
In nije heit fan Thys Wadman is in berneboek dat jin as besprekker foar in dilemma stelt. Gerke, de haadpersoan fan dit boek en ik-ferteller, is in jier of njoggen, tsien en autogek. Hy wit álles fan auto’s. It moaiste momint fan de dei is ‘de fraach’. As syn mem him op bêd bringt moat se him in fraach stelle út syn autoplakboek, leafst in sa lestich mooglike fraach. Mar flak foar syn jierdei hat er ynienen in oare winsk. Hy wol in nije heit, in ferfanger foar de ôfwêzige man dy’t folslein gjin belangstelling foar syn jonkje hat en allinne mar wat nocht belibbet oan syn hobby: fiskje. Dy winsk giet yn ferfolling. De nije heit, Harm, ek in autogek, liket ynearsten wol okee te wêzen mar blykt al gau in nuvere sweeslagger, in ûnbetroubere sjappy. Om te begjinnen ferkeapet er de fiskersboat en trailer fan Gerke syn heit. Dat is foar Gerke it sinjaal om yn opstân te kommen. Hy giet hieltyd op ’e nij oer syn morele grinzen hinne om Harm dwers te sitten. Yn dat lêste opsicht hat In nije heit wol wat fan it tige slagge debút fan Wadman, De oerwinnings fan Tido Houtsma. Oan de ein fan it ferhaal begjint Gerke in syktocht nei syn echte heit. Hy ûndernimt dan allegear dingen foar it earst selsstannich: hy leit kontakt mei it wurk fan syn heit, makket in busreis, siket syn beppe yn it âldereintehûs op en dwaalt troch in stêd dy’t er amper kin. Hy fynt it hûs fan syn heit ek. De ein fan it boek suggerearret dat it miskien wol wer goed komt mei Gerke en syn echte heit en mem. Sa heart dat yn in berneboek.
Mar is dit in berneboek dat bern leuk fine sille? Lea Dasberg, de histoarysk-pedagoge, lei as bern jierren op bed mei in aaklike ferlammingsykte. Se skreau letter dat se in enoarme hekel hân hie oan berneboeken dêr’t se har eigen ellinde yn werom seach: oer famkes mei bochels en beugels. Ik soe my yntinke kinne dat soks ek jildt foar al dy bern dy’t tsjintwurdich yn krekt sa’n soarte fan sitewaasje sitte as Gerke. In nije heit is in probleemboek. Der binne gjin bern yn myn omjouwing dy’t ik dit boek foarlêze kin, dus ik wit net oft se dêr wat mei kinne. Ik jou dit boek graach troch oan immen dy’t In nije heit foarlêze wol oan bern út groep 5 en 6, en dan hear ik wol wat de reaksjes binne. Foarlêze sis ik, want de faak frij lange sinnen en wurden, noegje nei alle gedachten net út om dit boek sels te lêzen ast tsien bist. Dy reaksjes wol ik graach op ensafh publisearje.
In pear oantekens dan. De taal is de helte fan it ferhaal. Lykwols: de styl is net sprankeljend. Humor en gekke fiten dy’t befrijend wurkje kinne, ûntbrekke. In sitaat as yllustraasje. Gerke wurdt alle jûnen op bêd ta brocht troch syn mem:
It is sa njonkenlytsen in fêst ritueel wurden. Ik lis al ûnder de tekkens. Toskboarstele, hannen wosken en myn pyama oan. Klear foar de nacht. Mar dan moat earst de dei noch even ôfsluten wurde. Dat hat myn mem sa betocht. Kinne wy noch even oer de dei prate. Sý fynt dat wol leuk, mar ik dus net. Ik wol leaver fertelle wat ik op skoalle dien ha. Of wat der by fuotbaljen bard is. Myn mem wol my ek wol foarlêze. As ik dat wol. Mar dat wol ’k alhielendal net!
Dit is net in jongesboek mar in psychologyske roman. Gerke is in jonge mei in monomane belangstelling foar auto’s. Asto as jonge of famke neat hast mei dizze hobby, dan is dit boek nei alle gedachten neat foar dy. Gerke wol in stoere heit dy’t nei him omsjocht, mei wa’t er him identifisearje kin. Sjappy Harm docht wol krekt as hat er belangstelling foar Gerke, mar dêr prikt de haadpersoan gau trochhinne. Dat lêste is op himsels moai beskreaun. Mar oer de skriuwstyl leit in grauwe wale. Yn kombinaasje mei it ûnderwerp wurdt it hiele ferhaal slim swiersettich.
De koarte ynhâld lit sjen dat der gâns universele, mearke-achtige tema’s ûnder dit ferhaal sitte: de winsk, de falske styfheit, de kweeste nei de echte heit. Minder realisme, mear fantasy, humor, gekkichheid en lichtheid, mear poëzy hiene fan dit oars bêst wol fernimstich betochte ferhaal in boppeslach meitsje kind. Tink Astrid Lindgren, tink Annie M.G. Schmidt, tink Sjoerd Kuyper. Kom op Thys, ik leau datst dat yn dy hast!
Besprutsen: Thys Wadman, In nije heit. Yllustraasjes Gerrit de Jong. Utjouwerij Afûk, Ljouwert, 2014.