
– Nee, wy fjochtsje foar de oalje-yndústry en de wapenhannel. Mar dêr hiene wy it net oer. It gie oer de Taliban. Kinst gauris yn ’e krante lêze, sa’t ik sei, dat der wer ris safolle fan dy Taliban opromme binne. It is ús spesjale NAVO-bataljon dat soksoarte akkefytsjes opknapt. It soe net bêst wêze as ús gewoane soldaten de striid oangean moasten. Se ha ynstruksjes om it gefjocht oeral en altyd te mijen of har byneed suver ferdigenjend op te stellen. Se prate in protte mei de lokale befolking. Wylst smookt it spesjale NAVO-bataljon CK de nêsten fan dy heitelânstriders, dy revolúsjonêren út.
– CK?
– Constructive Force. Dêrom is it ek in opboumisje want construct is Ingelsk foar opbouwe.
Kees waard nei syn pedagogyske útstapke, in ferplicht nûmerke foar de safolste kear foar in oansteande rekrút opfierd, mankelyk. Hy suchte en stoarre oer de sneldyk, dêr’t út en troch in ljocht yn ’e nacht foarbygie. Gjin fallende stjer en in winsk, mar in minske yn in net oansprekber stik blik. Of de toeter soe al brûkt wurde moatte. Desiderius frege:
– Hoe bisto hjir eins te lâne kommen?
Kees swei efkes.
– Och, ik wie full-time ûnderwizer en ik hie in kommissariaat by in húswurkbedriuwke. Dat holp minne middelbere skoalbern troch de eksamens hinne.
– Kommissariaat? Bedoelst: in bybaantsje.
– In kommissariaat!
Hy spatte op.
– Ik lit my net troch etiketsjes ferneuke! Neffens de ARBO, de fakbûn, de Nederlânske wet en it arbeidskontrakt meie jo gjin wurk nêst in full-time baan ha. Mar ik rekkene, as oaren it al meie, wêrom ik dan net? As minsken yn wichtiger banen as ik, it meie, wêrom ik dan net? Hypokriten binne it allegear. Se preekje mingde skoallen, mar se ride sels 50 kilometer om, om har bern nei it wite skoalle te bringen. Se preekje ‘de boel byinoar hâlde’, mar litte de ynkommensferskillen hieltyd fierder oprinne. Se preekje datst in goeie Nederlanner wêze moatst, en dy oan Nederlânske noarmen en wearden oanpasse moatst, mar har eigen belestingspesjalisten wenje oer de grins yn België, safolle hâlde se fan Nederlân. Of se sizze dat miljeu wichtich is, mar tsjinje inkeld de belangen fan de auto en de autodiken.
Sa gie Kees te kear. Desiderius hold him wyslik stil, want hy hie troch dat er mei in mislearre idealist te krijen hie en dat binne gefaarlike minsken. Dat soe er oars yn it Midden-Easten wol útfine, Desiderius en syn oansteande, de frouwe Kalashnikova.
Kees rache ûnderwylst noch in skoftke op de polityk om. In sinleaze aktiviteit, tocht Desiderius. Want hy soe sels ek alle dingen dwaan, dêr’t Kees op om rache, as hysels politikus wêze soe.
Wylst wiene de mannen by in parkearterrein oankommen njonken in sombere kazerne. De militêre finzenen by Maassluis! Kees parkearde syn Sitroën. Se stapten út en rûnen oer it lege parkearterrein hinne nei de ljochte yntreehal. It miggele wat. Desiderius wist dat syn djoere kwaliteitsgel net útrinne soe fan dy pear drippen. Kees begroete de soldaten dy’t wacht rûnen, naam him mei nei in lyts keammerke. By in kompjûter makke Kees wat papieren klear, en dêrby in nij identiteitsbewiis, dat as nasjonaliteit ‘European’ fermelde, mar fierder gjin oare nasjonale identeit. Doe’t se klear wiene, seach er op syn haloazje. Doe belle er efkes mei immen en frege him oft er noch fiif minuten wachtsje koe want hy hie noch in klantsje.
Dêrnei draafden se troch in tal mei fleurich TL-ljocht ferljochte gongen hinne, kamen út op in lyts militêr fleanfjild efter de kazerne, dêr’t rigen ûntinkber ile pompelieren as hege plommen omhinne tuorken. Dêr stie in lyts legerfleantúch klear mei sêft rinnende motoaren. By de trep draaide Kees him op, en winske Desiderius it bêste. Desiderius klom by de ljedder op en joech him del op in lege sit oan de sydkant. Der sieten sa’n 12 mannen yn it fleantúch. De ljedder waard ynhelle. De piloat hjitte elkenien syn gurdel fêst te meitsjen. It wie Desiderius bang te moede. Wêr soe er oankomme? Hie it net better west en nim foar in jier plak yn in lúkse Nederlânske finzenis plak as him yn dit wansillich avontuer te bejaan? Of fielde er him sa min om’t er de hiele nacht noch gjin waarm iten hân hie? De mannen om him hinne hiene allegear boargerklean oan, op ien nei. Dat wie in sersjant, as Desiderius syn strepen goed ynterpretearre. Hy spruts de man oan:
– Sersjant, is der ek wat te iten.
De man lake efkes wreed, bliid dat er immen negeare koe, in negearjen dat de ynterpretaasje fan nee sizzen hie, mar dan noch nee-achtiger. Desiderius waard alhiel lytsman, fertiisd yn syn emoasjes en de minne behanling dy’t er fan ’e bûtenwacht krige. It kâlde, sels net mei wurden útsprutsen nee brocht Desiderius de tiid yn it omtinken dat er op in bank yn in noardlike provinsje wurke hie. Dêr hie it ek altyd nee west, hok briljant plan as Desiderius yn syn enthousjaste jongestiid ek nei foaren brocht hie. Ja, hie Desiderius ea yn in dronken rite tsjin himsels sein, dizze nee-wrâld fertsjinnet it om oplichte te wurden. Mar dêr tocht er no net oan, hy tocht no inkeld mar oan syn liifsbehâld. By einsluten hie er gewoan honger en hy fielde him min, mei alles wat dêrby heart.
It fleantúch begûn te taksyen. Doe setten se ôf, mei ûnbekende bestimming. It leger soe in man fan him meitsje!