Teleks: Farske Maltesers yn de winkel mei poëzij

logo.ensafh

Ierappelleafhawwers kinne fan frêed ôf genietsje fan farske ierpels fan Malta. De ierpels wurde ferkocht yn spesjale jutepûden mei in gedicht yn it Malteesk en yn it Frysk of Biltsk. Tongersdei waarden de earste nije Malteeske ierpels presintearre yn Lauswolt yn Beetstersweach. Ek de ambassadeur fan Malta yn Nederlân wie dêr by. De ierpels binne ûnderdiel fan it projekt ‘Poetic potatoes’ fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

De Malteeske ierpels stamme ôf fan Biltske poaters, dy’t nei it eilân ta brocht waarden yn kombinaasje mei gedichten.

Boarne: Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *