Beart Oosterhaven

Tsien bysûndere bibelske balladen

logo.ensafh

Ein 2015 binne twa foar de ûntjouwing fan ’e Frysktalige folkmuzyk wichtige elpees fan Roel Slofstra foar ’t earst as cd útbrocht. It is te rêden om Slofstra syn debút-skiif In spyltuech bin ik en syn tematysk dêrby oanslutende fyfde elpee It goede libben. Dy lêste hat as cd-titel De Skepping krigen.
Op beide lûddragers stean allinne mar bibelske teksten fan Fedde Schurer (1898-1968) út dy syn bondel De gitaer by it boek (1969). As men nei de tsien dúdlike balladen op ’e neamde skiven sjocht en harket, wurdt helder, dat de kombinaasje Fedde Schurer-Roel Slofstra ek hjoed-de-dei, in lytse heale iuw nei dato, noch altyd ‘wurket’.

Preken yn âlderlingen
Want ‘wurkje’ diene de elpees fan Roel Slofstra dy’t de firma Dureco út Weesp yn 1969 respektivelik 1974 útbrocht! Op dat stuit wie der nammentlik noch amper Frysktalige lichte muzyk fan ’e hege kwaliteit sa’t sjonger-gitarist Roel Slofstra (Zwartemeer, Dr., 1939) dy, mei tank oan syn konservatoariumoplieding yn Den Haach, oer de fuotljochten brocht. Boppedat stie de sekularisaasje yn dy dagen noch yn ’e berneskuon en waarden tsjerketsjinsten en -konserten steefêst goed besocht. Fedde Schurer syn bibelske lieten yn ’e fertolking fan Roel Slofstra giene der sadwaande by gâns tsjerkegongers ein sechstiger/begjin santiger jierren yn as preken yn âlderlingen. Oer Slofstra syn ‘optredens’ waard skreaun yn ’e kranten en hy helle der sels de lanlike telefyzje mei!
Op In spyltuech bin ik stean fjirtjin nûmers. De skiif hat as ûndertitel ‘Roel Slofstra en Maaike de Wilde sjonge yn de Fryske taal Bibelske gedichten fan Fedde Schurer’. It is dus net foar hûndert prosint in solo-elpee/cd fan Slofstra! Dat jildt foar sawol de fokale as de muzikale ynfolling. Op dy fan ’e ‘Ballade fan Rachab’ nei, is alle muzyk nammentlik skreaun troch Louise Godin, in komponiste dy’t krekt as Roel Slofstra yndertiid ôfstudearre is oan it Keninklik Konservatoarium yn Den Haach. Fierder wurdt Slofstra yn gâns nûmers op In spyltuech bin ik bystien troch in pear tige betûfte muzikanten, nammentlik Piet Souer (gitaar) en Benny Ludemann (fluit).

Lyrysk en epysk
De mei-inoar seisentweintich teksten fan ’e beide elpees/cd’s (It goede libben/De Skepping stean tolve stiks op) kinne yn twa skiften ferdield wurde: lyryske en epyske. It earste skift jout de mear ‘persoanlike’ teksten, nammentlik deselden dêr’t Fedde Schurer yn werjout wat oft it lêzen/bestudearjen fan beskate Bibelpassaazjes by him oan gefoelens opropt. Dy teksten, lykas ‘Paradys’, ‘Sûndefal’, ‘Ruth’, ‘David spilet’, ‘Spul om neat’ en ‘It wynhôf’ fan In spyltuech bin ik en ‘Fernimst en ûnferstân’, ‘It goede libben’, ‘Myn ûntrou folk’ en ‘Al wa’t toarst hat’ fan It goede libben/De Skepping, binne nei myn betinken suver mear gedichten as werklike lietteksten. Dat wol net sizze, dat der gjin pronkjes fan tekst en muzyk tusken sitte. Krektoarsom! It ferbinen fan Fedde Schurer syn teksten mei Louise Godin har komposysjes en de superieure fertolking troch Roel Slofstra en syn muzikale maten Souer en Ludemann, hat yndertiid in gouden fynst west. Om dy reden stean de krektneamde lyryske nûmers ek hjoed-de-dei noch as in hûs!

Balladen
Yn wat no folget lit ik de lyryske nûmers op In spyltuech bin ik respektivelik It goede libben/De Skepping gewurde en sil ik it hawwe oer de epyske/fertellende nûmers fan dy skiven. Méi om’t dy fan grut belang west hawwe foar de ûntjouwing fan ’e Frysktalige folkmuzyk sûnt begjin santiger jierren fan ’e foarige iuw.
Op In spyltuech bin ik stean trije dúdlik epyske/fertellende nûmers, dy’t ik no fierder oantsjutte wol as ‘balladen’. In ballade is foar my in epysk dichtstik yn strofyske foarm, mei of sûnder refrein (kearsang), dat yn koarte skerpe halen in romantysk foarfal behannelet, ek wolris yn dialoochfoarm.
De balladen fan In spyltuech bin ik hawwe as respektivelike titels: ‘Yn it kuorke’, ‘Ballade fan Rachab’ en ‘David dûnset’. It goede libben/De Skepping, dêr’t Roel Slofstra sels en syn heit Jan Slofstra (1910-1999) de muzyk foar komponearre hawwe, jout mar leafst sân balladen. Te witten: ‘Skepping’, ‘Arke fan Noach’, ‘De dreamer’, ‘Reade See’, ‘Moazes’ dea’, ‘Widdo fan Sarfat’ en ‘Heroades en de Doper’.

Folk
Op side 10 en 11 fan myn yn 2005 ferskynde boek De fûgel yn dy. 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004 skreau ik, dat In spyltuech bin ik wol de earste Frysktalige folk-elpee neamd wurde mei: ‘Dat komt ûnder mear troch de krektneamde “Ballade fan Rachab” dy’t, mei oars gjin begelieding as gitaar, in pronkje fan in fertellend folklietsje wurden is. It nûmer stiet noch altyd as in hûs […].’ De tekst is troch Fedde Schurer basearre op Jozua 2 út it Alde Testamint fan ’e Bibel, dêr’t it ferhaal fan Rachab út Jericho (de grinsstêd dy’t legeroanfierder Jozua fan doel is yn te nimmen) yn ferteld wurdt. Rachab hie dêr op ’e stedsmuorre in frijsteand hûs en wie ‘net in blanke do, mar ien fan ’e lichte brigade’, seit Schurer en fierder:

Ja, soe men dochs sizze, sa’n lellebel
mar dat wurd wol ik hjir net brûke
want hja liet twa spieders út Israël
yn har wenning ûnderdûke.

De folgjende strofe jout dan ít eksimpel fan Schurer syn ferbyldingskrêft, syn boartlike, moderne, styl fan skriuwen en syn folslein masterskip oer de Fryske taal:

Doe sei de polysje fan Jericho:
‘Wêr binne dy beide kearels?’
Mar Rachab dy lake: ‘ei kom, hoe no?’
en tysp’le wat mei har pearels.

As Jozua letter Jericho ynnommen hat, wurdt Rachab net om hals brocht, mar ‘beleanne’ foar har help-jaan oan it folk Israël. Alhiel neffens it wêzen fan in ballade mei yn ’e strofe dêr’t dat yn ferteld wurdt, fansels de moraal, yn dit gefal dat it ‘goede’ leauwe alles oerwint (sj. de lêste twa rigels hjirûnder), net ûntbrekke:

Frou Rachab is fierder yn Israël bleaun
as ien fan de eigene sibbe
en in grutte apostel hat letter skreaun
hja hie út it leauwe libbe.

De gitaarmuzyk dy’t Roel Slofstra komponearre hat foar dit nûmer, past, troch syn pakkend karakter en it up-tempo dêr’t de muzyk yn spile wurdt, treflik by de ynhâld fan Schurer syn tekst. De ‘Ballade fan Rachab’, oer in minske fan fleis en bloed, kin troch syn frissens ek hjoed-de-dei noch alle dagen draaid wurde en heart dêrmei foar my ta de klassikers fan ’e Frysktalige folkmuzyk.

Symbioaze fan tekst en muzyk
Lykas sein hat Roel Slofstra him foar It goede libben/De Skepping folle mear ward as komponist as foar syn debút-album In spyltuech bin ik, dêr’t er foaral de talintearre fertolker/útfierder op is. Syn heit, Jan, hat foar de earstneamde elpee/cd fjouwer nûmers komponearre, nammentlik ‘Skepping’, ‘Arke fan Noach’, ‘Reade See’ en ‘Fernimst en ûnferstân’. De oare acht stikken hat Roel de muzyk foar skreaun.
De komposysjes fan heit en soan binne op It goede libben/De Skepping klear te ûnderskieden. Heit Jan komponearret nammentlik yn in folle tradisjoneler, suver klassyk-ympresjonistyske, styl as soan Roel. De komposysjes fan Roel wjerspegelje dêrfoaroer hiel dúdlik de folkgeast fan syn tiid, de sechstiger en begjin santiger jierren fan ’e tweintichste iuw. As ik nammen fan artysten dêr’t Roel grif ynspiraasje weihelle hat út dy tiid neame moat, tink ik oan sokken as Joan Baez, Buffy Sainte-Marie, Joni Mitchell, Gordon Lightfoot, Loudon Wainwright III, Paul Simon en Art Garfunkel út (Noard-)Amearika en Ralph McTell, Bert Jansch, Magna Carta en Sandy Denny út Ingelân. De kombinaasje fan in super-deeglike konservatoariumeftergrûn en it iepenstean foar de aktuele muzyk fan syn tiid, hat makke, dat It goede libben/De Skepping suver sa’n goed album fan Roel Slofstra wol is as it op himsels ek al treflike In spyltuech bin ik.
By einsluten helje ik hjirûnder noch fjouwer strofen út twa balladen fan It goede libben/De Skepping oan, dêr’t Fedde Schurer yn topfoarm is en dêr’t it komponist-gitarist Roel Slofstra yn slagge is om ta in werklik sublime symbioaze fan tekst en muzyk te kommen. De earste twa strofen komme út ‘Widdo fan Sarfat’ (1 Keningen 7 : 7):

De tiid wie hurd, de tiid wie wreed
hiel Isrel siet yn hongersneed
de grûn wie drûch as hoppe
doe’t dêr ta har ferbjustering
dy grutte steile frjemdeling
by har om tagong kloppe.

De widdo die de doar fan ’t slot
hja wist, dit wie in man fan God
en sûnder klachte of kriten
hat hja har moal en oalje pakt
en dy profeet in pankoek bakt
al hie hja sels gjin iten.

De oare twa strofen binne te finen yn ‘Heroades en de Doper’, it ienige liet basearre op it Nije Testamint dat op It goede libben/De Skepping te finen is (Mattéus 14 : 1-12):

Heroades oerraasde syn selsferwyt
en hy tochte, alhiel yn ’e ties:
dan leaver de Doper syn holle mar kwyt
as dat ik myn gesicht hjir ferlies.

Doe brocht men de holle fan de edelste man
as in útlânske frucht op in skaal
de wrede prinsesse ferblikte der net fan –
it is in ferskriklik ferhaal.

Hulde oan Wobbe van Seijen
It wie my bekend, dat de Ljouwerter platebaas Wobbe van Seijen fan it (neffens in persoanlike meidieling fan him oan my) yn 2015 fiifenfjirtich jier besteande Universe-label, de lêste jierren ek gâns boeken mei in spirituele ynslach op ’e merk brocht hat. Dat er ûnderwilens de útjefterjochten fan ’e twa ‘bibelske’ elpees fan Roel Slofstra ferwurven hie en dy elpees oan ’e ein fan it krektneamde jier foar ’t earst op cd útbrocht, wie foar my lykwols in ferrassing.
Wat my oanbelanget is in wurd fan hulde oan Van Seijen op syn plak. Troch syn inisjatyf hat er der nammentlik foar soarge, dat twa alderprachtichste lûddragers fan Fryslâns ‘oertrûbadoer’ Roel Slofstra no foar elkenien wer beskikber binne. Foaral de tsien hjirboppe neamde (en foar in lyts part oanhelle) bysûndere balladen meitsje, dat de cd’s In spyltuech bin ik en De Skepping yn ’e kolleksje fan net ien Fryske folkleafhawwer misse meie!

3858613 roel-slofstra-de-skepping
Roel Slofstra: In spyltuech bin ik (cd); Universe Productions; Ljouwert 2015.
Roel Slofstra: De Skepping (cd); Universe Productions; Ljouwert 2015.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *