A.IJ. van den Berg

Wat docht in sjânreoantsjutting der ta as de ynhâld doocht?

logo.ensafh

Proazagedichten, sa stiet der op it kaft. En de Friese Pers Boekerij jout dit boek út as poëzij. Dochs lies ik ferhalen. Hiel koarte ferhalen, dat al, fan net mear as hûndert wurden. Mar wat Nyk de Vries skriuwt, foldocht foar my oan alle definysjes fan it koarte ferhaal, sa’t de bêste auteurs dêrfan dy hantearren.

Anton Tsjechow skreau yn 1890 yn in brief oan ’e krante-eigner Aleksej Soeworin bygelyks:

As ik skriuw, gean ik der folslein fan út dat de lêzer sels de subjektive eleminten tafoeget dy’t misse yn it ferhaal.

En Raymond Carver sei yn it essee ‘A Storyteller’s Shoptalk’:

Spanning wurdt yn fiksje foar in part kreëarre troch de manier wêrop’t de wurden gearbûn binne om de aksje yn sa’n ferhaal sichtber te meitsjen. Mar it binne ek de saken dy’t weilitten wurde, dy’t ymplisearre wurde, it lânskip ûnder it glêde (mar it somtiden brutsen en wankele) oerflak fan de dingen.

Ek Nyk de Vries jout de lêzer hieltiten krekt genôch mei om in idee te krijen oer it drama dat achter it ferhaal stekt, dat der ferteld wurdt. En as der dan begryp driget te ûntstean, folget ynienen in draai.

Dêrtroch neame guon dizze proazagedichten alderearst grappich. Mar troch allinne nei dy soms wat absurde twist oan ‘e ein te sjen, wurdt de skriuwer net goed rjocht dien. Troch it boek sa te lêzen, ferwurdt it ta in doaze bonbons. Dy kin hiel goed yn ien sit leechfretten wurde, mar dan wurdt op it lêsten neat mear preaun, om’t it allinne noch om de folle mûle en de beleaning fan ’e swietheid giet.

Ien goed gedicht, of ien slagge ferhaal, kin medisyn genôch wêze foar in hiele dei. Mear is net nedich om dochs genôch lêzen te hawwen. En in tal fan De Vries syn proazagedichten yn dizze bondel helje dat hege nivo.

In part fan dizze proazagedichten yn dit boek is alris earne oars publisearre. De Vries hat se ek by optredens foarlêzen. Dat kin hiel goed ferklearje wêrom’t in grut tal sinnen hielendal ôf lykje te wêzen — útbiend en al, binne se dochs hiel ryk. In soad regels stean sa perfekt te plak dat se útstriele dêr al in soad ûnderfining te hawwen.

Farsk hat earder trije proazagedichten út de bondel yn it foar publisearre. Dêrtroch ha ik no al faker dan in pear kear stoareage nei dizze, sûnder no krekt it geheim sjen te kinnen:

1. belgie

Mei in protte bravoer ferliet ik famylje en kunde om it hielendal te meitsjen yn België, tegearre mei myn leave Wendelien. Dat foel earlik sein wat ôf en fluch ferlear ús leafde al har glâns. Op it lêst kamen we telâne op in kartonfabryk dêr’t ús sjef it dúdlik foarsjoen hie op myn Wendelien. Ik wie net mear mysels dêr yn België en ûnder it skoftsjen sloech ik him bonkehurd mei in gripe op ’e rêch. Sommige kollega’s kamen letter nei my ta en seinen: ‘Dy gripe hie dêr ek hielendal net stean mocht.’

Ik wit hjir folle mear yn te lêzen as my oanbean wurdt. Hiele films oan gebeurtenissen lûke yn in pear tellen op ’e eftergrûn foarby, inkeld troch dy seis sinnen. Ik wurd manipulearre — en bin my dat bewust — mar dy lêste sin fergoedet dan wer de skamte sa maklik manipulearre te wêzen. Dus is dy twist dêr mear as in grappige ûntknoping, der ûntstiet ek ferromming troch.

Heechstens ha ik op de proazagedichten yn dizze bondel oan te merken dat der fan my net altiten no krekt oan ‘e ein in klû hoecht te kommen. En ek dat guon ferhalen al wat lije ûnder de twang dat alles yn dy rûchwei hûndert wurden ferteld wurde moat. De oe sa prettige ûnfoarsisberens fan de ynhâld kin dochs maklik teneat dien wurde troch in te rigide foarmtwang. En dat fyn ik skande.

Dêrom hoopje ik dat De Vries, tusken it skriuwen fan romans troch, en syn optredens mei Meindert Talma, trochset mei dit soarte fan teksten. De tinste boekjes binne faak it tsjokst, dat hat mar wer ris bliken dien mei Motorman.
 

Nyk de Vries, Motorman
en 39 oare proazagedichten

59 pagina’s
Friese Pers Boekerij, 2007
isbn 978 90 330 0623 4
priis: € 15,–

sjoch ek de priuwkes op Farsk:

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *