
……………………………
Stean net swak
Stean net trochsichtich
Sjoch de hâldster fan it faaiefjoer
It kâlde kring
Sûget it bloed út dyn ieren en de azem út dyn longen. Sûget de triennen út dyn eagen en stekt har kâlde tonge yn dyn mûle. Triuwt de fingers fan har kâlde kloeren troch dyn hûd. Har azem skitteret as iiskristallen yn dyn noastergatten. Wurden hingje kâld yn de loft. Deade snie.
De Duvel
In wytling
Mei swart hier listwurk
Balkaneeske eachopslach poerswart
Kjeld smel mûltsje dat seit: “Ik hâld net fan swakke minsken.”
Wier
Ik stean swak
Ik stean trochsichtich
Myn neaken lichem tekenet skerp skaad op de swarte flier fan de galge fan de Hel. Op it skavot set ik ien twa stappen. It lûk sit noch ticht. De beul stiet klear. Taast nei de hefearm. It lûk klapt iepen. De flier slút him boppe myn holle. Neaken skaad fan myn swaaiend lichem stekt ôf tsjin it faaiefjoer. Fjoer dat stjonkt. Fjoer dat slikket oan de neitins fan myn deade hûn. Healdeade fingers klauden nei azem yn it rûn. Kwea keppele him oan myn siele. Net de dea. Dy wurd fan de siele weinaam. Sa fynt de siele yn de dea gjin treast.
Wêr is God
Wêr is wierheid
Wêr is himel
Wêr de bisten en de keunsten?
Kring! Kâld kring!
Om te bestean is neffens dy it libben sels net genôch bewiis. Myn ynsicht , meilibjen, hawar, neat wurdich. En neiteam dan. Dit doocht net. Wêr komt it wei? Ut ûnrêst? Ut hurdens? Ut gaos yn myn eigen holle? Ut harsens oerfrege.
Ik bin lykwols sterk, hiel sterk woarn. Fiel my, soan fan Satan. Lucifer, myn Heit. De soan komt no oer dyn ferdigeningsliny hinne. Duvel. Dien mei dy. Ynsicht, moederaasje, myn eigen! Stigma’s, myn eigen! Hjoed giet dit oerside. Dien. Ofkear. Duvel!
Kear my ôf
Meitsje my los
Lit los
Libje!
Sjoch rûmte
Sjoch leauwen
Hurdheid makket frij man
Soan fan Satan, Heit Lucifer
Ivich
Foar de swartens
It klearret op. Rûmer om my hinne. Mear earmslach yn ’e harsens. De (ûnder)wrâld weismiten. Unbetochtsumens. Selssucht. Gjin moederaasjes mear. Nimmen is ûnskuldich. Elts hat skuld.
Wat dwaan. Oanpasse. Ferwiderje. Nee. Sjoch minskewrâld. Sjoch jim duvel. Sjoch my. Frij fan many. Komt nea werom. Jou jim no jim eigen Hel.
Hawar, hjir de leechte dy’t ik socht. Troch de doar. Ut de swarte keamer. Dêr’t beroering is. Dêr’t alles yn ûnstjoer is. Gjin konflikten. Ienfâldich libben. Wylst it oersicht. Observearje. Bouwe oan wiisheid. Oan wat is wier. Wat is net wier. Yn de binnenwrâld. Yn de bûtenwrâld.
Myn eagen skitterje yn swartens. Man fan neat oars as dea. Nimmen hellet dat by my wei.
Likernôch om it lêste sûgje ik dy leech. Dyn krêft. Myn krêft. Gjin krêft. Neat giet aansten mear fansels. Duvel. Dien mei dy. Eangst. Wachtsje op it genedeskot. De jacht is oer.
Och heden, wat seist. It moat mylder. Sêfter. Faaks dat ik my fersin? Dat it net slagget. Ik bin te swak. Te trochsichtich. En sil úteinlik dochs te plak lein wurde mei bloedferlitten hannen krúslings op it boarst, op it deade lichem. Swart omklaaid. Lizze inkeld neisten hannen mei leafde en fertriet en selsbeklach op myn swarte kiste. Sliept it bist. Kalm. Sjonge fûgels efkes net.
Nee! Dyn libben is no lyts woarn. Duvel. Dea sil dy reitsje. Dea sil dyn sliep wurde. Hokker binne dan aansten dyn dreamen!? Hin! Bid ta my, kring. Myn harsens binne hillich. Myn tinken in hillichdom. Hat yn my it hillich hûs. De doar stiet in bytsje iepen. Kom mar. Fiel wolkom yn de tsjusterste keamer fan wûnderbaarlike djipte. Fiel de tsjustere oerfoarmen. Lit dyn skuld efter. Kom yn myn keamer. Kom. Nim it iennichst paad. Nei dea. Nei in nij wenplak op it deadsberjocht. Gean mei op ’e taast, op ’e geur. Ta op de mienskip fan ferlerne sielen.
Boppe, by it tsjerkepaad lâns, leit wylst in bult swarte ierde en skept it dreech.