Reisferslach Sigrid Kingma: Pécs, Hongarije

logo.ensafh

De bestimming: it Peaskekongres, in seminar mei in ynternasjonaal selskip fan minderheden yn Europa. Dat wurdt alle jierren organisearre troch de YEN, de Youth of European Nationalities. De Fryske ôffeardiging wurdt troch it FYK mooglik makke, de jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt. Ik reizige op sneon ôf yn poerbêst selskip fan FYK’ers Nina Peckelsen en Ydwine Scarse. Fan Grins nei Pécs is it maklikst te dwaan mei it fleantúch fan Eindhoven nei Boedapest en dan mei de trein nei Pécs. Mei mekoar hast tolve oeren, want de trein, hoewol keurich op tiid en netsjes mei reservearre sitplakken, woe net hurder as 70km yn ’e oere. It Hongaarske lânskip liet te winskjen oer, al wie de maitiid hjir al wat fierder as yn Nederlân. Nei in pear gloaiingen en wat earmoedige groepkes bepleistere hûzen kamen we op stasjon Pécs oan. In folslein oare styl as Boedapest mei súdlike ynfloeden en sûnder dúdlike spoaren fan it kommunistyske ferline dat yn Pest sa prominint is. It sintsje skynde, it wie noflik waarm en de beammen stienen oeral yn de stêd al yn de bloesem.

Lês fierder by it Y-Skrift fan Skanomodu

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *