Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Ulke Brolsma

logo.ensafh

‘Yn myn nije boek komt nei foaren dat der in ferrieder west hat yn it Grouster ferset.’

Ulke Brolsma (Grou, 1943) folge de oplieding foar ûnderwizer oan de kweekskoalle op It Hearrenfean en dêrnei de skoalle foar sjoernalistyk yn Utert. Brolsma oppenearre him op lettere leeftyd as skriuwer. Hy begûn mei it skriuwen fan in koart ferhaal ‘It hûs’, dat yn juny 1999 publisearre waard yn it literêr tydskrift Trotwaer. Yn 2000 krige er de Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Ioana’. Dit ferhaal waard yn 2001 folge troch in ferhalebondel mei deselde titel. Yn 2006 ferskynde Een slagje hier en daar: De tsiendeiske fjildtocht fan Hessel Brolsma, in dokumintêre roman oer syn oeroerpake. Yn 2009 kaam it boek Werom nei Grou út en yn 2010 Werom nei Fryslân. Op freed 15 april 2016, 71 jier nei de befrijing fan Grou, is syn nijste boek Oarloch yn en om Grou presintearre yn de boekhannel yn Grou, it plak dêr’t Ulke Brolsma opgroeide.

Ulke Brolsma HAY_7022 bew1

Haye Bijlstra, Tresoar

Jo komme út in skriuwerslaach. It skriuwen moat jo wol yn it bloed sitte.
‘Us pake Reinder Brolsma hat ferskate boeken skreaun. Hy hat it net mear belibbe, mar in pear jier lyn mocht syn boek Fan grûn en minsken nei de Frankfurter Buchmesse – Alpita de Jong hie in seleksje makke fan boeken dy’t dêrhinne giene – ta lilkens fan in protte minsken, omdat se fûnen dat sa’n boek út it ferline dêr net by paste. Us heit, Liuwe Brolsma, hat trije romans skreaun en dy waarden útjûn mei in oplage fan sa’n 5.000 boeken. Dat bestiet hjoed-de-dei net mear, safolle boeken wurde der net mear ferkocht yn it Frysk. Us heit makke de earste Fryske strip: Kopke woartel. De ferskillende dielen dêrfan binne ek printe yn oplagen fan 5.000 eksimplaren. It fernuveret my dat yn de jierren ’45-’50 safolle mear Frysk lêzen waard as no. Doe’t ik opgroeide tocht ik: der ha twa skriuwers west yn de famylje en no is it moai. Ik tocht dat ik dat net koe, dat ik ha nea besocht te skriuwen. Letter ha ik de skoalle foar sjoernalistyk dien, doe moast ik wol skriuwe fansels, mar boeken skriuwe net. Dat kaam letter pas.’

29

Hat immen jo oantrúnd om te skriuwen?
‘Doeke Sijens makke in boek oer myn pake, hy kaam dêrfoar wol by ús oer de flier. Ik krige ris in krystkaart fan him en dêr stie op: ‘Dyn heit en pake koene skriuwe en do makkest der neat fan. Bêste lokwinsken foar it nije jier, Doeke Sijens.’ Doe waard ik in bytsje lilk en bin ik achter de kompjûter sitten gien, haw in pear sinnen skreaun en foar’t ik it wist hie ik in ferhaal ôf. Dat is doe fuort publisearre yn de Moanne. Doeke Sijens siet yn de redaksje, dat ik tocht: dat sille se wol dien ha foar public relations. Ik krige nocht oan it skriuwen en ha doe in stikmannich ferhalen skreaun en dy binne ek publisearre. Yn 2000 haw ik it ferhaal ‘Ioana’ ynstjoerd foar de Rely Jorritsmapriis en dy haw ik wûn, tagelyk mei Koos Tiemersma, oftewol Froon Akker. Dat is in sjuery dy’t net wit wa’t der skreaun hat. Ik sit no sels yn de sjuery fan de Rely Jorritsmapriis. Je krije altyd sluven mei noch mear sluven deryn mei ferhalen en gedichten deryn en dêr stiet allinnich mar in fingearre namme yn. Dat joech my it gefoel fan: dit kin gjin freontsjepolityk wêze, en dat joech my wol betrouwen. Myn earste bondel Ioana is doe útkaam. En ik bin trochgien mei it skriuwen; Oarloch yn en om Grou is myn fyfde Fryske boek.’

39

Wat foar wurk ha jo dien?
‘Ik hearde by de earste ljochting fan de School voor de Journalistiek yn Utert. Dat wie de earste skoalle foar de sjoernalistyk yn Nederlân. Dêr is hiel wat oer skreaun, want de sjoernalisten fan de âldere garde fûnen it mar neat, sy fûnen dat je de sjoernalistyk op de redaksje leare moasten. It is wol trochgien mei de skoalle. Ik ha talittingseksamen dien yn Utert, ik wie ien fan de 300 en hie der net folle fidúsje yn. Ik fûn it moai om in dei yn Utert te wêzen, mar ik tocht dat dat it wol wêze soe. Der waarden santich minsken oannommen en dêr wie ik by. Ik ha letter net folle foar kranten skreaun, want ik bin de foarljochting yngien. Yn de santiger jierren waarden in protte kranten opheven, lykas De Tijd; it gie hiel min yn de sjoernalistyk, dat der kaam hiel wat folk op strjitte te stean. Us heit hie myn stúdzje betelle, ik hie gjin stúdzjebeurs of soksawat en ik fûn dat ik sjen litte moast dat ik der wat foar die, dat ik ha sollisitearre by de Ryksfoarljochtingstsjinst. Ik siet by dat sollisitaasjepetear yn in skieppewollen jek en mei in herderstas. Myn frou komt út Roemenië en ik hie it fan de ynlanners dêr krigen. Boppedat hie ik hiel lang hier, sa hearde dat yn dy tiid. Ik tink: dan kin ik ús heit skriuwe dat ik myn bêst dien ha, mar dat it net trochgiet. Mar ik waard in pear dagen letter belle dat ik beneamd wie. Ik fûn it lykwols net leuk wurk. Ik moast foaral radioútstjoerings beharkje en as der wat polityk belangryks sein waard moasten je dat trochjaan en dat fûn ik net sa geweldich. Doe ha ik sollisitearre by de gemeente Wageningen en dêr koe ik as gemeentefoarljochter oan it wurk en dat fûn ik wol hiel leuk. Der barde fan alles op de lânbouhegeskoalle, lykas in besetting en demonstraasjes om in atoomreaktor. Dat fleurde de boel wol op. En ik ha noch in skoft haadredakteur west fan it tydskrift fan de lânbou-universiteit. Yn 1986 bin ik gemeentefoarljochter yn Zaandam wurden en dat haw ik oant myn pinsjoen dien. Ik wenje noch yn Zaandam.’

Jo ha yn 1986 meiwurke oan it dokudrama Franziska zu Reventlow fan de KRO-radio lies ik op de side fan Sirkwy. Wat wie dat foar stik?
‘Goh, dat wie ik hast ferjitten. Franziska zu Reventlow waard ‘die tolle Gräfin’ neamd, sy wenne om 1900 hinne yn de hippybuert fan München. Se rûn dêr op bleate fuotten en mei in petroaliumkanne yn ’e hân, se hie gjin jild en in bern fan in ûnbekende heit. De skriuwer Rainer Marie Rilke wie ien fan har freonen. Der wie ek in selskip yn München, ‘die Kosmiker’, dy’t der allegear spesjale ideeën op neiholden. Se gong mei elkenien om en se gong ek mei guon op bêd, se wie in frijfochten minske. Om de kost te fertsjinjen gong se ferhalen en boeken skriuwen. Der is in deiboek fan har, dêryn beskriuwt se alle minsken dêr’t se mei omgie en ek dat se de hoer úthong om jild te fertsjinjen. Ik fûn har in tige nijsgjirrige frou en ha nei München ta west om yn de argiven fan alles oer har út te sykjen. Dêr haw ik in harkspul fan makke en dat is útstjoerd by de KRO en letter noch in pear kear herhelle.’

Jo ferhalen spylje net allinnich yn Fryslân, mar ek yn bygelyks Roemenië, Frankryk en Peru.

‘Ja, dat binne lannen dêr’t ik west ha. Roemenië ken ik bysûnder goed, omdat myn frou dêr wei komt. Yn de famylje hearre je in protte ferhalen oer famyljeleden of oaren dêromhinne en dat fûn ik faak wol spannend. Ik ha bygelyks in ferhaal skreaun mei de titel ‘In swak hert’. De pake fan myn frou waard gek. Hy hie rúzje mei syn broer, hy hie gjin jild, de oare wol en út lilkens hat ien in buorkerij boud. Dy begûnen se op in bepaald momint mei har beide ôf te brekken oant alles tsjin ’e flakte lei. Doe waard it sa stadichoan tiid foar him om opnommen te wurden yn in gesticht. Ik skriuw yn it ferhaal dat er stjert en dan wol de famylje witte wêr’t er oan stjert en dan meitsje ik dêrfan: oan in swak hert. Guon dingen wiene wier, mar it measte haw ik sels fantasearre. Dat is it ferskil mei myn boeken Oarloch yn en om Grou en Werom nei Grou, dy gean hielendal oer feiten. Ik fyn it eins leuker om fiksje te skriuwen as oer feiten. Ik wol no wer mei in fiksjeboek oan ‘e gong. As it my slagget wol ik dêr in roman fan meitsje, mar der stiet noch gjin letter op papier. Dat moat allegear noch, mar it giet wol yn it kopke om. Op in bepaald momint dan wit ik: no kin ik begjinne te skriuwen. Ik meitsje ek wol skema’s en sa, mar faak fynt it ferhaal syn eigen wei. Ik moat ek sizze dat ik wol wat liken yn de kast ha fan ferhalen dy’t nea wat wurden binne.

Ik ha in pear jier lyn nei Yndia ta west. In Yndiaaske freon hat dêr in tehûs foar âldere Yndiërs. Hy hat by suster Teresa yn Calcutta wurke en it wie ek syn idee om de earmen te helpen. Hy hat in erfenis krigen fan in Ingelske frou en dêrfan hat er yn in doarpke yn de Bengalen in grut tehûs boud. De âlderein yn Yndia wurdt normaalwei troch de famylje ûnderholden. As je dêr gjin famylje ha kinne je oan ’e kant fan de dyk stjerre. Dy âlderein hellet er fan ’e strjitte en jout er ûnderdak foar de rest fan har libben. Dy man haw ik moete en we leine inoar wol. Hy seit, oars as oare Yndiërs, flak yn je gesicht wat er fan je tinkt. Dêr yn Yndia ha ik doe in hiel ferhaal skreaun, mar letter thús fûn ik it neat. Ik werskriuw wolris ferhalen, wêrfan’t ik fyn dat der wol moaie stikken yn sitte. Ik fyn skriuwen ien fan de leukste dingen dy’t der binne. Foar Hjir en de Moanne haw ik in protte reisferhalen skreaun, ûnder oare oer myn reizen nei Peru, Bolivia, Argentinië en Sily. Ik haw in skoft yn it plak wenne dêr’t Che Guevara syn jeugd trochbrocht hat. Syn hûs stiet der noch, dat is no in museum. En de ferneamde komponist Manuel de Falla hie yn itselde plak syn hûs. Sa hie ik al twa ûnderwerpen foar ferhalen en dy binne ek publisearre. It ferhaal oer De Falla hat yn de Moanne stien.’

20160418_153238-1

Is der in sintraal tema yn jo wurk?
‘Wat sil ik sizze? Ferrie, minsken dy’t minsken wat oandogge, minsken dy’t earlik lykje en it net binne, dy’t oars yninoar sitte as se de minsken earst leauwe litte. De ferhalen komme sa yn my op, dan komt der wol in tema, mar it is net sa dat ik derop sit te stinnen om in bepaald tema út te wurkjen.’

Jo nijste boek Oarloch yn en om Grou is krekt ferskynd. Hoe is dat ta stân kaam?
‘Jan Brokken hie in boek skreaun oer de oarloch yn syn bertedoarp: De vergelding. Dat fûn ik in prachtich boek en ik woe sjen wat ik oer de oarloch yn myn eigen bertedoarp fine koe. Yn 1948 is der ek in boek ferskynd oer de oarloch yn Grou, In stormgetij, skreaun troch J.P. Wiersma yn opdracht fan it ferset yn Idaerderadiel. As jonge haw ik dat boek lêzen. Us heit hie 5.000 eksimplaren fan dat boek printe yn de printerij. Dat is wol al hast santich jier lyn en ik woe it op ’e nij oanpakke en ik ha alle argiven neisjoen wat ik fine koe. Ik ha in moai skoft oan ’e stúdzje west om yn ’e greep te krijen hoe’t de histoarje yninoar siet. Dêrnei haw ik sa’n tweintich minsken dy’t de oarloch meimakke ha ynterviewd. It boek bestiet út allegear fasetten fan ferhalen, ik ha der ek ferskate deiboeken yn ferwurke.

Ofrûne freed haw ik it boek oanbean oan de boargemaster fan Ljouwert, Ferd Crone. Dêr wie in frou dy’t acht eksimplaren kocht. Sy wenne op in pleats fier bûten Grou en sy hat meimakke hoe’t de Dútsers har oerfallen en har ûnderdûkers meinamen. Dat ferhaal stiet ek yn myn boek. Dy frou is oer de njoggentich, mar noch o sa helder. De measte minsken dy’t yn it ferset sitten ha yn Grou binne der net mear. Dan moatte je ôfgean op wat je fine kinne en dat is wol hiel ryk. Om no te sizzen dat it hjir in hiele bluodrige skiednis wie, yn de earste jierren wie dat hielendal net sa. Op 2 en 3 maart 1945 barde wol wat tige yngripends: doe is hjir yn twa dagen hast it hiele ferset oprôle troch de Dútsers. De Dútsers binne yn septimber ’44 yn Grou kommen en ha doe de filla fan de fabryksdirekteur Halbertsma ûnteigene; mei tweintich man kamen se dêr yn te sitten. Oant de befrijing ta ha se neat oars dien as op ûnderdûkers en joaden jeie. Der hong doe in hiele driigjende sfear yn it doarp, want se rûnen hieltyd yn groepkes troch it doarp mei fan dy spikerskuon oan, sadat je se al fan fier oankommen hearden. De minsken wiene flink benaud foar wat der barde.

SONY DSC

SONY DSC

Op 2 maart 1945 moarns ier waarden de earste fersetminsken troch de Dútsers oppakt: Sikke Bangma, NBS-kommandant fan Grou, syn broer, Douwe Bangma, kommandant fan Idaarderadiel en de famylje Halbertsma yn harren simmerhûs by De Tynje. Sikke Bangma is martele yn de filla yn de Parkstrjitte. Se hawwe him yn in badkúp lein en mei iiswetter oerjitten, want se woene witte wêr’t de wapens dy’t by Boarn út de loft delkamen bleaun wiene. Dat woe er earst net fertelle, mar letter ha se it dochs út him krigen. Dêrnei binne de Dútsers mei in boat hjir by de kade kaam. Mei acht soldaten en Sikke Bangma derby binne se nei de pleatsen oan de oare kant fan de Ie ta gien en dêr ha se in boer en syn soan oppakt en wapens fûn. Dy deis wurdt it earste ploechje nei it Burmaniahûs, it haadkertier fan de SD, ta brocht. Ik tink dat dy jûn ien fan harren trochslein is, want yn de nacht fan 2 op 3 maart om 01.05 oere bellen de Dútsers troch nei de Grünen yn de Halbertsma-filla dat der noch folle mear minsken oppakt wurde moasten. Dat petear waard opfongen op de harkpost yn de Easterstrjitte yn Ljouwert. It ferset wie doe sa fier, dat it alle telefoanlinen fan it SD yn it Burmaniahûs yn Ljouwert, ôftaapje koe. Dy SD-minsken sieten earst oan it Saailân en binne in pear moanne foar de ein fan de oarloch ferhuze nei it Burmaniahûs op ’e Nijstêd. Wylst se dwaande wiene mei ferhúzjen stie der in tintsje neist it Burmaniahûs en hja tochten dat de PTT dwaande wie mei har linen, mar it wie it ferset dat dwaande wie om de linen sa oan te lizzen dat dy nei de harksintrale yn de Easterstrjitte gienen. Net yn alle keamers sieten yn de tillefoans mikrofoans ferburgen, mar yn de measte romten wol. De Dútsers binne der om twa oere nachts fuortdaliks op útgien en doe waard hjir yn de Parkstrjitte ien fan de adjunkt-direkteuren fan Halbertsma oppakt. – Dat haw ik moai beskriuwe kinnen, want hast alle minsken dy’t it meimakke ha binne nei de oarloch ferheard troch de Nederlânske plysje en de prosesferbalen dêrfan lizze by Tresoar. Piter Wijbenga hat trije dielen oer it Frysk ferset skreaun en hy hat dêrfoar de prosesferbalen fan in befreone resjersjeur kado krigen. Wijbenga hat se neilitten mei de bepaling dat elkenien dy ynformaasje brûke mei. – Meiïnoar binne op 2 en 3 maart 1945 sa’n tweintich minsken oppakt. In grut part is letter oerbrocht nei konsintraasjekamp Neuengamme. Dat wie it grutste part fan it ferset yn Grou. Op in befolking fan 2500 minsken wiene der net iens sa’n protte fersetsminsken. De NSB wie ek mar in lyts ploechje en in protte oare minsken wiene niks, dy wachten ôf.’

omslach-Grou-kopy

Jo hawwe by jo ûndersyk in bysûndere ûntdekking dien. Wat wie dat?
‘Wat yn myn boek nei foaren komt is dat der in ferrieder west hat yn it Grouster ferset. Yn it boek út 1948 fan J.P. Wiersma komt dy man hielendal net foar. Dat wie mei opsetsin, want it gong om Arjen de Leeuw, hy wie yn 1940 net lid fan de NSB mar fan de NSDAP, in lyts klupke dat noch rjochtser wie as de NSB. Arjen de Leeuw hie in kosthûs yn Huzum en dêr hie er it portret fan de Führer oan ’e muorre hingjen. Hy rûn troch Ljouwert yn in swart unifoarm en groete de minsken mei ‘Heil’. Op in bepaald momint moasten minsken allegear guod ynleverje by de Dútsers, lykas tin en sokke dingen. Hy joech in hiel soad, syn hospita frege noch oft it sa’n protte wêze moast. Hy sei dan dat it moast, omdat it foar de Führer wie. Dy man, dy folbloed nazi, is yn ’44 beneamd ta haad ynljochtingetjinst fan it ferset yn de gemeenten Idaarderadiel, Utingeradiel en Raarderhim, it distrikt 9. Nei de oarloch die er noch krekt of wie er fan it ferset. Hy hie in protte jild en ferskate boaten en wenne mei syn freon Arjen Bakker yn in arke oan de Burd, wylst er by it PEB mar in salaris fan 25 gûne yn ’e wike hie, dus der moat mear jild earne oars weikommen wêze. Elkenien dy’t by it ferset wie yn Grou is nei de oarloch ferheard oer Arjen de Leeuw. Hy is doe oppakt en finzen set yn in kamp, krekt as 90.000 oare Nederlanners dy’t fout west ha yn de oarloch. It ferset hat besocht dy man dea te swijen, want se fûnen it nei alle gedachten te skandalich dat in nazi haad fan de ynljochtingetsjinst west hie. Dat ûntduts ik yn it Centraal Archief Bijzondere Rechtspleging yn Den Haach.’

Jo binne opgroeid yn de boekhannel hjir yn Grou, earder Friso, no de Bruna. Dêr wie ôfrûne freed de presintaasje fan jo boek.
‘Ja. Yn Akkrum is ek noch in boekhannel Friso, dat is de saak fan myn neef, ek in Brolsma. Myn broer hie earder de saak hjir yn Grou, mar hy is der yntusken mei opholden. Syn soan hat de saak oernommen. Ik fûn it moai om de presintaasje fan it boek op dat plak te dwaan, dêr’t ik sels opgroeid bin. Wy hiene dêr ek in printerij en wy joegen de pleatslike krante út: de Frisia en dêr haw ik myn earste stikken foar skreaun. De printerij wie ek it plak dêr’t it ferset fan Grou byinoar kaam. As alle fytsen fan de fersetsminsken dêr stiene, dan foel dat net sa op want dêrneist wie de Bierhalle en dêr stiene altyd wol fytsen.

Yn it boek haw ik ek skreaun oer boargemaster Renken. Idaarderadiel hie in hiele bysûndere boargemaster, dy’t hielendal achter it ferset stie en alles dien hat om it te stypjen en de Dútsers tsjin te wurkjen, mei libbensgefaar foar himsels en syn famylje. De boargemaster fan Utingeradiel, jonkhear Van Sminia bygelyks is oan ‘e ein fan de oarloch oppakt en wie in pear moanne letter dea yn in konsintraasjekamp. Dat hie boargemaster Renken ek barre kinnen, dus hy hat gelok hân. Freed haw ik oan de boargemaster fan Ljouwert, Ferd Crone frege oft hy der miskien foar soargje kin dat nei dizze man in strjitte neamd wurdt. De boargemaster sei dat er der omtinken oan jaan soe.’

42

Is der yn it doarp noch in protte te fernimmen fan Fryske befrijingsdei?
‘Net mear, nee. Eartiids wie der folle mear omtinken foar de befrijing fan Grou. It muzykkorps marsjearre troch de buorren en de Fryske flaggen hongen út, mar dat sjogge je no net mear sa. Ik lies yn de Ljouwerter Krante dat Hans Groeneweg, de direkteur fan it Fersetsmuseum, wol dat der wer mear omtinken jûn wurdt oan Fryske befrijingsdei. Hy wie freed ek by myn boekpresintaasje. Ik ha noch by him west doe’t ik mei myn ûndersyk dwaande wie, want it argyf fan de harkpost yn de Easterstrjitte is by it Fersetsmuseum. Dêr lizze de orzjinele skriften mei de ferslaggen fan ferhearen yn loftticht ôfsluten romten. De direkteur hat al it guod út de klús helje litten en dat ha wy tegearre trochnommen, mar de opnames fan de ferhearen fan 2 maart 1945 wiene der net by. Ik wit wol út de dokumintaasje oer it ferset dat Egbert Bultsma fan de harkpost alles dien hat om om de minsken yn Grou te warskôgjen. Dat koe pas nei fjouwer oere moarns, dat wie de Sperrstunde foar it hiele lân, doe hat er der in tal koeriersters op út stoerd. Mar Bultsma hat letter sein dat se alle warskôgings yn ’e wyn slein ha.’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *