
Jelle Burggraaff fertelt oer syn wurk foar Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018
‘Wy hoege net te wachtsjen oant 2018, we sjogge no al de effekten fan it winnen fan de titel Kulturele Haadstêd.’

Jelle Burggraaff
Iepen mienskip is it haadtema fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Meiïnoar wurkje oan projekten yn alle stêden en doarpen fan Fryslân, mar ek mei de rest fan Nederlân en Europa. Jelle Burggraaff (Lollum, 1979) is by de organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 ferantwurdlik foar de ynternasjonale kontakten. Hy reizget hjirfoar ûnder oare eardere en takomstige Kulturele Haadstêden by lâns om kontakten te lizzen en te sjen nei de opset fan de organisaasje yn de ferskate plakken.
Do hast in moaie baan, liket my. Wat hâldt dyn wurk krekt yn? Yn hokker stêden hast al west en hokker plakken silst noch hinne?
Jelle: ‘Yn it algemien bin ik ferantwurdlik foar alle ynternasjonale kontakten fan Ljouwert-Fryslân 2018, wêrby’t de Kulturele Haadstêden ien wichtich netwurk binne. Ik ha ûnder oare yn Marseille-Provence west, Kulturele Haadstêd yn 2013 en yn Umeå yn Sweden, Kulturele Haadstêd fan 2014. Dat wie krekt nei’t Ljouwert-Fryslân de titel Kulturele Haadstêd wûn hie, wêrby’t de fokus lei om by oare stêden te sjen hoe’t sy de organisaasje opset ha en te bepalen wat it bêste model is wat by ús past. Koartsein binne der twa modellen. We kinne foar Kulturele Haadstêd mei in hiel grut team wurkje dat alle eveneminten fan A oant Z hielendal regelet. De parsekontakten en marketing dogge je dan as organisaasje bygelyks ek folslein sels. De organisaasje telt dan mear as hûndert meiwurkers lykas yn Marseille, dêr’t se ûngefear 140 meiwurkers hiene. Of je wurkje mei in lyts team, it Umeå-model, wêrby’t de organisaasje foaral in fasilitearjende rol opnimt. It team organisearret dan net sels eveneminten, mar siket de gearwurking mei oare partijen om Kulturele Haadstêd ta in sukses te meitsjen, dus it team is dan mear in ferbinende faktor en makket it mooglik dat oare minsken en organisaasjes eveneminten útfiere. It Umeå-model mei in lyts team fine wy nijsgjirriger, omdat wy witte dat de Kulturele Haadstêd-organisaasje einich is. As je as team alles sels dogge giet alle kennis yn meiwurkers sitten, dy’t letter wer ergens oars hinne gean. Umeå hat no it jier fan Kulturele Haadstêd achter de rêch, en dêr fernamen se dat organisaasjes yn de stêd, lykas musea of teaterselskippen de ynternasjonale kontakten dy’t opboud binne wol yn stân hâlde. It soe moai wêze as dat foar ús organisaasje ek slagje kin, dat it net allinnich in feest foar 2018 wurdt, mar dat de kontakten ek dêrnei noch weardefol binne. Oeds Westerhof hâldt him dwaande mei de ‘legacy’ fan Kulturele Haadstêd.
De organisaasjes fan de Kulturele Haadstêden moetsje inoar sa’n fjouwer kear jiers. Dat is altyd foar de iepenings fan Kulturele Haadstêden, dêr’t in spesjaal programma omhinne organisearre wurdt. Neist it bywenjen fan de iepeningsseremoanje, binne der ek mominten foar oerlis om te sjen wêr’t oare stêden tsjinoan rinne en hoe’t saken oplost wurde. It kulturele programma dat organisearre wurdt is yn alle stêden fansels ferskillend, mar op it mêd fan finansiering of de tiidline, wannear’t saken kommunisearre wurde en wannear’t eveneminten organisearre wurde, kinst in protte leare fan stêden dy’t Kulturele Haadstêd earder al organisearre ha. It moaie fan it netwurk is dat der stêden yn sitte fan 2008 ôf, Liverpool en Stavanger wiene doe Kulturele Haadstêd, oant en mei de lêst keazen stêden, Matera yn Italië en Plovdiv yn Bulgarije. Dêrneist binne der noch twa gearkomsten jiers fan de organisaasjes yn ien fan de stêden wêrby’t oerlis fierd wurdt. It giet bygelyks oer de lokaasjes of programma-ûnderdielen. Ik haw yn Matera (2019), Riga (2014), Mons (2015), San Sebastian (2016), Wrocław (2016), en Valletta (2018) west.’

Dichters op Malta
Valletta op Malta is yn 2018 tagelyk mei Ljouwert Kulturele Haadstêd. In delegaasje fan Kulturele Haadstêd, besteande út twa Fryske dichters, Janneke Spoelstra en Hein Jaap Hilarides, dy en in sjoernalist fan Finster op Fryslân ha krekt nei Malta west. Wat kinst oer dy besite fertelle?
‘It moaiste fan ús programma fyn ik dat wy sels net alle inisjativen en projekten betocht ha, mar dat it fuortkomt út ideeën út de mienskip sels wei. Froukje de Jong, in boerinne út It Bilt wei, is sels by ús organisaasje kaam en sy fertelde dat se al hiel lang kontakten hat mei Malta. De siedjirpels fan har famyljebedriuw gean al sa’n 150 jier alle jierren nei Malta ta, wurde dêr yn ‘e grûn stutsen en dan groeie der Maltezers út. Froukje hie it idee om dêr in kultureel projekt fan te meitsjen. Sy woe Fryske dichters útnoegje om gedichten oer Fryslân te skriuwen, yn jirpelsekken te dwaan en dan nei Malta ta te stjoeren. En oarsom, dat Malteeske dichters gedichten oer Malta skriuwe en weromstjoere, dy’t dan oerset wurde yn it Frysk. Dêromhinne wie in programma opset yn gearwurking mei in literêr tydskrift dêr, de ambassade en de organisaasje fan Valletta 2018, mei in optreden fan de dichters Janneke Spoelstra en Hein Jaap Hilarides by de ambassade yn Valletta. De oare dei waarden der workshops jûn op in basisskoalle, wêrby’t oan bern frege waard wat sy sels mei de jirpel ha. Hein Jaap en Janneke ha ynformaasje jûn oer Fryslân en ferteld wat ús link mei de jirpel is en ha nei ôfrin mei de bern gedichten oer jirpels makke. Op de twadde jûn wie der in publyksgearkomste yn in keunstsintrum yn Valletta wêrby’t ferskate Malteeske dichters en de Fryske dichters optreden ha.’

Poetic Potatoes 3 april 2016 – foto Ruben van Vliet
Komt dit Malteeske projekt yn 2018 yn in bepaalde foarm werom?
‘Ja, dit is in projekt dat trochrint. Letter dit jier komme twa dichters út Malta nei Fryslân ta. Yn 2018 wurdt it noch folle grutter opset. It idee is om dan boerebedriuwen út It Bilt derby te belûken, mielen mei jirpels te meitsjen, in teaterstik oer de jirpel te organisearjen en ek wer Malteeske dichters hjir hinne te heljen. Dit is in moai foarbyld dat kultuer breder is as allinnich in foarstelling yn de Harmonie of in eksposysje yn it Frysk Museum, dat minsken sels wat opsette kinne. Boeren wurde frege om mei te dwaan en tsien kear yn it jier op freedtejûn te fergaderjen oer hoe’t se it projekt fierder oppakke wolle.’
Wat bart der noch mear kwa organisaasje en aktiviteiten?
‘Wy besjogge as organisaasje hoe’t wy de link lizze kinne tusken de kulturele sektor yn Ljouwert en Fryslân en yn de rest fan Europa, wêrby’t wy ûnder oare Kulturele Haadstêden as yngong brûke om kontakten te lizzen. 2014 wie Nederlân-Swedenjier en waarden der ferskate aktiviteiten organisearre op it mêd fan de relaasje tusken dy twa lannen. Fan DutchCulture krigen we de fraach oft wy as organisaasje fan Kulturele Haadstêd wat opsette koene mei Umeå, yn dat jier Kulturele Haadstêd. Wy hawwe in teaterselskip yn Umeå fûn dat graach kontakt lizze woe mei in Nederlânske partij. Dêrnei ha wy Tryater benadere en sy binne nei Umeå gongen, wêrnei’t de teaterfoarstelling Fabelkracht fan Tryater yn de programmearring fan Umea opnommen is. Tryater is letter yn Riga útnoege dêr’t de foarstelling ek ûnderdiel wurden is fan de Kulturele Haadstêd-programmearring.
Wy ha yn gearwurking mei ûnder oare Donostia Kultura en Tresoar it artist yn residency-projekt ‘Mei oare wurden’, wêrby’t in Fryske skriuwer acht wike nei Masedoanië ta giet om dêr te skriuwen. Ofrûne wike is bekend wurden dat André Looijenga fan Grins dêrfoar selektearre is. San Sebastian is dit jier Kulturele Haadstêd. Iten is dêr in wichtich ûnderdiel fan de kultuer en de organisaasje dêr is op ’e syk nei in sjefkok út Fryslân dy’t dêr in wike hinne wol yn it ramt fan in útwikseling. Dat soart fragen komme by ús as organisaasje binnen. Fia de sosjale media en ús webside stelle we sokke fragen foar elkenien iepen. It is dus net sa dat de organisaasje ien dêrfoar siket, mar wy besjogge wa fan de oanmelders it meast geskikt is. De jonge filmmakker Daan Bandringa hat meidien oan it filmfestival 5sur5 yn België, as ûnderdiel fan Mons Kulturele Haadstêd. Hy hat dêr fjouwer wike west en yn dy tiid in film makke. Op dy manier kin Kulturele Haadstêd brûkt wurde om jong talint in ynternasjonaal poadium te bieden. Wy hoege net te wachtsjen oant 2018, we sjogge no al de effekten fan it winnen fan de titel Kulturele Haadstêd.
Dan is der noch ús kulturele programma fan eveneminten út it bidboek dy’t yn it ramt fan 2018 plend wurde. Dêrby sjoch ik nei wat de Europeeske diminsje is fan de projekten. Wy biede in poadium foar lokale, nasjonale en ynternasjonale kultuer. By in protte projekten is it sa dat minsken sels al in frij sterk netwurk hawwe. Mar by guon projekten tinke wy mei hokker partners noch mear benadere wurde kinne, en dêrby sjogge wy ek faak nei partners yn it bûtenlân.’
As minsken in projekt opsette wolle, hoe kinne se har dan melde by de organisaasje?
‘As minsken in idee ha fan in projekt dat sy graach organisearje wolle, dan kinne se by ús ynformaasjesintrum yn de Blokhúspoarte komme. Dat is alle wurkdagen iepen. Fragen kinne ek fia de mail steld wurde fia info@2018.nl. Wy wolle echt stimulearje dat minsken sels wat organisearje. Wy besjogge earst oft in projekt yn ús programma fan Kulturele Haadstêd past, dêrneist besjogge we wat minsken fan ús nedich hawwe om dat mooglik te meitsjen. As in oanmelder in ynternasjonale link siket, dan kin ik meitinke welke bûtenlânske partners der binne. Wy binne gjin subsydzjeloket, mar wy wolle minsken wol helpe by it delsetten fan it programma troch ûnder oare it organisearjen fan ‘greidesesjes’. Minsken wurde yn in tal sesjes troch ús holpen om fan idee nei útfiering fan it projekt te kommen. It is wichtich om in goed projektplan te skriuwen mei in begrutting derby sadat dêrmei bygelyks subsydzje oanfrege wurde kin. Wy jouwe as organisaasje tips hoe’t minsken dat it bêste dwaan kinne.
It soargjen foar sichtberens yn Europa heart ek by ús wurk. Wy besjogge op welke poadia Ljouwert en Fryslân harsels it bêste presintearje kinne oan Europa. Wy ha no twa kear it evenemint Open Days meimakke yn Brussel. Dêrby kinne je jesels as regio presintearje en dêr komme in protte minsken op ôf. Ferline jier ha we hjir in oantal Kulturele Haadstêden útnoege, minsken út Essen, Matera, Aarhus en Marseille, dy’t allegear de winsk hiene om har projekten breder te lûken as allinnich de stêd. De dielnimmers hawwe besjoen wat de ympakt is fan Europeeske Kulturele Haadstêd op de regio, hoe’t je der in evenemint fan meitsje kinne dêr’t de hiele regio sterker fan wurdt. Dêr waarden workshops oer holden foar de organisaasjes, wêrby’t ek in tal bestjoerders út it noarden en oare stêden yn Europa oanwêzich wie. Dat evenemint wurdt mei-organisearre troch studinten fan European Studies.

Jelle Burggraaff en Nicole Venema op ITB Berlyn
Dit jier ha wy as organisaasje foar it earst op de ITB yn Berlyn west, ien fan de grutste toerismebeurzen yn ’e wrâld, dêr’t allegear toeroperators komme om har reizen yn te keapjen. Dêr gean ik hinne om te fertellen wat we mei Ljouwert-Fryslân 2018 dogge en dat Ljouwert en Fryslân it moaiste poadium is om in kultureel programma del te setten en ek om kontakten mei de reiswrâld te lizzen.’
Do joust presintaasjes haw ik lêzen. Watfoar presintaasjes binne dat?
‘As hjir bûtenlânske gasten binne dy’t wat witte wolle oer Ljouwert Kulturele Haadstêd, dan jou ik dêr presintaasjes oer. Dy presintaasjes gean oer wat Kulturele Haadstêd krekt is, wat wy as organisaasje útfiere, wat de sosjaal ekonomyske aginda dêrachter is, hoe’t wy Kulturele Haadstêd brûke wolle om Ljouwert-Fryslân sterker op de kaart te setten, en der wurdt praat oer hoe’t minsken dêroan meihelpe kinne. In skoftke lyn wiene alle kontaktpersoanen fan Stenden fan oer de hiele wrâld yn Ljouwert. Wy binne as organisaasje frege om dêr in presintaasje te jaan oer Kulturele Haadstêd en op wat foar manier dat nijsgjirrich is foar bûtenlânske studinten.’
Kinst mear foarbylden jaan fan de ynternasjonalisearring fan Kulturele Haadstêd?
‘Op dit momint binne wy dwaande om de oansluting te finen by it foarsitterskip fan Nederlân yn de Europeeske Uny yn de earste helte fan 2016. Dêromhinne is in kultureel programma organisearre wêrby’t wy sjogge hoe’t we as Ljouwert-Fryslân oanslute kinne by nasjonale partijen dy’t al in hiel sterk ynternasjonaal netwurk ha. Dat hat laat ta in debat yn Pakhuis De Zwijger yn Amsterdam dêr’t wethâlder Sjoerd Feitsma Ljouwert-Fryslân presintearre.

Towards a European ‘Mienskip’ – foto Ruben van Vliet
Ferline moanne hiene we hjir yn Ljouwert it grutte EU Mentoring Summit, organisearre troch ferskate skoallen, dêr’t sa’n 150 ynternasjonale gasten wiene. Dêr ha we in tal workshops opsetten om Kulturele Haadstêd te presintearjen. Ik fyn it leuk om te sjen dat der in protte ynteresse is fan partijen yn de Rânestêd dy’t wat organisearje foar har bûtenlânske gasten, mar dat net altyd perfoarst yn de Rânestêd dwaan wolle, en dan by ús as Kulturele Haadstêd komme. ECF, European Cultural Foundation, in organisaasje út Amsterdam, sit yn in sterk ynternasjonaal netwurk, wêrby’t it giet om kennisútwikseling tusken inisjativen fan ûnderop. Sy ha ferline jier yn gearwurking mei ús it debat Towards a European mienskip organisearre yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Dêr wiene ferskate saakkundigen by oanwêzich om mei ús yn debat te gean. Bygelyks Agnes Jongerius wie derby om fanút har funksje yn it Europeesk Parlemint har fyzje op dit ûnderwerp te jaan.’
Wat is dyn achtergrûn? Wat foar oplieding hasto dien en wat foar wurk hasto hjirfoar dien?
‘Ik bin begûn mei de learareoplieding Ingelsk hjir yn Ljouwert, en op Malta. Ik moast foar in bepaalde perioade nei in Ingelsktalich lân ta en ha doe keazen foar Malta, ek fanwege de twataligens dêr. Ik ha foar myn ôfstudearskripsje sjoen wêr’t de Malteeske taal wei komt en wannear’t minsken Ingelsk brûke en wannear Malteesk. Ik hie dêrfoar al in perioade yn Frankryk wurke, dus dat ynternasjonale siet der al fan jongs ôf al hiel sterk yn. Nei myn ôfstudearjen bin ik nei Grikelân ta gongen en dêr ha ik in healjier wurke as taalassistint op in skoalle en ek om ynternasjonale projekten mei op te setten. Ik bin doe wer yn Nederlân kommen en ha in tal jierren yn Frjentsjer en It Hearrenfean foar de klasse stien as dosint Ingelsk en ik wie ferantwurdlik foar ynternasjonalisearring. Ik ha projekten opsetten mei skoallen yn Hongarije en Grikelân. Nei in tal jierren fernaam ik dat ik dat lêste eins it leukste fûn en dat dêr foar my de measte útdaging yn sit. Ik bin doe op ’e nij nei de universiteit gongen om Euroculture te studearjen. Dy stúdzje sjocht spesjaal nei de rol dy’t kultuer spilet yn it hiele yntegraasjeproses yn Europa en de relaasje fan Europa mei de rest fan de wrâld. Ik die dat yn Grins en Bilbao yn Spanje, ien semester op en ôf. Ik siet yn Bilbao op it momint dat San Sebastian krekt keazen wie as Kulturele Haadstêd. Ik haw dêr doe in presintaasje fan meimakke en fûn dat hiel nijsgjirrich. As ûnderdiel fan de master socht ik in staazjeplak foar trije moannen en ik hie heard dat Ljouwert ek yn de beneaming wie foar Kulturele Haadstêd. Sa bin ik by de organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd terjochte kaam, yn earste ynstânsje foar trije moanne en no sit ik der yntusken al wer trije jier.’

Boeken trochjaan yn Riga
Wat hawwe oare Kulturele Haadstêden mei literatuer dien of wat sille se op dat mêd dwaan?
‘Mons hie ferline jier in hiele moaie eksposysje oer de dichter Paul Verlaine en dêr wie ik bot fan ûnder de yndruk. Meastal wurket it net as literatuer presintearre wurdt yn in museum, nei myn idee. Literatuer moatte je lêze of belibje, mar ik fûn dat se dêr in hiele moaie eksposysje fan makke hiene. Yn Mons rûn in tekst troch de hiele stedssintrum hinne dêr’t elkenien oan meiwurkje koe. Riga hie de literatuer op in moaie manier opnommen yn har iepeningswykein. As ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd yn Riga is de nasjonale biblioteek dêr nijboud en iepene yn it iepeningswykein. Yn de perioade dat Riga noch ûnderdiel wie fan de Sovjet-Uny, wie de Baltic Connection organisearre. Minsken yn de hiele Baltyske regio protestearren troch meiïnoar hân yn hân te stean troch alle Baltyske steaten hinne. Sy ha dat idee wer brûkt, troch meiïnoar te soargjen dat de boeken fan de âlde biblioteek by de nije biblioteek kamen, wêrby’t de boeken troch minsken trochjûn waarden. Mei San Sebastian en Tresoar en Afûk wurkje wy gear yn in oantal projekten dy’t mei taal te krijen ha. Yn San Sebastian wurdt Baskysk neist it Spaansk praat en dat is te ferlykjen mei de situaasje yn Fryslân. It giet om útwikselingsprojekten, wêrby’t skriuwers yn it bûtenlân ferbliuwe, yn kontakt trede mei de mienskip dêr en nei ôfrin in produkt lykas in boek, gedicht of artikel ôfleverje.’
Wat foar ideeën binne der op it mêd fan literatuer en it Frysk foar it programma fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018? En wat wurdt der al dien?
‘Taal en literatuer is linksom of rjochtsom fansels hiel wichtich yn it programma. Wy binne it Lân fan Taal-projekt oan it ûntwikkeljen, wêrby’t we de taal hiel sterk yn it programma delsette wolle. Siart Smit, earder saaklik direkteur fan Tryater, is ferantwurdlik foar dat projekt. Op it Aldehoustertsjerkhôf en yn de Prinsetún wol Lân fan Taal in taalsintrum opsette dêr’t wy alle ynstellings en minsken dy’t mei taal wurkje by belûke wolle, sadat wy in breed taalprogramma oanbiede kinne. As minsken goede ideeën ha op it mêd fan taal, dan kinne se dy fansels by ús melde. Wy besjogge dan oft dy ideeën ûnderbrocht wurde kinne by it Lân fan Taal. It is wichtich dat it net allegear losse inisjativen wurde, mar wy Frysk echt hiel sterk as taal oanbiede kinne yn it palet fan alle talen dy’t yn Europa sprutsen wurde.

Besite fan Mr. Kogi fan it EU Japan Fest oan Fryslan
Wy hawwe ek tige nijsgjirrige kontakten mei Japan. De organisaasje EU-Japan Fest is oprjochte om de relaasje tusken Japan en Europa te fersterkjen en sy dogge dat spesifyk troch gear te wurkjen mei de Kulturele Haadstêden, al sûnt 1993 doe’t Antwerpen Kulturele Haadstêd wie. De organisaasje finansieret de útwikseling tusken Japanske keunstners en keunstners út Kulturele Haadstêden wei. Ik soe graach wat dwaan wolle mei Japanske haiku’s. Hoe kinst dy dichtfoarm linke oan it Frysk of oare talen dy’t yn Ljouwert sprutsen wurde en hoe kinst haiku’s brûke om minsken út te noegjen om har taal sjen te litten?’
Wat foar aktiviteiten stean der op koarte termyn op priemmen?
‘In grut evenemint dat dit jier ûnder de paraplu fan Ljouwert-Fryslân 2018 organisearre wurdt is de Alma Tadema-eksposysje yn it Frysk Museum, dy’t op 1 oktober 2016 iepene wurdt. Alma Tadema is in tige nijsgjirrich persoan omdat er út dizze regio wei komt. Hy is berne yn Dronryp, is yn Antwerpen nei de universiteit gongen en hat him dêrnei yn Londen nei wenjen set om te wurkjen. Syn skilderijen binne faak brûkt as ynspiraasje foar dekôrs fan Hollywoodfilms. Dy eksposysje giet nei Ljouwert nei alle gedachten nei Wenen en Londen ta. It goed besochte Welcome to the Village Festival yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert is ek ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd. Op 15, 16 en 17 july dit jier wurdt de tredde edysje holden. Wat ik hiel in hiel leuk idee fyn is it DNA fan Ljouwert-projekt. Ynwenners fan Fryslân sille wat fan harsels achterlitte yn in DNA-fleske en dat wurdt ferwurke yn in enoarm keunstwurk. Dêr komt in digitale link by sadatst dysels en oare minsken fia ynternet opsykje kinst. Lêsten hat in studint yn Neushoorn in gearkomste oer flechtlingen organisearre. De hegeskoallen hawwe twa jonges dy’t krekt ôfstudearre binne frege om alle inisjativen te sammeljen dy’t fan de skoallen en studinten komme. Dêrfoar is de organisaasje Knowledge 2018 oprjochten. Alle studinten dy’t yn it ramt fan Kulturele Haadstêd wat organisearje wolle kinne by harren komme en sy bringe studinten wer meiïnoar yn kontakt. It projekt ‘Behind my front door’ wol jongerein yn wiken as Heechterp en Skieringen belûke by kulturele projekten en eveneminten, lykas Welcome to the Village. En jongeren wurde útnoege om har libben yn de wyk te filmjen. Dat projekt wurdt opset yn gearwurking mei Aarhus 2017 en Valletta 2018, wêrby’t wy sjogge hoe’t we jongeren hjir en dêr meiïnoar yn kontakt bringe kinne.

Fartocht mei pream troch en om Drylts mei Japanske fonteinkeunstner Shinji Ohmaki
No woansdei 13 april organisearje wy in pre-meeting yn Fryslân fan de IETM (international network for contemporary performing arts) Plenary Meeting dy’t fan 14 oant en mei 17 april holden wurdt yn Amsterdam. Dielnimmers komme mei in bus út Amsterdam wei oer de Ofslútdyk. De bus sil stopje yn Kimswert dêr’t minsken begroete wurde troch in Frysk sjongkoar en it leger fan Grutte Pier. Dêrnei krije de dielnimmers in toer troch it Fryske lânskip, by parten fan de Alvestêdetocht del, mei as einpunt Ljouwert dêr’t wy ynsjoch jaan sille yn de fyzje fan de stêd op Kulturele Haadstêd 2018.
Fierder hâlde wy ús as organisaasje foaral dwaande mei it ynfoljen fan it programma fan Kulturele Haadstêd 2018 en mei it ferkeapjen fan Ljouwert-Fryslân oan de bûtenwrâld en de toeristen.’
Wat wurdt dyn folgjende reis?
‘Ik sil 19 en 20 april nei Brussel foar it twajierlikse European Culture Forum. Ik bin dêr útnoege as gastsprekker om Ljouwert-Fryslân 2018 ta te ljochtsen oan Europeesk kultureel publyk. It forum soe earst al yn oktober ferline jier organisearre wurde, mar Brussel siet doe yn ferbân mei terreurdriging hielendal op slot. Ik gean derfan út dat it aansen wat rêstiger is dêr, kin der gjin ynfloed op útoefenje, en ik wol my der ek net troch liede litte. As it in bytsje kin, dan gean ik.’