
It fernuveret my altiten wat dat der yn Nederlân safolle boeken binne oer de jeugd fan ien. Of it no om fiksje giet, of om in autobiografy, altiten is der omtinken by de rûs foar de bernejierren. Wylst der no krekt hast noait wat bysûnders te sizzen is oer dizze perioade. De dekors lizze fêst, mei de sitewaasje thús, dy op skoalle, en op syn bêst nochris it boartsjen bûten. En de personaazjes binne dêrmei ek bekend. Hjir hiel ferrassend op fariearjen kin hast net.
Pas as it ien wol slagget wat eigens te dwaan mei it tema, falt op hoe krêftich it eins is. En Auck Peanstra hat in sterk boek skreaun, mei har oantinkens oer har jeugd op Sitebuorren. Dat wie doe in lytse mienskip op in eilân, eastlik fan Grou.
Foar in bern is alles gewoan, dus ek it libben op in isolearre pleats yn ’e jierren fyftich. Sels as dêr doe pas de twintichste ieu oanbriek, omdat der sa let elektrisiteit kaam, en wetterlieding. Sy krijt ek amper mei dat der dêrtroch fan alles feroaret, dêr wie se krekt te lyts foar. Mar wol moat de jonge Auck bygelyks al betiid roeien leare, om fan it hiem ôf komme te kinnen en nei skoalle te gean.
Dit boek wie foar my fral sa aardich om’t de skriuwster har kleurde oantinkens, en dêrmei har langstme, ôfset tsjin ferslaggen út dy tiid sels. Der binne nammentlik ynienen brieven opdutsen fan doe. Brieven fan har mem oan in stazjêre. Beide froulju leinen inoar goed, dus waard der mear útwiksele as allinne de beleefdheden. En dêrtroch blykt dat Sitebuorren folle minder in paradyske west hat as Auck Peanstra by stie. It boerebestean kent noch altiten in soad ûnwissichheden, mar foar in lytse pleats op in eilân jildt dat noch mear, mei alle gefaren fan wetteroerlêst der noch by.
Troch dat dy brieven fan har mem foar it grutste part opnommen binne, krijt dit boek in heldere foarm. Boppedat rikt de ynhâld Peanstra de mooglikheid oan om oer alle aspekten fan it libben op Sitebuorren te skriuwen. Sels oer de tiid foar’t sy berne wie.
Njonken in portret fan har bernetiid wurdt dit boek dêrmei ek in earbetoan oan har mem. En in ûntskuldiging hast, fan hie ik hjir mar earder fan witten.
Foar my, mei myn eftergrûn as kultuerhistoarikus, hie dit boek boppedat noch in pear ynteressante ekstra’s. Ik bin fral ynteressearre yn wat minsken as normaal ûnderfine, of ûnderfûn ha yn it resinte ferline. En troch Peanstra learde ik bygelyks hoe let de moderne tiid pas oanbruts yn de mear isolearre parten fan Fryslân. Dêrnjonken wiene sels har oantinkens ynteressant oan de sa ferfelende útfanhûzerij, as de fearten ticht ferzen wiene, en der net gewoan fan skoalle nei hûs te gean wie. Ik lear dêr dan wer út dat guon hjir noch ta yn de jierren sechstich yn in alkoof slepten. En dan ek noch net iens plat op ‘e rêch, mar heal sittend, mei in soad kessens yn ‘e rêch.
Nederlân wie let mei it ôfskaffen fan it bêdstee en it alkoof, sa hat Ileen Montijn my leard, mar dat se noch salang yn gebrûk west hawwe, fernuveret my dan dochs.
By elts paradysferhaal heart ek in ferdriuwing út de hôf. Yn dit boek fynt dy sels op ferskate manieren plak. Tsjintwurdich hat it Fryske Gea grutte stikken lân om Sitebuorren hinne, yn besit, en wurdt der net mear sa buorke as doe. Werom gean, kin allinne dêrom al net. De wrâld leit der no hiel oars by. Mar ek al doe’t Auck en har famylje der noch wenne, kaam de bûtenwrâld hieltiten tichter by, troch de oanlis fan wegen. Der waard in polderdyk trochlutsen fan Oudega ôf, dy’t it isolemint ynienen ferbruts. En Auck Peanstra krige dan miskien noch wat brieven fan har mem werom, mar der wie mar in lyts tal fan dy tiidskapsulen. Al gau waard it foar har mem makliker om eefkes mei har freondinne te telefonearjen.
Letter ferfarre de famylje nei in pleats ûnder Warten. Auck Peanstra hat mar oant har fjirtjinde op Sitebuorren wenne. Letter waard se beukerliedster en begûn se berneboeken te skriuwen.
Ik begûn dizze beskôging mei de wurden dat ik net begryp wêrom yn boeken altiten oer ien syn jeugd gean moat. Mar it antwurd op dy fraach is fansels net sa dreech. Weromgean nei it ferline kin net. Weromsjen kin allinne yn oantinkens, of troch dy oantinkens ta in boek út te wurkjen. Net faak gebeurt dat sa boeiend as yn Sitebuorren, myn eigen paradys. Faaks ek om’t de bernetiid fan de skriuwster him op it brekflak fan twa tiidrekken ôfspile hat.
Auck Peanstra, Sitebuorren, myn eigen paradys
Oantinkens
175 pagina’s
Utjouwerij Venus, 2007
isbn 978-90-5998-041-9
priis: € 17,90