
Arjen van Tuinen
Okkerdeis ûntduts Arjen H.P. van Tuinen (1978-2014) – hy waard troch kenners as ien fan de meast ûnthjittende jonge ûndersikers op it mêd fan de Fryske literatuerskiednis sjoen – by frou Radsma fan Twizel in tin steapeltsje brieven fan Simke Kloosterman oan har (doe noch) ferloofde Douwe Kalma. Dizze brieven hiene, sa wie ommers de wil fan Simke, eins ferbaarnd wurde moatten.
Ik lit no Van Tuinen oan it wurd. De teksten binne oernommen fan syn besletten weblog, dat nei syn ynstoarting spitigernôch troch de famylje út ‘e loft helle is. Dat blog wie mar foar in hantsjefol minsken tagonklik. Ik wie dêr ien fan, en haw alle teksten opslein en argivearre. Allinnich de taalflaterkes binne der úthelle, mar ik haw de betiden wat aparte styl en ynhâld net redigearre. As der ien is dy’t him/har misledige fielt: ik bin allinnich mar de boadskipper…
‘Yn it jier 2009 hie ik, Arjen van Tuinen, yn myn funksje as literatuerhistoarikus, in petear mei de doe 102-jierrige Geeske Radsma, hjir folget myn ferslach.
Twizel, 30-04-2009. It is himmel maitiidswaar, de temperatuer is heech genôch om it petear bûten te hâlden; de Kloostermantún wurdt reedlik goed ûnderhâlden, mar ik sjoch al wat túch op de smelle kuierpaadsjes. Faaks wurdt der besunige op ‘e túnman. Of túnfrou fansels, jo moatte der tsjintwurdich om tinke, no.
Wy sitte mei ús trijen op in soarte fan lyts terras, it bakje tee en it krintepofke smeitsje treflik. Frou Radsma is net altyd like goed nei te kommen, in gebyt hat se net yn, se eamelet der betiden mar wat nuver yn om mei har heech, heas lûd en is net altyd like koherint. Har beppesizzer Madelon Kiestra, ek oanwêzich, hat lykwols meast oan in heal wurd genôch om foar it ferstân te krijen wat der krekt bedoeld wurdt. Har assistinsje wurdt fansels tige op priis steld. It is oars in kreas frommeske om te sjen, ljocht hier, grutte, sêfte brune eagen. Se is klaaid yn in strak t-shirt en in frijwat koart spikerbroekje, sadat har skonken… Mar lit ús net ôfdwale… Frou Radsma liket op in âld ferskronfele fûgeltsje mei wetterige blauwe eachjes en in skerp kin. It wyfke hat in frijwat rom fallend blommejurkje oan. Ik doar har broazele hantsje hast net te skodzjen, benaud dat se wat brekt.
It petear is mei myn snoadfoan opnommen, ik waard twa kear belle, haw net opnommen, mar troch de beltoanen binne in pear wurden net te ferstean, ik haw it lykwols wer aardich goed rekonstruearje kind.
Frou Radsma wie in buorfamke fan de Kloostermans, en letter waard se in soarte fan tsjinstfaam by de famylje. Se hat aldergeloks noch in treflik ûnthâld, en tusken it gejeuzel troch komme der nijsgjirrige feiten oan it ljocht. Foar de lêsberens haw ik it petear gearfette en justjes bewurke.
Tenei mear