
It rapport fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2007 is in nijsgjirrich dokumint — nijsgjirrich, om’t it sjen lit hoe’t yn guon rûnten it tinken oer literatuer yn Fryslân noch altyd behearske wurdt troch tsjinstellingen dy’t aktueel wienen yn ’e jierren sechstich. Tsjinstellingen dy’t yn de Nederlânsktalige literatuer al lang gjin rol fan betsjutting mear spylje, en dy’t ek de moderne Fryske proazaskriuwers gjin byt mear sizze. Mei in fariaasje op Greshoff soe men sizze kinne:
Vorm was actueel toen het veen gevormd werd in de Peel.
It foarmfetysjisme dript fan elke alinea. De toan wurdt dalik set as de sjuery meistimmend Josse de Haan sels sitearret oan it begjin fan it rapport:
Sûnder eksperiminten mei [de foarm] ûntstiet gjin nij en orizjineel keunstwurk.
Sa’n sitaatsje klinkt goed, mar wa’t twa tellen neitinkt, komt op fragen dy’t har net weiredeneare litte. Lykas: wat telt krekt mei as ‘eksperimint mei de foarm’? Is it net sa dat alle mooglike foarmeksperiminten al lang in kear — of miskien wol hiel faak — fertoand binne, en is werhelling dêrfan dan ek noch ‘eksperimint’ te neamen? Of dizze: wat is in ‘nij’ keunstwurk? En wat is dan in ‘orizjineel’ keunstwurk? It parkearen fan sokke definysjekwestjes helpt net, want ek in mear literatuerhistoaryske beneiering lit sjen wêr’t dizze sjuery de mist yngiet. Stiet de literatuer fan hjoeddedei faaks foar oare problemen as de literatuer fan de jierren sechstich en santich?
Sokke essinsjele fragen, lit stean in besykjen om der op te antwurdzjen, binne yn dit sjueryrapport net te finen. De sjuery redenearret op kredyt en betellet neat ôf. De sjuery stelt in hoop en beargumintearret neat. De sjuery besiket it bysûndere fan Josse de Haan syn wurk sjen te litten troch it tsjin in fierstente ienfoarmige achtergrûn te hâlden:
Literatuer giet faak oer ferwachtingspatroanen by de lêzer. Foar in part moatte dy befestige wurde, foar in part moatte dy ek trochbrutsen wurde, wol dy lêzer teminsten fassinearre en ynteressearre bliuwe. Problematysk wurdt it pas as in skriuwer tefolle ôfwykt fan de noarm, de koades dy’t yn in lân, in taal jilde foar literatuer. De measte lêzers sille dan ôfheakje. Tradisjoneel sjoen siket in lêzer oarder, rede, rigels, perfeksje en harmony. Dêr tsjinoer stiet it ûnridlike, it ûnregelmjittige, it gaoatyske, it net harmonieuze, om net te sizzen it groteske. Dan is sprake fan in tsjintradysje dy’t al begjint by skriuwers lykas Rabelais en Montaigne.
Ik ha werklik wier noait witten dat wy in ‘noarm’ of ‘koades’ hawwe dy’t jilde foar literatuer yn dit lân. Of dat ‘in lêzer’ — wa is dat? — om ‘oarder, rede, rigels, perfeksje en harmony’ siket. Bedoelt de sjuery te sizzen dat de measte lêzers fan literatuer dêr nei sykje? Gruttere flauwekul bestiet net. De measte literêre lêzers sykje yn literêr wurk nei eat dat harren fassinearret, dat har wat seit oer har eigen bestean, of krekt oer in oar syn bestean, oer har eigen tiid, of krekt oer in oare tiid. Punt.
Ik ha earder op myn weblog skreaun dat it proaza fan Josse de Haan alteast de ôfrûne jierren eins hieltyd negatyf besprutsen is yn Fryslân. Lês de resinsjes en skôgingen der op nei fan ûnder oaren Eeltsje Hettinga, Jabik Veenbaas, Jetske Bilker, Joke Corporaal, Eric Hoekstra en mysels. Om de ôfwizende kritiken fan dizze resinsinten te ferlykjen mei it negative ûnthaal dat — jawis, fansels yn ’e jierren sechstich — oare ‘eksperimintele’ skriuwers lykas ‘Jacq. Vogelaar, Sybren Polet, Bert Schierbeek [en] Ivo Michiels’ krigen, seit mear oer de resepsje fan dizze sjuery as oer de literatueropfettings fan de karavaan oan skribinten dy’t muoite hawwe mei it wurk fan Josse de Haan. De sjuery sjoch leaver in ‘strukturalististyske’ literatuerkrityk sa’t Lolle Nauta en Anne Wadman dy beoefenen — yn ’e jierren sechstich. Is it dan net op syn minst in bytsje nuver en yn feite deagewoan lêzersbedroch om as sjuery dan gjin letter te besteegjen oan dy krityske besprekken fan De Haan syn wurk, oars as de frijwat arrogante suggestje dat ‘ditsoarte fan skriuwers [..] hiel faak misbegrepen binne omdat “men” — de kritisy — net wist hoe’t men de boeken lêze moast’?
Mar dizze sjuery makket it noch bûnter, rjue eale lêzer. De sjuery behellet ynienen syn maatskippijfizy of wat der foar trochgean moat yn ’e wurdearring foar De Haan.
Wy libje yn in tiid fan neokonservatisme’
stiet der te lêzen,
ek yn de keunst, wêryn’t minsken oer it generaal it stjoer wat kwyt binne en dan is der faak in beweging te sjen fan de krityske, eksperimintele literatuer ôf en nimt de belangstelling foar autobiografyen, egodokuminten, skiednis en fijne ferhalefertellers wer ta.
Is ’t sa? Lit ik no tafallich tinke dat dy belangstelling der altyd wol west hat, en der altyd ek wol bliuwe sil. Lit ik no tafallich tinke dat de meast eksperimintele keunst — doe’t dat wurd noch werklik op syn plak wie — om de Earste Wrâldoarloch hinne skreaun is. Wie dat dan gjin tiid wêryn’t men ‘it stjoer wat kwyt’ wie?
En yn dy trant oar- en redendielt de sjuery mar troch, sûnder ek mar in momint de eigen útgongspunten kritysk te ûndersykjen. Yn Josse de Haan syn romankeunst tilt it op fan ‘prostitúsje, rare dingen mei bisten, ynsest, drankmisbrûk, ensfh.’ en neffens de sjuery binne syn romans mei dêrom negearre en ôfwiisd. Alwer gjin bewiisplakken. Toan marris oan dat de krityk op Josse de Haan fan niisneamde Fryske resinsinten yn haadsaak dêr op delkaam. Dat kin de sjuery net, want it is domwei net wier. Nei myn idee binne De Haan syn boeken de lêste jierren oerweagjend negatyf resinsearre om’t De Haan syn ambysjes as fernijend skriuwer net genôch wiermeitsje kin. Wa’t witte wol hoe’t dat krekt sit, moat dy resinsjes en stikken mar lêze. Farsk hat se yn in oersjoch byinoar set yn it lêste nûmer.
De Haan syn ambysjes, dêr giet it de sjuery om, en dy ambysjes binne beleane mei de Gysbert. Ik sitear:
Mar ditsoarte fan boeken komt better ta syn rjocht at jo se krekt net lêze as in ûntkenning fan Skjintme, fan it Goede, mar as in besykjen om it masker fan de wurklikheid ôf te skuorren en it gesicht bleat te lizzen fan it konkrete bestean dat de tsjinpoal is fan de myte dy’t as smûk, skaadzjend beamtegrien oer dyselde wurklikheid hinne teard is.
Krekt, it giet de sjuery om ‘in besykjen’. Gjin wurd oer de fraach oft dat besykjen ek slagge is. Wol komt hjir wer de troch de sjuery optochte ‘lêzer’ nei foarren dy’t allinnich út wêze soe op ‘Skjintme’ en ‘it Goede’.
Ek fierderop komt it net mear goed mei dit sjueryrapport, en eltse kear hat dat deselde reden. It eigen tinken wurdt net problematisearre, wylst dat al moatten hie. Bygelyks as der stiet dat De Haan ‘in wichtige bydrage’ levere hat oan ‘de fernijing fan de Fryske literatuer’. Hy soe dat dien hawwe troch
oandacht te freegjen foar nije foarmen fan literatuer, dêr’t harmony en disharmony, it groteske, it surrealisme en ferskate kollaazje-eftige techniken in strukturearjende rol by spylje.
Fragen by ‘t soad, en altyd binne de antwurden poater. Wêr bestiet dy ‘fernijing fan de Fryske literatuer’ út? Hie dy net al plakfûn foar’t Josse de Haan mei it skriuwen fan romans út ein sette? Hokker skriuwers hawwe syn romans as foarbyld foar eagen hân? Wa is troch De Haan beynfloede?
Al stiet it nergens: de sjuery woe De oerpolder fan Hylke Speerstra de priis net jaan en grypt dêrom werom op in fjild fan literêre diskusje dat al lang platwâde en passé is. Wêrom oars krekt dwaan as bestiet der werklik hjoeddedei noch in debat tusken ‘gewoane literatuer’ en ‘oare literatuer’? Wêrom oars krekt dwaan as diktearret it grutte Fryske lêzerspublyk foar mear ‘folksaardige’ romans — yn it oare fan Nederlân is dat trouwens net oars, sjoch it súkses fan de Nederlânske oersetting fan De oerpolder — de literêr-krityske noarm? En noch in kear komt de sjuery werom op
it ferlet fan lêzers oan harmony en de langst nei nostalgy en it mystike’, beide fansels ‘basearre [..] op yllúzjes.
Alle literatuer is basearre op yllúzjes. Yllúzjes fan werklikheid, yllúzjes fan taal, yllúzjes fan oarspronklikheid, yllúzjes fan persoanlikheid. Sa’n opmerking is frijwat ûnsinnich en kin eins allinnich mar begrepen wurde yn it ramt fan de fertekeningen dy’t de sjuery ús foarhâldt fan it werklike karakter fan hjoeddeistige Fryske literatuer. Ik wol hjir net De oerpolder as in foarbyld fan sokke moderne literatuer op it aljemint bringe, mar ik leau al dat Fryske skriuwers de literêre striid fan ’e jierren sechstich, dêr’t de sjuery hieltyd oan referearret, achter har litten hawwe.
Proazaskriuwers as Jetske Bilker, Marga Claus, Jaap Krol, Koos Tiemersma, Nyk de Vries en neam se mar op, se hawwe neat mei de ‘nostalgy’ dy’t de sjuery mar even sûnder boe of ba útfynt as de kearn fan in saneamd neokonservatyf tiidrek yn ’e literatuer wêryn’t De Haan syn wurk wer as aktueel oppoetst wurde moat. Dêrmei wol ik net sizze dat De Haan de Gysbert net krije moatten hie. Mar dat er fan Ernst Bruinsma, Willy van der Meer en Aukje Holtrop in folle bettere ferantwurding fertsjinne hie, dat liket my sa helder as putswetter.
*