
21-05-2016 15:00-17:00
Op sneontemiddei 21 maaie wurdt it Gysbert Japicxjier 2016 feestlik iepene yn de Martinitsjerke fan Boalsert. Wy betinke dat 350 jier lyn, yn 1666, dizze Fryske dichter ferstoar.
Mei in ryk program steane wy stil by Gysbert Japicx as histoarysk figuer, by de wize wêrop’t wy troch de iuwen hinne him besjoen en ynterpretearre hawwe.
Wy sille mei fertsjintwurdigers út ferskate sektoaren fan de Fryske mienskip stilstean by de betsjutting fan Gysbert foar it Fryslân fan hjoed en moarn.
It programma bestiet út ûnder oaren:
Minikolleezjes fan Abdelkader Benali, Sietske Poepjes, Henry Baron en Meindert Reitsma.In paneldiskusje meiOeds Westerhof, Sigrid Kingma, Wilhelmina Vroegindeweij, Jan Kroon, Tryntsje van der Veer en Sybren Posthumus. Lieten en muzyk fan Hans Wempe, Simone de Witte, Sybo Boersma, Janneke Overal en Gysbert Japicxkoar ad hoc.
Gysbert as ynspiraasje foar Fryslân!
Fan healwei trijen ôf is der earst tiid foar in kopke tee of kofje.
In inisjatyf fan Tresoar en it Gysbert Japicxhûs.
Iepen briefke oan Frou Poepjes:
Jo, Frou Poepjes sizze yn de LC hjoed:
‘Us partij (CDA, JdH), en iksels miskien ek, meitsje us soms skuldich troch ferskil te setten tusken hege en lege kultuer’.
Mei oare wurden, keunst bestiet net!
Hjoed krige ik it programma fan it feest oangeande de stjerdei fan Gysbert Japicx, 350 jier lyn.
Ik tink dat de man fan ‘it oare partoer’ (CDA) op Tresoar hjir al oanjout dat we werom moatte nei de gewoane man – hy hat syn deputearre fûn…
1. De ekskusMarokkaan Abdelkader Benali mei wat sizze oer de Marokkaanske Gysbert Japicx, want mei de Fryske hat er neffens my neat te krijen.
2. Ik sjoch in soad lju fan ‘it oare partoer’ yn it programma, mar yn feite gjin skriuwers – kollega’s fan de âldman fan Boalsert.
3. In Gysbert-ekspêr as Flippus Breuker is net oanwêzich, heart faaks by it ferkearde partoer fan de hege kultuer.
Wa graaft hjirt no eins loopgraven Frou Poepjes???
Mei in Baskyske groet, Josse de Haan, skriuwer dy’t leaut yn ûnderskate kultueren.
It giet by dat Gysbertjier dus ek hielendal net om keunst, Josse. It giet om taal. Sa’t altyd alles hjir giet om taal en noait niks om keunst. En salang’t de subsydzjesloarpers fan de provinsje dêr neat fan sizze, salang bliuwt dat ek sa. Oant der gjin keunst mear is om wat oer te sizzen. Mar ferwachtsje fan ensafh gjin temanûmer hear.
It referinsjekader fan dizze nije Kultuerdeputearre is…? Makkum (for all places – CDA en kultuer/keunst flokt, al ieuwen.
Ja, dus taal Abe, mar sels dy moatte jo diplomatyk brûke… (sei Sietske Poepjes yn har lunslêzing).