr’t ik wenje en wurkje koe. Ik wie by in húshâlding en holp foar kost en ynwenning mei op ’e tún en mei de bisten. Ofrûne jier haw ik dêr in folslein jier west yn in karavan. Doe haw ik de measte gedichten skreaun. De earste fjouwer moanne stie ik mei de karavan by in âldere frou op it hiem. Yn febrewaris bin ik mei de karavan nei in pleats by Hovedgård gien en dêr bin ik bleaun oant en mei septimber. Ik wurke dêr mei op ’e pleats foar kost en ynwenning. Ik ha yn Denemarken ek in kursus Deensk prate en skriuwe dien. Ik kommunisearje noch mei de minsken dêr’t ik west ha en ik ha ek wol ‘s in gedicht oerset út it Deensk yn it Frysk. Moai dat ik aansen op myn reis wer Deensk prate kin.’

SSA42474

Do hast no tydlik wurk by Tresoar. Wat foar wurk is it?
‘Ja, dat is in tydlik baantsje. Dat soe al tusken de beide kearen yn Denemarken yn, mar it kaam earder net fan ‘e grûn fanwege it jild en omdat ik wer nei Denemarken soe. Der wie no dochs jild foar dizze put, dus noch krekt op de falreep kin ik noch even foar Tresoar wurkje. Ik bin de fisuele Fryske poëzij oan it útsykjen, de wikselwurking tusken tekst en byld. It foarbyld pur sang is De greate wrakseling fan Hessel Miedema. Mar ek it wurk fan Josse de Haan mei syn Anarkys, weryn’t er hiel bot boartet mei tekst en byld en it wurk fan Reinder Rienk van der Leest. Ik doch in ynventarisaasje foar it projekt Lân fan Taal dat opset wurdt yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd en it Deltaplan Digitalisearring by Tresoar. Ik spit alle Fryske tydskriften troch en kom in protte leuke dingen tsjin.’

Do hast ek in skoft by de Fryske Akademy wurke.
‘Ja, foardat ik nei Denemarken gie haw ik dêr goed in jier wurke. Ik ha my dêr dwaande holden mei de foarkarswurdlist dy’t ferline jier publisearre is. Dêrfoar haw ik Fryske les jûn op ’e PABO op Stenden Hegeskoalle. En ik ha kursussen Frysk jûn by de Afûk. Dus no ha ik aansen alle Fryske ynstituten hân, sadat ik mei in gerêst hert fuort kin (grapke).’

omslag Geart Tigchelaar

Do bist mei in roman dwaande. Wannear komt dy út?
‘Ja, dy komt aansen by de Afûk út en is sa goed as klear. 17 april wol ik dy hjir yn it atelier fan Minne Hoekstra presintearje. De deis derop leverje ik de kaai fan myn wenromte yn en dan sil ik op ’e fyts fuort. De titel fan de roman is Bêste jonge en it giet oer in jonge dy’t wat oars wol mei syn libben. Hy sit wat fêst yn struktueren en dat benearet him op it lêst. Hy jout les oan in skoalle, mar wol leaver sinneblommen kweke. Hy is der bot mei oan ’e gong om dat foarinoar te krijen en oaren reagearje dêr wer op. De ien fynt it in goed plan en de oar fynt it neat. Uteinlik komt it dochs oars as er tocht hie.’

Wat foar oersetwurk dochst op it heden?
‘Dat is in rige fan Kathy Reichs, deselde skriuwster fan de boeken fan Bones, dêr’t de telefyzjesearje Temperance Brennan op basearre is. It is in jeugdsearje oer in tal bern dy’t in mutearre firus krije fan in hûn en dêrtroch bepaalde superkrêften krije. It is net sa klisjee skreaun as oare boeken wol binne, it is frij flot en mei ferskate lagen. It binne yn totaal fiif boeken en ik ha no it earste part oerset yn it Frysk. Dat boek sil meikoarten presintearre wurde, it is hast klear. Ytsje Hoekstra sil it twadde part oersette en dan sil ik wer it tredde part dwaan. As ik ûnderweis bin wol ik dêroan wurkje. Dit is in gruttere put en it is fansels in moai stik ynkommen foar my.’

By ús foarige fraachpetear wiest drummer by de metalband Kramtried. Hoe giet it dêrmei?
‘Goed, mar ik bin der net mear by. Doe’t ik de earste kear nei Denemarken gong wist ik noch net hoe’t it allegear komme soe, mar wie it wol dúdlik dat myn eardere relaasje op ’e non rûn wie. Nei dy earste kear makke ik wer plannen om nei Denemarken en doe haw ik oanjûn dat ik mar it bêste út de band stappe koe. Dat is no goed oardel jier lyn. Wy hiene in perkusjonist derby en hy is no slachwurker wurden en hat myn partijen oernommen. No wol de band in oare rjochting yn, bytsje mear punkrock/rock. Mei har trijen gean se troch. Ik ha myn elektroanysk oefendrumstel ferkocht en ik wol myn oare ek ferkeapje. De muzyk hat foar my no net de prioriteit.’

1520665_10152964243711674_2074845847836112008_n

Witst al watst nei dyn fytstocht dwaan wolst?
‘Sa’t ik der no yn stean wol ik dan nei it bûtenlân. Dat kin ek wol wer oars komme. Miskien flikkerje ik takom jier wol yn in ravyn en dan is it hielendal dien. 🙂 Mar as ik dochs hielhûds wer thús kom dan is myn doel sa’t ik it no sjoch om wer nei Denemarken, mar in lân as Sweden lokket my ek o sa, en in lân as Skotlân ek. Dêr bin ik eins noch net rjocht oer út. Ik soe der miskien hinne wolle mei it famke dêr’t ik no wat mei ha. Yn alle gefallen sil ik dan net wer mei de karavan dy kant op. Op de pleats yn Denemarken dêr’t ik yn it lêst siet, koe ik wol moai myn gong gean, mar omdat ik dêr tsjin kost en ynwenning wurke moatst ik my dochs wat skikke. Ik soe oer in pear jier graach in plakje foar mysels ha wolle, dat hoecht net in hiel grut hûs te wêzen en ik hoech ek net in djoere auto. Antykreak wenje lykas no is om my ek prima. En ik wol graach in lyts baantsje, sadat ik yn myn ûnderhâld foarsjen kin. Fulltime oan it wurk hoecht om my net, want ik wol hiel basic libje en jild en tiid oerhâlde foar oare dingen. En ik soe graach Deensk studearje wolle. As je yn Denemarken wenje kin dat fergees.’

Stypje CooP en jou Geart opdrachten foar ûnderweis: www.coop-africa.org/nl.

Geart Tigchelaar syn weblog: http://gearttigchelaar.wordpress.com/

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *