
“It folgjende ferhaal krige ik oer de mail troch in fêste harker tastjoert, justjes nei âld en nij. Freon X, sa’t ik de fêste harker út privacyredenen neame sil, hie by syn heit en mem te nijjiersfûstkjen west. Minsken op leeftyd, 82 en 84 jier. Heit lei op bêd, dy naam in knipperke nei alle drege dagen, dat freon X siet in oere allinne mei syn mem.
Lês fierder Omrop Fryslân