
Wat hie ik der in nocht oan, ôfrûne sneon. Ien fan de bêste coverbands fan Led Zeppelin joech acte de presence op it Oerrockfestival yn Oerterp. It festival dat de lêste jierren al mar grutter en better wurden is. De frou en ik skarrelen earst hast oan it poadium ta om even te besjen hokker gitaren de sabeare Jimmy Page brûke soe. Om njoggen oere soenen de hearen los. Mar doe’t ik de earste brutaal hurde bastoan hearde en de drummer my mei ien skop tsjin de basdrum hast fan de sokken blaasde, binne wy mar gau in ein nei achteren flechte. Op hichte fan de lûdsminsken, dy’t dit euvel grif fluch ferhelpe soenen.
Lês fierder by Ferdinand de Jong