Beart Oosterhaven

Twa utersten

logo.ensafh

Begjin dit jier ferskynden koart nei-inoar twa Frysktalige album-cd’s, nammentlik fan Jacob Laverman: De lady en de boerenlul en fan ’e formaasje Brandewyn: Fammen Fantastiko. Grutter utersten wat kwaliteit fan ’e lietteksten, muzikale ynfolling en artistike foarmjouwing oanbelanget, binne amper te finen.

‘Roegste’ trûbadoer fan Fryslân
De lady en de boerenlul is sjonger-lietsjesskriuwer Jacob Laverman (44) fan Bitgum syn debút-cd. De lêste jierren hat er mei syn karakteristike, heaze sjongstim op poppoadia, yn doarpshuzen en op festivals foaral namme makke as de ‘roegste’ trûbadoer fan Fryslân. Dat syn kwaliteiten yn guon fermiddens lykwols heech oanslein wurde, docht wol bliken út it feit, dat Laverman yn 2015 it festival-foar-nij-talint Aaipop-derop-út wûn. Reden wêrom’t er ferline jier, op 6 april, it ‘grutte’ Aaipopfestival te Nijlân iepenje mocht. Én reden foar platebaas Marius de Boer fan ’e Marista Music Company yn Dronryp om Laverman syn earste album-cd meitsje te litten! Dy cd stean tsien nûmers op. It binne allegear eigen stikken fan Jacob Laverman. Dat jildt foar sawol de teksten as de muzyk.

Wrantelich
Oan ’e tusken-n yn it lêste wurd fan ’e cd-titel (boerenlul) is al ôf te lezen, dat Laverman him net wakker bekroadet om ’e krekte stavering fan it Frysk. Dat er der oars wol aan fan hat, dat der wat te rêden is mei dy tusken-n yn it Frysk, docht bliken út it feit, dat er dêr op ’e cd-slúf in lyts horizontaal streekje troch set hat! Grif omreden dat er him net drok meitsje wol om it sjongen yn en it skriuwen fan geef Frysk, siket men yn ’e cd-ynlis omdôch om ’e lietteksten. De keaper fan De lady en de boerenlul moat syn of har earen dus goed de kost jaan, om gewaar te wurden wêr’t Jacob Laverman it oer hat!
By it ôfharkjen docht dan bliken, dat Laverman foaral de fertolker is fan it gedachtegoed fan ’e saneamde ‘gewoane man’. Of, yn ’e wurden fan John Lennon: de ‘Working Class Hero’, mar dan wol deselde dy’t mei net al te grutte maatskiplike ambysjes en nochal wat frustraasjes yn it libben stiet. Logysk gefolch is, dat de haadpersoanen yn Laverman syn lietsjes – en dat kin de sjonger sels ek wêze! – har yn ’e regel, yn it boppe al neamde ‘minne Frysk’, frijwat wrantelich uterje oangeande de saken dêr’t se oer op ’e tekst komme, oft dat no de ‘Plysjeman’, ‘Myn kompjoeter’, ‘De doe-het-zelver’, lju dy’t de ik-persoan op it harspit nimme (yn it nûmer ‘Lit my gewurde’), ‘Skoanmem’, of it ûngemak fan it te gau klearkommen (yn ‘Op en del’) is. Hjirûnder jou ik út fjouwer fan dy nûmers in pear rigels:

Mear dan de helft; dat is iets wêr’t ik op geil;
bonnenboekje, brave burgers peste, dêr hâld ik fan (‘Plysjeman’);

Op it internet bin ik geil as bûter,
efter myn kompjoeter.
[…]
Ik bin op syk nei myn folgjende eks.
Ik bin op syk nei woeste seks. (‘Myn kompjoeter’);

En al dy minsken dy’t tsjin my seure,
ik tink allinnich mar: oppleure! (‘Lit my gewurde’);

Silst ek wer ris werke?
Silst ek wer ris nei tsjerke?
Hoe sear it my ek spyt,
ik reitsje har net kwyt. (‘Skoanmem’).

Stik foar stik rigels dy’t net útblinke troch subtiliteit, soe ’k sizze. Mar it skriuwen en fertolkjen fan subtile teksten is ek net wat Jacob Laverman foar eagen hat. Lykas oanjûn, wol hy de ‘roegste’ trûbadoer fan Fryslân wêze.

Moaie wyskes
Muzikaal hâldt it ek net oer wat op De lady en de boerenlul te genietsjen is. Laverman is in basale gitarist, dy’t somtiden (yn ‘Myn kompjoeter’ bygelyks) bystien wurdt troch in pianist fan itselde sjapiter, in wat bettere fioelist (yn it titelnûmer) of in dito akkordeonist (yn ‘Altyd lam’ en ‘Lit my gewurde’). Yn it lêstneamde nûmer hat er dan ek noch in wat hampelich sjongend koar ree fûn om mei te wurkjen. Om posityf op te hâlden: de wyskes fan ‘Us heit en ús mem’, ‘De doe-het-zelver’, ‘Altyd lam’, ‘Skoanmem’ en ‘Op en del’ binne wól moai!

Mei smaak foarmjûn
Sa rûch en, op plakken, sûnder rook of smaak as de debút-cd fan Jacob Laverman op jin oerkomt, sa goed fersoarge en mei smaak foarmjûn komt de allyksa tsien nûmers tellende cd fan ’e gelegenheidsformaasje Brandewyn, Fammen Fantastiko, op jin oer. Dat begjint al by de útris: net yn in obligaat plestik bakje, mar yn in buordpapieren doaske, dêr’t dan ek noch in kreas cd-boekje yn sit, méi alle lietteksten!
It is oars gjin niget, dat de foarmjouwing fan Fammen Fantastiko sa foarinoar is. Dy is nammentlik fersoarge troch Grytsje Melchers en Douwe van der Werff, better bekend as it duo Grytz & Grize, dat mei Tsien moaie ferskes (2011) respektivelik Twa (2013) al in pear alderprachtichst fersoarge (en allyksa klinkende!) album-cd’s op ’e namme hat. En fierder sil byldzjend keunstner Koos van der Sloot, dy’t alle lietteksten (al die er ‘Bliuw by my’ dan yn ’e mande mei Douwe van der Werff) foar Fammen Fantastiko skreaun hat, ek wol meitocht hawwe oer de foarmjouwerssaken.
Oars as de hjirboppe besprutsen cd fan Jacob Laverman is Fammen Fantastiko fan Brandewyn it produkt fan in stikmannich tige betûfte muzikanten. Douwe van der Werff (sang, gitaren, toetsen, bas, mandoline, mûlharp, akkordeon, perkusje) fertsjinne fóár Grytz & Grize syn spoaren yn ’e groepen Okke Hel, Diggelfjoer en Djipper, en Silvan van der Tang (drums) en Koop Schokker (hoarn) binne ek lang gjin ûnbekenden yn ’e Fryske muzykscene.

Fantastyske fammen
Sa’t de titel al oanjout, is Fammen Fantastiko in konsept-album. Foar elke tekst hat Koos van der Sloot him nammentlik ynspirearje litten troch in mear of minder bekende ‘fantastyske faam’ (frou). Ik neam in stikmannich: Minerva, de Romeinske goadinne fan ’e keunst; Lilith (neffens in Joadske leginde de namme fan ’e frou dy’t Adam fóár Eva hie); Judith (mei yn it Alde Testamint yn it fijannige kamp fan Holofernes komme, om’t se sa moai is. As Judith Holofernes ferliedt en hy mei syn holle yn har skurte leit, snijt se him de strôt troch.); Lena Helena (de moaiste frou op ’e wrâld neffens de Grykske mytology. Se is troud mei de kening fan Sparta, mar de keningssoan fan Troje is fereale op har. Om Helena brekt de Trojaanske Oarloch [1180 f. Kr., B.O.] út.); Venus, de Romeinske goadinne fan ’e leafde en Annet (Huisman, de aktuele leafde fan Koos van der Sloot).
Van der Sloot syn teksten hawwe allegear wat boartliks, lichts en sprankeljends. Sa jout er de hjirboppe al neamde Minerva de namme fan ‘Boogy woogy Myntsje’:

Fan Myntsje wurdsto kleureknetter
Myntsje de pigmintespetter
Hokus Pokus Vincentin-us
Sinneblommekop op skyn-us
Jou har no mar Mondriaan
Read-giel-blau is Minafaam
Read-giel-blau is Myntsje,

krijt Lilith de namme fan ‘Lily’:

Lily o Lily, hast bûter yn ’e brij,
sjerp om ’e mûle
en ’t stekken fan de bij.
Lily o Lily, alle frijers foar dy.
As huning sa swiet,
mar gjin trouwerij,

lit er oer Judith witte:

Har heupen dúnje en dûnsje as de weagen
op har azem swelle har boarsten swier.
As se drinkt, dan nipt se nektar fan de goaden
en strielet der in krâns fan ljocht om har hier

en dichtet er oer syn eigen leafste:

Alle klokken fan Ljouwert, dy bûnzje,
bûnzje dyn namme yn myn hert.
Alle klokken fan Fryslân, se bimje en beierje
en bûnzje dyn namme Annet.

Dat binne strofen dêr’t ik neat op ôf te tingjen haw!

Gemy tusken tekstleveransier en komponist-fertolker
Itselde jildt foar de muzyk, dy’t Douwe van der Werff by Koos van der Sloot syn teksten komponearre hat en útfiert mei de boppeneamde faklju om him hinne. Dy muzyk is foaral lekker yn it gehoar lizzende poppy rock, mei op ’e tiid prachtige aksintsjes troch bygelyks de hoarn (yn ‘Wêrsto ja seist’), it akkordeon (‘Alle klokken fan Ljouwert’) en net te ferjitten de koarkes troch Grytsje Melchers (û.o. yn ‘Lily’ en ‘Judith’). Oan alles is te fernimmen, dat der gemy is tusken tekstleveransier Koos van der Sloot en komponist-fertolker Douwe van der Werff. Dat is grif gjin niget: de hearen arbeiden ek al mei-inoar op foar de twadde Diggelfjoer-cd Fonkelnij (2009), dêr’t de nûmers ‘Lena Helena’, ‘Moarn’ en ‘Judith’ foar ’t earst op ferskynden, en foar de cd Twa fan Grytz & Grize, dêr’t it yn ’e mande skreaune ‘Bliuw by my’ al op te hearren wie. Soks allegear fêststellende en dêrby optellende de treflike produksje fan ’e skiif, kin net oars sein wurde as dat Fammen Fantastiko fan Brandewyn in oanwinst is foar it Frysktalich lieterepertoire op cd. Ik kin no alfêst melde, dat it nûmer ‘Venus’, om ’e libbene tekst, it pakkend refrein (Yntsjes tsjirpe, hommels holderje / de himel trillet, do bist fan de see. / As Venus swimsto. / As Venus baaisto. / Rizesto op út it skom fan de see.) en ’e meinimmende pop-rockmuzyk, perfoarst in plak krijt yn myn top-5 foar de Fryske Top 100 2016 fan Omrop Fryslân!
Fan Jacob Laverman sil, sa’t út it boppesteande opmakke wurde kin, ik gjin nûmer yn myn krektneamde top-5 opnimme. Neffens de pracht-cd Fammen Fantastiko fan Brandewyn is syn De lady en de boerenlul nammentlik wol it oare uterste.

Jacob Laverman: De lady en de boerenlul (cd); Marista Music Company; Dronryp 2016; www.marista.nl ; www.jacoblaverman.nl.

Brandewyn: Fammen Fantastiko (cd); Eigen behear; Murns 2016; www.grytzengrize.nl.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *